It Fryske Gea…
Ik ha der yn it ferline ris in ferhaal oer skreaun. Lês hjir mar ris: Maitiid
Yn dy sfear ha ik yn ‘e foartún sa’n 9 m2 net meand. It leit der prachtich hinne! Ferskate planten litte har yn folle gloarje sjen. It Oranje Haukkrûd, de Hûnetonge, de Krûpende Bûterblom, it Koweblomke, it Bijekuorke en de Tongerblom om mar in pear te neamen. In prachtich gesicht! (Alteast dat fyn ik…) Buorman fierderop, dy’t bijen hâldt, sil wol bliid wêze mei sa’n ekologyske doarpsgenoat.
En dan ha wy it net allinne oer de bijen, it tilt ek op fan de flinters!
Eins soene mear minsken soks dwaan moatte. In lyts hoekje tún gewoan gewurde litte!
Pleatst: 11-06-2025 -21:05 oere - Reagearje? - Nei boppen
Dautrêdzje…(2)
Tsja, soksoarte tinzen ha ik dan…
Pleatst: 05-06-2025 -14:33 oere - Reagearje? - Nei boppen
Dautrêdzje…
Dautraapje is yn Nederlân de term foar de gewoante om yn de maitiid, op Himelfeartsdei, 1 maaie, of de earste snein yn maaie betiid fan bêd te gean en dêrnei, gewoanwei yn groepsferbân, in kuier of fytstocht troch it bûtengebiet te meitsjen.
Yn earder tiden rûnen se dan in stikje troch de bedauwe fjilden. Dizze tradysje giet mooglik werom oant de Germaanske tiid en hat gjin ferbân mei it kristendom. It dautraapjen soe oarspronklik bedoeld wêze om de weroplibbing fan de natuer te fieren en de dauwe op it gers soe in suverjende wurking hawwe…
(út: Wikipeadia)
Op Himelfeartsdei waarden wy troch tsjerke útnûge om mei te dwaan oan it dautrêdzjen. Moarns om 06:30 oere wie de start yn tsjerke. Nei de kuier stie der in moarnsmiel foar ús klear.
No bin ik ier en betiid net op myn bêst, mar hawar, meidwaan! It like my wol moai ta. Moarns betiid troch de omjouwing kuierje. Dat om likernôch healwei sânen siet ik yn tsjerke klear. Lokkich wiene der mear doarpsgenoaten dy’t dit wol oandoarsten. It wie in moai groepke sa…
Wy setten útein mei in meditatyf momint. Om’t der gjin lûdsfersterking wie, hie’k der muoite mei om alles te folgjen. Boppedat miste ik de ûndertiteling. Om’t de sinne krekt troch it rút achter de foargonger kipe, foel syn gesicht hielendal wei yn in felle ljocht.
Ek it folgjen fan de ferskes wie dreech foar dizze betide en dôve pake. Foar dy pear ferskes en de ûngebrûklike tiid wie fansels gjin oargelist te finen, dat de foargonger besocht dit gemis goed te meitsjen mei in bluetooth lûdsboks dy’t keppele wie oan syn telefoan. It wie suver wat in disko-eftich barren, want yn ‘e boks sieten allegearre ledljochtsjes dy’t op de maat fan de muzyk oan en út flikkeren. De geest van hierboven, sille wy mar sizze…
Doe wie it de tiid om te trêdzjen. Wy begûnen mei stilte. Yn stilte kuierje oan’t in folgjende halte. Koene wy moai ús gedachten gean litte oer it leauwen en de eftergrûn fan Himelfeart. Dy gedachten koene wy dan nei de folgjende halte mei-inoar útwikselje…
Ik hearde de fuotstappen fan de dielnimmers, it slytskjen fan de kuierbroeken en it flústerjen fan de jassen. Yn de fierte in fûgel en it motorlûd fan in betide reizger. Ek seach ik de ferskate planten yn de berm en besocht ik om noch net ûntdekte blommen te spotten.
Dat blomkesykjen is sa stadichoan in ôfwiking. Ik ha der al hiel wat fûn. It finen fan noch net ûntdekte planten soe eins hast net kinne, mar jo witte mar nea… Gjin gedachten oer it leauwen. Dêr stie my de holle net nei… Ach, wa soe soks kontrolearje? Boppedat: genietsje fan al dat moaie dat jo oantreffe yn ‘e bermen is dochs ek in soarte fan leauwen? Fiere dat de natuer wer oplibbet… Dochs?
It waaide amper op dizze iere tongersdei…
Dat wie moai meinaam! Want sa koene wy yn it twadde part fan de kuier moai en sûnder rûzjende wyn rêstich meielkoar prate. Dat is foar in drager fan hearapparaten in genot!
Noflike petearen mei doarpsgenoaten dêr’t jo oars eins nea mei prate. Net omdat wy dat net wolle, mar omdat wy inoar hast nea treffe. Dan is sa’n kuierke in útsprutsen gelegenheid ta petear. Noflik om te praten oer de tsjerkegong yn ús bernetiid. Wy waarden gewoan meisleept nei tsjerke. Soks hearde der by, wy wisten net better. En wilens hjoed oan de dei tafels foar de bern yn tsjerke klear stean mei papier, kleurkes en stiften, moasten wy doetiids stil sitte en moasten wy ússels fermeitsje. Foegen fan it skjinne mitselwurk folgje oan’t wy by dominy op de preekstoel útkamen. As yn myn tinzen lytse toanielstikjes opfiere mei de skuon as twa lytse mantsjes mei harren grutte lussen-fan-de-fiters eagen.
Moai wie it petear mei in doarpsgenoat dy’t krekt yn ús omjouwing kaam wie te wenjen. Moai om te hearren dat sy gjin spyt hiene fan de ferhuzing fan noardeast Oerisel nei noardeast Fryslân. En kamen wy der nei in healoere heech Hollânsk achter dat we ek gewoan Frysk meielkoar prate koene.
It moarnsmiel yn it doarpshûs wie op en top fersoarge. Leafst trije ferskate drinkbekers stiene foar ús klear. In glês, in mok en in kartonnen bekertsje. Wy koene mar útsykje. It kartonnen bekertsje wie foar de molke as de sûpe. Want yn in glês joech dat oanslach nei de waskbeurt yn de ôfwaskmasine…
Ek ûnder it brochje moaie petearen.
Wy sluten ôf mei it ferske Zegen ons algoede. In kreaker, dy’t ik eins wol mearstimmich sjonge koe. Mar dêr ha ik my mar net oan weage. Dat slagget spitigernôch net mear. Boppedat woe ik sa ek tefoaren komme dat myn buorfrou my freegje soe foar har koar. Want dêr fertelde sy ûnder de kofje hiel entûsjast oer.
In moai begjin fan dizze Himelfeartsdei, sa skreau ik yn de groepsapp fan tsjerke. Us foargonger hie my frege om dy pear foto’s dy’t ik makke hie, yn de app te dielen. Nettsjinsteande dat wy net op bleate fuotten troch de dauwe toffelden, dochs in suver suverjend en ynspirearjend begjin fan dizze lêste tongersdei yn maaie…
Pleatst: 04-06-2025 -23:08 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2025