www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

ARBO...

Sa seach ik buorman yn 'e beam sitten. Nesteldriuw??

Pleatst: 26-03-2011 / 21:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsrevu...

Us doarp hat al in hiele lange revutradysje. En dat is wol hiel bysûnder! Elke jier wurdt der yn jannewaris yn ús doarpshûs in revu opfierd weryn in protte brike fiten fan doarpsgenoaten fan it ôfrûne jier nei foaren brocht wurde. Hoe lang dizze tradysje al bestiet is my net bekend, mar it sil langer as 30 jier wêze want doe't wy hjir yn Hantum kamen te wenjen, wienen doarpsgenoaten der al mei dwaande.

Justerjûn wie it wer safier. De jierlikse doarpsrevu waard wer op 'e planken brocht yn ús smûke doarpshûs. Omdat wy freedtejûn optrede moatte, op de jûn fan de útfiering, binne wy nei de generale repetysje west. Mar de jûn waard der net minder fan, it wie in boppeslach!

Fansels falt it net ta om sa'n jûn te foljen. De skriuwer moat materiaal ha en der moatte ek spilers fan de toanielclub beskikber wêze, want der sitte hiel wat frije oerkes yn. En dêrom is de jierlikse Oranjejûn ferhuze nei maart. Dan ha de spilers wat mear tiid om der wat moais fan te meitsjen. Dat is goed útpakt!

Nei in tal jierren fan wol in revu, mar net sa bot oer it doarp, is de toanielclub in oare wei ynslein. Oare skriuwers, oare spilers en foaral ek jonge doarpsgenoaten dy't meidogge oan dizze rike tradysje. En, en dat is miskien wol it wichtichste, it giet wer oer it doarp!

Op in 'Kopspijkersachtige' wize wurde doarpsgenoaten neidien en dizze doarpsgenoaten bringe yn ferskate sketskes de brike setten fan tal fan ynwenners fan ús doarpenmienskip op it aljemint. Hoe treffend is bytiden de likenis mei de echte doarpsgenoaten. Dêr hat de ploech tige harren bêst foar dien. Ek de mimyk en de útspraak binne bytiden hast net fan echt te ûnderskieden. Boppedat dogge guon spilers der in skepke boppenop en dat makket it allinne mar moaier.

De Graaf fan Medwert, de beide Rinzes, de Douwes fan 'e Jouwer en de Hantumerútbuorren binne bygelyks treffend en ek de skets fan de âlderein yn harren koersbaloerke is in juwieltsje. It is in feest fan werkennen en dan docht mar wer bliken dat der prachtige minsken yn ús doarpen wenje.

En miskien is dat ek wol it antwurd op de fraach fan Simone Scheffer fan Omrop Fryslân. As reade tried troch al dizze ferhalen is ien fan de spilers yn har hûd krûpt en besiket mei mikrofoan en al by de ferskate typkes te ûntfytmanjen wat no it geheim fan de doarpen is. Wêrom gjin krimp by jimme yn it doarp?

Omdat wy gjin lange teannen ha, omdat der wer nij jong talint opstien is en net allinne op 'e planken, mar ek by it sjongen, omdat der wer in prachtige feestjûn foar de doarpen organisearre wurdt, omdat der wer lake wurde kin. Hulde foar de revuploech!

Pleatst: 25-03-2011 / 15:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

M(N)iks...

It ûnderwiis hat wer wat betocht. De saneamde funksjemiks. Jo meie sollisitearje nei in hegere funksje. Jo kinne op jo âlde dei LB-learkrêft wurde. No bin ik leau in C-learkrêft, mar miskien ek noch wol in G-krêft, ik wit it net iens...

