Argyf:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

Argyf 2006:
Desimber 2006
Novimber 2006
Oktober 2006
September 2006
Augustus 2006
July 2006
Juny 2006
Maaie 2006
April 2006
Maart 2006

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's.
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
De Vesteynde
De Clown - Feestkleding


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Wurk oan de winkel...

Wy hienen mei de kollega's fan it wurk ôfpraat dat wy hjoed op skoalle komme soenen om meielkoar de fakânsje ôf te sluten. Moai dat elkenien der wie. Twa hiene wat lekkers meinaam, sadat de kofje tige goed smakke. Ek hiene wy ôfpraat dat wy dizze dei de klasse en in materiaal klear meitsje soenen foar it nije skoallejier.

Mar hoe giet dat, jo ha elkoar yn in skoft net sjoen en dan moatte jo earst even byprate, dan komt der fan 'wurk' earst net safolle. Guon kollega's hienen hiele reizen makke. En dan sjogge sy my oan. 'En Hendrik, wêr binne jimme hinne west?' Tsja, dan steane, as yn dit gefal sitte, jo mei de mûle fol tosken. Dat kin ik allinne mar sizze dat ik in dei nei Speelstad Oranje west bin...

No, doe fûnen de kollega's it de heegste tiid om mar ris oan de slach te gean. Tafels en stuollen te plak sette, hjir en dêr in doekje oerhinne, skriften en boeken teplak. Stikkerkes mei nammen fan de bern op mappen plakke, de deade planten út 'e finsterbank wei yn 'e kontainer goaie en mear fa sokke putsjes. Fiif oere hinne ha wy de dei mar ôfsluten en binne wy mar wer op hûs oan gien. De earste wurkdei sit der op!

Doe 't ik thús wie seach ik dat de tegels yn 'e dûs sieten. Liket hiel kreas! Jetse hat moarn in frije dei, dat wy moatte fan 't wykein noch út dûsen, mar it begjint der no echt op te lykjen!

En as jo dan nei sa'n earste wurkdei dit berjocht lêze, dan sjogge jo it hielendal wer sitten!

Pleatst: 31-08-2006 / 21:56 oere - Reagearje?


Badderje (4)

By de foto's...
1. Der komt skot yn 'e saak. Nije wetterliedingen binne oanlein.
2. De nije wanden. Wetterfêst materiaal. Hjir komme fan 'e wike de tegels op.
3. Noch gjin waarm wetter, dus tsjetteltsje op it fjoer.
4. Dat is dochs aardich. Ek de wenningbouferiening rydt yn in goeie auto. 2 Moaie
T4-ers
njonken elkoar!

Pleatst: 30-08-2006 / 18:45 oere - Reagearje?


Badderje (3)

No, dat is my mar wat. No wit ik wat de minsken oan it begjin fan de foarige ieuw hienen. Harren rêde mei ien kraantsje! En dan ek noch mei kâld wetter...

Jetse, de meiwurker fan wenningbouferiening Dongeradiel is wakker oan 'e gong. Hammerje, bikke, skroeve, seagje, mei platen sjouwe (dy't dan wer net troch it trepsgat passe) en nei omrop Fryslân harkje. Hâldt wol yn dat it wetter nei boppen ta ôfsluten is. Dus ek nei de boiler en it húske. Gjin waarm wetter en it húske spielt ek net mear troch. In amer mei wetter stiet klear om, no ja, jo witte wol...

Dan te betinken dat oan it begjin fan de foarige ieuw ien kraantsje al in lukse wie! Measte minsken hiene in reinwettersbak mei in pomp. Wy kinne it ús hast net mear foarstelle...

Dochs nuver dat ús mem ús yn 'e tobbe stoppe. Wy hiene al in dûs, mei waarm en kâld wetter. Wêrom dan dochs op 'e keukenflier? Miskien moast ús mem noch wenne oan al dy lukse. En brûkte se de dûs krekt as Durk Snoad, de haadpersoan yn it boek 'Feroaring fan lucht' fan Rink van der Velde, om sigaren yn te roken...

