It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Fjoerwurk...

Dizze foto, makke troch ien fan ús pake- en beppesizzers, is fansels hielendal mislearre. Wat it krekt is wit ik ek net, it is wat kleurichs earne by ús yn 'e keamer. Mar oan 'e oare kant hat it ek wol wer wat, dy swierende en fleurige kleuren. Eins ek wer skande om dizze yn 'e prullebak te klikken. Dan mar even fotosjoppe om der in aardige winsk foar moarn fan te meitsjen.

Oan't takom jier!

En it grapke fan de foarige foto is oplost, dat krige ik fan 'e jûn troch fia de analoge wrâld... De oplossing wie: Fryslân.

Pleatst: 30-12-2013 / 22:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pea-Package..

Der stiet hielendal gjin Snertpakket op de ferpakking. Rijkgevulde Erwtensoep en Verspakket. Gewoan de bril op dwaan by in boadskipjen... Der sit trouwens ek in lyts grapke yn 'e foto. Mei de klam op lyts. Kinne jimme it fine?

No earst mar oan 'e slach...

It liket op earte...

Pleatst: 28-12-2013 / 10:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foto...

Foar de krystkaart wie ik op syk nei in moaie foto. De útsochte foto's hie'k byelkoar dien yn in kompjûtermapke. By it meitsjen fan de kaart, kaam dizze foto eins wol as ien fan 'e moaisten út 'e bus. Makke troch Wilma op it Amelân op 12 novimber lêstlyn.

Yn it earstoan soe'k de foto wat opfleurje mei krysmantsjes, krysttûken en mear fan soksoarte fan aardigheidsjes. Mar like it nearne nei. In krystman op de lanternepeal, 2014 op de lantearnepeal, snieflokken rûnom, it bleau behelpen.

Mar eins wie dizze foto ek moai genôch! In moaie sinne-ûndergong op in novimbertiisdei op de Waddendiamant.

Sinne-ûndergong
Op Amelân
Skieppewolkjes op reis
Nei de waarme desimberstâl
Kryst...

Alle lêzers in noflike kryst tawinske!

Pleatst: 24-12-2013 / 12:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystwinsk...

Pleatst: 23-12-2013 / 12:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bist der noch...?

Iensum bongelden se troch Dokkum. Op syk nei de lêste Krystkadootsjes. It waar wie min. Rein, kâlde wyn, net echt Krystwaar. En omdat de oare helte in hekel oan winkeljen hie, sette sy gas. In moai gesicht, tempo deryn en hy der achteroan te trippeljen. De ynkeapen slaggen wol aardich, dat foel harren neat ôf. Mar in kopke kofje by ien fan de safolle gelegenheden siet der net yn. En de Waegh wie ek noch wol krekt iepene.

Wêrom it net gewoan it Waachhûs hjit as de Waach, kin net ien begripe. Frank is wer dwaande west tink en Dokkum moat op de kaart en it is ien fan de moaiste binnenstêden fan Nederlân en soksoarte fan arguminten. Jo moatte it net fergelykje mei it Fiskershúske as it Haffelhúske. Dat is sa gewoan. En Dokkum is krekt ek noch wol skjinmakke troch de wethâlders en de boargemaster. Mar as der yn de doarpen in oprûmersaksje is, dan moatte de skoallebern soks dwaan en kinne der by de gemeente amper in pear plestikpûden ôf.

It wie mei dit wetterkâlde waar net te sjen dat de stêd skjinmakke wie...

Ek wol wer nuveraardich. Tritich man oan it skjinmeitsjen (allegearre gemeentefolk en twa middenstanners...) radio derby, grut stik yn de provinsjale kranten, och och, wat binne se warber yn Dokkum en twa dagen letter wurdt Dokkum foltôge mei houtspaanders, foar de Krystfair (ek dat hjit net mear fan merke...) dit om de Krystsfear te ferheegjen. Amtners in dei skjinmeitje, gemeente wer in dei spaanderssûgje. Dy twa dagen kostje de mienskip wer hannenfol jild! Mar Dokkum stiet op de kaart en hiel noardeast Fryslân keapet steigerhouten Krystbeammen yn allegearre deselde kreamkes.

Hawar, werom nei ús winkelpear. Se binne hast klear. Moat ek wol, want binnen de bolwurken moat der foar it parkearen betelle wurde...

Hy moast noch even nei syn kleansaak. Dy hjit gewoan Harms en dêr skriuwe se service noch mei haadletters. De rits fan it simmerjaske wie stikken, der moast in nijen yn. It jaske wie al klear. Er dêr hong in kaartsje oan dat it al betelle wie. Troch wa? soe hy der hast útflappe. Hy hâlde him stil, want it jaske wie noch mar in healjier âld. It soe wol garânsje wêze, sa tocht hy. Kopke kofje? Dat waard him ek noch oanbean en yn de winkel stie in troubadoer te sjongen. Klantebining.

Mar de klant liet him dit kear net bine en hy stode wer fourt. Gjin kofje by de Waegh, dan ek gjin kofje by Harms... Noch in pear kaarten foar de Kryst en dan op nei de supermerke, want dat moast ek noch gebeure.

Op wei nei it parkearplak kaam ús winkelpear lâns in lege winkel dy't no, sa as it skynt, ferhierd wie oan de Hema. Want dat dogge se mei leechstân yn Dokkum ferhiere oan besteande saken dy't der dan in Outlet fan meitsje. Hy besocht der in Fryske namme foar te betinken. Outlet? Utlaat? Wat soe soks no betsjutte yn winkeltermen?

De Lêste Rotsoai, sa andere de oare helte. Net mear en net minder...

It waard him dúdlik. Dêrom stienen alle goedkeape winkels oan de râne fan de stêd. Minsken dy't minder te besteegjen hawwe, meie der net yn! Bûten de bolwurken fergees parkeare. Dan binne jo yn twa stappen by de Restpost, de Maxx, de Action, by Karwei en by Lippe Lap.

Se hienen dizze man ta binnestêdmanager beneame moatten. Hoe ienfâldich kin it wêze. De hjoeddeiske manager hie op Omrop Fryslân sein, dat Dokkum him rjochtsje moast op de Dokkumers, mar yn it oare útsjoering rôp hy wol alle doarpsbewenners fan Dongeradiel op om te helpen by it skjinmeitsjen fan de stêd. Der stienen 300 amers klear... Fine jimme it frjemd dat der net ien fan bûten Dokkum op ôf kaam?

By Albert Heijn wie it winkelpear gau klear. Trije rollades en in pakje boerebûter, mear Krystspul waard der net kocht. As it moast in snertpakket wêze. Sa hjit dat gewoan by AH en gjin Pea-Package... Mar ach, AH stiet ek oan de râne fan de stêd en it parkearen is der ek fergees. Foldien kaam it winkelpear wer thús. By harren eigen Outlet. De kofje smakke hearlik en de taart moast ek noch op.

Moaie dagen, sa flak foar Kryst. Mar dy krystgedachten...

Pleatst: 21-12-2013 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen