Argyf:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

Argyf 2006:
Desimber 2006
Novimber 2006
Oktober 2006
September 2006
Augustus 2006
July 2006
Juny 2006
Maaie 2006
April 2006
Maart 2006

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's.
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
De Vesteynde
De Clown - Feestkleding


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Op stâl...

Fanwege de te ferwachtsjen ûnrêst tidens de jierwiksel, ha wy Jouke Pinda mar op stâl setten. Dêr stiet hy njonken syn fiere neef 'het stalen ros'. No mar hoopje dat der neat opbloeit tusken dy twa. Wat soene wy dan krije? Fytsen dy't foar ivich ljocht jouwe en fan kilometers ôfstân al te sjen binne? Soe wol handich wêze foar al dy skoallebern dy 't moarns nei Dokkum ta fytse moatte. En foaral ek handich foar al dy sjauffeurs dy 't dy bern temjitte komme as ynhelje moatte!

Pleatst: 31-12-2006 / 00:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


De grutte hobby!

Belangstellenden kinne mear ynformaasje fine en kaarten bestelle fia ús ynternetside www.klun-knoffelhakke.nl

Pleatst: 29-12-2006 / 21:25 oere - Reagearje? - Nei boppen


Big Brother (3)

Dan krije jo samar e-mailtsjes de warskôging dat de auto keurd wurde moat. Sa mar fansels! Hoe fier giet soks? Mar dêr ha ik it yn septimber ek al ris oer hân. Skynt no mei yngong fan 1 jannewaris ek sa te wêzen, dat jo automatysk de boete tastjoerd krije, as jo net binnen in bepaalde tiid de auto foar de APK hân ha. Foar jimme gemoedsrêst, de ôfspraak foar de keuring is al makke mei de garaazje!

Pleatst: 29-12-2006 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen


Lang út...

Wat wy ek hiel graach dwaan meie yn ús fakânsjes is films sjen. Sa troch de wike komme wy der hast noait oan ta en sjoch TV. Boppedat steure wy ús hiel bot oan al dy reklames. Dêr ha jo mei in DVD fan Videoland gjin lêst fan. Wy ha der al 4 sjoen en der lizzen noch in pear klear. Dochs noflik, in pear dagen frij! As wy de films sjoen ha, dan sjogge wy altyd even op Moviemeter om te lêzen wat in oar der fan fûn. Wy binne it net altyd meielkoar iens...

Pleatst: 29-12-2006 / 21:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Boartsje mei in doaze...

Doe 't de foarstelling dien wie sei ik tsjin Wilma: 'Ik meitsje my nea wer drok oer in dekor...' Wat in prachtige fynsten, mei ienfâldich materiaal! De famyljefoarstelling Liuwehert fan Tryater siet der fol mei. En dat allegearre makke fan 'gewoan' karton.

Neffes de side fan Tryater is 'Liuwehert in spannend sprookjesaventoer oer goed en kwea, trou en ferrie, kampfjurren en oerweldigjende draken. In betsjoenende foarstelling fol faasje en achterfolgingen op hynders.'

En foaral ek dat lêste sprekt ús tige oan, op hynders... Der wie in hiele protte fantasy yn dy ferbylding stoppe. Hynders makke fan kleden, meunsters fan autobannen en dowen makke fan wite moffen oan in angel. Jo kamen eagen tekoart. De fynsten waarden hast wichtiger as it ferhaal. Mar it wie prachtich, wy ha genoaten!

Pleatst: 28-12-2006 / 01:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


2e Krystdei...

By Wilma har âlden wurdt elk jier in moaie kryststâl opsetten. In moai famyljebesit en nimmen wit eins hoe âld it is. Docht der ek net ta, mar it jout wol in spesjale krystsfear as jo mei de hiele famylje oan tafel sitte te iten.

Famylje kin fia de koade in lytse fotoympresje fan dizze dei besjen. En mei ûndersteande foto slute wy de krystdagen ôf en meitsje wy ús op foar 2007!

Pleatst: 27-12-2006 / 01:11 oere - Reagearje? - Nei boppen


Spiritu(s)eel...

