‍Suwâld…

‍

‍Hobbeldebobbel oer de drompels en healwize rotondes binnentroch nei Suwâld. Foar in optreden fan Klún & Knoffelhakke. Hoewol, binnentroch? Hoe komme jo oars yn Suwâld? 

‍

‍De Suderfinne hjit it moaie doarpshûs fan dit moaie doarpke yn in úthoeke fan Tytsjerksteradiel. Trije jier lyn is it foar in grut diel ôfbrând, mar mei in protte help fan frijwilligers dy’t de skouders derûnder set ha, is it no wer in prachtich plakje wurden!

‍

‍Us gasthear Henk, dy’t eins Hendrik hjit, joech ús in lytse rûnlieding. Wêrom neamst dysels gjin Hendrik? sa sei in ferheard. Ach, it makket my neat út. De iene seit Henk, de oare seit Hendrik. Dan neam ik dy tenei Hendrik, sa wie myn reaksje. Ik fyn it bêst, sei Hendrik en hy rôle de stuollen nei binnen.

‍

‍Hendrik hat goed op ús past. Boerekoal mei speklappen en woarst, drinken safolle as wy ha woene, bitterballen en oare waarme hapkes. It koe net op. Do tinkst goed om ús, sa wie myn reaksje nei de safolste traktaasje. Ja, sei Hendrik, dat fyn ik hiel wichtich, goed op ús gaste passe…

‍

‍It waard in sfearfol optreden. Noflik publyk dat hearlik meilake mei ús grappen en grollen. 

‍De doar nei de seal, dy’t wy hieltiten brûkten om nei binnen te gean, waard stadich wat dwerser en koene wy op in stuit net maklik mear ticht krije. En dan duorret it fierstente lang ear’t wy by it poadium binne. Boppedat siet der publyk deun by dy doar. En om dan iderkear deselde persoan oan te sprekken, want soks kinne wy fansels net litte, is foar dy persoan ek wol wat ferfelend. Yn it twadde diel ha wy de doar mar oerslein en kamen wy op troch de doar njonken it poadium. 

‍

‍Yn doktersklean stie klear ik klear achter dy poadiumdoar. Dokter moast opkomme at de omropster sei: Wy krije aanst it programma Opsporing Verzocht… Mar dat kaam net. Ynstee dêrfan sei de omropster: En dan krije wy no it programma de Hierkaamstrjitte… Aah, dat wie de folgjende sêne! Yn oare klean!

‍

‍Dat as in spear nei de klaairomte en omklaaie. De omropster dy’t ek ôf moast, seach my fleanen en sei letter tsjin my: Och, dy kloat, hat hy de ferkearde klean wer oandien…

‍Lokkich klonk der in muzykje om de poadiumstilte te ûnderbrekken en dochs noch op ‘e tiid kaam menear Aad suver achter de pûst foar it ljocht…

‍

‍Nei ôfrin sei myn maat: Oh, neffens my ha ik wat oerslein… ik mar tinke datsto de ferkearde klean oandien hiest. *

‍

‍Nei it opromjen noch even in gesellige neisit yn de smûke bar. In mem dy’t ik koe fan myn tiid as master oan de skoalle yn Tytsjerk, kaam spontaan op my ôf en joech my in dikke knuffel. Hoe is’t mei dy?! Moai soks, moai dat men mei nocht oan de âld master werom tinkt…

‍

‍Ek wiene de fiif Alde Wiven út Oranjewâld by ús op besite. (Ik moast perfoarst âlde wiven sizze…) Se woene ús sjen foardat wy takom jier by harren optrede sille. De âlde wiven foarmje it organisaasjeteam fan de Wâldsterjûn. Wy ha der al faker west, mar se woene it earst graach sjen. Want Dit kin net Mear spylje wy ek noch wolris. En se woene graach ien fan dy twa nei Oranjewâld helje. Mar spylje jimme it oare ek noch earne? Nee, helaas net, dat de kar sil dreech wurde. Mar ús makket it neat út. Siz it mar, sa wy myn reaksje. Mar ik tink dat de froulju der ûnderweis noch oer fergaderje moasten, want se joegen gjin foarkar oan…

‍

‍Nuver petear trouwens. Ik tusken de âlde wiven. Oan in rûn tafeltsje yn de foyer fan de Suderfinne. Ik mei myn brike earen yn al dat lawaai. Hieltyd moast ik freegje: Watseisto? Op in gegeven momint sei ien fan dy froulje: Sy hat fanemoarn de hûneprik helle…

‍Hu? Hûneprik? Wat is dat no wer. Ik bin ek op leeftiid, mar ik ha noch nea in oprop fan dokter hân foar de hûneprik. As bedoelt se ien fan har hûnen? Mar wêrom hat sy dêr dan noch lêst fan? Coronaprik! Se hat de coronaprik helle! It liket ek net iens op elkoar…

‍

‍No ja. It wie in prachtige jûn! En hobbeldebobbel wer op nei hûs. Mei in fleske bier en in droege woarst op ‘e achterbank. As beleanning foar ús optreden.

‍

‍*) Eins kloppet it wol wat myn maat sei: Hat hy de ferkeade klean wer oandien. Want by oare optredens stie al in pear kear klear yn de klean fan menear Aad. Wilens de de toskedokter oan bar wie. En as de omropster dan sei: Opsporing Verzocht, skeat it my wer yn ’t sin. Dan as in raket nei achteren om de doktersjas. Sjoch goed nei njonkensteande foto. As jimme de foto grutter meitsje, sjogge jimme dat ik de doktersjas ferkeard om oan ha. En ik hâld him ticht, om’t de knopen oan ‘e binnekant sitte. Fanwegen de haast sille wy mar sizze…

‍

‍

‍

‍

‍

Pleatst: 18-10-2026 -14:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2026