Argyf:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

Argyf 2006:
Desimber 2006
Novimber 2006
Oktober 2006
September 2006
Augustus 2006
July 2006
Juny 2006
Maaie 2006
April 2006
Maart 2006

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stdentocht
Faknsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Kln & Knoffelhakke

Ferhalen:
Sktsjesile is myn nocht...
Lolke Lkpde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brk de koade:
Foar priv-famyljefoto's.
Klik hjirnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden t it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejn 2008 - Hantum
Oranjejn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Kln & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
De Vesteynde
De Clown - Feestkleding


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

De hingjende tunen...

As de jns wat op skoalle te rden is, dan is it hast net te dwaan en ryd hinne en wer Hantum-Tytsjerk. Dan kinne jo der better bliuwe. No ha ik it wol troffen, want Piet en Rhonda steane der op, dat ik dan by harren yt. Dat is in poerbst plak, want ik kom nea oan it krapper ein. En moat ik jns mei in hiel grau liif oan de 10-minutepetearen begjinne.

As tank foar al dit lekkers, geane wy mei syn fjouweren yn 'e faknsje in kear meielkoar te iten. Juster wie't safier en binne wy nei it Lauwersmeerpaviljoen west. Siet dr noflik!

It aardige wie, dat de menu's allegearre sfearfolle nammen ha. Sa ha wy oan de Witte en Rode draak sitten, en ha wy genietsje kinnen fan de Hebzucht, Het Mausoleum te Halikarnoissos, De Faros van Alexandri en De piramiden van Gizeh.

Op it menu stiene ek De hangende tuinen van Babylon. Dy ha wy mar net besteld, want dy krigen jo der foar neat by (sjoch foto). De direktrise seach my in pear kear yn 'e strken hingjen, mar se die der neat oan. Se sil wol tocht ha: lit him dr mar moai sitte, ha wy ek gjin lst fan him.

Doe't ik de rekken krige, leinen der ek in pear gelokskoekjes by. In moai lyts aardigheidsje en as jo se dan sa iepen meitsje, tinke jo ek noch dat de spreuken tkomme sille. Wy hiene dizze (sjoch foto) en jimme lzers meie tmeitsje hokfoar spreuk foar my oanearre wie en hokker foar Wilma...

Hiel aardich wie't dat wy by dit hearlike itentsje betsjinne waarden troch in jonge doarpsgenoat. Hie die it geweldich! In talint en jo kinne mei rjocht sizze dat it him yn it bloed sit. Mar wat wolle jo ek mei sa'n kundige heit as foarbyld...

Pleatst: 31-07-2006 / 13:09 oere - Reagearje?


It is mar in bui...

It is dagen achterelkoar moai waar, de sinne skynt en gjin reindrip te bekennen. En dan moat ik hjoed krekt grsmeane...

Doe't ik de stroomtried foar de grsmesine nei bten lein hie, seach ik in donkere loft oankommen. Mar ik wie fuort net ferslein! Op nei de kompjter. Jo kinne op ferskate ynternet waarstasjons neigean hoe't de buien har ferpleatse. Mei in bytsje gelok soe de bui oerdriuwe. Dat bart dochs wol faker?! Neffes myn 'ynternet-berekkeningen' soe it yndie wol wat tafalle.

Mar nee hjer, doet ik in pear baantsjes meand hie, begn it te reinen. Dikke drippen. Lokkich wiene der wat droege plakjes nder de beammen. Sa't ik al sei, de hiele wike droech en dan no krekt in bui...

Doe't buorman ths kaam, fn hy it wat frjemd dat it hjir reint hie. By syn loads, krekt bten it doarp, hie it droech west.
Hie'k dochs wol in bytsje gelyk, dat de bui lns driuwe soe. Allinne krekt net by my lns!

Pleatst: 30-07-2006 / 00:11 oere - Reagearje?


Wat ite wy hjoed Jeltsje? (2)

Doe't ik it ferhaaltsje fan juster skreau, moast ik tinke oan in oar ferhaal wat ik skreun ha. Dat gie ek oer iten. It ferhaal is wier bard en ndersteand plaatsje heart derby. It ferhaal hat earder yn 'e Hichtepunten fan septimber 2003 stien.
Lijst met lotsooi, meneel?