Op de achtergrûn de lege glêzen en de stokbôle dy't net op is. De spiritusflam is oan it bekommen en de boel moat noch oan kant.
Mar it wie hearlik!

Pleatst: 25-12-2006 / 22:30 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kryststress

Dat wurd hearde ik juster: Kryststress. Fan alle drokte foarôfgeand oan kryst krije jo stress en it gefolch dêrfan is, dat jo op beide krystdagen hielendal foar pampus lizze...

Kin ik my wol wat by foarstelle... Dêr hiene wy ek wat lêst fan. De hiele wike ha wy in krystsfearen trochbrocht. Kearskes oan yn 'e klasse, ferhalen, ferskes, krystbôle by de kofje. En dan op woansdeitejûn ek noch in (moai) krystfeest mei de bern en mei de âlders. As it dan hast krystfakânsje is, moatte jo op freedtemiddei de krystbeam út 'e klas wer oprûmje en alles oan kant dwaan.

By thúskomst stiet jo eigen krystbeam noch bûten. Troch alle drokte net iens oan tiid hân om jo eigen krystdagen ta te rieden. Ik sei tsjin Wilma, dat ik eins gjin sin hie, om de krystbeam noch yn 'e hûs te setten. Op it wurk oprûmje en thús wer optuge, dat jout in apart gefoel...

Mar de krystbeam wie in kado fan hiele goeie freonen. Stel dat se lâns kamen en gjin krystbeam yn 'e hûs seagen, dat kinne wy net meitsje!

Wy ha in tuskenoplossing betocht. Dochs de krystbeam nei binnen, it wie in hiel moai eksimplaar, mar in alternative fersiering. Gjin geheister mei de doaze mei krystspullen fan solder. En dan nei in pear dagen de doaze wer ynpakke en wer nei boppen tôgje. Nee, wy ha it oars oanpakt... De fersiering fan skoalle hie 'k meinaam. Dêr ha 'k gatsjes yn prikt, in moai toutsje dertroch en hup yn 'e krystbeam hingje. Gjin ljochtsjes, mar wol wer sûkelaatsjes ek oan in moai lintsje. Dat dogge wy elk jier en dan meie wy se se sa opite as wy ien fine. Se sille dit jier wol lang hingjen bliuwe, want wy dogge kalm oan mei it snobjen.

It liket ek noch wol moai, wy ha fan't jier in aparte beam, wy kinne de beam sa opjaan foar de moaiste krystbeam...

Pleatst: 24-12-2006 / 16:18 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kryststjêr...

Doe't wy fan 'e middei nei 't boadskipjen nei hûs rieden sei Wilma: 'Ik ha de kryststjêr foar ús mem boppe setten, hy moat net te kâld wurde, want oars falle de blêden derôf...' Wy ha faaks nuvere petearen yn 'e auto...

Mar dat die my tinken oan in prachtich krystferhaal, dat ik ris skreaun ha nei oanlieding fan in ferhaal dat wier bard is...
As dit de krystgedachte net ferwurdet, dan wit ik it ek net mear. Lês hjir:
Het raadsel van de Kerstster. Yn dit ferhaal binne wy de famylje Priegel...

Pleatst: 23-12-2006 / 18:20 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Op weg naar de Stal' (2)

Myn kollega reagearre entûsjast:

Hoi Hendrik... Yes, weer op de voorpagina! En dit jaar zelfs in twee kranten. Trouwens, Wilma gefeliciteerd. Samen honderd. Hebben jullie de schommelstoel al klaar staan? Fijne vakantie!
Groetjes, Margriet

Skynt dat der ek in foto fan ús Krystfeest op it foarblêd fan it Frysk Deiblêd stie. Op de side fan ús skoalle kinne jimme in fotoferslach fan dit bysûndere krystfeest besjen.

