It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Boete...

Us doarpsgenoaten fan de Lytse Jouwer binne wakker warber! Neffens harren ride wy fiersten te hurd troch dit smûke en lytse doarpke. Fan 'e middei wie sels Omrop Fryslân nei de Lytse Jouwer ta tein om ferslach te dwaan fan sok mâl ferkearsgedrach. Der soe aksje komme!

No ha de bewenners fan de Lytse Jouwer al mear ferkearsaksjes hâlden, dat alhiel nij is dit net foar ús. En fansels kinne wy it ek mei harren iens wêze. Der mei, mei safolle skoallebern op dizze dyk, nea te hurd riden wurde!

Mar wurdt it net in bytsje oerdreaun? Ek de Lytse Jouwsters sels fûnen safolle kontrôle net nedich. No, dat hoecht om my net, sa sei ús wolbekende mûnder foar de mikrofoan fan de Omrop. Binne wy dêrfoar no út Ljouwert kaam? sa hearden wy tusken de rigels troch de ferslachjouwer tinken...

En as der no noch neat oan dien wie. In dyk yn trije kleuren, oeral boerden fan 60 kilometer. Ferskrikkelike ferkearshobbels yn it doarpke sels. Wapperjende flaggen om de bestjoerders ôf te lieden en hieltiten mar lêze dat de kofje hast klear is.
Sels de boeren dogge mei oan de ferkearsremjende aksjes. Kij dy't in kertier lang oerstekke moatte, kij dy't by de brêge in hiel stik oer de dyk rinne, mei bulten modder ta gefolch. Skoallebern dy't moarns yn kloften oer de dyk waaie. Jo kinne net iens te hurd ride!

Nee, dan pakke wy it yn Hantum better oan. Dêr stjoere wy de bern de dyk op om de bestjoerders oan te hâlden...

Ofrûne sneon ried ik krûpende wize by de terp del. Ho! In lytse plysjeman stie my mei in grut stopboerd op te wachtsjen. In kloft freonen der omhinne. It rút iepen. Jo ride te hurd, sa sei de amtner yn spee. (No dat koe hast net, want ik ried sa stadich dat de kilometerteller it net iens oanjaan koe) Ik krige in 'echte' boete (sjoch foto) en ik koe der net ûnderút. Wat moat ik betelje? sa sei ik benaud. Allegearre snoep en kaugom! wie it antwurd. Mar doe't ik sei dat ik dat net hie, mocht ik ek sa wol trochride. Wy ha fan 'e weromstuit in nij potsje kaugom helle by de AH...

No mar sjen oft wy de radarkontrôles en de flitsers op de Lytse Jouwer dêr mei omkeapje kinne. Fansels kin ik dy plysjes ek meinimme nei hûs: de kofje is hast klear...

Pleatst: 26-08-2013 / 23:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ja, ja, ja...

Wat wie dat in gesellige en foaral ek lekkere buertbarbeque ôfrûne sneon! It is hast tradysjoneel, in filmpke fan dit hiele spektakel. Mar de montaazje is noch net klear. Dat noch even geduld. Om fêst yn 'e stimming te kommen, hjir in link nei de film fan 2011. (Yn 2012 binne der gjin opnamen makke, hoewol dat doe ek in geweldige jûne wie...)

Boppedat is de skoalle wer begûn, dat der is ek genôch oare drokte. Hoewol... Wy ha no nije skoalletiden op de Arke. Wy geane om healwei njoggenen yn en wy komme om twa oere út!

En nee, bêste lêzers, dat betsjut net dat master al om healwei trijen thús is. Dat wienen noch wer oare tiden, dat de masters en juffen mei de bern nei hûs gienen bedoel ik dan...

Pleatst: 20-08-2013 / 22:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Flinter...

Pleatst: 15-08-2013 / 10:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

MuB...

It begjint der al aardich op te lykjen. En dan bedoel ik de ynrjochting fan it lokaal en de tariedingen foar it nije skoallejier. Moai om te dwaan...

As de lêzer goed sjocht, dat falt it miskien op dat der in nij logootsje by dit blog stiet. It âlde passe net mear, want dat wie in (hiel lyts) fotootsje fan de skoalle út Tytsjerk. Nei de simmerfakânsje begjin ik op in oar wurkplak. Nei 11 jier wie it moai west yn Tytsjerk. No moat ik deis nei Burgum. Nei de Arke, ien fan de grutste skoallen fan ús skoalleferiening.

Fandêr ek de titel fan dit blog, M.u.B. de man út Burgum. Eartiids in wrâldbekend typke fan Freerk Smink. En no mar sjen oft it goud is. Mar dêr sit in eins net oer yn...

Pleatst: 13-08-2013 / 22:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Déjà vu...


Pleatst: 07-08-2013 / 14:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Prachtich...!

Wy binne in pear dagen nei België ta west. Haaddoel fan dizze reis wie in besite oan Plopsaland de Panne, want as grutte fan fan Piet Piraat fynt ús pake- en bepesizzer fan trije soks prachtich. Yn ien dei is it net te dwaan, fandêr dat wy mei syn heit en mem, syn twaling broerke en suske en mei pake en beppe Haantum (gjin tikflater ;-) foar 4 dagen in húske hierd hienen yn Brugge. En dat is net sa hiele fier fan Plopsaland ôf.

Wy ha it geweldich troffen. It waar koe net moaier, it húske wie fantastysk (mei airco...) en yn Plopsaland wie it net smoardrok, dat wy hoegden net sa lang te wachtsjen foar de attraksjes. Mar ek ús flitsbesite oan it prachtige Brugge wie de muoite wurdich.

Yn Brugge woenen wy ús beuker ferrasse mei in ballonfiguer. In hiele aardige ballontearder stie op it grutte merkplein bisten te tearen foar de toeristen. Wat wolst ha? fregen wy him, Piet Piraat? In ko? In aapke? Nee, sei hy wis, in trekker. Us tearder seach tige ferheard, en mei syn reade clikbriltsje (krek sa'n as de pakes...) besocht hy noch om him op oare gedachten te bringen. Mar ús lytse trekkerfanaat gie net om. Hy soe en moast in trekker ha. I never did a tractor, wie syn antwurd, mar hy seach wol dat hy der net ûnder út koe...

Dapper gie hy oan 'e gong. It moast ek noch in grienen wurde, want John Deere is syn favoryt. Earme man, hy wie mar oan it tearen, mjitten en omheech hâlden. Like it der wat op? Der stie op 't lêst al in hiele ploech omhinne. Wat hat hy no by 't ein? Wylst hy dwaande wie, makke hy hiele grappige opmerkingen oer de fergoeding fan dizze útdaging. Fansels koenen it gjin lytse coins wurde, it moast yn elts gefal betelle wurde mei de mastercard...

In prachtige trekker wie it resultaat, allinne woe hy him net op 'e holle ha, want jo rinne fansels net mei in griene trekker op 'e holle troch Brugge. Hy hat de man fleurich wat (pepier)jild yn 'e hân stoppe en doe woe hy noch wol wat foar ús teare. Wy ha mar freonlik betanke foar dit oanbod, wie woenen noch wat fierder sjen en de lytskes moasten sa stadichoan ek wat drinken ha...

Yn it fotoboek in wiidweidich fotoferslach. En jimme witte it, mochten jimme foto's tsjin komme mei tafelhichteperspektyf dan hat de lytse fotograaf wer oan 'e gong west.





Pleatst: 07-08-2013 / 13:30 oere - Reagearje? - Nei boppen