Pleatst: 29-07-2006 / 23:11 oere - Reagearje?


En wat ite wy hjoed Jeltsje?

Myn beppe siet fol moaie ferhalen fan froeger. Doe't wy lyts wiene mocht beppe s altyd op bd bringe, want dan fertelde beppe s al dy moaie ferhalen foar it sliepen gean. Dat wie in feest, want beppe koe prachtich fertelle. En wat hat beppe as lyts famke wat belibbe!

It aardige is, dat jo in hiele protte ferhalen nthlden ha en foaral ek tspraken en wurden dy't steefst werom kamen in beppe's ferhalen. Sa fertelde se faak oer Jeep en Jeltsje. Jeep woe elke dei witte wat se ieten. Froeger wie it menu noch net sa wiidweidich as no, en fuortsmite dienen se yn de krisisjierren alhiel net oan. Dat Jeep krige elke dei itselde iten. Dochs hoopte Jeep dat der in dei kaam, dat der wat oars op tafel stie. Dat elke dei frege Jeep:'En wat ite wy hjoed, Jeltsje?' En har fste antwurd wie: Grt, Jeep!' Alle dagen moast dy earme Jeep wer oan 'e grt.

Yn in oar beppe-ferhaal gie it oer Muoike Gibe. (Froeger hjitten se noch net fan Edda as Kimberley...) Muoike Gibe wie net sa'n bste itensiedster, want as muoike Gibe har man it iten foarsette en manleaf wist net krekt wat it wie, dan sei muoike Gibe: 'It fret wol wat...'

En foaral dy lste tspraak brke wy no noch! Wy meie graach maklik iten siede. Twa pn gehak, wat sipels, in pear kopkes rys en in pot mei in frjemd sauske. Faaks fine wy ek noch wat oare yngredinten yn 'e kuolkast en hup, dat der ek noch mar yn. En as wy dan de panne op tafel sette, en wy sjogge dat guon de wynbrauwen optille, sizze wy altyd: 'It fret wol wat...'

Pleatst: 28-07-2006 / 19:11 oere - Reagearje?


The master and the tramp...

Jo kinne der mar om tinke hjoed oan de dei. Alles wurdt fstlein op fideo en ear't jo it yn 'e gaten ha, giet it filmke rn op it ynternet.

Krige ik ferline wike in CD yn hannen. Mei foto's foar de webside fan skoalle, tocht ik. Doe't ik de foto's beseach waard ik kjel en soe ik hast it buro foar 'Anti Big Brother Praktijken' skilje. Der stie in filmke tusken!

Snder dat ik it yn 'e gaten hie, binne der op de sportdei filmopnamen fan my makke. En om no alle 'master-haters' mar yn't foar te wzen, sil ik it filmke sels mar in plakje op it ynternet jaan. Gewoan op myn eigen side. En mochten jimme dermei oan de haal gean, tink dan oan: Portretrecht brokkelt af met internet as Auteursrecht op internet
Klik hjirnder foar de (skokkende?) bylden...
Master yn 'e bocht

Pleatst: 27-07-2006 / 22:26 oere - Reagearje?

BBQ

Juster waarden wy tnoege om by Herman Douwe en Elbrich te barbekjuen. Ik wit net oft it geef Frysk is, mar ik lit it mar sa. Moaie tdaging: Frysk wurd foar betinke. 'Mei-lekker-fleis-oan-in-stokje-op-de-nije-tnstoullen-op-de-flitsende-stook-pipe-mei-10-kilo-houtskoal-fleis-bakke'. Komt aardich yn 'e buert, mar as jo der juster net by wiene, snappe jo der neat fan!
It siet noflik en in smakke hearlik!

Pleatst: 27-07-2006 / 13:11 oere - Reagearje?


Juwieltsje...

