www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Wa't earen hat, moat se brûke ...

It falt my op dat hast alle joggers hjoed oan de dei mei eardopkes yn troch ús Fryske lânsdouwen drave. Wêrom docht men soks? Moat der altiten muzyk by? Ik ha it foar de aardichheid ek wolris dien, mar it docht oars net as bûnzjen. Eltse fuostap heare jo folop as de earen ôfsluten binne. Ik fûn it eins hielendal net noflik.

Krekt as mei de smartphones. Op de fyts, by de bushalte, by it sportfjild en by fergaderingen: elk strykt mar op it lytse finster fan de wrâld om, bang om ek mar wat te missen. FOMO hjit soks mei in moaie Ingelske ôfkoarting. Yn it Frysk oersetten betsjut dat sokswat as Yn Noed sitte dat jo Wrâldnijs misse... (YNWNM)

Wy slute ússels hielendfal ôf. Heare net mear de fûgels yn de loft as yn de tûken fan de beammen. Heare net mear in auto, trekker as bus oankommen. Heare net mear guon goeie roppen. Elk is dwaande mei de wrâld om utens, mar net mear mei de wrâld om him hinne. Soe dat net ta gefolch ha kinne dat men de deistige lûden net mear herkent? Dat men net mear wit hokfoar fûgel jo sa moarns ier ûnder it joggen tasjongt? Dat de dravers en de fytsers net mear witte hoe't in auto klinkt, om't men de earen der net mear op traint?

My tinkt is it ek noch gefaarlik. Aliten mar dy eardopkes yn. Wêrom net genietsje fan de deistige lûden om jo hinne? It starten fan buormans auto (...), de sankjes fan de blausyskes yn oare buormans tún, de meanmasines, de trekkers yn it lân en aanst de kikkerts yn de fearten.

It komt aanst safier dat we de fûgels allinne noch mar werkinne fan de apps dy't we delhelle ha. En dat de smartphone lûd jout as der wat oankomt. Wy binne aanst allinne noch mar ôfjage op de tablets, de iPhones de Galaxys en de BlackBerrys. Us eigen eagen kinne wy de kost net mear jaan, lústerjende earren binne aanst net mear te finen. Wy sjogge mei de 4G-eagen en lústerje mei de WiFi-earen.

It is de tiid, sille wy mar rekkenje, de foarútgong. En dat hjit dan ek noch Social Media gebrûk. Mar it sosjale sjoch ik der faaks net oan ôf. En it aparte is, ik doch der sels ek noch oan mei. Sjoch mar nei al dy piktogrammen ûnder oan de side.

Allinne net mei eardopkes yn. Want myn earen wurde út harren sels al minder...

Pleatst: 31-05-2012 / 22:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eltse Pinkstermoandei...

Jierren siet ik op Pinkstermoandei op de boppebuorren fan Hantum om de alvestêdefytsers mei it SOS koar Rûm Sop ta te sjongen. Mar fan 't jier net. Sûnt jannewaris meitsje ik gjin diel mear út fan dit swiid ferneamde koar. Gjin spul hjer. Hielendal net. Mar nei 12½ jier fûn ik it wol bêst. It soe in gelegenheidskoar foar ien kear wêze (Keninginnedei 1999) mar sa as faak kamen der in grut tal jierren by. Moaie jierren, dat wol!

Fansels ha'k al even op de boppebuorren sjoen. It wie âlderwetsk gesellich. In protte minsken, rigen en rigen fytsers en in fol terras. Mar no koe ik fuortgean wannear't ik woe. En dat is ek in lekker gefoel. En koe ik dizze dei ynfolje sa't ik woe. Mei it bewurkjen fan in filmpke dus... Ofrûne woansdei hienen wy ús jierlikse master en juffendei op skoalle en der wienen in protte filmpkes sketten en al dat rûge materiaal moast bewurke wurde. Sa'n 20 minuten oan film werombringe nei sân minuten, dat wurk.

Yn it wykein ha wy ek de earste jierdei fan ús jongste pake- en beppesizzer fierd. It waard in prachtige dei. Gesellich yn de tún mei noflike minsken en in entûsjaste jierrige. Famylje kin de foto's besjen op de befeiligde side.

Al mei al in moai Pinksterwykein!

Pleatst: 28-05-2012 / 20:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

De panda...

