Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Skreaustoarm...

It wie geweldich. De nije sjo 'Schreeuwstorm' fan Youp van 't Hek. Samar sieten wy woansdeitejûn yn 'e Harmonie yn Ljouwert. Broer hie fia-fia kaartjses op 'e kop tikke en belle my woansdeitemoarn op. Dêr hoegde ik net sa lang oer nei te tinken.

In folle seal en in geweldige foarstelling. Fansels, jo moatte fan Youp hâlde, want it is echt skreaustoarm dy't der oer it poadium raast en Youp seit alles, mar jo kinne ek in hiele protte laitsje. Foaral it ein wie fantastysk! Wat in fynst, mar it is krekt sa't de resinsist skriuwt:
'Van ’t Hek heeft een geestig en verassend slot voor ‘Schreeuwstorm’ bedacht. De verleiding er iets van prijs te geven is groot, maar de toorn van Van ’t Hek zal nog vele malen groter zijn. Niet doen dus.'

Pleatst: 31-05-2007 / 21:53 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Hidowijn behoeft geen krans...'

Mochten jimme tinke dat de skriuwer fan dit blog it tige drok hân hat it ôfrûne wykein, dan ha jimme noch net heard fan Wilma har aktiviteiten! Sneon 26 maaie hienen se fan de menklup de jierlikse klupkampioenskippen yn Kollumersweach. In hiele drokte, want der is de hiele dei moaie hynstesport te sjen en dat moat ek tared wurde fansels. Dat moarns betiid de doar út en jûns let wer thús.

Op Pinkstermoandei is se mei Hidowijn (hjir op 'e foto) en Wietsche nei Barsingerhorn ta west om mei te dwaan oan in dressuer wedstriid. Dat wie net sa'n grut sukses, want doe't se ride moast, reinde it as de see en dan wol it net sa goed. En dan te betinken dat sa'n dressuerproef net sa lang duorret en dan ek noch reine... Mar it wie fierders wol in moaie dei, want se wienen der mei in hiele ploech hinne en dat hâldt de fleur der wol yn!
Op de webside fan de menklup in protte foto's fan al dizze moaie aktiviteiten.

Understeande foto is net Wilma yn aksje, mar in oare dielnimmer oan de klupkampioenskippen. De foto is wol troch Wilma makke.

'It reint âlde wiven mei hynste-eagen...'
'Hoe hurder it reint, hoe gauwer wer droech waar...'

Pleatst: 29-05-2007 / 21:52 oere - Reagearje? - Nei boppen


In protte Rûm Sop...

Us Rûm Soppers spuiden mar raar guod doe't se sneontejûn KlipKar sjoen hienen. Dat stelde neat foar! Yn in flits kaam ús Alvestêdeliet foarby en dan ek noch wat healwiis praat fan de presintator, dat guon sjongers woenen al mei in grutte groep nei Ljouwert om ferhaal te heljen.

Dat is der net fan kaam, want wy hienen it smoardrok. Sneontejûn moasten wy sjonge yn Heemstrastate yn Oentsjerk. De minsken fûnen it in prachtige jûn, mar wy hienen it mar swier, want it song dêr foar gjin meter. It lûd woe net fuort en de âld kielen wienen ferskriklik droech en rûch. Lokkich ha wy nei ôfrin noch even noflik sitten, dat wy wienen der wer hielendal klear foar, de folgjende deis... :-((

Op Pinkstersnein wienen wy troch Ane Norder, foarsitter fan Friese Elfsteden Rijwieltocht te Bolsward, útnoege om by de offisjele resepsje ús Alvestêdeliet te sjongen. Dat dêr stiene wy yn de Doele, tusken alle bobo's en oare trijedielige pakken. Mar wy waarden tige goed ûntfongen en wy hienen it dêr tige bêst. Boppedat ha wy ek noflik songen en de minsken goed fermakke. Doe't elkenien nei hûs wie en der in selekt selskip oerbleau, kamen de minsken pas goed los en it die bliken, dat se ek goed feestfiere koenen.

