www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Fuotprinten yn 'e snie...

Zal Miep dan maar naar opa en oma lopen, door de weilanden? Die domme Miep! Ze verdwaalt in de sneeuw. Wie zal haar vinden...

Oan soks moat ik dan altiten wer tinke as ik dy lytse fuortprintsjes yn de snie, achter op ús bank stean sjoch. Wa hat dat dien? Hokfoar lytse Miep is by ús achterhûs west?

No, dêr hoegden wy net lang oer nei te tinken. Der is hjir mar ien dy't by har kuierke steefêst by kake en beppe oan wol om koeke en der is ek mar ien dy't Jitse de knyn altiten in blêdsje fan de hage jaan wol. (Op it paadsje leinen in pear fan sokke blêdsjes...)

Mar gjin noed hjer bêste lêzers... De lytse faam giet echt net allinne op 'n paad. Se docht echt net sa as de Miep út it boekje fan W.G. van de Hulst. Nee, oare beppe is mei en makket har wiis yn de grutte wrâld fan Hantum...

Gelukkig maar, alles komt weer goed! En haar laarsjes knirspten in de sneeuw... Die kleine Miep, oh zo blij...

Pleatst: 27-01-2013 / 20:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wite snie...

Pleatst: 22-01-2013/ 22:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Prachtich...


Klik hjir foar in fergrutting...

Pleatst: 21-01-2013 / 21:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nostalgy...

Oprûmje... en dan komme jo dizze tsjin. Dat moat fansels bewarre wurde en mei nei Hantum. En alle stikjes binne der noch...

Pleatst: 16-01-2013 / 12:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kontrakt...

Dat wie even in noflike sit mei de foarsitter, de sekretaris en de ponghâlder fan Stichting 754. Besteklik praat en elkoar fertelle wat ús dwaande hâldt.

Wy ha it noch wol even oer de twa stikjes hân dy't yn 'e Streekkrante stienen en dy't ús beide yn it ferkearde kielsgat skeaten. Neffens de bestjoersleden fan de Stichting, wienen troch de krante harren wurden ferkeard útlein en koenen se nea soks sein ha.

Wy ha it mar sa litten en der komt gjin aksje mear achterwei. Klear.

Wy seagen wol ferheard op doe't wy sneontejûn in grutte oranje betonmole yn ús klaaikeamer oantroffen. Ach'sa'n ding moat dochs plak ha, netwier?

Unopsetlik moasten wy tinke oan kontrakten dy't de artysten meastentiids nei orginisaasjes stjoere. Hoe bekender de artyst, wat faker ûnnoazele betingsten yn sa'n kontrakt. Fansels, dy betonmole hienen wy yn ús kontrakt stean! Dat al gau fleagen de Twitterberjochten en de Facebookferhalen oer de wrâld.

Mar it falt wol wat ta, hear. Sokke eigenaardige betingsten ha wy no ek wer net. Allinne in hapke waarm iten foar ús allen, wat skroefheakjes yn it plafond, in leech en oprûme poadium en noch wat fan sokke gebrûklike saken.

En dat wie tige, mar dan ek tige ynoarder yn Tsjerkgaast. It wie suver in twagongendiner, mei neigesetsje en al. En it plafond? Dêr koenen wy fanwege de hichte net by. Mar wy ha al safolle meimakke, dat binnen in pear tellen hong ek yn dit smûke doarpshûs ús dekor klear foar in prachtige foarstelling!

Pleatst: 13-01-2013 / 20:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

De karaktermoard fan Bonifatius...? (3)

Wat in grut stik yn de Streekkrante. Moai! Tsjinlûd jaan!

Jûn hie 'k de foarsitter fan de Stichting 754 (fan Bonitaftius de Musical) al oan 'e telefoan. Wy woenen der beide gjin grutte saak fan meitsje, dat kommende tongersdei sille wy om 'e tafel om it ien en oar oan elkoar út te lizzen. Mei oare wurden: it hat de tongen losmakke...

En dat wie ek de bedoeling!

Gjin swierrichheid, sei de bakker, en hy makke it brea te licht...

Pleatst: 08-01-2013 / 23:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kake Piraat...

Yn de Krystfakânsje hielendal nei Purmerein. (Falt ta hjer...) Om de grutte favoryt fan de âldste pakesizzer te moetsjen. In prachtige sjo, poer geskikt foar bern, sjonge om it leven en hy (en pake) ha(t) de dei fan syn (harren) libben hân. Nei ôfrin mei Pyt op 'e foto en syn dei koe hielendal net mear stikken.

En pake fûn it ek prachtig. (Noch krekt net mei Pyt op 'e foto...) mar de ferskes koe pake lûdop meisjonge!

Piet Piraat, Piet Piraat, schip ahoy, hoy, hoy
Dat is jou kameraad schip ahoy, hoy, hoy
Met zijn schip de scheve schuit, vaart hij alle dagen uit
Piet Piraat, Piet Piraat, Piet Piraat

Pleatst: 07-01-2013 / 23:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

In boskje suvel...

Dat is nochris aardich. Yn stee fan in boskje blommen in prachtige suvelkoer. Mar ja, dat kin ek hast net oars as jo foar in boere-organisaasje optrede...