Mei myn klasse binne wy wakker oan de gong west mei in aksje foar de pandabear. Samen Los voor een groot Pandabos hjit de aksje. It waard in sukses. De bern binne spontaan oan 'e gong west om jild yn te sammeljen. Se bellen gewoan oan by de minsken yn Tytsjerk...

Ek tôgen se bulten lege flessen mei nei skoalle. En op in middei binne wy mei twa bern nei de C1000 yn Hurdegaryp west om se yn te leverjen. Der stie op 't lêst in hiele rige achter ús fan minsken dy't ek lege flessen ynleverje woenen. Mar wy moasten safolle yn de automaat triuwe, dat sy mar even wachtsje moasten. Flessen dy't der wer út kamen om't se fan de Aldi wienen as soksawat, sabelden de bern der gewoan wer yn. En at se dan wer weromkamen, smieten se sa hurd, dat se de kontrôlesensor foarby skeaten. Dan mar gjin jild, we wienen de flesse kwyt.

Mei de bon yn 'e hân rûnen wy nei de kassa. En om't de ynleverautomaat bûten stie, moasten wy dêrfoar de winkel yn. It waaide dat it rikke, dat ik sei tsjin it bonnebern, dat se it goed beethâlde moast, oas fleach ús panda-opbringst oer it parkearterrein en soenen wy it fêst kwyt wêze.

Se die it kreas en mei in moai ferhaaltsje helle se kassier oer om it bedrach op de bon oan ús út te beteljen. Grutsk kamen de bern werom yn de klasse. De termometer op ús aksjeside skeat omheech!

Ien fan de aksje-ûnderdielen wie it meitsjen fan in spandoek. En as wy dan in filmpke as in foto fan dit doek op ús aksje side setten, dan makken wy ek noch kâns op in pryske. Dat no mar ofwachtsje. Mar ek as wy net wat winne soenen, ha wy der prachtich mei oan de gong west. En de panda is der wer moai mei rêden...

En as jimme tinke wat sit der in nuveraardich deuntsje ûnder dit filmpke, dan kin dat kloppe. Meastentiids brûk ik besteande muzykjes, dy wat tekst oanbelangje moai by sa'n filmpke pasje. Mar Youtube docht hjoed de dei sa dreech oer dizze muzyk, dat jo it filmpke amper ôfspylje kinne en jo e-mailboks fol warskôgingen komt. Dêr hie'k sa myn nocht fan, dat ik rjochtenfrije muzyk delhelle ha. Bin ik fan alles ôf. Kostet fansels wol wer wat (hoe soe't ek oars...) mar dan bin ik fan dat gedoch ôf. Dus bêste lêzers, yn de takomst allinne noch mar fan sokke 'neutrale' muzyk ûnder myn fideoproduksjes...

Pleatst: 20-05-2012 / 16:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

It Amelander Veerhuis...

Justerjûn hienen wy in hiel bysûnder optreden yn ús buordoarp Holwert. Yn it prachtige en karakteristike hotel, kafee en restaurant it Amelander Veerhús. De biljertferiening bestie 40 jier en dat moast fierd wurde.

De útbater fan dit moaie kafee hie my hast in jier lyn al belle, want wy moasten komme. De biljertferiening seach nei ús út en de leden fan P.U.K. moasten ús meimeitsje! Ik koe de útbater noch fan froeger. Doetiids trainde ik in follybalploechje út Holwert en de útbater wie ien fan de follyballers dy't ik de keunst fan dit spultsje bybringe mocht. Doetiids wie hy ek al ynisjatyfnimmer fan de biljertkclub, mar dat wist ik doe noch net.

It waard in prachtich en smûk optreden. De club wie net sa grut en wy mochten yn it kafeegedielte spylje. Net safolle rûmte, tusken de tafeltsjes troch en, hoe tapaslik, om it biljert hinne. Der barde fansels fan alles. De Sinees út Marrum kaam wilens syn buffetspullen wer opheljen, guon moasten nei húske en ûnder de foarstelling moast de útbater fansels sa no en dan ien ynskinke. Ach, it waard der allinne mar fleuriger op.

En hoewol wy der yn it earstoan wat tsjin opseagen om op sa'n beheinde spylflier ús stik op te fieren, foel it tige ta en ha wy en de biljerters in kostlike jûn hân!