Pleatst: 29-08-2006 / 14:31 oere - Reagearje?


Badderje (2)

Wat komt der dan wat los...

Pleatst: 28-08-2006 / 13:00 oere - Reagearje?


Speelstad Oranje

Elk jier geane wy mei Marjan en Anton en de bern in dei derop út. Dit as ôfsluting fan ús klaverjasseizoen. Foar alle dúdlikheid: regelmjittich klaverjasse Marjan, Anton, Wilma en ik sei de gek foar de geselligens mei elkoar. De stân hâlde wy ek by en de winner (wy allegearre dus...) moat oan it ein fan it seizoen traktearje op in útsje. Omdat it waar net sa moai like, binne wy juster nei Speelstad Oranje west. De bern (allinne de bern?) ha harren tige fermakke. Hjirby trije aardige foto's. De oare foto's kinne famyljeleden besjen troch it brûken fan de koade...



Pleatst: 28-08-2006 / 12:47 oere - Reagearje?


Sipke

Eltse sneon om likernôch kertier foar seizen fljucht Sipke de fiskboer mei syn fiskauto troch de buorren. Hjir en dêr stoppet hy en dan komme doarpsgenoaten foar it ljocht om by Sipke in soere hjerring as soksawat te heljen. Ek by ús op 'e buert stoppet hy en dan steane hast alle buorlju by de auto foar in hearlik stikje seebanket.

Mar Sipke hat fakânsje tink, want wy ha him al in pear wiken net heard. Net dat wy syn roppen troch de lûdsprekkers fearstean, mar dy fiskbrij fan wurden wurket lyk as it beltsje fan de iiskoman. Ik ha wolris besocht om út te finen wat Sipke troch de mikrofoan ropt, mar ik bliuw stykjen by 'Zure haring, Stokvis...'.

No ha ik ús fiskboer in kear opnaam. Wy hiene syn roppen nedich foar de revu fan simmer 2000. Sipke hat doe spesjaal wat ekstra rûntsjes riden om it lûd der goed op te krijen. Mikrofoan foar hûs yn it gers en Sipke mar ride oer de Hearewei en de Terpen, de buorlju stiene allang klear, mar Sipke ried gewoan troch... It lûd doch ik der even by, dan kinne jimme ek besykje út te finen hokfoar fisken Sipke oanrikkmandearje wol. As jimme goed harkje docht buorman Goasse ek noch mei oan de foarstelling...
Wêr bliuwt Sipke?

Pleatst: 26-08-2006 / 23:31 oere - Reagearje?


Moraal?

Seit Wilma tsjin my: 'Wat wolsto dêr no mei sizze? Mei dat rekkensomke fan juster...?' Derfan útgeande dat jimme allegearre tûke lêzers binne, is in útlis dochs net nedich? Wol?
No fuort dan mar... De moraal fan dit ferhaal: De kofje is djoer op Skiphol. Wy kinne better yn ús doarpshûs in kopke kofje drinke. Dêr kostet in noch gjin euro. Hoewol freon Velema ek wolris mei it Stichtingsbestjoer prate mei...

Pleatst: 26-08-2006 / 14:05 oere - Reagearje?


Rekkensomke...

In pak kofje kostet by de supermerke sa'n €2.89. Sette jo in pot kofje fan sa'n 12 kopkes dan brûke jo trochstrings 3 skepkes kofje. Ien skepke weacht 15 gram.* Trije skepkes dus 45 gram. Ut in pak fan 500 gram helje jo dus sa'n 11 potten kofje. Kear 12 kopkes is 133 kopkes. Dat dan kear €2,30 en jo hawwe in opbringst fan €305,90.

Fansels ha ik de kofjemolke, it koekje en de sûker net meirekkene. Boppedat wie ekonomy net myn sterkste fak, want ús skoalle hie allinne mar boeken die foldienen oan de zeulnorm. En de ekonomyboeken kamen dêr fier oerhinne.