Op Pinkstermoandei gie om njoggen oere de tillefoan. Ik moast yn sân hasten nei de boppebuorren, want in kameraploech fan Omrop Fryslân stie klear om opnamen fan ús doarp en ús koar te meitsjen. Lokkich wie in grut diel fan ús koar ek moai op 'e tiid oanwêzich, dat wy kamen der moai op. De opnamen waarden fan 'e jûn útsjoerd yn in spesjaal programma oer de fytsalvêstedetocht. Wy waarden moai yn byld brocht en as jo de tiid fan KlipKar meitelle, dan is ús ferske hielendal útsjoerd. Dat de wraakaksje kin ôfblaasd wurde. Sa stienen wy mei ús koar dochs wer moai yn 'e 'picture', de oanbiedingen sille aanst wol binnenstrome. Op de webside fan Rûm Sop in hiele protte foto's fan al dizze optredens. Wy kinne rêstich sizze, dat wy net stil sitten ha it ôfrûne wykein...
Mei tank oan Anja foar de foto's!

'Wy kinne wol tagelyk sjonge, mar net tagelyk prate...'

Pleatst: 28-05-2007 / 20:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wat is jo KlipKar? (4)

Mei in perfekt gefoel foar timing... It skynt jûn safier te wêzen, ús fideoklip op Opmrop Fryslân. Dat der allegearre plat foar fansels. En stimme! (Dat kin fia de side fan de omrop...)

Pleatst: 26-05-2007 / 11:42 oere - Reagearje? - Nei boppen


Byprate mei Muoike Lutske...

De trouwe lêzer sil my wol mist ha. Mar ik ha it drok hân de lêste dagen. (No ja, drok.. ) Net in tel thús, altyd op sjou... Tiisdeitejûn fuort nei it wurk nei de slútjûn fan foljebalferiening SVT út Ternaard. By de Zilveren Maan yn de Westerein ha wy prachtich kanofearn mei nei ôfrin fan ús 'wiebele-wankel-tocht' in hearlike barbeque. Spitich dat ús trener ophâldt en dat in protsje manlju oerrine nei in oare feriening. Ik tink dat myn foljebalkarriêre nei in jier al wer bard is... De moaie foto's binne makke troch Jochem Wiersma, bekend fan Waldnet...


Woansdeitejûn moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede foar de ûndernimmersferiening fan Kollumersweach. Koartsein de O.V.K. Op útnoeging fan de O.V.K. wie ek boargemaster Bilker fan Kollumerlân mei syn frou oanwêzich. En lit frou boargemaster no krekt in âld buorfrou fan ús wêze! Dat wy hienen fuort kontakt en in praatsje. It wie wol moai dat se Harry foar Herman Douwe oanseach. Kinne jo neigean hoe lang sy elkoar net sjoen ha... Sy wienen fan plan om mar in oerke te bliuwen, want it wie de boargemaster syn ienichste frije jûn. Mar doe't se troch krigen dat wy optrede soenen, hat se har man oerhelle om te bliuwen. Nei ôfrin ha se ús noch tige bedankt foar de noflike jûn en de boargemaster hie der gjin spyt fan dat hy bleaun wie.

Yn it ferline ha ik noch toanielspile mei frou Bilker. Se spile doe Muoike Lutske yn it komyske stik 'Jo binne troud as net'. Fansels moasten wy it der even oer ha. Mar it sil no wol net mear Muoike Luts wêze, it is no mefrou foar en mefrou nei. Hoewol Magda hiel gewoan, hiel freonlik en hiel aardich is. Noch krekt as froeger...

Pleatst: 24-05-2007 / 22:57 oere - Reagearje? - Nei boppen


De Slachte

It wie prachtich waar, in moai tal dielnimmers en in skitterende omjouwing. En as de boeren dan ek noch krekt it gers meand ha, dan rûkt it ek noch hearlik!

'Nij gers is rij gers...'


