Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Fiere reizen...

Op tongersdei ha wy ôfskie naam fan ús direkteur. Hy doarst it oan om nei 31 noch de oerstap te meitsjen nei in oare skoalle. Wy ha in prachtich feest hân! Op de side fan ús skoalle mear nijs oer dizze moaie dei. Op ûndersteande foto helje wy ús direkteur foar syn lêste loopke fan hûs ôf.

Freed moasten wy op brulloft. Hielendal nei de tsjerke fan Himmelum. Guon út Ternaard trouden en hienen harren feest yn de súdwesthoeke. De breid spilet yn ús tennisteam en de brêgeman hat my tennisles jûn. Hiel Ternaard rûn út en wy rieden hast achterelkoar oan de provinsje troch. Mar it wie in prachtich feest! Mei in hiele goeie fersoarging. En dan jûns let yn it minne waar wer yn guozzestap nei it noarden. Mar it wie eins ek net sa nuver, want de breid wurket by dat partysintrum en se sille wol wat koarting krigen ha...

Justerjûn moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn ús buordoarp Holwert. Yn it Sintrum. Ek dêr in hiele moaie jûn en ek in perfekte fersoarging. Komplimint foar de organisaasje dy 't ús kontrakt goed lêzen hie. En dat komt spitigernôch net sa faak foar... It is de lêste wiken wol raak! Wy komme yn alle doarpen yn 'e omjouwing. Brantgum, Raard, Reitsum, Holwert, Rinsumageast en aanst yn Niawier. Hat ek wol foardielen, jo hoege net sa fier te riden. Yn novimber dûke wy fierder de provinsje yn...

Pleatst: 30-09-2007 / 19:19 oere - Reagearje? - Nei boppen


Cambuur...

Moarn nimt ús direkteur ôfskie fan ús skoalle. Nei 31 jier nimt hy de stap om syn karriêre op in oare skoalle ôf te sluten. Spitich, mar wy respektearje syn beslissing. Fansels litte wy him net samar gean en moarn sille wy dêr wiidwreidich by stilstean.

Yn de âlde foto-argiven kamen wy dizze foto tsjin. As echte Cambuur supporter ha jo it wol swier as jo yn it shirt fan Hearrenfean ûnder tafersjoch fan Foppe himsels by Sinterklaas op it matsje roppen wurde. In unyk plaatsje, fan in unike kollega!

En Tytsjerksters dy 't dit lêze: Moarntejûn allegearre komme fansels!

Pleatst: 26-09-2007 / 06:28 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hutspot...

Sneontejûn in tennistoernooi. Prachtich waar en in hiele protte gesellige leden. Wy moasten trije kear in heal oere tennisje en oan it ein fan de jûn waarden de games dytst wûn hiest byelkoar opteld. 22 Games hie 'k meielkoar en dêrmei hie ik de measten. Dat komt hast noait foar, ik leau dat dit de earste kear is dat ik wat by tennisferiening Westdongeradiel wûn ha.

Ek wol in aardige priis: in doaze mei in bosk woartels, in net sipels en in hânfol ierappels. Ek wie de priiswinnende doaze noch wat opfleure mei alderhande kalebassen. Dat stiet wol moai sa achterhûs tusken de oare túnprullaria...

Tusken de bedriuwe troch ha ik dit wykein in prachtich boek lêzen. Op oanrieden fan in âld kollega ha ik ferline wike it boek Intensieve Menshouderij by Bol.com kocht. In boek oer hoe 't hjoed de dei organisaasjes en bedriuwen laat wurde troch managers dy 't allinne mar kommunisearje yn in eigen taal, dy 't wurden brûke as cost accounting, career management en value creation en dêrmei in eigen 'virtuele' wrâld oanlizze fol mei rigeltsjes en foarskriften, want se moatte (elkoar oan 't) wurk hâlde. In 'virtuele' wrâld dy't de gewoane minsken fan 'e wurkflier net mear begripe. Boppedat binne sokke bedriuwen faaks Intensieve Menshouderijen dêr't it allinne mar giet om it produsearjen tsjin in sa leech mooglike kostpriis. Mei in protte negative gefolgen. Wurknimmers krije lêst fan stress, burn-outs en binne alhiel net mear belutsen by harren wurk.