Mar fansels giet soks net samar. Der binne wol funksje-easken! Dêr moatte jo al oan foldwaan, oars komme jo net yn oanmerking en moatte jo foar ivich in legere letter bliuwe. De learkrêften dy't foar sa'n hegere skaal yn oanmerking komme, ha al dy easken tasjoerd krigen. Moai soks, trije A4-erkes fol. Wa soe soks no betinke? Ik fyn it knap. Nim no bygelyks it folgjende:

Algemene theoretische, praktisch gerichte kennis en ervaring van het vakgebied, waarbij inzicht in organisatorische, sociale, financiële, technische, economische of juridische samenhangen in relatie tot het eigen werkterrein wordt vereist of zoals in het onderwijs het geval is, inzicht in de diverse culturele achtergronden van de leerlingen...

It mei dúdlik wêze dat ik de sollisitaasjebrief al klear lizzen ha. Acht bestjoer, dizze learkrêft foldocht oan alle easken! Hy kin sels Frysk skriuwe... Ferhip, dat stiet der net iens yn. En dat is dochs de kulturele achtergrûn fan dizze klaaifries...

Pleatst: 23-03-2011 / 22:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Handige pake...

Pake mocht justerjûn twa oerkes oppasse! Beppe wie op 'e dangel en doe bleau pake oer om 'e pakezizzer yn it each te hâlden. Stoer sei ik dat wy twa jongens grutbrocht hienen, dat dy twa oerkes soenen wy ús skoan rêde. De lytse pakesizzer kaam by ús thús, dat pake koe yn syn eigen omjouwing bliuwe en fansels is dat wichtich by it grutbringen fan it neiteam...

In waarden twa prachtige oerkes. De opdracht dy't pake meikrigen hie, wienen skoan te dwaan. Om acht oere hinne in skjinne pamper en in fleske drinkersguod. De tiid soe hy wol by pake op skoat trochbringe kinne en in oerke yn 'e boks koe fansels ek gjin kwea.

Moai om te sjen dat it boartersguod fan syn heit no noch fertuten die. Soks is tiidleas. Jo kinne it ek yn dizze digitale tiid fêstpakke, nei achteren swaaie en wer loslitte. It duorre dan ek net lang as alles lei bûten de boks, mar dan is pake der wer om it wer kreas te plak te lizzen. De plestik trommel makke noch itselde lûd as sa'n tritich jier lyn en mei dizze prachtige trommelklanken fielden jo je suver wer jong...

Om in oere as acht hie hy syn nocht en joech lûd. O hearken! De pamper en it fleske. Fluch út 'e boks en mei de tips út it tiidskrift Ook soenen wy ris even sjen litte dat wy it grutbringen fan bern noch net ferleard wienen. Mei de pakesizzer op 'e earm wie it multitasken al wat dreech, mar lokkich skeat it fleske my net út 'e hannen doe't ik it yn 'e magnetron sette. Wyltst de magnetron syn wurk die, koe ik de pamper moai omwikselje. Tûk net? Earst it fleske yn 'e magnetron en dan de skjinne pamper om. Tagelyk klear!

Alteast dat tocht ik... Pake wie net mear sa handich as tritich jier lyn en de knopen binne hjoed de dei ek oars. Wy brûkten noch felichheidsspjelden, mar soks mei hjoed de dei fansels net mear, pake soe him ris prikke kinne...

En de lytse pakesizzer mar gnize, hy fûn dat gegriem fan pake wol humoristysk. It is slagge en it siet ek noch wol kreas as sei ik it sels. Mar de magnetron wie allang klear... Rêstich ha wy de boel behimmele. Hy wie al wat lûlk doe't it fleske leech wie, mar doe't ik babytv opsette, wie hy ien en al oandacht. Nuver, hie ik it yn it foarige stikje net oer de genen? It soe dochs net... (Klik op 'e foto foar in fergrutting.) Sokke televyzjeprogramma's hienen wy froeger net, wy stoareagen allinne mar nei de wite keamerssouder.

Stadichoan waarden de eachjes lytser en it duorre dan ek net lang as pake en pakesizzers hienen de gerdyntsjes ticht. Sa no en dan waard hy even wekker en lake dan hiel bot. It koe net oars as hy dreamde oer de handige pake en de plakkerige pamper...

Pleatst: 19-03-2011 / 14:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn 'e genen...