Pleatst: 22-12-2006 / 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Op weg naar de Stal'

Ha jimme de foto sjoen yn 'e Ljouwerter? (Side 21) In moai Krystfeest ha wy justerjûn fierd op skoalle. De jongste bern en harren âlders moasten op wei nei de stâl. Underweis kamen de kuierders allegearre taferieltsjes út it krystferhaal tsjin. Dizze taferieltsjes waarden útbyld troch de bern fan groep 5 oant en mei 8. Alle kollega's hienen de lieding oer ien as twa fan sokke taferieltsje. Mei ús ploechje 'rûge hoeders' moasten wy de wacht hâlde yn it fjild by Bartelehiem...

Pleatst: 21-12-2006 / 20:03 oere - Reagearje? - Nei boppen


Mikse...

Fan 'e jûn hiene wy fan follybalferiening Ternaard in krystmikstoernooi. (Gewoan oeral kryst foar sette...) Wy moasten al om kertier foar sânen begjinne en dat wie my betiid genôch. Dus hurd ite en op nei Ternaard dêr't sa'n 40 leden klear sieten om tsjin elkoar te follyballen

Aardich dat der ek in protte Hantumer froulju lid binne fan Ternaard. Neffes harren koe it baljen op moandeitejûn net iens trochgean as de Hantumers der net wienen. Wy wienen ferdield yn 5 ploegen en spilen in heale kompetysje tsjin elkoar. Elke wedstriid duorre 10 minuten. De twa heechsten mochten noch in ekstra set spylje foar de toernooiwinst.

Us team stie yn de finale en dy wûnen wy ek noch. Moai dat jo dan mei in lyts pryske thúskomme. Rûkersguod foar ûnder de dûs. Komt moai fan pas, want dat guod is by ús altyd op!

Pleatst: 19-12-2006 / 23:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


As is it Apenút?

Krystkaarten, krystbeam, krystbôle, krystpakket, krystkado, krystballen, krystfeest, kryststâl en sa kinne wy noch wol even trochgean. Hjoed ha ik mei de bern in 'Kerst(woord)pakket' makke en hast alle wurden begûnen mei kryst... fansels is dat allegearre goed en steane se ek op it boerd, mar sjoen de eftergrûn fan 'ús kryst' wolle jo ek graach dat de bern wat oare wurden neame. Lokkich waarden Jozef en Maria ek neamd en de 'herders' kamen ek noch om 'e hoeke.

En om't wy ús krystfersiering, moast in hynder wêze, oars woe Wilma net yn 'e tún ha, perfoast gjin krysthynder neame wolle, hjit hy sûnt ferline jier gewoan Jouke Pinda...

Pleatst: 18-12-2006 / 20:30 oere - Reagearje? - Nei boppen


Knippe en plakke...

Jo wurde hast krystkaart mei...


Pleatst: 17-12-2006 / 15:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Rektifikaasje...

Euheuh, de foto fan de taart dy by Sara stiet is fansels NET de taart die Pako en Beppo meinaam hawwe! Wy as Ternaarders fine dat dat noch even meld wurde moat he! ;-) Dus én een taart fan beppo én een taart fan Herman/Elbrich.. enneh.. wy komme jûn noch even in stikje heljen!
Groetsjes Herman en Elbrich

En dat klopt hielendal, it taartsje mei dat moaie opskrift hat Wilma net fan har âlden krigen. Moai dat it log sa goed lêzen wurdt...

Pleatst: 16-12-2006 / 20:44 oere - Reagearje? - Nei boppen


Sara...

Mei syn twaen 100. Witte jimme it noch? Hjoed is Wilma oan 'e beurt. Dat it koe fansels net misse, Sara yn 'e tún. Aardich wie ek dat ûnferwachts Wilma har âlden foar de doar stienen. En omdat wy it feestje al hân hiene, hiene wy hjir net op rekkene. Sei ik ek noch tsjin Wima dat it Jehovah's wienen. Neat yn 'e hûs fansels, mar lokkich hie skoanmem sels it gebak meinaam. Sa waard it dochs noch gesellich...

Pleatst: 16-12-2006 / 14:57 oere - Reagearje? - Nei boppen


Foar de kofje net e-maile...