Faak brkte ik it programma Cool Edit. Mei dit programma koene jo ld bewurkje. Bg. Stikjes dert knippe, sachter as lder meitsje, lden troch elkoar mikse ensfh. Troch in kompjtersteuring bin ik dit programma kwyt rekke. En it is nearne mear te krijen, want Cool Edit is oernaam troch Adobe en kostet no wol sa'n 346 dollar! Tsja, dat giet my fansels te ml. Ik hie in registearre fersy, mar dat hat lang, lang gjin 346 dollar koste!

No kaam ik yn myn 'lijfbld' in prachtich programma tsjin. Hielendal foar neat! Dat soe soksawat itselde kinne as Cool Edit. Fuort delhelje fansels... En wat die bliken?! It is in juwieltsje! Mei alles derop en deroan! En it bliuwt fergees, want se skriuwe op de webside fan WavePad: We make WavePad free in the hope you will like it so much you will be tempted to upgrade to WavePad Masters Edition. The Masters Edition has additional effects and features designed with the professional sound engineer in mind.
No, upgrade kin altyd noch, en dan kostet it mar in pear sinten. Dat Cool Edit kin no foargoed yn 'e CoolKast.

Foardiel is ek, dat jo der in pear aardige programkes by krije. In programke wr't jo CD's mei rippe kinne en dan kinne jo it yn WavePad yn elk bestnsformaat opslaan, bg. as MP3. In programke wr't jo ld, dat fspile wurdt op bg. in webside mei opnimme kinne. Dat ik soe sa it nijste ferske fan de Sellina's fan harren side fplukke kinne. (Nee, fierder sis ik neat...)

Pleatst: 27-07-2006 / 13:11 oere - Reagearje?


Dear John...

Fan 'e moarn betiid. Alles wie tstoarn. Bd wie leech en it hs ek. No ja, it spul stie der noch wol yn, mar der wie gjinien te bekennen. Wat krije wy no? Nei't ik in slach troch it hs west hie, seach ik in briefke op 'e tafel lizzen. Dr hast it al, wie de earste gedachte... Dat sil no wol sa'n Dear Jonh brief wze... Mar lokkich, it foel ta. (Gean mei de ms oer it briefke...)

Pleatst: 26-07-2006 / 22:33 oere - Reagearje?


Pypskoft (2)

As Marten Remko even pypskoft hat, dat stiet dit foar de doar. Folsleine opstopping op 'e buert. Wer is de tiid fan de moaie lytse trekkerkes?
Oh nee h! @!%&$@@!!
'En wy goan op de trekker weer noar hs...!'
Loonbedrijf Hoekstra

Pleatst: 25-07-2006 / 12:50 oere - Reagearje?


Faknsjedeiboek...

De foarige twa faknsjes hlden wy op dizze side in deiboek by. Sjoch bygelyks Faknsje 2005. It mei ddlik wze, dat dat dit jier oars giet. (Hast) elke dei kinne jimme op dizze side s deistige 'faknsje-aventoeren' lze. En ynstee dat wy kaarten ferstjoere, krije wy kaarten. Sjoch, dat ha wy it leafst...!

Pleatst: 24-07-2006 / 14:16 oere - Reagearje?


Pypskoft

Juster wiene wy mei Rm Sop tnoege om te sjongen by kofje- en teeskinkerij Pypskoft yn Ferwlde. In hiel rstich en smk plakje yn it moaie Fryske lnskip.

It waard in hiele moaie middei, mei sa'n 50 taskgers dy't even 'pypskoft' namen om nei s te harkjen. Foaroan sieten in pear harkers t Makkum. (Sjoch foto) Se hiene wakker wille en ha, neffes harren eigen sizzen, in prachtige middei hn. 'Jimme ha in gesellige ploech', sei Jan, ien fan dy Makkumers. Hy song sels by de Flevozangers mar neffes syn maat Johan wiene allinne harren pakken moai... Afijn, wat praat oanbelange, pasten Jan en Johan wol ths by de Rm Soppers. Jan begn op't lst ek al 'skuine' moppen te fertellen. Oan 't syn frou sei: 'Kom Jan, wy moatte no mar nei hs...' No, dan witte jo it wol.

