www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter

It kin noch krekt...

Bin ik wakker oan it twitterjen en pleats ik in moaie widget op dizze side (sjoch hjirnjonken...), wurket hy op ús kompjûter net mear. Hoe't dat kin? Ik soe it net witte. Mar it leit him oan Explorer 9, dat bin ik wol gewaar wurden. Foar de nijsgjirrigen ûnder ús: lyt.sr/tlvi8.

Sels op 'e tillefoan fan ús nije kollega wurket boppesteande widget perfekt. Moaie telefoan (ekskús, smartphone) trouwens, soe ek wol wat foar my wêze. Mar omdat it krisis is, bliuwt de telefoanponge ticht. Ik tink der boppedat oer om wer in telefoan mei in draaiskiif te keapjen, dat nijmoaderige guod ek allegearre.

Swipe, Android, Galaxy, WhatApp en iPad wat is der mis mei in Ericafoan? (Sjoch foto hjirûnder) Sa'n tellefoan ha wie jierren hân en och, och, wat wienen wy modern! It wie in brune en net djoer, want dy brune moast it al lûke kinne fansels...

Tsja, en hoe moatte jo no mei sa'n Ericafoan belje? Tink dêr mar ris oer nei...

Pleatst: 31-08-2011 / 18:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sniffy...

No, dêr wie der dan. It filmpke fan ús útstapke nei it Veenpark. It wurdt sa stadichoan in hiele samling. Yn it filmpke komt ek in stofsûger foar. In stofsûger dy't my by bleaun is! Wol frappant dat ik noch wist (en it sil sa'n fjirtich jier lyn wêze dat wy thús sa'n stofsûger hienen) dat dy stofsûger in aparte namme hie, want nei wat googeljen kaam ik derachter dat ik mei de namme net fier mis siet!

Dy stofsûger spruts doetiids wol ta myn ferbylding, want hoewol it (tink ik) net mocht, ha ik der hiel wat mei ôfboarte. De stâl siet in knik yn, dus dat koe ik moai as gewear brûke en der siet ek in lange buis as helpstik by en die koe ik dan moai wer as swurd, as ferrekiker as as kanon brûke.

En as jo op de sûger sitten gienen, dan waard de stofsûger in soarte fan elektryske biezem en fleagen jo as Harry Potter, dat sil doe fêst in oare namme west wêze, troch de keamer. Oan't mem sei: 'Do hast him dochs beet, kinst ek wol even de flier sûgje, hast ek sa'n rommel makke...'

Pleatst: 26-08-2011 / 00:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op stap...

Yn it foarige blog hie ik it al oer ús útstapke nei de bistetún fan Emmen. It filmpke dat dêrfan makke is, is klear. Famyljeleden kinne it fia de befeiligde side besjen.

No kin ik oan 'e gong mei it folgjende filmprojekt. Want ek fan ús útstapke nei it Veenpark yn Barger-Compascuum, ferline wike, is wer in filmpke makke. Dat wurdt in nostalgysk filmpke mei in heech hakke-puf gehalte. It wie ek wer in prachtige dei mei hiele moaie 'filmmominten'. Meikoarten mear, mei beweegjende bylden...

Pleatst: 22-08-2011 / 15:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fakânsjeflinters...

Rêstich hè?! Op de side bedoel ik dan. Ach ja, ik gean der fan út dat de measte lêzers op it strân fan Amelân as soksawat lizze en der hielendal gjin ferlet fan ha om elke dei te lêzen dat wy alwer rêstich wekker wurden binne, hearlik ús moarnsmiel behimmele ha, dat wy wer wiidwreidich de krante lêzen ha en dat it gers fan ús natoertún ek wer kreas meand is... Boppedat ha wy ús fototastel útliend, dat in moai plaatsje fan ús fakânsjeadres sit der ek net echt yn.

Bart der dan hielendal neat yn dizze fakânsje? Jawis wol, mar de lêzers hoege fansels ek net alles te witten, wy genietsje folop en it is ek wolris goed om de kompjûter út te litten en bygelyks nei de radio te harkjen. It giet derom wei! Elke middei hâldt Klaas Jansma ús op 'e hichte fan de formule ien fan de wettersport. Teminsten sa neamde Frits Wester it skûtsjesilen. Hy siet okkerdeis yn de salonboat Gaasterlân om syn ferslach te dwaan fan in dei skûtsjesilen.