Pleatst: 06-01-2012 / 16:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

De karaktermoard fan Bonifatius...? (2)

It foarige blog levere ek noch wol in tal aardige reaksjes op. Ek de Streekkrante krige der lucht fan en sy binne sa sportyf om it ferhaal takom wike yn de Streekkrante op te nimmen...

Ik heb het bericht in de Streekkrant ook even gelezen en de uitspraak die daar gedaan wordt. Daar heb ik zo mijn gedachten over...

Ik stjin 100% efter it blog...

Ik heb het stuk over ons artikel in de Streekkrant Fryslân gelezen, met hulp van een Friese collega haha, en ik zou het leuk vinden deze komende week in de Streekkrant Fryslân mee te kunnen nemen! Zou u dat ook leuk vinden én zou ik dat plaatje er dan ook bij kunnen plaatsen?

En over de opstelling van de 'Bonifatius-mensen', ik heb ze zelf niet gesproken. Maar laten we het er maar op houden dat ze zelf in elk geval erg tevreden zijn over hun musical...

En trouwens wat betreft het artikel: we hebben ervoor gekozen er slechts een aantal kandidaten eruit te lichten. Zoals u misschien wel bekend is, wordt de wedstrijd mede georganiseerd door onze concurrenten, dus leek het ons niet handig er té uitgebreid aandacht aan te besteden...

Pleatst: 05-01-2012/ 22:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

De karaktermoard fan Bonifatius...?

Dat de Streekkrante fan Fryslân (jannewaris 2012) op side 19 de kar makket om yn har stikje oer de sport- en kultuertalinten fan Dongeradiel mar in trijetal nominearre ferieningen, persoanen as groepen wiidweidiger te beskriuwen, falt noch te rjochtfeardigjen en kinne je omskriuwe as frijheid fan de redaksje.

Hoewol?

Je kinne je fansels wol ôffreegje wêrom't se no júst dizze kar makke ha. Elk dy't nominearre is foar de neamde prizen soe it fansels prachtich fine om wat mear oandacht te krijen dan allinne mar ien kear neamd te wurden yn it stikje. Om oer it pleatsen fan in foto mar te sweien.

Mar it measte stekt noch wol de wize wêrop de minsken fan Bonifatius de Musical harren presentearje as dè kultuerhappening fan 2012. De arrogânsje dript derôf. Nu alleen nog even binnenhalen... Jo ha wol lef! Wolle se op dizze wize de sjuery beynfloedzje? Wat in boarstklopperich gedoch!

Mei nocht bin ik ôfrûne simmer nei de Musical Bonifatius west yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. Wat in prachtige foarstelling, de hannen binne omtrint stikkenklapt by it slotapplaus. Mar om dêr no sa mei te keap te rinnen. As Bonifatius himsels ek sa gedroegen hat, sa'n 1250 jier lyn, dan kin ik my begripe dat de Fryske lânslju skjin harren nocht hienen fan dit arrogante mantsje en him dêrom fan kant makken.

Fansels gunne wy de minsken fan de musical harren sukses. Mar in beskiedener en kollegialer opstelling soe harren net misstean. Deze musical is veel meer dan een toneelvereniging uit het dorp... Fansels! Mei allegearre profesjonele sjongers en muzikanten út Hollân kinne de doarpen ek wat moais delsette. Mei in pôle jild fan ûnder oaren haadsponsor de gemeente Dongeradiel kinne de doarpen ek in megaproduksje meitsje (mochten se dêr ferlet fan ha...) En dienen der wol Dongeradielers mei oan de musical? Dat is dochs ien fan de betinksten om foar de sport- as kultuerpriis yn oanmerking te kommen? Hawar, litte wy der mar gjin ôfgeunstich stikje fan meitsje, want dan binne wy gjin hier better.

Mar no sille wy ek even...

Teaterduo Klún & Knoffelhakke binne al sa'n 20 jier dwaande mei harren jûnsfoljende foarstellingen. Dogge alles sels en ha jierliks in folle aginda. En it is dat it duo mar ien kear yn 'e wike spylje wol, oars hie de spyllist noch foller west. It duo komt yn hiel Fryslân en yn de Súdwesthoeke neame se harren al het bekende duo...
Klún & Knoffelhakke skriuwe en meitsje alles sels. Wenje al hast harren hiele libben yn Dongeradiel en klopje nea by ynstânsjes oan foar jild. Se hoege harren hân ek net iens op te hâlden. Harren leafhawwerij kostet harren èn de mienskip yn dit gefal neat!

Miskien is dat no júst wol mear!

Mar wy litte it meitsjen fan soksoarte fan kwalifikaasjes mar oan de sjuery oer, wy winskje harren in protte wiisheid. Wy noegje de oare nominearre ferieningen en persoanen en foaral ek Achmea Culpa mei klam út om te reagerjen op de útspraken fan de Bonifatiusbekearden. En dan mar hoopje dat se mei de Streekkrante boppe de holle harren plak witte te finen.

Pleatst: 02-02-01-2013 / 23:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

2013...

Pleatst: 02-01-2013 / 22:00 oere - Reagearje? - Nei boppen