Op 'e weromreis ha wy mei de Rm Soppers yn s T4 noch even noflik sitten by De Molen yn Vrouwbuurtstermolen. De oaren rieden as in spear nei hs, mar wy woene noch even genietsje fan dizze moaie simmerjn. En nei't wy noch in hearlik hapke hn hiene, binne wy ek mar wer nei Hantum freizige. In prachtige middei en jn mei in protte aardige en noflike minsken! (Mei tank oan Anja foar de foto's!)
Sjoch foar in fotoympresje op: www.rumsop.nl

Pleatst: 24-07-2006 / 14:03 oere - Reagearje?


Waarm...

Dat wie justerjn mei Kln & Knoffelhakke tige gesellich yn Gau! Tige waarm en it swit rn s by alles del, mar de sfear siet der goed yn. En dan merke jo dat In Moai Stikje skreaun is yn 'e wintermaanden. Man, wat in klean en wat in prken, truien, jaskes, sjaaltsjes en petsjes. En jo kinne ek neat weilitte... Dat hjoed de koffer mar tpakt en de boel oan 'e line. Kin it mar wer droegje.
Wy ha no al besluten dat s nije stik him yn 'e simmer fspilet. Mei moai waar en de safolste hittegolf!

Pleatst: 22-07-2006 / 11:56 oere - Reagearje?


Hawaii (2)

Nee gjin faknsjefoto, mar in fotograaf dy't syn fspraken neikomt...
Sjoch ek: Hawaii (1).

Pleatst: 20-07-2006 / 18:38 oere - Reagearje?


Utlis net nedich...

Pleatst: 20-07-2006 / 18:33 oere - Reagearje?


Oerlst...

No hat de Clown ek in ynternetwinkel. Dr doch ik it behear fan. No kaam der in 'mega-oarder' t Rotterdam. De bste man bestelde mar leafst 15 doaskes stjonkbomkes. No skine dizze bomkes fan de Clown unyk te wzen, want se binne hast nearne te krijen yn Nederln.

No belle de bste man even mei de saak oer it beteljen en op 'e fraach werfoar hy sa'n protte nedich hie, antwurde hy: Fanwege de drugs-oerlst! By s yn 'e buert ha wy in protte lst fan druggebrkers en as it wer te bot giet, dan mikke wy in stjonkbomke nei harren ta. De plysje komt dochs net en sadwaande nimme wy sels mar maatregels...

Op 'e fraach as sy dan sels net fan de bomkes lst hiene, sei de Rotterdamer: Wy wenje twa heech, dat dat falt wol wat ta! Mar wol stjoere hjer! Wy moatte se al ha, de hiele buert betellet mei...

Sjogge jimme it foar jim? Leit de famylje Buorren Twa krekt op bd, komme de ferslaafden wer oan skommeljen. Man slpt op bleate fuotten nei't balkon en hup, dr giet wer in bom.
Hy sei ek noch: snt wy se bombardearje, sliepe wy wer hearlik!...

Bliid dat wy yn in doarp wenje! Hoewol, de man bringt my op in idee...
Drugsoerlst?

Pleatst: 18-07-2006 / 23:19 oere - Reagearje?


Wat is jo KlipKar? (2)

Wat dat foar DVD wurde moat...

Pleatst: 17-07-2006 / 22:30 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (slot)

Der binne ek noch wat foto's makke fan de bernespultsjes, de seiskamp en it toulken. Hjirmei woene wy de bydragen oer it doarpsfeest op dizze side mar fslute. Klik op de folgjende link om de foto's te besjen.
Fotoalbum doarpsfeest 2006

Pleatst: 16-07-2006 / 17:13 oere - Reagearje?


Foto's en links

Hjoed frege my in doarpsgenoat: hoe kinne wy de foto's op dyn side besjen? Net echt dreech... Yn myn ferhaaltsjes en by de foto's steane reade wurden en opmerkingen. Dat binne links nei oare siden en fotoalbums. Dr kinne jimme op klikke en dan komme jimme op de bedoelde plaatsjes. Dat is no alles...