Klaas die it mar mâl juster, doet de Raerder Roek yn oanfaring kaam mei de Lytse Lies. Dan bin ik slop! Klaas flokte der benei oer doe't skipper Kalsbeek in flater makke en de Lytse Lies net foar gean liet. Dan kinne jo suver de radio wat sachter sette, dan giet it derom wei. Mar dat makket it skûtsjesilen ek wer moai. Net om dy grutte boaten dy't earne yn Fryslân op it wetter omdobberje, mar om it kommentaar fan Klaas, de Theo Koomen fan Omrop Fryslân.

Net iens sa'n gekke ferliking fan Frits Wester. By de IFKS ha se ek sokke moaie nammen, krekt as by de Formule 1. Tony Brundel, Delmer Los, Siebo Zijsling en Jilles Bandstra. As jo sokke nammen heare, dan is it krekt as fleane se yn in Ferrari as in Mclaren oer de Sleattemermar. It is suver wat in antyklimaks as jo dan heare dat se oan it roer sitte fan de Lytse Lys, de Grutte Pier, de Striidber en de Lonneke...

En wy ha sneintemiddei o sa'n moai útstapke makke nei it Noorder Dierenpark yn Emmen. It waar wie wat reinich, mar neffens ús mobile buienradar soe it nei twaen droech wurde. En dat kloppe. It wie prachtich droech waar foar in middei dierentún. It bliuwt in moai park dêr't fan alles te belibjen is. Sa as dy moaie flinter dy't by Hidde Wilko op 'e jas sitten gie. Wy wienen der hielendal stil fan en wy wienen allegearre fol oandacht. Hidde Wilko hie it sels net iens yn 'e gaten, mar wy fûnen it allegearre prachtich!

Abrupt kaam der in ein oan. Om't wy ien en al each hienen foar de flinter, hienen wy net yn 'e gaten dat de bernewein op 'e loop gie. Mei in grutte gjalp jaagden wy net allinne de flinter fuort, mar spatten wy ek nei de bernewein, dy't in tal meters fierder it 'oerwâld' yn sketten wie.
Letter komt der foar de famylje noch in moai filmferslach fan dizze gesellige reis. Trouwens ek in moaie IFKS-namme: Hidde Wilko oan it helmhout fan de Bûnte Flinter...

Sjogge jimme dat frjemde plaatsje boppe-oan dit stikje? Ek dêr bin ik mei oan it pielen west. It is in saneamde QR-koade. Jo komme se hieltyd faker tsjin. Jo kinne sa'n koade skenne mei de mobile telefoan en dan krije jo in ferwizing nei bygelyks in webside. Jo kinne ek sels sokke koades meitsje. Boppesteande koade kin ek skent wurde en dan komme jo as fansels op dizze side telâne. Aardich soks en ek in moaie fakânsje ferdivedaasje...

PS. Jimme tinke miskien: hy hat it fototastel dochs útliend? Kloppet, mar dizze foto is makke fan it filmpke dat meikoarten yn premiêre giet...

Pleatst: 16-08-2011 / 20:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tsjotterje...

It sil trouwe lêzers fêst opfallen wêze: allegearre lytse oanpassingen op de side. Omprutse, sa kinne wy it ek wol neame, want as jo ien kear oan 'e gong binne, ûntdekke jo allegearre wer oare aardige tapassingen.

Sa is der no in diel fan 'e side ôfskerme mei in wachtwurd en is de makker fan dizze side oan it twitterjen slein. Ach ja, de moderne tiid sille wy mar rekkenje. Wa wit dat der de kommende dagen noch mear oanpast wurdt. It is fakânsje en mei sok reinich waar kinne jo moai kompjûterje...

Pleatst: 09-08-2011 / 21:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Het ging mal...

Ynienen in hiele hurde wyn. In hiele driigjende loft en alles wappere en klappere. It wie ek sa wer oer. It die bliken dat der flak by ús in wynhoas oerkaam wie. Ut Ternaard wei seagen se de hoas oer it lân lûken. (Sjoch filmke) Ternaard leit noardlik fan Hantum en it filmke lit in byld rjochting Hantum sjen. De kommentator seit dat Wybe en Gepke mar even belle wurde moatte en dy wenje by ús yn 'e strjitte yn it hûs fan âld buorlju dy't no yn Foudgum wenje. Krekt in bytsje súdliker fan Hantum.