Pleatst: 13-05-2012 / 15:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Keimpe…

Dat wie in hiele moaie dei juster. Us heit waard 88 jier en dat ha wy mei ús famylje noflik fierd. Fierd mei biologysk rund út Sondel en grysmoal fan ekologyske kij ít Ealahuzen. Want dat stie der op it menu by Badmeester Keimpe oan de Sleattemermar.

Nuver dat restaurants dat hjoed oan de dei dogge. Op 'e kaart sette wêr it wei komt. Smakket it dan better? Meitsje iters dan earder de kar foar sokke gerjochten? Wat it lêste oanbelanget wol, want dat like my wol aardich. In ko út Sondel op de panne. Froeger kamen wy net sa faak yn Sondel, ja ik ha der op de basisskoalle staazje rûn, mar fierders? Dêr wennen roomsen en dan kamen jo der net.

Ik leau fêst dat wy froeger faker in ko út Sondel yn 'e sjupanne hân ha. Want der sille fêst boeren út dit moaie Gaastelânske plakje by slager van der Zee, de Winter as Hijlkema kaam wêze mei de fraach: kinne jo dizze bolle even foar ús tameitsje? Hy hat syn wurk dien en wat ús oanbelanget kin hy wol yn de ferkeap. Biologysk as net, Hijlkema makke der gehakt fan en dat sille wy fêst ris iten ha. En van der Zee hie net in boerdsje yn de winkel mei: biologyske ko út Sondel. As der dat dien hie kamen der grif minder minsken yn de winkel. Fleis út Sondel?! Dêr set ik gjin bek yn! Kom sis, ik hoech dat roomske fleis net... En no ite wy it by Badmeester Keimpe. Mei as toetje grysmoal út Ealahuzen.

Dy grysmoal wie al wat droech en tsjok, mar dat passet ek wol wer moai by it karakter fan de Ealahústers, krekt gjin Gaasterlân...

Okkerdeis wie ik yn in restaurant yn Garyp, dêr serfearden se farske Fryske bot fan de gebroeders De Vries út Laaksum. Ek Gaasterlân, dizze moaie regio docht it mar goed yn kulinaire kringen. Mar wêrom dat der dan by stean moat? Ik kin der mar net achter komme. Foaral net om't der dan krekt boppe op it menu stiet: grotchampignons met saus van jeneverbessen en artero tempranillo. Wêr komt soks dan wei? Dêr bin ik dan wer nijsgjirrich nei. Ik tink dat it gewoan by de Aldi wei komt as by Pyt Siemonsma fan de C-1000.

Hawar, it wie in noflik oerke dêr oan de mar. Jammer dat it wat skier wie, want sa koenen wy de oare kant fan de mar net sjen. Wy seagen no allinne mar ús oantinkens oan dit moaie plakje dêr't froeger it swimbad wie. It swimbad dêr't wy it swimmen leard ha en dêr't wy moarns foar achten yn it kâlde wetter leinen om ús de rêchslach eigen te meitsjen. Under lieding fan badmeester Fedde. Mar goed dat it restaurant net dizze namme krigen hat, want dan hienen wy der grif net kaam, dan hie it iten altiten kâld west...

Ek oan tafel kamen dy oantinkens nei boppen. Fan de steiger dy't yn twaen dield wie, mei in reiten sket dertusken. Oan de iene kant de jongens en oan de oare kant de famkes. En dat wy dêr ús swimdiploma helle hienen. Gewoan hinne en wer swimme tusken de steigers. Ien kear hinne en wer wie 100 meter (leau'k...)

Net dat it doe better wie hjer, dat moatte de lêzers foaral net tinke. Asjeblyft... moast ris sjen hoe'n prachtich plakje it no is en smoardrok. Nee hjer, gjin drekkerich wettter mear en sigerige badhokjes, lokkich gjin razende badmeester Fedde mear. Mar wol aardich om dat wer is op te heljen. Dan komme jo derachter dat alles hiel bot en hurd feroaret.

Hoewol? In ko út Sondel... dat is gelyk bleaun. Dat wie der froeger ek, allinne stie it sa net op de kaart.

Pleatst: 04-05-2012 / 14:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Puzelrace...