In prachtich boek, want ek it ûnderwiis hat lêst fan sokke managers dy 't jo oerlade mei rigels, foarskriften en 'kerngetallen'. En wurdt de kwaliteit better? Hielendal net, neffes de skriuwer fan dit 'eye-opening-book'. En eins wisten wy dit ek al, mar nei it lêzen fan dit boek bin ik der wis fan dat it sa mei ús ûnderwiis de ferkearde kant út giet.

'... Dat heet een leerlingvolgsysteem. U denkt misschien: 'is dat niet wat veel van het goede?' Welnee, nu geheel nieuw: het peutervolgsysteem: een meetinstrument om in kaart te brengen hoe de ontwikkeling van een peuter verloopt. Liftime Learning is de volgende trend: uw leven lang zal het CITO u blijven achtervolgen met het toetsen van uw competenties, tot de dood erop volgt...'

Pleatst: 23-09-2007 / 22:39 oere - Reagearje? - Nei boppen


In rare piip smoke...

Wurk en fleur, sa kinne wy de ôfrûne dagen omskriuwe. Lange dagen op de wurkflier, mar dizze dagen waarden ôfwiksele mei fleurige eveneminten. De ideale kombinaasje soene jo sizze. Ik moat my wat ynhâlde, want ik moat fansels net al te lyrysk wurde. En dan doel ik meinammen op it wurk...

Woansdeitejûn moasten wy optrede foar in doarpshûs fol froulju yn Reitsum. Foar de rayongearkomst fan de CPB. Dat wie tige gesellich en wy hienen de fleur der goed yn. It gie derom wei en wy ha sels ek tige lake. Moai sa'n jûn en moai dat der ek in protsje Hantumer froulju yn 'e seal sieten.

Nei ôfrin ha wy it optreden fansels wer even evaluearre yn de Refter en ha wy noch in hapke iten hân by ús Egyptyske freonen. Harren shoarmatinte wie sa goed as útstoarn en se hienen de boel al skjin. Mar om't wy in pear wiken ferlyn wegere wienen, om 't wy doe echt te let wienen, mochten wy der no dochs noch even yn en in flaubyt behimmelje.

Ien fan harren stie oan 'e bar wakker oan in wetterpipe te lurkjen. Dat dogge se wol faker yn dy lannen dêr't se weikomme. Gastfrij hâlde hy ús it mûlstik foar en noege ús út om ek even in lûkje te nimmen. No witte wy dat soks yn harren kultuer in sosjale wearde hat, wy doarsten dan ek net te wegerjen. Wy oan 'e wetterpipe. It roggele nuver en fansels dienen wy it ferkeard. Wy moasten goed lûke en goed ynhalearje. Man, de kalkovens fan Eastrum wienen der neat by. Ik wie suver benaud dat de reekmelders ôfgean soenen en mei ien sessy hie ik it wol besjoen. Broer hat noch wat trochdampt en hy soe al hast sa'n pipe bestelle. It is dat sa'n ding net yn it bûske fan it bloeske passet, oars hienen wy elk wykein de pipe mei nei de optredens.

Tongersdeitejûn ha wy mei Rûm Sop oan 'e gong west. In moai nij ferske fan Jelle ek ek de plannen foar de nije opset lykje goed. Boppedat songen wy wer as klysters en wie it ek dêr tige gesellich. Hjoed ûnderweis nei it wurk yn de nije CD fan de trûbadoers op syn lûdst en dan komme jo dy lêste dei ek noch wol oer...

Pleatst: 21-09-2007 / 23:57 oere - Reagearje? - Nei boppen


De tredde tiisdei yn septimber...

Twa lange dagen hân op it wurk. Yntensyf, mar dochs wol goed! Dat betsjut ek dat ik net thús yt, mar by myn 'gastâlders' yn Tytsjerk. Juster hearlike bami (mei hazelnuten) en hjoed - skrik net - burritos. Moai dat soks kin, dan hoege jo net nei hûs te fleanen. Hoewol ik it thús ek tige goed ha!

Hjoed ek in protte wille hân, want wy ha yn 'e kast sitten! Ik hâld it wat geheim, want guon meie net earder as nei 27 septimber witte wat ik hjir mei bedoel. It hat wat te krijen mei in televysjeprogramma fan froeger. Gerdyntsje iepen en dan... No hâld ik deroer op.

Hjoed ek noch nei Den Haag west, as de nije minister fan ûnderwiis mei in koffer fol handelingsplannen. Ik hie lokkich noch in huodsje lizzen. Se seagen my al wakker oan as woenen se sizze: 'Wat hat dy no wer út 'e kast helle...'