Dit kranteberjochtsje út 1954 (klik op it plaatsje foar in fergrutting) kaam ik tsjin op ien fan myn favorite websiden www.langsdeluts.nl. Ik moast wol glimkje by dit berjocht. It kin net oars as it moat yn 'e genen sitte. Yn 'e famylje bin ik net ien fan de radiotûke mar fan 'e garaazjekant, mar ús pake Wieberen hat der foar soarge dat technyk en alles wat der mei te krijen hat, by ús yn it bloed sit.

It is dochs moai om te sjen dat no ien fan de fjirde generaasje ek wer mei triedden, kabels en televyzjes oan 'e gong is. Sa as bygelyks ferline jier by it doarpsfeest. Ek doe soarge in Van der Heide derfoar dat wy op in grut skerm de wedstriid fan Nederlân tsjin Brazilië net hoegden te missen.

Moai om te lêzen dat Van der Heide ferwachte dat yn 'e takomst mear en mear televyzjes ferkocht wurde sille. In foarútsjende blik, sille wy mar sizze...

Pleatst: 19-03-2011 / 13:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Skande...

Hantum hat al in oantal jierren in prachtich plan. In kommisje is drok dwaande (west) om alles kreas op papier te setten. Ek hat dizze kommisje ferskate ynstânsjes oanskreaun. Binne der sels op besite west en bygelyks it Wetterskip en de Wenningbouferiening wienen entûsjast. Wat in moaie plannen. En de plannen ha eins mar ien doel: de leefberens fan ús doarp yn stân hâlde. Mei in grut each foar duorsemens en wjerbrûken fan besteande gebouwen en wenningen. Sels kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma wie, by syn besite oan ús doarp, o sa te sprekken oer de plannen en trúnde de gemeente Dongeradiel sels oan om dizze foaroprinners net út it each te ferliezen.

Foar dizze plannen moatte jo earst tastimming ha fan de gemeente, dit is in wichtige skeakel yn it hiele proses. En ik moat sizze, dizze skeakel wurdt hieltyd swakker, hieltyd dubieuzer, se wurde sels mei de dei ûnoannimliker. Se reagearje nea op fersiken, litte neat fan harren heare en lûke oare doarpen foar. Doarpen dy't samar út it neat tastimming krije foar it bouwen fan datjinge wat wy graach wolle yn Hantum. Ja bêste minsken, jo krije binnen acht wiken antwurd op jo skriuwen. Mar litte dêrnei rêstich in jier neat mear wat fan harren heare. It is soksawat as: pas op gemeente-ynwenners, set de containers presys sa oan de dyk, oars wurdt er net lege. En by it opheljen wurde de lege containers rêstich yn 'e strûken smiten, wurde de deksels iepen litten, sadat se by thúskomst fol mei reinwetter steane. Wy moatte, mar sy meie alles...

It moaiste staaltsje fan heechmoed en arrogânsje koenen wy dizze wike yn it nijs lêze. Dokkum hat de ambysje elk jier sa'n 250.000 toeristen mear nei dizze stêd te lûken. En dêrfoar moat de hiele stêd oer de kop. Brêgen moatte ferhege wurde, der moat in stêdsstrân komme, ja wat eins net. Gurbe út 'e Ljouwerter krante neamde de Sintrale As sels al de Badwei, no dan witte jo it wol.

Mei in in stêd as Dokkum dan gjin plannen meitsje? Fansels wol, wêrom net. Mar gean dan net sa ferskriklike ûnfantsoenlik om mei de plannen fan de lytse kearnen! Hantum krige dizze brief fan 'e gemeente. En dêr steane safolle innen en oenen yn, dat it foar ús hast ûnmooglik is om hjir oan te foldwaan. Boppedat docht bliken dat de gemeente de plannen eins net iens lêzen hat, want se sprekke oer it wjerbrûken fan besteande gebouwen, dat dat eins wol in pree is. No bêste gemeente, ús plannen steane fol mei dit soarte fan oanrekommandaasjes. Nimme jimme ús wol serieus? Boppedat is it wol frappant dat wy lang om let ris antwurd krije, neidat kommissaris Jorritsma jimme ris stikelich tasprutsen hat op in regiogearkomst fan ûndernimmers...