Pleatst: 21-05-2007 / 23:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hiauwre? (2)

Witte jimme it noch? Dat ferhaaltsje oer de ansichtkaart? No ik ha buorman even frege, mar hy die der net iens sa ferheard oer. Yn 'e tiid doe't se de Spar winkel hienen yn Hantum, wie it hiel gewoan om ansichtkaarten út te jaan. It probleem wie faaks dat it in hiele toer wie om al dy kaarten kwyt te reitsjen. Aardich wie dat buorfrouw in laad iepenlûkte en my allegearre oare kaarten sjen liet, dy 't se ek útjûn hienen.
Dat wie my de foarige kear net iens opfallen, mar der stiet op 'e kaart: Hantumerhuizen. Dat betsjut dat der op dizze kaart twa printflaters stean!

Oan it tennis sil ik mar net in protte wurden smoarch meitsje. Juster binne wy wer mei 0-4 de boat yngien. Hoewol wy wol in aardige mikspartij spile ha. Us tsjinstanners wienen hiel aardich en sportyf, mar ja, dêr helje jo gjin punten mei... Boppedat soe ik ek wêze, as jo sa maklik de punten helje.

Justerjûn mei Klún & Knoffelhakke yn Waskemeer. In protsje minsken, mar wol in hiel goed optreden. De organisaasje wie wat slop en de seal wat grut leech en sfearleas. Mar wy ha wer in moaie jûn hân! En Herman Douwe betterskip tawinske!

Wilma docht hjoed mei hynder en wein mei oan 'e slachte. In rit foar menners lâns it bekende Slachteparkoers. Der komme moarn fêst moaie foto's op dizze side, want it fototastel is meigien yn 'e tas...

Pleatst: 20-05-2007 / 14:05 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ha jo dat ek?

No miende dat ik de ienichste wie, mar it docht bliken dat der folle mear binne dy 't ek mei dy kwaal te krijen ha. Nee, it giet net oer de prostaat as soksawat, it giet oer dat doelleas surfen op it ynternet.

Hiel faak moat ik wat opsykje as nim ik my foar om op in bepaalde side te sjen. Dryst gean ik achter de PC sitten, mar nei in pear klikken wit ik al net mear wat ik soe. Wat soe ik ek alwer opsykje? Wat foar side soe ik ek alwer lêze?

Ik ha wol ris dat ik it ynternet fuortklik en mysels ris goed tasprek. Faaks kom ik der dan wol wer achter, mar dan binne jo wer in kertier fierder.

Lokkich binne der mear dy't dat gefoel kinne, teminsten as ik it kompjûterblêd Computer Idee leauwe mei. Dat ik hoech noch net nei dokter. De dokter sjocht my oankommen, haha! Hy hat sels ek altyd fan dy kluchten. Hy seit altyd Herman tsjin my en asto him op 'e kompjûter wurkjen sjochst, dan soe in abonnemint op boppesteand blêd him ek wol goed dwaan. Mar dat sil wol net medysk genôch wêze. Hoewol... Kin hy straks moai, as hy mei pesjoen is, PCdokter wurde...

Pleatst: 17-05-2007 / 15:11 oere - Reagearje? - Nei boppen


Goed nijs!

Sjoch, dat is no in aardich inisjatyf! De goed nijs krante op ynternet. Jo wurde der soms sljocht fan, al dy negative berjochten yn de media. Dit is net goed, dat doocht wer net, ûndersyk hat útwezen dat... en gean sa mar troch. Mar mei dizze ynternetkrante is dêr no in ein oan kaam...

Op harren side omskriuwe de makkers it sa:
'Het vestigen van de aandacht op zaken en initiatieven die laten zien dat er ook veel goede positieve dingen gebeuren in de wereld. Wij delen de mening dat er van goednieuws een bewust makende, stimulerende en positieve werking uitgaat.'
En dat ha wy wol ris nedich, dochs?!

