Freonen foar it libben…


Ien kear yn it jier hâlde wy ús freonedei. By toerbeurt organisearje in pear fan ús dizze dei meastal yn septimber. Dy dei kin oeral hâlden wurde. Dêr wêr’t it leuk is tôgje wy hinne. Fytse, fare, tuk-tukke, op de solex as gewoan kuierje. Altiten is it wer moai en gesellich.


Dit kear wiene wy wol op in hiele moaie lokaasje. Yn Balk! Us berteplak en it doarp dêr’t ús freoneploech ûntstien is. 


Wy koene elkoar yn de jierren santich fan skoalle, fan de sportferiening, fan tsjerke as fan de buert én wy hiene hast allegearre deselfde leeftiid. En meielkoar giene wy op stap en doe’t wy wat âlder wiene, meielkoar op fakânsje. 


De groep hie syn eigen dinamyk. Bytiden wiene guon in skoftsje ‘ôfwêzich’ fanwege in fêste ferkearing as drokte mei de stúdzje. En soms kaam der ien by dy’t it ek gesellich fûn by de ploech en dy’t wer fia in oare ynstek kunde hie oan ien fan ús.


Altiten wiene jo (wer) wolkom. 


En sa ûntstie ús ploech en waard it in groep fan sa’n 15 jongeren en letter mei de partners derby ek noch twa kear sa grut!

Wy hiene gjin keet as soksawat. Ja yn it begjin wol, doe sieten wy altiten yn in âld wentsje dat op de nominaasje stie om fanwegen de útwreiding fan Balk ôfbrutsen te wurden. Mar dat hat net sa lang duorre, want doe waard it Haske iepene.


Dat wie pas moai!


It Haske wie/is in jeugdsintrum dat mei help fan de gemeente yn in âlde skoalle stâl krige. Mei in bar, in diskotheek, in spultsjeseal en neam alles mar op wat de jeugd fan doe moai fûn. En it aldermoaiste wie dat wy ek meihelpe mochten! Sa sieten guon fan ús yn it bestjoer (mei folwoeksenen) holpen mei mei alderhande karweikes en mochten bartsjinst draaie. 


It Haske waard ús fêste moetingssintrum. In jûntsje stappen begûn yn it Haske en fanút it Haske fleagen wy yn ús buske oeral hinne. Nei oare feestjes as diskotheken yn de omkriten.

Nei in jûntsje stappen kamen wy faaks ek werom yn it Haske. Om’t ien fan ús bartsjinst draait hie, hie hy faaks de sleutel by him en namen wy der nei in drege jûn noch ien op…


De eigener fan it kafee tsjinoer it Haske hie dat wol yn ‘e gaten en hy sei ea ris tsjin in folwoeksen Haskebestjoerder: Wat tinke jo dat se dêr dogge? Se sitte dêr fêst net te miggeflappen…


En soks komt dan allegearre wer boppen op sa ’n freonedei. Want dizze dei waard hâlden yn ús ‘eigen’ Haske!

It waard it bysûndere dei. Mei in hiele grutte ploech, mei lekker iten, besteklik praat en mei in moaie nostalgyske kuier troch Balk.


De kuier wie ûnder lieding fan in âld doarpsgenoat, in eardere inisjatyfnimmer en bestjoerder fan it Haske. Hy wist ús ek te fertellen dat mei 1 oktober dit jier de stekker út it Haske giet, it hâldt op te bestean. It soe earder, mar fanwege ús freonedei wie it Haske spesjaal noch in pear wiken langer iepen…


Moai dat wy op dizze wize it Haske nei sa’n 40 jier (ôf)slute koenen. Eins soe dat mei grutte letters yn de Balkster krante moatte: Vriendenploeg en barkeepers van weleer sluiten met weemoed  de deuren fan it Haske…



Sjoch hjir foar mear foto’s.


Werom


Pleatst: 19-09-2018 - 08:00 oere - Reagearje? - Nei boppen







 © webdesign: www.vanderhei.de - 2018 

In persoanlike webside

h@vanderhei.de