Iepenloftspul…
Nettsjinsteande myn hekel oan iepenloftspullen (dêr skriuw ik letter noch wol ris oer…) is it in prachtige en útdaagjende tiidsbesteging. ..
Dochs doch ik mei. Ach toanielspylje is altiten moai. Boppedat waard ik frege. Soks fyn ik dan wol wer in eare. Dat fuort dan mar wer. Mar ik doch gjin audysje, sa einige ik it petearke foarôf. Graach as net. It wie gjin beswier…
En salang as it binnen oefenjen is, is it hiel goed te dwaan. Boppedat ek hiel moai om ris oan in oare kant te stean; gjin regisseur, gjin spiler fan in eigen selskip en gjin skriuwer fan it stik. Learsum en jo leare in protte oare minsken kennen.
Oan’t safier de positive arguminten. Jo moatte fleurich begjinne is’t net sa?!
Mar no komt it…
Ofrûne freedtejûn oefenen wy foar it earst bûten. Fuortendaliks in befêstiging fan myn ôfkear. It wie glûpende kâld. En dan steane jo dêr. Grauwe jas oan, sjaal om, katsjes oan ‘e hannen. Boppedat sûze de wyn wakker yn my hearapparaten. Dat it wie dreech om alles te ferstean… Lokkich wie it droech.
Dat is ek in wichtich punt! It moat eins droech wêze! Jo meie gjin paraplu mei op de tribune. Oer tribune sprutsen, dy hurde planken sitte foar gjin meter. As jo gelok ha, binne it stuoltsjes. Mar dy helje it fansels net by de moaie teäterstuollen yn de ferskate sealen.
De omjouwing spilet faaks ek net mei as jo yn de iepenloft sitte. Wy binne ris nei in foarstelling west dy’t him moarns betiid ôfspile. In wichtich ûnderdiel fan de foarstelling wie de opkomst fan de sinne. Jimme riede it al, der wie gjin sinne te sjen. De loft tige berûn en om dochs noch de yndruk te jaan dat de sinne opkaam, waard der op in eilantsje fierderop in grutte healrûne houten sinne omheech lutsen.
Dan wer rydt der in auto lâns. As noch slimmer: in knetterjende brommer. As de klok liedt; krekt op in momint dat soks hielendal net past. It lûd is faaks ek mar sasa. Foaral foar minsken mei brike earen sa as ik…
Nei in foarstelling midden yn de lannen njonken de Burgermer Mar, prate ik ris mei de lju dy’t de technyk fersoargen. Dat wie noch in hiel o heden. Want der wie gjin stroom op dat plak. In generator? Gjin opsje, tefolle leven. Lange kabel? Foel ek ôf, want dan wie der wol sa’n kilometer tried nedich. Flakby stie sa’n stroomhúske. En yn oerlis met it enerzjybedriuw koe dêr de stroom weihelle wurde. Oer de kosten waard mar neat ferteld. Mar dat lit him riede…
Dan tink ik mar ien ding: bliuw binnen! Hokfoar mearwaarde hat in iepenloftspul? Yn myn eagen neat. Ja, jo ha wat in grutter spylflak. Mar fierders foeget it neat ta oan it stik. Betiden docht in iepenloftspul mear ôfbreuk oan de foarstelling: omjouwingslawaai, stekkende miggen, kâlde fuotten, hurde bankjes, healsalich lûd, min waar, hurde wyn en hege kosten. En dan ha wy sokke moaie teäters en doarpshuzen yn Fryslân. It is gewoan in hype. Wy ha ek in iepenloftspul! Wy sette ús doarp ek op ‘e kaart! Op nei de Gouden Gurbe!
Wy sille sjen. Miskien skriuw en tink ik ein juny wol hiel oars oer dit Fryske fenomeen…
Eardere ferhalen oer de iepenloft:
Broeksterwâld: Kooiboys
Foto’s: Masqueradetheater.nl
ChatGPT
Pleatst: 21-05-2025 -22:50 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2025