April yn maaie…
Njonken optredens mei ús eigen duo en de regissearklussen fan ôfrûne winter, no wer in nij teäterprojekt! Ik doch mei oan it iepenloftspul: Brêge nei Frijheid fan it Masqueradetheater.
In útdaagjende klus. Want ik ha my perfoarst foarnaam om my nearne mei te bemuoien. Want dy oanstriid is fansels grut. Mei safolle poadiumûnderfining mei in berch optredens en al dy regissearputsjes is der altiten wol wat oan te merken. Dat soene jo ek sa dwaan kinne…
Mar dat stilhâlden slagget poerbêst! Under lieding fan in tige entûsjaste regisseur besykje wy de wat moais fan te meitsjen. Nettsjinsteande myn hekel oan iepenloftspullen (dêr skriuw ik letter noch wol ris oer…) is it in prachtige en útdaagjende tiidsbesteging.
De ûndersteande trailer is makke troch ús âldste pake- en beppesizzer en syn jongere suster spilet ek mei yn it stik.
It is hast in famylje-oangelegenheid. Hoewol, der binne wol mear famyljerelaasjes yn de spilersgroep…
Yn de trailer de spyldatums! Allegearre komme fansels!
Pleatst: 06-05-2025 -15:15 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2025