Hendrik,
Moat wy de tradysje ek yn eare hâlde en sneon in krystbeam optuge yn it doarpshûs....?
groetnis,
Bestjoerslid

Ik kin freed oerdei wol!
Oer as 10?
Mochsto net kinne, dan doch it wol even allinne. Oars as moarn ha ik it net oan tiid en it moat foar snein klear... (krystfeest yn it doarpshûs...)
Groetnis,
Hendrik

Hendrik,
Rekkenje moarn ûngefear 10 oere mar op my. Ik moat earst tsjerkehimmelje, mar ik hoopje dat wy dy dan skjin ha. Hast dan de kofje brún?
Oant moarn.
Bestjoerslid

Skeat ik fan 'e moarn út 'e sliep wei oerein, seach ik dat it al healwei âlven wie! En wy hiene 10 oere ôfpraat! Hurd yn 'e klean, net dûse gjin kaam troch it protsje hier en fluch op 'e fyts nei it doarpshûs. Dan moatte jo by de terp op, dat ik wie yn 'e haast ek al hast achter de pûst. Kom ik wol in oar bestjoerslid tsjin. Dy sil wol tocht ha, wat sjocht dy wyld út 'e eagen... Wol in heal oere te let yn it doarpshûs. Gjin bestjoerslid dêr't ik mei ôfpraat hie, mear te sjen fansels. Moast ik foar straf allinne de krystbeam optuge.

Tusken de middei ha 'k har mar even belle en ekskuus oanbean. 'Moai dat jo sa lekker sliepe kinne,' wie har spontane reaksje. Wat sy net wist, dat it de jûns derfoar wat let wurden wie en doe hie ik de wekker mar net setten...

Yn elts gefal sille wy it takom jier wer besykje. Want ja, kryst is it mar ien kear yn 't jier!

Pleatst: 15-12-2006 / 21:30 oere - Reagearje? - Nei boppen


Offalle...

'Elkenien rint hjoed oan de dei mar achter Sonja Bakker oan,' rôp de fysioterapeut fan 'e middei ûnder it wyklikse sportoerke. 'Froeger hiene wy ek Montignac, en hat immen dêr ea noch wat fan heard?' Mei oare wurden, dit waait ek wol wer oer, it binne fan dy opstigings. 'Jimme moatte gewoan minder ite. Punt út. En net mear snobje, dat helpt...' Elkenien dy 't oan it trenen wie knikte wakker mei de holle, de 'preek' fan de trener wie goed oerkaam.

Ek my reinde dit as lei wetter yn 'e earen. De terapeut hie gelyk. Gewoan minder ite, dat helpt yndie. 'En fiskoalje!' rôp ik ynienen troch de seal. 'Fiskoalje is ek o sa goed!' De trener seach my wakker oan en skodholle ferheard. 'Hendrik jonge, ik kom sa by dy, wy moatte de gewichten mar wat swierder sette, want it praat wurdt no wat nuver...'

Pleatst: 13-12-2006 / 23:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


Yn 'e oalje... (2)

Ik sjoch de flesse mei levertraan noch op 'e planke yn 'e kelder stean. It is krekt sa as dit lûd, even werom yn 'e tiid. Earme Hidde en wy... Hjoed oan 'e dei hingje de berntsjes fuort oan 'e bernetillefoan.

Pleatst: 12-12-2006 / 22:35 oere - Reagearje? - Nei boppen


Yn 'e oalje...


Elkenien hjir yn 'e hûs hat de gek dermei... Mar wachtsje mar ôf, aanst stapt hjir in aktive jongkeardel troch it hûs. En sa sûn as in fisk!

Wêr giet dit oer? Earne ha ik lêzen dat fiskoalje goed foar in minske is. En omdat ik no rjochting 'Herfstasters' gean, like it my wol in goed idee om elke dei in kapsule mei fiskoalje te nimmen. It is goed foar it hert, foar it ferstân, foar de hûd en foar de âld bonken. Myn âlders hiene it by it rjochte ein doe't ik froeger mei ôfgriis in leppel fol 'levertraan' nei binnen klokke moast.