Pleatst: 18-09-2007 / 22:36 oere - Reagearje? - Nei boppen


It earmbantsje krigen wy tastjoerd en wie it bewiis fan tagong. En dan ek noch hielendal fergees! Om 't wy as doarpshûs elts jier in útnoeging krije foar it Tsjoch festival, hienen wy no mar besluten om fan dizze útnoeging gebrûk te meitsjen. Der stie foar dizze dei neat yn ús aginda dat de kar wie gau makke.

Om likernôch kertier oer trijen sieten wy der hielendal klear foar yn de Lawei yn Drachten. Jo koenen mar útsykje. Dets Laif, Bricquebec, Bacon and Bones, In Between, Oanbreide Hoazzen, Swart Wyt en noch mear groepkes mei oansprekkende nammen koenen jo besykje. Suver tefolle, mar dat hat ek wol wat. Jo hoppe fan de iene nei de oare seal en as de muzkyk jo net oansprekt, dan tôgje jo wer fierder...

Tusken de bedriuwen troch ha wy yn Drachten noch in hearlik hapke iten, sadat wie hielendal klear wienen foar de jûnsoptredens. Om acht hienen de Fryske troubadoers in geweldich optreden yn de grutte seal fan de Lawei en omdat de mannen fan Ferbean om 22:00 oere folgje soenen, binne wy mar yn de grutte seal sitten bleaun. Prachtich, al dy nije lieten fan de troubadours en de mannen fan de FERiening BErtus en ANko. Moai dat wy dit jier nochris fan harren genietsje kinne, want de troubadours sille wy besykje yn de IJsherberg en Bertus en Anko komme yn febrewaris op de frijwilligersjûn fan de Ald Skoalle.

Om âlve oeren hienen wy ús nocht en hienen wy genôch muzyk heard. Nei't wy noch in spa-tsje en in bierke dronken hiene, binne wy, net nei't wy earst de nije CD's fan boppeneamde favoriten kocht hienen, nei hûs ta gien. In prachtige middei en jûn, mei in unyk gegeven: Hendrik en Wilma tegearre op 'en paad...

Seach op 'e weromreis in grutte poster hingjen. It Pink Floyd Projekt komt yn Dokkum! Dat hjoed fuort twa kaartsjes besteld. Dat koe lokkich online. Ha wy wer in ôfspraakje tegearre. Sjonge, wy krije de smaak tepakken...!

Pleatst: 16-09-2007 / 16:44 oere - Reagearje? - Nei boppen


Nix sizze...

Krige juster wol in hiel geheimsinnich mailtsje...

Hendrik!
Ik heb waarschijnelijk ook al een Sinterklaas
ssttt nog nix zeggen...

Fan wa soe dat no wêze kinne en wêr slacht dit op?! Boppedat is it wol betiid net? Der siet ek in foto by. Fan de bêste man foar syn kastiel yn... No, dat sil wol gjin Spanje wêze. Jonge jonge, it wurdt hoe langer hoe gekker. It wurdt tiid dat it regear dy Poalen ris oanpakt. En no is Verdonk ek noch út 'e partij setten. Ach, der moat dochs ien de Swarte Pyt wêze...

Pleatst: 14-09-2007 / 11:24 oere - Reagearje? - Nei boppen


Frustraasje...

Healwei achten moarns fuort en healwei achten jûns wer thús. 12 Oeren ûnderweis foar de baas. Wy kleie net, mar somtiden is it wol frustrearjend om te ûntdekken hoefolle aktiviteiten wy yn dy tôlve oeren besykje te stopjen. Boppedat wie it ek in topdei by ús op skoalle. Jimme wolle net witte hoefolle minsken dêr hjoed omstapten. Wy komme wol op sa'n 15. En dan ha ik de skjinmakkers ek meirekkene. As je dan betinke dat wy sa'n 85 bern op skoalle ha, dan kin elk sa'n 6 bern begeliede. Dat is pas ûnderwiis! Elk kriget syn gerak en jo kinne de bern alle oandacht jaan!

Mar dat is no krekt it probleem yn it ûnderwiis! Mar fjouwer minsken ha harren dizze die mei de bern dwaande hâlden. Dan is der dochs wat oan 'e hân soenen jo sa sizze. Der wurdt wat ôfpraat, fergadere, besluten, op pepier setten en betocht. Mappen fol! En de bern mar by jo oanklopje: 'Master hoe skriuwe jo frustraasje?'

