It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Abituriënt...

Fan 'e wike ha ik de stúdzje ta ICT-coördinator in het Onderwijs ôfrûne. In jier ha ik der oer dien. 212 Oeren. Alteast dat stiet op in diploma. Ik ha it net byhâlden, want it wie wol moai om te dwaan en dan telle jo de oeren net.

No hat dit diploma ek noch wol aardich 'gewicht' want it is in registrearre Post-HBO oplieding en neffens it taheakke skriuwen stean ik no ynskreaun yn it Lanlik Register Abituriënten.

No wie ik net de ienichste studint dy ôfstudearre, al ús ICT-ers fan ús skoalferiening moasten dizze kursus folgje. En ek allegearre ha wy it diploma helle. Ek twa kollega's fan oare ferieningen binne mei ús ôfstudearre. It aardige wie, dat ien fan dizze 'oare' kollega's froeger by my staazjerûn hat op de fjouwerHoeke.

Op bygeande foto steane alle diploma-ûntfangers. As jime goed sjogge, kinne jimme ek noch in oare kollega ûntdekke dy't hjir froeger op de skoalle op it Hantumerhoekje (doe noch Kr. Nasj. Skoalle) les jûn hat. Bin ik doetiids foar yn it plak kaam...

Pleatst: 18-10-2013 / 18:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nuvere oanslagen...

Yn it skimer kaam ik thús. It wie in rûzige dei, dat it fernuvere my net dat der in tûke yn it gêrs lei. Wol in moaie hjersttûke, moai fan kleur en foarm. Hienen wy sokke beammen yn 'e buert? Ik soe de tûke derwei pakke om him yn 'e kliko te goaien, mar dat slagge net!

Wienen der sokke sterke wjirms dy't sa'n mânske tûke de grûn ynlûke koenen? Nuver...

Samar skeat my yn't sin dat der fan in hiele oare wjirm sprake wie. Dêrom wie it ek sa'n moaie hjersttûke. Dizze tûke kaam út in bosk blommen dat in wike by ús yn 'e hûs stien hie. De hjerst wie ek by dit bosk ynfallen en it grutste part lei no by de GFT. Mar de oprûmer sil wol tocht ha, dit is sa'n moai tûkje, hjir kinne wy noch wol in pear dagen fan genietsje. Dan mar tusken it gers.

Dat sadwaande ha wy no yn moai lyts hjerstboeketsje yn 'e achtertún. Sil my nij dwaan wannear dizze blêden falle...

Pleatst: 18-10-2013 / 18:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Leuke dingen...

Jo binne fan as net... Ien fan ús fans fan it earste oere woe ôfrûne freed mei ús op 'e foto. Se wie sa grutsk, dat se dizze foto as achtergrûn op har Facebook pleatste!

Samar in fotograaf yn Dokkum. Wylst ús pake- en beppesizzer even op in pealtsje (ja dy haatlike lytse 'boeien' yn Dokkum) frege in fotograaf at hy even in pear plaatsjes sjitte mocht. It moaiste is om him even yn it grut te besjen. Klik dêrom mar even op dizze link.

In prachtich filmpke fan de technykdagen by Kabelnoord. Wêrom no júst Kabelnoord? Besjoch it filmpke mar soe 'k sizze. Der sit in bekende tusken... ;-)

Pleatst: 13-10-2013 / 21:57 oere - Reagearje? - Nei boppen