Pleatst: 15-07-2006 / 23:12 oere - Reagearje?


Wat is jo KlipKar?

Rm Sop hat besletten om yn fideoklip te meitsjen. Hjoed wie it safier en moasten der opnamen makke wurde. Wy hiene Sietze en Jildou de Vries (bekend fan it programma Weromblik fan Omrop Frysln) t Ljouwert ree fn om de opnamen te fersoargjen.

Dat foel ek noch net ta... Al ier en betiid stiene wy by it kafee klear om oan de opnamedei te begjinnen. Dat sokke opnamen net samar klear binne, ha wy no sels nderfine kinnen. Wer op 'e nij, noch mar in kear, wer stopje want der komt in auto oan en mear fan sokke tkelteammen. Mar it wie in prachtige dei, mei in protte wille en humor. Ek hie it bestjoer der foar soarge, dat wy neat tekoart kamen oan hapkes en drankjes. Der stie tusken de middei sels hearlike bamy foar s klear. (Kompliminten foar de famylje Vrieswijk!)

Rn healwei fjouweren wiene de opnames klear en hiene Sietse en Jildou sa'n 100 minuten materiaal. Dat rge materiaal ha wy noch even mei syn allen besjoen op it grutte skerm yn it kafee en wy tochten allegearre: hoe kinne se dat werombringe ta in klip fan sa'n 4 minuten? Mar dat fertrouwe wy Jildou en Sietze wol ta, want sy giene dizze dei hielendal mei yn de sfear fan Rm Sop.

Bysnder wie it, dat it by de mne smoardrok wie. Hjir hiene wy s earste opnames en it wie noch betiid op 'e moarn op dit oars sa rstige plakje. Mar wat in ferkear! Der wie al ien dy sei: 'It liket wol as steane wy hjir op de A7!' Der wie wat te rden by it Boeddhistisch Sintrum en dr moast al dat folk hinne. No mienden wy dat dy Boeddhisten sokke freonlike en fredige minsken binne, mar dy rstsikers rieden wol hast s materiaal en fytsen plat. Agressyf hjer op de betide moarn...

Ein septimber is de klip klear en dan sille wy op in bysndere wize de premire fan s earste DVD fiere. Op de side fan Rm Sop mear foto's fan dizze moaie dei!
Werom nei: Wat is jo KlipKar (3)

Pleatst: 15-07-2006 / 22:56 oere - Reagearje?


Hawaii

Nei s optredens fan Kln & Knoffelhakke prate wy altyd even nei yn de Refter yn Dokkum. Twa aardige famkes steane dr achter de bar en sa stadichoan kinne wy elkoar al in bytsje. No namen dy famkes juster fskie fan harren wurk yn in dit kaf en hlden in feestje. Wy as 'fste klanten' moasten ek komme, mar dan wol yn Hawaii klean, want dat wie it tema fan de jn.
No hat Broer oan de Merk yn Dokkum syn feestwinkel de Clown en hy ferhiert ek feestklean. Dat earst even op de fdieling Hawaii sjen en doe yn in reiden rokje en mei blommeslinger om 'e hals, op nei de Refter. It wie gesellich en nei't wy wat oan Karaoke dien hienen, moasten wy mar wer op hs oan. Fansels de famkes even de hn jn en harren in protte lok en sukses tawinske.
No binne der ek foto's makke. Wy binne benijd as de fotograaf syn fspraak ek neikomt en de foto's nei s tastjoerd. Wy hlde jimme op 'e hichte...

Pleatst: 15-07-2006 / 22:54 oere - Reagearje?


Kopke nder, kopke stjitte...


Minsken kinne soms hiel kreatyf wze. Klik mar op ndersteand 'spultsje'...
Stjitte mei de kop...

Pleatst: 13-07-2006 / 22:13 oere - Reagearje?


De toutsjes yn hannen?


Witte jimme wa't hjir kopke nder giet? Jimme reaksjes kinne nei it doarpsbelang... ;-)

Pleatst: 13-07-2006 / 23:45 oere - Reagearje?