It tafal wol, dat it hûs fan dy âld buorman, de famylje Boersma, wol troffen is troch de wynhoas. Op Omrop Fryslân is âld buorman syn ferslach te hearen. Lokkich is Hantum der goed foar wei kaam, en lokkich yn ús buordoarpen allinne mar materiele skea. Dêr rêdt, sa as Frederik seit, Interpolis him wol mei...

By ús is fierders alles goed. Wy hienen net echt yn 'e gaten dat it noch sa slim wêze soe...

Pleatst: 06-08-2011 / 23:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hé buorman...!

No, de hage is derôf (en de pispotten ek) in nuver gesicht, strak knipte hagen mei de bleate sketten fan de buorlju dy't der boppe út stekke. Mei opset sin ha ik gjin foto makke, fierstente kreas. Hie ik it juster oer in folle kontainer? No, it binne der fiif folle jiskesekken wurden. De kontainer koe it net mear yn. En dan binne de âlderwetske grize jiskesekken in útkomst!

Dy steane no achter it hokje út te rêsten fan it deryn propjen fan de túnman. En steane te wachtsjen op it langskommen fan de jiskeauto. Dizze wike is de grize kantainer oan de beurt, dat mei fjirtjin dagen kinne de sekken mei. Hoe? Gewoan, oan 'e dyk wachtsje dat de griene kontainer lege is en dan hurd in sek deryn leegje. Finne de sjauffeurs altyd oh sa aardich. Mar wy ha ús reinigingsrjochten betelle, dat se kinne sa'n oanbod net wegerje...

It hat even duorre foardat alles oan kant wie en ús tún der hast Ingelsk útseach, want ik ha in praatsje hân mei al myn trije buorlju! De twa dy't njonken ús wenje en de achterbuorman. Dy achterbuorman klaget altyd. Ik hoech mar mei in skoffel it hok út te kommen as hy raast alwer. Moat dat no buorman?! Dat mei in praatsje besykje ik him wat op 'e lije side oan te kommen yn de hope dat hy stil is as de hageskjirre as de meanmasine begjint te ratteljen.

Oars hie ik sân oere wol klear west. Mar mei al dy oer-de-hage praatsjes waard it wol njoggen oere. Ja sels in âld buorman kaam noch even del op syn fyts. Hy kin mar gjin ôfskie nimme fan ús gesellige strjitte sille wy mar rekkenje.

Dat de tún kin wer in pear wiken mei, op nei it folgjende fakânsjeprojekt...

Pleatst: 03-08-2011 / 01:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kniptrauma...

It is dochs ivich sûnde om de hage te knippen. Ynearsten is hy moai grien en jout hy in echt Gaasterlân-gefoel. En twad sit hy fol mei de moaie wite Spoekeblommen. (Haagwinde)

Dizze plant hat in hiele protte moaie Fryske nammen: de Falblom, it Haachklokje, de Klokjeblom, de Pispôt, de Reidklimmer de Reidroas en de Romerblom. Wy binne oars net sa pispotterich, mar it stiet dochs echt yn it wurdboek! En dan te betinken dat guon dit túch fine. En it stiet op dizze side op it tredde plak fan de meast ferfelende túchsoarten. Nuvere minsken binne der dochs mei harren moaie betontunen fol jiskerige fjoerkuorren en hippe terrasmeubels fan de Karwei.

Hawar, moarn kinne de buorlju dy't harren ergerje oan al dit moaie grien, wer blierhertich sykhelje en sit ús griene kontainer wer hielendal fol.

Neffens dizze side tinke de Maori út Nij Seelân dat dizze plant helpe kin by it ferwurkjen fan trauma's dy't oprûn binne yn de skoalletiid. Miskien it tip foar âld learlingen? Sil ik dan mar even wachtsje mei it knippen? Ik kin se fansels ek plukke en droegje litte en dan der mar in ladderich bakje tee fan sette. Mmmm...

Pleatst: 01-08-2011 / 16:13 oere - Reagearje? - Nei boppen