Op Keninginnedei hâlde wy de lêste jierren yn de neimiddei altiten in puzelrit. Dizze fleurige rit wurdt organisearre troch in pleatslike kommisje en dizze rit lûkt in protte dielnimmers út ús fjouwer doarpen. Sa stadichoan wurdt it in prestiizjetocht en wurdt der binne ús famylje fan te foaren al harseskrabbe oer de (famylje)winner fan dizze edysje. Wy fansels...

Alteast dat is ús doel.

Mei syn fiven hienen wy ús ynskreaun foar dit Keninginnefermaak. De jongste soan, de skoandochter en ús geheime wapen: de âldste pake-en beppesizzer. In gouden team soenen jo sizze. Alhiel yn de famyljetradysje startten wy as lêste om dan te besykjen om elkenien yn te heljen. Want dat is dan wer it doel fan ús sjauffeur. Gong is alles! En dat wol wol yn in swiere BMW...

It duorre net lang as de earsten hienen wy al fier achter ús litten. Wy krigen amper de tiid om de fragen te lêzen, lit stean op te sykjen yn de omjouwing. It wie bytiden krekt in A-team, mei de doar noch iepen en ien foet noch bûtendoar, fleach de BMW al wer rjochting folgjende opdracht.

It mei in wûnder hjitte dat wy gjin fraach mist ha. En as dat al barde, dan waard der fluch keard en sochten wy krekt salang oan't wy it antwurd fûn hienen. En meastentiids slagge dat poerbêst, wy wienen der dan ek fan oertsjoege dat wy gjin opdracht mist hienen en dat wy, sjoen dit nije faasjerekord, as earste oer de streek komme soenen.

Mar hurdrinners binne dearinners...

Want ûnderweis moasten wy letters sammelje en fan dizze letters moasten wy in sprekwurd meitsje. Tsja en dat falt dan net ta... Wy stienen al lang en breed foar it doarpshûs, mar koenen mar net achter it sprekwurd komme. Alle letters opskriuwe, hutselje en dan mar wer besykje. Opsykje fia Google (mobyltsjes binne handich hjoed de dei) mar der bestie gjin siswize mei dizze letters. De sjauffeur waard ûngeduldich en rôp dat wy it dan mar sûnder siswize ynleverje moasten. Hy seach syn snelle tiid ferlern gean yn it gepuzel fan de âlderein op de achterbank. Hawar, fuort dan mar. Ik soe wol sizze dat dit in Japansk sprekwurd wie...

Dêr gie de ivige rom...

Yn it doarpshûs ha wy noch even noflik sitten. Ek fjouwer buorlju hienen de tocht riden en doe't wy by harren oanskoden, kamen wy der achter dat wy dochs noch in pear wichtige opjeften mist hienen en dat sy wol achter it sprekwurd kaam wienen. It die bliken dat sy as earste eindigden en ús, nettsjinsteande ús fenomenale snelheid, fier achter harren lieten. No ja, de priis kaam yn elts gefal by ús yn 'e strjitte telâne, in skriele treast.

Letter kaam der noch ien fan de kommisje by ús oan it tafeltsje sitten en frege my waard der by ús skreaun hie. Ik sei dat Wilma dizze taak op har naam hie, mei assistinsje fan de beppesizzer, want dy woe ûnderweis ek iderkear de pin beethâlde. En dat is in skoaljuffer? sa andere hy ferheard. Dat falt my dan wer ôf... Ik seach him oan as stie ik sels foar de klasse en biet him ta: Hasto it wolris besocht om mei in gong fan 120 op hobbelige dykjes antwurden op te skriuwen?!

En doe't it oare kommisjelid deroan taheakke dat it mar in spultsje wie en dat jo net te krekt sjen moasten, koe ik him wol wat dwaan. In spultsje? Man, sil ik dy it telefoannûmer fan de jongste soan ris jaan, kinst him dat útlizze...

Takom jier geane wy mei hynder en wein. Binne wy wol lêst, mar dan ha wy alle antwurden goed, kreas skreaun, mei sierlike letters en mei 3 sprekwurden. Mear as frege, mar sjoen de tiid kinne wy skoan noch twa mei deselde letters der by betinke. En as sy dan sizze: Besteane dizze siswizen wol? Dan soenen wy antwurdzje: Jawis, wa binne hjir no skoalmaster en juffer?!

En ús oare skoandochter waard tredde. Dat ek noch...

Gong is alles sei de slak en hy smiet de klompen út...

Pleatst: 01-05-2012 / 15:08 oere - Reagearje? - Nei boppen