Noar hs...

It kaam je hast de strt t. 'En wy goan op de trekker weer noar hs...' Freedtejn om 'e haverklap songen troch de Sellina's en sneontejn ek noch troch Sunshine. Moat dat plaatsje no sa promoate wurde?! Mar afijn, ik wie it aardich kwyt oan 't ik moandeitemoarn it lokaal fan myn kollega fan groep 1 en 2 binnenstapte. Wat seach ik dr?! In prachtich trekkerke, kreas tekene op harren skoalleboerd. Want it tema wie: de Bourkerij. En dr wie it wer: 'En wy goan op de trekker weer noar hs...' Ik raasde it hast t! Myn kollega seach my wakker oan en sil wol tocht ha: doarpsfeest hn tink?
Mar dat @!%&$@@!! trekkerke. Wie it hast kwyt en dr fleach it nei it prachtige wykein sa myn holle wer yn. Lokkich hie myn kollega de tekening nei skoalletiid tfage. Koe ik dy deis dochs wer rstich nei hs... (Nee! Net op de trekker!!)

Pleatst: 11-07-2006 / 23:09 oere - Reagearje?

Doarpsfeest (5)

Wat hiene wy wer in prachtich doarpsfeest. Tige slagge, mei in hiele protte hichtepunten. De playbackshow, de prachtige fersierde weinen, Teake yn it doarpshs, de moaie seiskamp mei it spannende toulken, de enthsjaste bernedisko, it geweldige feest mei de band Sunshine, de sfearfolle tsjerketsjinst op sneintemiddei en net te ferjitten it moaie waar (hoewol wy dr gjin ynfloed op toefenje kinne...) En dan bin ik fst noch in pear moaie eveneminten fergetten.
As jimme op de folgjende links klikke, kinne jimme foto's fan de fersierde weinen besjen. Ek de Sellina's ha moaie foto's op harren side stean en op de side fan orkest Sunshine foto's fan sneontejn. En wa wit komme der yn' e rin fan 'e wike noch wat foto's fan oare eveneminten by op dizze side. Fansels kinne jimme op Annie Germeraad har side ek foto's fine. Mei oare wurden: wy kinne noch lang neigenietsje!

Pleatst: 10-07-2006 / 00:30 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (4)

Prachtich waar en in geweldige sfear. En as der dan ek noch wetter oan te pas komt, dan is sa'n middei hielendal slagge. En noch even geduld foar de oare foto's...

Pleatst: 09-07-2006 / 13:04 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (3)


Wat in minsken fan 'e moarn yn s oars sa rstige doarp! Sy kamen allegearre f op de fersierde weinen, in tradisjoneel nderdiel fan s doarpsfeest. Al dy minsken binne net foar neat kaam! Wat wie it wer prachtich en wat is der wer in protte wurk fan makke. Ik soe net graach yn 'e sjuery sitte wolle...
Hjir fst in lyts foarpriuwke, letter komme der n0ch (folle) mear!


Pleatst: 07-07-2006 / 10:54 oere - Reagearje?


Klassefoto...

Pleatst: 05-07-2006 / 23:56 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (2)

Ek yn Gau ha sy aanst doarpsfeest. Sy ha der wol sin yn, sa docht bliken t dit boerd dat wy jn oan 'e kant fan de dyk seagen doe't wy t Balk kamen om't wy dr s mem har jierdei fierd hiene.
It bliuwt dreech om de namme fan s kabaretduo snder flaters te skriuwen...

Pleatst: 02-07-2006 / 22:35 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (1)

It is noch krekt gjin kompetysje, mar soms liket it wol oft it der om giet wa't it earst de feestpeallen yn 'e grn hat. Us strjitte docht it wol aardich... Freedtejn de iene helte fan de strjitte en de sneontemoarns de oare helte. En dat mei trije man. Moandei gean wy wer fierder, want foar tongersdei moat it klear wze. Wy hlde jimme op 'e hichte!

Pleatst: 01-07-2006 / 13:18 oere - Reagearje?