'Gjin nijs yn 'e krante, sei Douwe, it binne deselde letters fan altiten, se steane allinne mar wat oars...'

Pleatst: 17-05-2007 / 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Tennis

Dat tennis fan ús is ek in grut sukses... Wy sitte wat krap yn 'e manlju, dat elke wike moat ik mei in oarenien tennisje. Lokkich sleepe myn froulike tiimgenoaten noch wol ris wat punten binnen, mar de manlju litte it dit jier wat ôfwitte. Dat ik wit net, wy koenen wol ris leech eindigje dit jier.

Hawar, sneon kaam ik yn Drachten in kollega tenniser tsjin en dêr hienen wy ferline jier fan wûn yn 'e lêste wedstryd. Doe binne wy deryn bleaun en sy binne degradearre. Mar neffes him wei it yn dy legere klasse like moai en waard der ek noflik tennisse. Ik ha mar tsjin him sein: 'Oan't takom jier dan mar...' En yn ûndersteande stand binne wy Westdongeradeel.

Pleatst: 13-05-2007 / 12:49 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ha wy elk wykein wer wat moais by 't ein...

Freedtejûn moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn kafee it Mounehoekje yn Mûnein. Dêr komme jo net sa faak yn dy hoeke. Wol in moai plakje, smûk en moai grien. Wy moasten optrede foar de frijwilligers fan tsjerke.

Foar de koster, de âlderlingen, diakenen, foar de kommisjes, de jeugdlieders en gean sa mar troch. It waard in hiele noflike jûn yn in hiel bysûnder kafee. Want as jo dit kafee binnen stappe, dan is it krekt as jo yn 'e tiid werom gean. De gasten dy 't oan 'e stamtafel sieten kamen, sa like it, ek út de foarige ieuw.

In âlde hippy, mei hiel lang hier, in âlde rocker mei in fetkuif en in learen jack. En mear fan sokke gasten út tiden fan wolear... Mar de kroechbaas wie tige gastfrij en fertelde ús in hiel ferhaal oer de 'ups en downs' fan dit etablissemint. It siet no wat yn in dip, mar hy hie ek hiele fleurige tiden meimakke.

Us techneuten koenen har mar útlibje, want se koenen gebrûk meitsje fan de dêr oanwêzige ynstalaasje. Dat de ljochten fleagen op en oan, it knippere as wie it in echte disko en ús stimmen kamen fan alle kanten...

Pleatst: 13-05-2007 / 12:435 oere - Reagearje? - Nei boppen


De oare foto...

Beide in foto fan elkoar meitsje. No mar ôfwachtsje oft de foto fan Rhonda ek op dizze side ferskynt... De foto is makke tidens de presintaasje fan ús projekt 'Landen van de Wereld'.
In moai gebaar fan in doarpsgenoat op syn weblog Dyxlog. Foar de echte busleafhawwer!

Pleatst: 11-05-2007 / 00:29 oere - Reagearje? - Nei boppen


It nije krytsje (2)


Klik hjir foar mear ynformaasje oer it ACTIVboard...

Je wolle net wer oars! Ik seach der earst wat tsjin op, mar no it ACTIVboard ien kear hinget, is it fantastysk! Wat ha wy ús behelpe moatten de ôfrûne jierren. Op bygeande foto is master drok yn aksje. Yn in hoekje sjocht ús direkteur jaloersk ta...

Moarntejûn ha wy kursus yn it gebrûk fan dit skitterende boerd. Dan kinne wy noch mear foar it ljocht helje!

Ien neidiel: no sit ik noch wer langer achter de kompjûter. No foar de klas ek al... :-)Stiet Wilma stikem mei te lêzen as ik dit stikje typ. Seit se wat iroanysk: 'It djoere nije krytsje... in doaske krytsjes is goedkeaper!'