Dat hearde ik fan'e moarn op 'e radio. Ien as d'oare advysgroep wol dat skoallen allinne mar boeken brûke dy foldogge oan de zeulnorm. Bin benijd wannear dat wurd yn de Van Dale komt...

*) Ik bin útgien fan de situaasje by ús thús en in skepke dat ôfstrutsen is. By ús op skoalle pompe kollega's wolris 12 skepkes yn it filter en dan ek noch mei in kop derop. Toskedokter Velema sil meikoarten kontakt opnimme mei de direksje. Hjir binne gjin fullingen tsjin bestân...

Pleatst: 25-08-2006 / 13:28 oere - Reagearje?


Mooi Harkema

It is wat let (letterlik en figuerlik...) mar fansels moatte wy even kwyt dat Wilma en Wietsche tiisdeitejûn de fjirde priis wûn ha mei it rinkjestekken yn Harkema. Dat is in hiele knappe prestaasje sjoen de krêft fan de tsjinstanners...

Op de side fan Harkema binne wat foto's te finen. Spitigernôch steane Wilma en Wietsche der net op. It sil wol te donker west wêze. Op bygeande foto de sjuery en de sprekker. Dy sitte hast altyd op in wein. Neffes Wilma fertelde de sprekker nea wat oer de KWPN-ers en allinne mar oer de Friezen. No ja, as de man ien kear oer de hynders fan de froulju begjint, no dan komt der gjin ein oan. Want Hidowijn en Menta binne mei rjoch boppelanders...

Pleatst: 25-08-2006 / 01:17 oere - Reagearje?


D(j)ombo...

Hjoed even stevich mei de ynternetwinkel oan 'e gong west. Der is wer in hiele protte moaie handel yn 'e online winkel set. Dus gau even sjen fansels.

Yn 'e rin fan 'e middei wie 't in drokte fan komsa op 'e Merke. In grutte frachtauto, dranghekken en in protte heiten en memmen mei bern. Wat die bliken? De frouljus sjonggroep Djumbo soe in optreden fersoargje yn Dokkum.

Djumbo. It skynt dat de groep stipe wurdt troch in bekende supermerke... Wolris fan heard? Ik yn elts gefal net en ik hie ek gjin ferlet fan in protte leven as jo oan it kompjûterjen binne. Boppedat wiene de trije froulju nearne te sjen en moasten in pear skreauwerige plaatsjedraaiers de boel earst wat opruie mei in protte lawaai en reklameboadskippen.

Mar doe't de froulje foart it ljocht kamen, waarden wy dochs wat nijsgjirrich. Foaral doe't de froulju oer de merke raasden: 'HALLO DOKKUM!' Dat is foar ús, tochten wy, dochs mar even sjen. Der stienen foaral in protte bern en heiten nei it optreden te sjen. Wy (en de memmen) fûnen der net safolle oan... Dat nei 't wy 'hallo' weromskreaud hienen, binne wy mar wer nei de winkel ta gien.

Foel ek noch net ta om in foto te meitsjen. Fanwege al it publyk moast de kamera heech boppe it folk hâlden wurde. Ik koe it skermke net iens sjen. Doe 't ik de foto beseach, wie der ek noch ien fan de D(j)ombo's ferdwûn. Dêr sille wy wol fan dreame fannacht...

Pleatst: 24-08-2006 / 19:58 oere - Reagearje?


Steuring (2)

Pleatst: 22-08-2006 / 13:24 oere - Reagearje?


Steuring...