Mar fansels is hjir elkenien slop om myn sûnens-hype, mar wachtsje mar ôf! Ik bin hjir aanst net mear de ienichste dy 't de lytse kapsules elke moarn ynnimt. As se dit filmke sjoen ha, steane se aanst yn 'e rige. En dan freegje ik 50 eurosint de kapsule. Sjochst wol dat it goed is foar it ferstân?! It begjin al te wurkjen...

Pleatst: 12-12-2006 / 20:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ompiele...

Der nimt in kollega ôfskie fan ús skoalle. Takomme wike is it safier. No hie ien fan de oare kollega's in aardich idee. (Ik kin net sizze wat, want it soe ris lêzen wurde kinne troch kollega A...) It moast fia ynternet oanlevere wurde. 'Dat doch ik even,' sei in moedich. No dat ha ik witten! It wie in hiel gepiel en gepruts. Mar it resultaat wurdt fêst prachtich!

Ik wer mei myn ynternetferslaving. Kin my better de mûle hâlde ûnder de kofje...

Pleatst: 11-12-2006 / 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


Krystbeam

As jo fia it reade linkje reagearje in reaksje jouwe op in berjocht op dizze side, krij ik thús in e-mail dy 't der as ûndersteand berjocht útsjocht. Fansels ha ik hjir sels in foto bypleatst en ha ik de krystbeam ek fêst 'digitaal' optúgd mei ljochtsjes...

It skynt yndie sa te wêzen dat it hûs njonken ús ferkocht is en dat wy nije buorlju krije. No binne der ek al geroften oer de namme fan dizze buorlju, mar dat sil noch mar net iepenbier meitsje. Jo witte hoe it giet yn sa'n lyts doarp...

Pleatst: 10-12-2006 / 16:35 oere - Reagearje? - Nei boppen


Famylje...

Dit berjocht is allinne foar ús famylje... Wy ha it der al in pear kear oer hân, mar der binne ferline wike by ús Sinterklaas fiering moaie foto's makke troch Wietsche. Fia it menu mei de koade hjir njonken, kinne jimme dizze foto's besjen. Tige tank Wietsche!

Pleatst: 09-12-2006 / 12:30 oere - Reagearje? - Nei boppen


Dobbemannen...

Eins is der de ôfrûne dagen net safolle bard. Wol drok, mar gjin nuvere saken. As it moat wêze dat ik in útnoeging krige fan de Universiteit Twente. Ik mocht meidwaan oan it 'Onderzoek naar de beleving van het overstromingsrisico in Friesland'. Dat koe fia harren webside waterenquete.nl. Ha 'k even ynfold. Wie wol aardich om te dwaan.

En dan docht bliken, dat jo der eins nea oer neitinke as hjir de diken trochbrekke en it hjir ûnder wetter komt te stean. Ik tocht dat wy dan nei it kafee ta gongen. Dat leit moai heech en dan kinne wy ek noch in slokje nimme. Us foarâlden wienen net sa ûnnoazel, in ferheging yn it lânskip meitsje om harren te beskermjen tsjin it hege wetter. Mar ja, dy fraach stie der net by. Liket my wol gesellich. De Hantumers steane as in keppel hynders byelkoar yn it kafee. En dan komme der nei in pear dagen in ploechje moaie froulju op hynders oan om ús út ús beneare posysje wei te heljen...

Pleatst: 09-12-2006 / 00:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Topfotograaf...

Der wiene al 'klachten' dat der neat oer ús Sinterklaasfiering fan ôfrûne snein op de webside stie. No is dat in hiel ferhaal, mar it hinget ek noch fan in foto ôf. Dy sil noch wol komme. Mar om it goed te meitsjen en de 'klagers' wat temjitte te kommen, hjirby foto's fan ús pakjesjûn fan juster. Wy ha elk ien pakje krigen en dan wat sûkelademolke derby en wy hiene wer in 'hearlik' jûntsje.

Moat wol sei wurde dat de foto's ek wer op it juste momint makke binne. Der wiene gjin bettere, dit binne noch de knapsten. Spitich dat ik gjin fototastel fan de âlde Sint krigen ha...