Pleatst: 14-09-2007 / 11:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Spierpine...

Jûn sûnt in hiele tiid wer ris follyballe. Man, dat foel ek noch net ta. De ballen fleagen wer alle kanten út. Behalve de goeie fansels... It moat altyd wat op gong komme, sa yn it begjin fan it seizoen. Boppedat wienen der ek net safolle manlju en dan komt it der hielendal op oan. Mar wy litte ús net kenne! Der wie al ien dy fûn dat hy de âldste wie, want noch ien jier en dan waard hy fyftich. Ik ha mar neat sein, fansels is hy de âldste! Boekje fan 'Welzijn Dongeradeel' sil ik moarn fuort nei him tabringe...

Pleatst: 10-09-2007 / 22:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


De Otterberg

Foar in moai fotoferslach fan Wilma har menwykein klik op dizze link: paardenboek de Otterberg. Der binne twa albums, sjoch yn it menu fan dizze webside ek by: de Aanspanning (20 foto's).

Pleatst: 09-09-2007 / 18:43 oere - Reagearje? - Nei boppen


In oerke...

Omdat Wilma it wykein op stap wie mei de hynders, moast ik allinne boadskiprinne yn Dokkum. Healwei twaen fuort en in oerke letter mei in kofferbak fol boadskippen wer thús. Mar yn dat tuskenlizzende oerke hie ik hiel wat belibbe!

Earst boadskipje by C1000. Om 't wy 10 kaarten hienen, koenen wy twa mokken útsykje. C1000 hat in aksje werby't jo Fryske mokken sparje kinne. Man, wat in gegraai. Alles hienen se ek sa keurich útstald! Tegearre mei in frommiske wienen wy op syk nei de mokken heit en mem. Mem hiene wy al gau, mar heit siet earne ferstoppe ûnder yn de doaze. Dan komt it minste yn jo boppe... Ik hie heit as earste, mar woe him fansels net ôfjaan. Snap eins net werom, want doe 't ik thús de mokken útpakte, wienen it mar suterige dingen...
Om 't ik noch in lyts boadskipke dwaan moast yn Dokkum, naam ik in pear Hichtepunten mei foar ús advertearders. Koe ik moai lânsbringe. No en dan bart it...

Earst kaam ik Pino tsjin en hy freege oft ik moandei ek wer kaam te foljeballen. Doe ha'k de eigeneresse fan de Posthoorn even lokwinske mei har troudei en it moaie filmke op Wâldnet. Kaam ik Pino wer tsjin yn in oar kafee. Hy noege my út foar in kop kofje, mar ik hie haast en de parkearmeter rûn. Moast ik even in poloshirt passe by de Clown. Wer in kop kofje wegere... Kaam ik de frou fan in kollega tsjin, rôp wat sy hjir yn Dokkum die en krige te hearen dat sy in reuny hienen. Fleach ik mei in doarpsblêd troch in folle slagerswinkel en lei it blêd op harren toanbank. Naam it winkelpersoniel ek noch de muoite om yn alle drokte tankjowol te sizzen. Op 'e Breedstrjitte kaam ik in wat âldere doarpsgenoat tsjin dy 't syn fyts kwyt wie. Hy stie mar te prutsen mei it kaaike, mar koe de fyts net fan 't slot krije. Hy wie suver wat yn 'e war, want hy wie mar fiif minuten yn 'e winkel west en sa gau koe in fyts dochs net ferdwine?!

Nei wat fragen oer it tipe fyts en soksawat, skeat it my yn 't sin dat de fyts ek wolris earne oars stean koe. Oan'e oare kant fan it terras stienen ek in bult fytsen. Wy dêr tegearre hinne en ja hjer, dêr stie de fyts. Doarpsgenoat ek wer bliid en ik koe wer fierder. Hichtepunten nei de gemeente, it Haffelhuske en de rest mar in oare kear, want de parkearmeter... Lokkich, op 'e tiid en binnen in oerke wer thús.

No de kuolkast noch ynpakke, want dy plestikpûde mei fleisguod moast deryn! Dat is in folle bettere aksje fan C1000!

Foar ús trouwe lêzers:
Ternaard de kipburgers?! Geweldich feest justerjûn! Sels biertaapje hat wol wat...

Pleatst: 09-09-2007 / 13:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


Dat wurdt fêst gesellich...

Pleatst: 08-09-2007 / 09:27 oere - - Nei boppen


Oerterp...

