
Klik hjir (befeilige)
|
Winterske ûngemakken...
Dochs aardich fan de NS. In mail. Geachte klant... Nea witten dat ik in klant fan de NS wie. Ik reizigje nea mei de trein. Ik tink dat ik ris in e-mailadres achterlitten ha op ien as d'oare NS-side.
Ik kin dus moarn, neffens dizze e-mail, wol ris wat letter yn Tytsjerk oankomme. Alles is beferzen. It is mar wat mei it winterwaar. Buorman syn grutte Mercedes stie ek al healwei de strjitte stil. Fanwege it winterwaar hie hy him mar op benzine setten nei't hy de auto op gas oanslingere hie. Hy hie dus better even wachtsje kinnen mei it omsetten. Doe't hy wer op 'e nij starte woe, wie de akku leech. En omdat oare buorman syn akku al jierren leech is, moast de RedBull derfoar. Ik soe krekt fuort, mar mei in garaazje-achtergrûn kinne jo buorlju net omgrieme litte. Mar nettsjinsteande de starkabels kaam de Mercedes net op gong. Ik ha de buorlju noch foarsteld om mei my mei te riden, mar om't sy boadskiprinne moasten, soe de weromreis wol hiel wat tûkelteammen jaan. Dan is it mar jammer dat it Dokkumer Lokaaltsje net mear rydt. Dan hienen de buorlju hast by Super de Boer útstappe kinnen. Mar ja, Super de Boer wurdt in Jumbo en it Dokkumer Lokaaltsje ried yn 'e tiid dat alle treinen gewoan trochrieden ek al wie it min tritich. En moarn? Ik tink dat ús auto's gewoan starte, dat de buorlju dus lizzen bliuwe kinne en dat wy, mocht it sa wêze dat de boel krekt as by ProRail heakjen bliuwt, in
alternatyf
achter de hân ha...
Winterwille...
Klik
hjir
foar mear foto's. |