Pleatst: 06-12-2006 / 18:19 oere - Reagearje? - Nei boppen


5 Desimber

En dat moat fierd wurde fansels. Fan 'e moarn betiid kaam Sinterklaas oan by ús op skoalle. Yn in echte boat! Om't de stêf stikken wie, doarde hy earst net te kommen. (Hy hie mar in selsmakke stêf meinaam, dy wie makke fan in âlde ferwarmingsbuis...) Mar lokkich pakte it goed út, want yn 'e klasse krige Sinterklaas op syn jierdei fan 'e bern in nije stêf!

Yn ús groepen mochten de bern sels foar Sinterklaas boartsje en elkoar pakjes, gedichten en surprises jaan. Moai dat Laura - ik bedoel Sinterklaas... - sels it gedichtsje foar my makke hat. En in apel? Dat hie 'k op myn listke setten. Sûne folk, witte jimme noch wol...?!
Op de side fan ús skoalle in hiele protte foto's fan dizze moaie dei.


Pleatst: 05-12-2006 / 21:03 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hat even duorre...

Fan 't wykein kaam in kollega der achter dat ik al hast in jier in 'weblog' byhâld. Har reaksje wie ek 'ferrassend'!

Hoi Hendrik...
Tjong, ik zit met veel verbazing je persoonlijke site te lezen. (Hoe lang werk je nu bij 'ons'?) En ja... nu pas ontdekt. Leuk hoor om alles te lezen. Je moet toch meer over je zelf vertellen hoor. Ik lees allemaal nieuwe dingen! Het kan natuurlijk ook zijn dat ik dan net aan het fruit eten ben met de kinderen? Jammer dat ik niet in het Fries kan antwoorden...
En nu ga ik gauw stoppen. Dichten en grapjes bedenken. Waarom moet dat elk jaar toch altijd op het laatste moment? Morgen sil it heve(?)(HELP)
Groetjes!

Bin benijd hoelang it duorret oan't se op dit berjocht reagearret... Mar dy opmerking oer dat lêste momint werken ik. Snein hiene wy Sinterklaas mei de famylje en by ús wie 't sneontejûn ek in ynpak- en dichtdrokte fan komsa!

Ek wol in aardige fraach foar jimme lêzers. Hoelang bin ik no yn Tytsjerk? Takom jier is it presys...? Understeande bern namen doe op 'e fjouwerHoeke ôfskie fan my. (Ek fan groep 8 yn dat jier, trouwens.)
En boppesteande kollega mei net antwurdzje, want dy ha'k ôfrûne sneon krekt it antwurd maild.

Pleatst: 04-12-2006 / 19:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Konkurrinsje...

Elk jier wer itselde... Sa rûn de sinterklazetiid steane der ûnferwachts pytsjes foar de doar. En sadra 't jo de foardoar iepen dogge, fleane de pipernuten jo temjitte. Sa ek justerjûn. Noch mar krekt wiene de earste piten mei elk in euro yn 'e hân, de doar útwurke, as dêr stie de twadde delegaasje al.

Doe't ik sei dat oare pyten hjir suver krekt oan 'e doar wienen, seinen dizze piten: 'Ja, dat witte wy en se seinen dat wy hjir net komme mochten...' Moai dat dizze pytsjes harren neat fan dizze konkurrinsjestriid oanlutsen en gewoan trochstapten...

Aardich is dat jo in moai petearke mei dizze jonge piten oanknoopje kinne. En dan binne se o sa praatsk en ferjitte hielendal harren rol... Sa sei ik, hiel ferheard, dat ik ien miste. En ik seach de piten wakker oan. Doe sei de jongste fan it stel: 'Myn suske?' Nee, fansels net Pyt! Ik mis Sinterklaas! Mar ek dêr hiene se in antwurd op, want dy wie achterbleaun yn Spanje!

Yn elts gefal wiene ek dizze pytsje hiel bliid mei harren euro en stapten flink it tsjuster wer yn, op wei nei de folgjende ûndogenske doarpsgenoaten. En ik mar mei de stofsûger oan 'e gong, want dy piten struie wol, mar sjogge by it fuortgean net mear wêr't se struid ha...

Pleatst: 02-12-2006 / 14:28 oere - Reagearje? - Nei boppen