Hendrik van der Heide heeft de volgende vraag gesteld:
Mijn website, e-mail en webmail kan ik niet bereiken. Ook kan ik niet via ftp inloggen op mijn site. Via de helpdesksite, die overigens wel bereikbaar is, kan ik niet echt ontdekken wat er aan de hand is. Ik gebruik bovengenoemd e-mailadres, want andere is, zoals gezegd, offline. Of heb ik mijn rekening niet betaald? Kan ik me niet voorstellen... In afwachting, met de vriendelijke groeten,
Hendrik van der Heide

Geachte klant,
Op dit moment is server 4 down. Op afstand lijkt dit niet op te lossen. Om tijd te besparen zullen we de sites overzetten op een nieuwe server. De werkzaamheden zullen minimaal enkele uren in beslag nemen ivm. het overzetten van alle site informatie.
Met vriendelijke groet,
Klantenservice Tik & Klik Internetdiensten

Jimme begripe, dit berjocht is yn it Nederlânsk, oars tinke dy minsken by Tik & Klik dat der by ús in steuring is...

Pleatst: 22-08-2006 / 12:58 oere - Reagearje?


Badderje...

Sieten wy fan 'e moarn ier en betiid klear oan 'e keukentafel. Dûst, poetst, skeard en oanklaaid. Want wy hiene mei wenningbouferiening ôfpraat dat sy hjoed, nei de boufak, begjinne soenen mei de oanpassing fan ús dûs (it bad is lek, sjoch...)

Dat fakânsje as gjin fakânsje, om healwei sânen stie de earste al ûnder de dûs. Boppedat soene wy in wike net baaie kinne, dat wy moasten goed skin, in wike yn't foar!

Mar al wa't kaam, gjin wenningbouferiening. Om kertier oer njoggenen gie de tillefoan. Sy woene it graach in wike útstelle, want sa nei de boufak hiene se it smoardrok. Dit fanwege it waar. Oft it no lekkerij wie as wetteroerlêst, dat hat de bêste man der net bysein.

It is mar wat, it waar kriget oeral de skuld fan. En wy ha aanst ek al gjin beantsjes mear yn 'e winkel en de patatsjes wurde lyts. En wy moatte aanst in wike mei de túnslang bûten dûse. Mar hoopje dat it wer smoarhyt wurdt.
Wy hâlde jimme op 'e hichte!

Pleatst: 21-08-2006 / 22:33 oere - Reagearje?


Noflik...

Justerjûn in hearlike BBQ by freonen. Doe't wy derhinne rieden seach de loft derút as in breiwein. It hat de hiele jûn spield, mar wy sieten ûnderdak en in partytent boppe it fleis komt dan goed fan pas. En ach, as it gesellich is dan ha jo sa'n protsje wetter net iens yn 'e gaten. Lokkich kamen ús gjin putdeksels temjitte!

Moaie útspraak jústerjûn: 'De jongerein fan doe is de âlderein fan no...'. En mei in slokje op klinkt soks hiel filosofysk...

Sjoen Skiphol: sokke breden paden en dan noch lâns it lyntsje ride moatte. It giet wol hiel fier mei dy feilichheidseasken hjoed oan de dei...

Pleatst: 20-08-2006 / 17:27 oere - Reagearje?


Nachtdravers (2)

As jo hinnegean, komme jo, as't goed is, nei it tal dagen ek werom. (Sjoch hjir.) Hjoed wie't safier en kamen Wietsche en Syda werom fan Karpathos. Nei't ik earst even op van A naar Beter.nl sjoen hie foar de eventuele files, bin ik moai op 'e tiid ôfstutsen nei Skiphol.

It die bliken dat krektneamde side gelyk hie, der wiene gjin opstoppingen en gjin omliedingen. Om likernôch healwei tôlven stie ik yn de grutte oankomsthal fan it fleanfjid. By it bringen wiene wy der al achter kaam, dat jo je net hoege te ferfelen op Skiphol, want der is genôch ferdivedaasje. Winkeltsjes, barkes en fansels it moaie Panorama terras. En omdat it no oerdei wie, wie ek alles iepen. Dat de oankomsttiid ûntkaam my ek noch hast, mar lokkich duorret it wol even eart jo út út it fleantúch wei binne.