Pleatst: 08-05-2007 / 19:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


De reuny (3)

In lyts fotoalbum fan ús reuny fan de legere skoalle op 21 april 2007. Op bygeande foto master Bierman dy't ús, krekt as froeger, in moai ferhaal fertelt. Sjoch by bylden út it ferline foar mear foto's. Ik hie wat mear foto's ferwachte, mar mear ha ik net binnen krigen.

Pleatst: 06-05-2007 / 22:33 oere - Reagearje? - Nei boppen


Gesellich...

Op 5 maaie moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn Noardburgum. It waard in boppeslach mei in folle seal en gesellige minsken. Mar dat koe ek hast net oars, want se hienen goed reklame foar ús makke. Oeral yn it doarp posters en sels op de ruten fan it doarpshûs hienen se mei libbensgrutte letters ús komst oankundige.

Nei ôfrin fansels in neipetear op ús fêste adreske, noch even in hapke en dan mar wer op nei hûs. Spitich dat jo harkers, dy't spesjaal foar ús kaam wienen om te sjen oft in optreden fan ús wat foar harren feriening is, teloarstelle moatte om't se tinke dat wy yn 'e hjerst fan dit jier noch wol in plakje foar harren ha. Foar ús is it moai, mar foar organisaasjes wat minder, mar wy sitte dit jier al fol! Mar mei in kaart in it bûske fan harren besgroen binne se dochs optein wer nei Menaam ta flein...


Ut it gasteboek fan de Noardburgum-side...

Pleatst: 06-05-2007 / 18:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hiauwre?

By it yntypen fan Hantum by marktplaats.nl (dan kinne jo moai gewaar wurde hokfoar doarpsgenoaten allegearre wat te keap oanbiede op dizze side...) kaam ik bygeande kaart tsjin. Net om't in doarpsgenoat dizze te kaart te keap hie, mar om't Hantum as trefwurd yn 'e kop fan de advertinsje neamd waard.

Fansels moast ik de kaart keapje en foar in pear sinten kaam de kaart fanút
's Hertogenbosch rjochting Hantum. Wy wienen ek tige nijsgjirrich wat der op 'e achterkant stean soe.

De minsken kinne wy net, boppedat stiet der net in ôfstjoerder op, mar grappich is wol dat de namme P. de Jong "Spar" Levensm. bedr. Hantum op 'e kaart neamd wurdt. En lit dat no krekt ús buorman wêze. Dat op nei Piet en Willy, dan kinne sy ús miskien mear fertelle... Wy hâlde jimme op 'e hichte.

Twa dingen binne wol wat nuver: de Lytse Jouwer wurdt skreaun as Hiauwre en de aardige man út 's Hertogenbosch hat gewoan âlde postsegels op 'e envelop plakt en de boel kaam ek noch oer...

Oh ja, postsegels fan 15 sinten waarden sa rûn 1967 brûkt!


Pleatst: 04-05-2007 / 12:05 oere - Reagearje? - Nei boppen


Túnkje...

Dat is noflik! In pear dagen frij en prachtich waar! Dat betsjut wol dat je yn 'e tún oan 'e gong moatte en dat je net sa faak achter de kompjûter sitte. Fandêr dat der in pear dagen tuskenút misse...

Ik hie buorman al in pear kear frege oft hy wat oan syn konifear dwaan woe. Dy wie sa grut wurden, dat wy hast net mear oer ús paadsje koenen. Hjoed ha wy tegearre ris flink húshâlden yn 'e hagen en beamen. Buorman kaam mei syn trekker mei in wein derachter, dat dêr koe de tûkebrut moai op. Hy hat wol trije kear riden! Mar it liket kreas. Wy moatte suver wenne, want it siicht no ek mear om hûs.

De achterbuorfrou wie ek hiel tefreden: 'Ik ben blij dat u het gedaan heeft buurman...' (Buorfrou praat gjin Frysk) Mar ik tink dat Lijse de Lyster net sa tefreden is... Dy hipt mar achter yn 'e tún om:'Wêr is myn noflik beamke bleaun??




Pleatst: 02-05-2007 / 19:01 oere - Reagearje? - Nei boppen