Logobutton…
Doe’t wy krekt yn Hantum wennen, duorre it net lang as ik siet yn it keatsbestjoer. Skriuwer. Dat koe master moai dwaan.
Myn buorman hie my entûsjast makke, dat wie in echte Hantumer en in fanatyk keatser. Ek wol wat foar dy, do bist wol sportyf oanlein. Keatsen bestie net yn Gaasterlân, mar myn (folly)bal gefoel soe my der fêst trochhinne skuorre. Sjen oft dy master wat keatse kin, sa wie it kommentaar fan de mantsjes op it bankje achter it perk. Mannen dy’t doe myn âldens fan no hiene.
Ik woe my net kenne litte, dat ik keatste, neffens myn gefoel, omraak. No dat foel ús net ôf, sa seine dyselde Waldorf en Statlers nei ôfrin. Mar man, wat die de hân my sear. Ik koe it stjoer fan myn fyts hast net iens beethâlde…
Skriuwer fan de klup dus. Mar om’t wy mar in lytse, noch net sa hiel âlde doarpferiening wiene, wie alles noch net sa offisjeel. Wy hiene gjin moai logo bygelyks. En om’t ik graach tekenje mocht, duorre it net lang as ek de Kletsers hiene in logo. 100 Kear kopiearje en wy koene se moai útknippe en brûke op ús brieven en posters.
Yn in fleurige bui ha ris mei kleurpotleaden ien ynkleure. En doe’t wy foar skoalle ris in buttonapparaat liend hiene, makke ik der ek twa buttons fan. Ik ha se nea ophân. Ik hie se by ús thús op it prikboerd hongen. En dêr hingje se noch altyd…
Doe’t de hjoeddeiske foarsitter op in middei by my kaam om te oerlizzen oer it digitaal meitsjen fan dit logo, kamen dy âlde buttons ek op it aljemint. Sjoch, sa toande ik myn analoge buttons, de earste ûntwerpen hingje altyd noch op ús prikboerd…
It digitalisearjen is goed slagge, dat de klup kin no dit digitale logo mar omraak brûke. Op de webside, op harren mailing en no ek op harren klupklean.
Om my te tankjen foar dit digitalisearputsje, krige ik op de slotdei fan dit seizoen in aardichheidsje fan it keatsbestjoer. In kadobon en in nije button! Koe dy moai njonken dy âlden hingje. Dan wie alles wer up-to-date!
Moai dat dy potleadtekening fan doe noch hieltiten brûkt wurdt. In unyk logo. Mar ja, dat krije jo as jo minsken fan de sângrûn soks meitsje litte…
Pleatst: 30-08-2025 -15:25 oere - Reagearje? - Nei boppen
Houdini…
Sûnt in lange tiid wiene wy wer ris yn ús haadstêd. Us âldste pake-en beppesizzer wie by ús útfanhûs en wy woene op dizze middei ris aktyf oan ‘e gong.
Wy hiene in escaperoom reservearre… By Escaperoom058 om krekt te wêzen.
Dy ûntsnappingskeamer wie oan ‘e Emmakade. Midden yn ‘e stêd. Dat earst mar ris útsykje oft ús Transit yn ‘e parkeargaraazje paste. De transporter wie doetiids gjin probleem, mar wa wit wie ús nije bus wat heger en soene wy fêst komme te sitten. Foel ta. Ek dizze Transit Custom wie gjin probleem foar de parkearkelder ûnder it Wilhelminaplein. Us auto koe oan it ein fan ‘e middei maklik ûntsnappe…
Nei’t wy útlis hân hiene en wy ús persoanlike besittingen én ús telefoans yn in klûs dwaan moasten, waarden wy mei in blyndoek op nei de Houdini-escaperoom brocht. Dy keamer hiene wy om 13:00 oere fêstlein. Wy krigen in oere de tiid om dêr út te ûntsnappen.
Blyndoek? Ja. Alhiel yn de styl fan de wrâldferneamde boeiekening Houdini waarden wy allegearre fêstsetten mei kettingen en hânboeien. De tagongsdoar waard ôfsluten en nei’t wy fia in lûdsprekker it ynliedende ferhaal oanheard hiene, mochten wy ús blyndoek ôfdwaan.
Doe begûn it aventoer…
Earst mar ris los besykje te kommen. Geweldich, wat waard dit in ûnderfining! Wêr binne de kaikes? Hoe krije wy de doar los fan de twa finzenissen wêr’t guon fan ús yn opsletten wiene?
Lokkich slagge it. Fia alderhande ‘geheime’ lûkjes, skoattels en izeren takels krigen wy de kaaien yn hannen en koene wy ússels losmeitsje. Ik fertel it hjir yn ien sin, mar leau my, it wie in hiel oh heden. It wie ien grutte speurtocht nei de befrijing. Mar troch gear te wurkjen en logysk nei te tinken kamen wy allegearre los.
Wat wie dit in enervearjende ûnderfining! Troch puzels op te lossen, handichheidsspultsjes út te fieren en alderhande ark en attributen goed yn te setten kamen wy fierder. Der moast sels ien fan ús yn in grutte kiste plak nimme. En nei’t wy op in Hans Klok eftige wize trije (echte) swaarden yn de kiste stutsen hiene, kamen wie fierder en koe dyjinge dy’t yn de kiste siet plak nimme yn de njonkensteande pot-tichte klûs wêryn (alteast neffens de mjitter boppe-op de klûs…) it soerstofgehalte stadich nei ûnderen gie…
Elke kear at wy in opjefte goed útfierd hiene, gie der in doar iepen dy’t ús fierder nei de útgong late.
Wy wiene der hast! Wy moasten noch troch ien doar. Wy seagen de kaaien hingjen, mar krigen dy mar net te pakken. Wat wy ek besochten.
En doe wie de tiid om…
Doe’t de begelieders ús fertelden wat dy lêste oplossing wêze moast, baalden wy as in stekker. It lei sa foar de hân. Mar ja, wy mochten neffens de spulrigels neat mei ham en gram stikken meitsje…
Dêr lit ik it mar by. Want mochten jimme dit fantastyske aventoer ek oangean wolle, dan soe ik mei noch mear oanwizingen jimme op de goeie wei helpe kinne. Mar dit is echt in oanrieder! Wat hiene wy in prachtige middei dêr yn de kelder fan it âlde PEB-gebou…
Sa’t jimme begripe ha wy gjin foto’s fan dit spannende aventoer. De telefoan lei ommers yn ‘e klûs?! De foto’s dy’t jimme hjir sjogge komme fan pixabay.com en it filmke fan de webside fan Escaperoom058.
Pleatst: 07-08-2025 -20:15 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2025