Dat is no aardich! In WJW-er (Weet-Je-Wel-er...) hat ús sjoen doe't wy ûnderweis wienen nei ús optreden yn Oerterp. Wy ha in WJW-stikker achter op 'e bus en as jo ûnderweis in transporter mei ek sa'n stikker sjogge, dan kinne jo dat melde op de webside fan dizze klup. Wy ha him net sjoen, want wy wienen drok yn petear. Krekt sa'n praatgroep ûnderweis.

It optreden wy tige slagge! In folle tinte en in tige goeie fersoarging. Kompliminten foar dizze feestkommisje. It waard al wat let, mar dat kaam omdat ek it Oerterper Manljuskoar harren meiwurking ferliende oan dizze moaie feestjûn. En ja, jo witte hoe 't dat giet mei soksoarte fan koaren. As sa'n akkordeonist ienris op gong is, dan wurdt it hiele Frysk Lieteboek songen. 'Moai sûnder wjergea, binne de Wâlden...'
Sjoch op de side fan www.doarpsfeestureterp.nl foar in ferslach en mear foto's. Oh ja, en de sweef ha wy fier achter ús litten...


Pleatst: 06-09-2007 / 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


Balkenende-norm

Bêste lêzers, ik hoopje dat jimme my leauwe as ik jimme fertel dat ús salaris wier net boppe de JP-norm útkomt. Ik begryp dan ek net dat minister Pasterk de slarissen yn it ûnderwiis oanpakke wol. Oan 'e oare kant, alles yn it ûnderwiis al ris ûnder hannen naam en dan kinne de salarissen fansels net achterbliuwe.

'Ik sjoch op gjin hûndert euro, sei master, en seach yn it lege jildkistke...'

Pleatst: 03-09-2007 / 22:59 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oan 'e mar, by Langwar...

Justerjûn moasten wy neffes de UIT-bylage fan de Ljouwerter nei Langwar. Lokkich wisten wy sels wol better, want Langwar is in hiele oare kant út as Langezwaag, yn it Frysk Langsweagen, want dat wie it plak dêr 't wy juster op 'e planken stienen. Der wie doarpsfeest. En dan witte jo it wol. Oangeande bern, hurde muzyk fan 'e sweef en in kommisje dy 't allinne mar oan de bierferkeap tink. Hawar, wy ha de minsken wer fermakke. Nei ôfrin noch even nei ús fêste adreske, mar spitigernôch hienen dy de glêzen al oprûme. Fandêr dat wy yn in oare 'Zaak' telâne kamen. It wie spitich dat wy ek ús hapke misrûnen dat by thúskomst mar in lekker broadsje. Takom wike yn Oerterp, sjen oft wy it dêr fan 'e sweef winne kinne...

Pleatst: 02-09-2007 / 13:58 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Je wordt ouder papa!'

Fan'e moarn betiid kleppere de brievebus. It koe de post noch net wêze, want dy komt folle letter en de Ljouwerter hiene wy ek al hast út. It soe it tsjerkebledsje wêze kinne, mar om 't ik dit sels druk op 'e Hichtepuntenmasine en ik dit noch net dien hie, wie it ek net it boekje mei alle preken foar de kommende twa moanne...

Nijsgjirrich fansels, dat ûnder de tee hurd nei de hal om te sjen wat dêr ús doarmatte talake. It wie in blêd dat ik noch nea earder sjoen hie, it 'Contactblad van het Bolwerk' dit is de stifting foar 'Welzijn in de gemeente Dongeradeel'. Foar âldsjes dus... Mar wat die it dan by ús yn 'e brievebus? Wolle se ús no ek al by dy klup ha? Krije alle 50-plussers dit magazine thúsbesoarge? As fûn in aardige doarpsgenoat, dy 't yn 'e redaksje fan dit blêd sit it nedich om de redaksje fan ús doarpsblêd op 'e hichte te bringen fan it bestean fan dizze periodyk. Ik soe it wier net witte...

Yn elts gefal kinne wy ús no opjaan foar koersballen, servysskilderjen, in workshop bakken, in modesjo út beppe's tiid as in foarstelling fan Leny Dukstra. En dy lêste sil wol Dijkstra wêze moatte. Ik tink dat it sjoelen wurdt. Moat earst mar de foarsitter fan Rûm Sop belje om myn lidmaatskip ôf te sizzen, want ja, jo kinne ek net alles op jo âlde dei...


Pleatst: 01-09-2007 / 12:16 oere - Reagearje? - Nei boppen