Dat der plannen makke wurde, bêst, mar nim dan oare plannen ek mei. Boppedat binne de kosten fan ús doarpsplan mar in fraksje fan jimme miljoenenfersmitende stêdsplannen. De brêgen opheechje omdat de boatsjefarders dan in rûntsje om 'e stêd meitsje kinne. Dat is dochs healwiis! Lit se mar rinne, de bolwurken om. Dat is folle moaier en toeristysker. Foar ien hegere brêge kinne wy hjir in Hantum al ús plannen útfiere!

It skandeleaste yn dizze hiele plannenmakkerij fyn ik de wize wêrop de gemeente om giet mei de plannen fan hurdwurkjende frijwilligers, dy't al harren frije tiid belangeleas stekke yn de foarútgong fan harren doarp(en). Skynber achteleas wurt dêr nei sjoen, wurdt it oan 'e kant smiten en krije eigen belangen foarrang. Der is mar ien wurd foar: skandalich!

Pleatst: 12-03-2011 / 12:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rêstige jûnen en folle sealen...

In droege maart, in wiete april, dan giet it de húsman nei syn wil...

Dat wie eins it ienigste wat ik oer maart fine koe yn it wurdboek. Faaks blêderje ik der wat yn om om in moaie útspraak as siswize te op te sykjen, dêr't ik myn ferhaaltsje mei ôfslute kin. No draai ik it ris om, ik begjin dermei...

Dizze húsman wie letterlik in húsman dizze wike. Alle jûnen thús! Dat is in unikum! (Ja, ja, ik hear it jimme sizzen: en dan neat skriuwe? It bleau mar stil op 'e side...) Mar ja, dan moat der wol wat te skriuwen wêze, is't net sa? Meastentiids as jo jûns op 'n paad geane, heare jo wol wer ris in smout ferhaal. No wienen it allinne mar berjochten oer de stimmerij. En dêr woe ik net oan meidwaan. Ja, wol oan it stimmen, mar gjin praat deroer. Gjin stimmingmakkerij...

Justerjûn moasten wy yn Drachten optrede. Yn wyksintrum de Utwyk (foto). Ien fan ús fêste klanten. Buertferiening de Fontein hâldt dêr altyd harren feestjûnen en faaks meie wy dy opfleurje. Justerjûn wie ien fan harren topjûnen. Noch nea wie de seal sa fol, wat in minsken, der moasten sels stuollen byset wurde.

Dochs wie it bestjoer wat pessimistysk. Want de animo foar buertjûnen rûn werom. Der wie al in kollega buertferiening dy't opheven wie en ek in Sinteklazefeest foar de bern wie al ôfskaft, der kaam net ien mear. Boppedat mochten se fan 'e gemeente de âldpapier opbringst net mear hâlde, dat se seagen de takomst wat somber yn...

Nuver, dat alles weromrint. Thialf klaget ek al oer de leger wurdende tribunes, as ik de Ljouwerter fan juster leauwe mei. Mar wy kleie net! It liket allinne mar as by ús de sealen foller wurde. En as de sfear dan op sa'n jûn poerbêst is, dan kin it net oars as sokke fleurige jûnen bliuwe bestean!

Dan giet it dizze húsman nei syn wil!

Pleatst: 06-03-2011 / 14:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Geurt...

Yn Burum is ús fotofreon Geurt wer ris lâns west. Hy hat in hiele protte moaie foto's makke. Dizze foto's brûke wy altyd foar ús webside, as oar promoasjemateriaal. Hjir in (hiele) lytse seleksje... En witte jimme no wat sa moai is? Geurt docht it foar de wille, omdat hy it graach dwaan mei, hy hoecht der neat foar. Past krekt by ús!



Pleatst: 06-03-2011 / 14:45 oere - Reagearje? - Nei boppen