Dat is wol in hiele oergong: fan 35 graden yn Grikelân, nei 20 graden yn Nederlân. Boppedat docht it hjir oars net as reinen, dat it winkeltjse flak by de oankomsthal dy't paraplu's ferkeapet, docht grif goeie saken.

Mar de froulju hiene it tige bêst nei't sin hân, oars net as sinne, sinne en nochris sinne (soe Pyt wol sizze...). Mar wol nuver dat se earst nei Burger King ta fleagen om it poarsje 'junkfood'. Wie't iten op it Grykse eilân sa min? Om earlik te wêzen hat it my ek lekker smakke. Iene dei oan 'e aaien en de snert en de oare deis in grauwe Mexican Double... Kin hast net oars as Hendrik is aanst ek double...



Pleatst: 18-08-2006 / 20:28 oere - Reagearje?


In snert simmer?

Hjoed even mei Broer syn webwinkel oan 'e gong west. Komt sa rûn de klok fan tolve oere ús doarpsgenoat en Broer syn buorman Jelle Auke troch de doar stappen. Oft wy ek sin hiene yn in pantsje snert! Hy hie syn frou Anna-Riek (dy't in kleansaak flak by de Clown hat) ek wat brocht en hie ek noch wol wat oer foar buorman... It foel der wol yn. Simmer as gjin simmer, it smakke bêst!

Jelle Auke wie al wat senuweftich, want hy hat in haadrol yn it iepenloftspektakel de Muze yn Minnertsgea. Yn septimber is't safier. Wy sitte der net oer yn: it wurdt fêst in sukses!

Pleatst: 17-08-2006 / 16:27 oere - Reagearje?


In egg hoort er begg...

Boppesteande sizze wy faak as fariaasje op 'Een ei hoort er bij' as wy moarns in aaike siede foar it moarnsmiel. Mar elk hat by ús syn eigen foarkar. De iene wol in hurd sean, de oare leafst sêft aai en dan is it it toer om de júste siedtiid yn te stellen.

Mar no binne wy derachter! It ideale aai! Elkenien is tefreden as wy dit aai op tafel sette, elkenien stekt de tûme omheech as it earste leppeltsje de mûle yngiet. Hjirby it resept:

Helje twa aaikes út de kuolkast. Net mear as twa, want dat hat ynfloed op 'e siedtiid.
Prik in lyts gatsje yn de ûnderkant fan it aai. Tink derom, de ûnderkant! Net te hurd drukke, want wy steane net yn foar de gefolgen...
Doch kâld wetter en de twa aaien yn in pantsje. Wetter moat krekt boppe de aaien útkomme.
Kies it middelste gas. Doch dat op syn heechst. No komt it derop oan...
Set it pantsje mei wetter en de aaien op it gas. Druk dan sa gau mooglik de aaiwekker op tsien minuten! Eins moat dat tagelyk. Pantsje op it gas en wekker oansette. Jimme kinne dat mei syn twaen dwaan. Ien it pantsje, de oare de wekker. Hiel wichtich dat dit tagelyk giet!
Wachtsje rêstich, set it sâlt en lis de leppeltsjes fêst klear.
Sa'n tsien sekonden foardat de wekker ôfgiet, de kâlde kraan oansette.
As it wekkerke giet yn ien swaai it pantsje ûnder de kâlde kraan hâlde. De aaien moatte skrikke. Tink derom dat jimme net sels skrikke as jimme troch de swaai gleonhjit wetter oer jime hinne krije. Set dêrom ek de EHBO-doaze klear...
Hâld de aaien krekt salang ûnder de kâlde kraan, dat al it hite wetter fuortspield is.
Yt de aaien fuort op, oars siede se yn de dop troch en wurde se te hurd...
Foardiel: ek de mûle is ferbaand.
Lekker ite!

It hat even duorre, mar wy ite no einliks de ideaal seane aaien!

Pleatst: 16-08-2006 / 18:22 oere - Reagearje?


Het Bernini Mysterie...

