It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Pjamawiksel...

Moarns mei ik graach even krantsje. Foaral op in frije dei. En ik hie it earst net iens yn 'e gaten dat it Deiblêd foar my lei. Sjochst neat? Hearde ik oan 'e oare kant fan de tafel. Mei in klap smiet ik de krante op 'e grûn. Ik wol it deiblêd net lêze moarns betiid...

De besoarger wie noch net útslept, want buorman hie fêst de Ljouwerter krigen. En dat wie net foar de earste kear...

Om kertier oer achten seach ik troch it gerdyntsje fan it foarrút. Soe buorman al wekker wêze? Ik hie yn it ferline de besoarger ek al ris opbelle, mar dat gie my no wat te mâl. Dy soe, tink ik, al ûnderweis nei skoalle wêze.

Hea! Sjoch! De Ljouwerter stiek noch út 'e bus by buorman!

Fluch it Deiblêd wer netsjes opteare (ik hie dochs stiekem even lêzen...) en yn 'e pjama nei de oare kant. Kranten omwikselje en de dei wie wer goed. No mar hoopje dat nimmen it sjoen hat, oars sirkulearje aanst allegearre wer foto's op Facebook en Twitter.

Financiële nood van regionale dagbladen wordt zichtbaar, bezorgers nu al in pyama op pad...

Pleatst: 18-06-2013 / 13:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Iepening...

Dat is moai! Mei pake en beppe mei hynder en wein nei de nije lokaasje fan Fysiotherapie de Trije Doarpen yn Kollumersweach en dan grutsk it nije pand iepenje. As in folleard model wist hy alle fotografen yn te pakken. Ynklusyf syn oare pake...

It is prachtich wurden! Wy sille der mei nocht hinne te trainen!

Hjir it stikje oer de iepening op de side fan RTV Noordoost Friesland.
En hjir in prachtich fotoferslach fan de iepening op Wâldnet.

Pleatst: 14-06-2013 / 20:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

iSmyt...

De iPad bliuwt favoryt by de pakesizzers. Dêrom pakke wy him fanôf no yn yn de gripcase. Neffens de filmpkes kinne jo der no mei smite, mar dat doar ik (noch) net oan. Boppedat moatte wy soks ek net stimulearje...

Pleatst: 12-06-2013 / 14:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Firus...

Sûnt in update fan ús antifirusprogramma is de PC yn 'e war. Blauwe skermen (BSOD) en printers dy't net mear wurkje.

En it nuvere is, dat jo der pas nei in jûn prutsen achter komme dat it oan it antifirusprogramma leit! Wer in jûn wei...

Hinne en wer maile mei de helpdesk fan de antisoftware, kreaze mar kâlde berjochtsjes werom. Gjin meilibjen sa as: Och wat skande no menhear van der Heide, fansels sille wy jo helpe! Jo krije de nije lisinsje fergees! En se skriuwe gjin Frysk fansels.

Dochs mar harren tips besocht út te fieren. Wer in jûn prutse en noch gjin printopdrachten út 'e printer. Software der wer ôf en it wurket allegearre wer perfekt.

No, dan wurdt it bloed jo sûpe...!

Wer in mail nei de helpdesk! Het bloed wordt mij suipe! Ik verleng mijn licentie niet ik heb het nou wel gehad met uw programma, ik heb schoon mijn nocht. Opsein dus. Mar ja, dan moatte jo wol wat nijs! Earst mar in probearfersy delhelje. Net fuort keapje, it moat al wurkje fansels.

Dit programma kaam as bêste út 'e test. Dat ynstallearje, ynstelle, printen útprobearje en oant no ta giet it goed. Mar ja, wol wer in pear oeren kwyt. Printer die al wat nuver, mar dat lei oan 'e printer. Komme jo dan ek wer achter... Hawar. Oant safier noch gjin klachten!

Krige hjoed in mailtsje fan 'e exit-helpdesk. Se woenen my wol belje om it probleem op te lossen. Echt net. It is no te let. Gjin meilibjen! Boppedat bin ik oerdeis net thús en it Frysk op it antwurdapparaat sille se wol net ferstean kinne.