Kin my noch heuge dat ik skreau: dochs it boek mar ris lêze...(Sjoch hjir) It is in oar boek wurden, mar wol fan deselde skriuwer. Hjoed oan de dei telle jo hast net mear mei as jo net in boek fan Dan Brown lêzen ha. En omdat it fakânsje is, en dochs reint en jo net yn 'e sinne sitte kinne en dêrom ek net yn 'e tún hoege (hage is wer aardich heech, mar it reint hè?!), hawwe jo it moai oan tiid om boeken te lêzen.

Het Bernini Mysterie is de foargonger fan 'de Da Vinci Code'. It is in ûnderhâldend en spannend boek oer in bom dy't yn it Vatikaan ferstoppe is en dy't om presies 12 oere nachts ôfgean sil. It wurdt in rees tsjin de klok, mar Robert Langdon (deselde haadrolspiler as yn de Da Vinci Code) rêdt it op en wit it Vatikaan fan de ûndergong te rêden. De ûntknoping is ferrassend en it is ek wer in boek fol nijsgjirrige ferwizingen nei wittenskiplike, histoaryske en religieuze saken. Fansels is net alles wier, mar in hiele protte feiten kloppe wol en dat makket it boek hiel nijsgjirrich en moai! Wol in oanrieder!

Aardich is, dat foar yn it boek in plattegrûn fan Rome stiet, sadat je al lêzende de beskriuwingen yn it boek mei it kaartsje derby kontrolearje kinne. Noch moaier wie it om Rome fia Google Earth te besjen en dêrmei te kontrolearjen oft Dan Brown syn kaartsje wol wer kloppet...

It moaiste soe wêze as jo sels nei Rome ta kinne, om al dy moaie âlde gebouwen dy't yn it boek beskreaun wurde mei eigen eagen te besjen. Bykommend foardiel: yn Rome is it faaks moai waar! Dat wa wit: takom jier net yn 'e Hantumer strûken mar yn it Bernini Hotel yn Rome!

Pleatst: 15-08-2006 / 14:19 oere - Reagearje?


Hoera!

Us twalingneefkes Martzen en Hotze wiene jierdei west en dat moast fierd wurde fansels. In noflike dei, mei moai waar en hearlike pankoeken! En de jongens in bulte kadootsjes fansels...

Pleatst: 14-08-2006 / 17:39 oere - Reagearje?


Hop hop hynke...

Sa sjocht de wrâld derút fanôf de bok fan de marathonwein. Hidowijn rint derfoar en hie der nocht oan fan 'e middei...

Pleatst: 12-08-2006 / 19:48 oere - Reagearje?


'Een nieuwe lente' mei reinich waar...

It Umpeltjse, it Itteminske, Jouke Teepantsje, Hampie, de Piepelman, de Piipessjauffeur, de Petman, Jel Bolle en mear fan sokke (âld) Balksters kamen juster op it aljemint. Om't de bus APK keurd wurde moast, ha wy dat mar keppele oan in famyljebesite. En ûngemurken giet it petear dan samar oer froeger, oer de tiid dat ik noch thús wenne. It is frjemd, dat jo je âld doarpegenoaten hast nei iens mear by har eigen (achter)namme kinne...

Der wie ek bradery yn Balk. De organisaasje spriek yn 'e krante fan in 'hege kwaliteit' mar dat foel raar ôf. Der wie neat te belibjen by dy pear kreamkes lâns de Luts. Dyselde Luts mei de moaie griene linebeammen oar wjerskanten, dêr't Herman Gorter sa moai oer skreau yn syn Mei.

De jûns kamen myn broer en de frou ek noch even lâns. Se wiene krekt wer thús fan fakânsje en woene heit en mem even dach sizze. Se wiene nei Noarwegen west, lâns trekkershutten. Se sieten fol reisferhalen oer in moai, mar djoer lân. En sa waard it noch geselliger oan it ein fan dizze noflike 'famylje-dei'.

Pleatst: 11-08-2006 / 17:16 oere - Reagearje?


Waar as gjin waar...

Handich dy sms-kes... Sa bringt kunde ús op 'e hichte fan harren fakânsje. Dat it fakânsjewaar fan 'e wike net sa moai is, dat mei dúdlik wêze. Fia www.hi.nl stjoere wy dan in berjochtsje werom. Gewoan mei it toetseboerd fan de PC, want mei de tillefoan is it sa'n geklungel...


Pleatst: 11-08-2006 / 15:07 oere - Reagearje?


Skile...

Hjoed ha ik ris goed de biezem troch myn kompjûterspullen helle. Sjonge, wat ha jo dan wat guod! Omdat de apparatuer hast elk jier feroaret, skaffe jo fan alles en noch wat oan. Nije software, in koptillefoan, in kaartlêzer, in ekstra hurde skiif, mar wer ris in oare printer en gean sa mar troch. Bykommend gefolch: in hiele stapel CD-rom's, boekjes en hantliedingen. En dêr sitte dan ek noch in hiele protte saken tusken dy't jo nea mear brûke, sa as sein feroaret it om 'e haverklap.

Ik ha ek mar ris alle kabeltjses, stekkerkes, plugjes, mûzen en mear fan sok lyts guod, yn ien laad dien. Kin no net sizze dat dit sa oersichtlik is, mar hawar, no kom ik de boel mar ien kear tsjin en oars lei oeral wat. Ik ha gjin idee oft ik de kabeltjes wol wer ris brûk, se sille wol wer achterhelle wêze. Mar om it laad no yn 'e kliko te leegjen, fyn ik ek wat skande.

Doe't alles wer wat op oarder wie, earst mar ierappels skile. Dat moat ek gebeure. Boppedat wie it al hast tsjin sânen en it wie wol de bedoeling dat we de boel foar achten behimmele hienen, want der wie in fuotbalwedstriid op 'e buis en dy moasten wy net misse fansels.

Wol in moaie wedstriid. Mar sa ûnder it skreppen en wraamen fan 'ús' profs siet ik my te betinken: soene dy wol ris ierappels skile thús? En mar oanskile, der komt gjin ein oan, want se binne oan'e lytse kant. Nei't iten de boel hurd op it oanrjocht, de tas achterop en traine yn 'e rein. En dan tsjin Henk ten Cate sizze: 'Net te mâl hjer trainer, want de borgers fan myn âld buorman binne bêst, mar se lizze my wat swier op'e mage...

Pleatst: 09-08-2006 / 23:45 oere - Reagearje?


'Natuurlijk bij Landal Green Parks...'

Dy spinnen ha ek wolris sin oan in lúkse fakânsje. Boppedat by âlde huzen heare dochs ek spinnen?! Sjoch foar mear nijs op: 'Esonstad geplaagd door spinnen.' en 'Spinnenplaag treft Esonstad.'

Pleatst: 09-08-2006 / 00:16 oere - Reagearje?


As de sinne is yn it west...

Dat is it foardiel fan fakânsje! Jo dogge ris dingen dêr't jo oars hast nea oan takomme. Sa binne wy juster op besite west nei my sweager en skoansuster yn Warkum. En om't wy it wol oan tiid hiene, ha wy in toeristyske rûte folge. En bang om it paad kwyt te reitsjen hoegden wy net te wêzen, want Richtsje wiisde ús de wei.

Richtsje ha wy tegearre mei Romke delhelle fan de side fan de provinsje Fryslân. Mei syn twaen ha wy se yn ús TomTom stoppe, dat Richtsje seit no links ôf en rjochts ou. Werom no krekt dy aksintferskillen!? Miskien wol om it de Gaasterlânske paadsikers wat nei't sin te meitsjen. Hoe't Romke it útsprekt, witte wy noch net krekt, want Romke ha wy noch net de kâns jûn om ús it paad te wizen...

Wy binne hjoed lekker lui. Marten Remko en Wilma hingje foar in DVD en ik bin wat op de kompjûter oan it pielen. De film wie wol spannend, want doe't bûten wat donker begûn te wurden, moast ik yn sân hasten de wask fan de line ôfhelje. Ik miende dat der in 'pauze-knop' op sa'n ôfstânsbetsjinning siet. Mar afijn, de wask wie droech en dat is mei dizze reinige dagen ek hiel wat wurdich.

Aardich wie ek, dat Rhonda (sjoch hjir) ús wat moaie plaatsjes stjoerde. Boppesteande foto is makke doe't wy hearlik te iten west ha yn Oostmahorn. De foto hat se makke en bewurke mei har mobyltsje en doe nei ús ta stjoerd. Dat kin hjoed oan de dei allegearre mei sa'n lyts ding. Dat dochs mar ris nei 'the Phone House'...
En wêrom dat no wer yn it Ingelsk moat... Dat kin doch ek gewoan 'it Tillefoan Húske' hjitte?

Ek wol passend by dizze dei: As de sinne is yn it west, binne de loaie lju op it bêst...'

Pleatst: 07-08-2006 / 21:10 oere - Reagearje?


Op 'e foto...

Hjoed wie de sinne der wer! Dat fuort nei bûten mei in kop kofje, hearlik yn 'e sinne. En dan falt it ek noch net ta op josels mei sa'n automatysk tastel smûk op 'e foto te setten...
Miskien ha ik hjir wat oan.

Pleatst: 05-08-2006 / 15:30 oere - Reagearje?


Freedtejûn-tochtsje

Justerjûn binne wy mei de menferiening op 'en paad west. Sa no en dan meitsje de leafhawwers in tochtsje mei hynder en wein lâns paden dêr't jo noch nea earder west ha. Sa kamen wy justerjûn op moaie paden tusken Bûtenpost en Feankleaster. Se steane net iens op bygeand kaartsje! Mar it is der wol moai! Wisten jimme dat dêr sels in Frysk Deiblêd-bosk is? Oanplante/oanbean troch harren abonnees. Der groeiden al in hiele protte stikels tusken de jonge beammen, mar neffes ien fan de menners moasten de abonnees dy't de kranten tegearre liezen as dy't de krante opseinen, foar straf kommende hjerst ûnder lieding fan de haadredaksje stikellûke. Ik sil myn heit en mem fêst warskôgje...

Pleatst: 05-08-2006 / 15:15 oere - Reagearje?


Nachtdravers...

Yn 'e nacht fan tongersdei op freed ha wy Wietsche en Syda nei Skiphol brocht. Healwei fiven gie harren flecht nei Karpathos yn Grikelân. Moai om wer ris op ús nasjonale fleanfjild te sjen. Koffers, ûnferskillige bewakers, mar wer ris koffers, taksi's, kofjekreamkes, roltrep, noch mear koffers, âlders mei skriemende berntsjes, it is in stêd op himsels...
En op 'e weromreis ek noch in swiere bui op 'e Ofslútdyk. Der wie dy nachts ek aardich rein kaam yn Ljouwert. Dat wy binne mar bliid dat wy de Iselmar net ynwaaid binne...
Werom nei Nachtdravers 2

Pleatst: 05-08-2006 / 14:57 oere - Reagearje?



Alle nijsgirrige saken oer de Da Vinci koade op in rige:
www.da-vinci-code.nl
En om de feiten út it boek sels te kontrolearjen, kinne jim it lêste jûnsmiel fan Leonardo da Vinci hiel krekt besjen:
The Last Supper by Leonardo da Vinci

Pleatst: 03-08-2006 / 18:56 oere - Reagearje?


Elk syn eigen dei...

Wilma mei Wietsche mei de hynders in dei nei de bosken fan Apelsgea. En Hendrik mei in moai boek en muzyk fan the Eagles op de achtergrûn yn in hoeke op 'e bank.
En de kompjûter mar ris in dei út...
Pleatst: 02-08-2006 / 14:17 oere - Reagearje?