Pleatst: 10-06-2013 / 20:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Femsa...

Dat stie yn de silinder grafearre fan de gersbaanracer dy't ik yn fier ferline tiden bestjoere mocht. In pear wedstriden ha'k der mei riden. Doe rûn de boel fêst en moast ik earst wer in hiel skoft sparje om wat nijs keapje te kinnen. Dat is der nea fan kaam, want it die bliken dat dat foar in earme student fierstente djoer wie.

Femsa stie foar Fe(enstra) en (Reit)sma (en dan de sm omdraaie...) Dizze mannen út Skraad wienen doetiids in begryp in de gersbaansport. Makken sels racers en wûnen in protte wedstriden. Ek makken se Kreidler motorblokken sneller troch se op in spesjale wize op te fieren. En at se dat dien hienen, dan kaam FEMSA yn de silinder te stean.

Justermiddei kaam dat allegearre wer boppe doe't ik foar de aardichheid in oldtimer gersbaanrace yn Ie besocht. Prachtich, allegearre âlde knarren op sa'n Kreidler gersbaanracer kalm rûntsjes draaiend om harren oldtimer mar hiel te hâlden. Alde gloarje... En, hoe koe it ek oars, ek in seldsume Femsa eigenbou (der binne mar sa'n 15 fan boud) fleach op it gers fan Ie rûn.

Ik kaam in jonge doarpsgenoat tsjin, dy't ek aktyf yn de gersbaansport is, mar dan yn in swierdere klasse. Hy fûn it mar frjemd dat ik hjir omstapte, mar doe't ik fertelde dat ik yn it fiere ferline (it sil sa'n 40 jier lyn wêze) ek oan grasbaanrace dien hie, seach hy my ferheard oan. In skoalmaster dy't plat op in Kreidler oer de griene gerzen fleach? Dat ha ik nea witten, sa reagearre hy ferheard. Nee, mar elk hoecht ek net alles te witten, sa andere ik.

Mar ja, troch dit ferhaal is dit stikje fan myn ferline no ek iepenbier wurden. En hoe't it ôfrûn is mei dizze sportkarriêre, fertel ik letter noch wol ris. Lit ik der dit mar fan sizze, der is abrupt in ein oan kaam...

En dizze foto is de ienichste foto fan myn gersbaanracer. As jo goed sjogge, kinne jo sjen dat de silinder der ôf helle is. Dy wie oan ein...

Pleatst: 09-06-2013 / 15:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Het is stil in mei...

Nee, it is gjin tikflater, ja it is Nederlânsk en mei moat maaie wêze en mij is yn it Hollânsk mei in lange ij... Sa, dat ek út 'e wrâld.

Oan dit ferske moast ik tinke by it lege blêd fan maaie. Twa stikjes yn maaie op de side, wol in djipterekord... Mar dat betsjut net dat ik stilsitten ha! Hielendal net! De webside fan Klún & Knoffelhakke ha ik ris goed ûnder hannen naam. En dêr giet in protte tiid yn sitten. Mar wol prachtich om te dwaan.

It programma dêr't ik de side mei makke ha, hie'k in hiel skoft lyn al oanskaft mar ik hie der noch net mei wurke. Mar it docht bliken dat it in geweldich programma is! Jo kinne de moaiste sides der mei meitsje! Ik tink dat ik no in mar in ynternetdesignbedriuw begjin.

Webmaster Hendrik, foar de klas(se) websides!

Ek de foto fan de ûndergeande sinne passet prachtich by maaie. Wêrom? Tsja, dêr meie de lêzers ris hiel goed oer neitinke... It is net in tryste oangelegenheid en ek net romantysk. En mear sis ik net.

Mar wêrom dan dit ferhaal by juny? It giet dochs oer maaie? Kloppet, mar om't it blêd fan maaie al omslein is, bin ik bang dat nimmen dat noch lêst. Der stiet dochs hast neat op...

Pleatst: 04-06-2013 / 21:54 oere - Reagearje? - Nei boppen