Oerstallich…


Fansels moast ik der even by lâns want it wie grutte útferkeap by ús yn it doarp. Hantum wie dizze sneontemiddei omfoarme ta Beverwyk-Open-Air mei foaral ek bernsbern dy sieten te wachtsjen op in mega oankeap fan dizze pake.


Mar hoe komme jo hjoed oan de dei oan lytsjild? Want pinne koe fêst net by de kleedsjeferkeapers…


It hiele hûs troch… Alle potsjes en laadsjes wêr’t ek mar wat lytsjild yn sitte koe, waarden oer de kop helle. En oh wunder stuite ik op in skatkistke dêr’t mar leafst foar 20 euro oan 2-euromunten yn leine. Oh heden, miskien moast der wol in winkelkarre mei…


Ik wie noch mar krekt om ‘e hoeke doe’t in doarpsgenoat my tarôp: Wy hawwe ek kofje! Hy siet tegearre mei syn frou achter it kreamke fan harren soan. En dy soan kinne jo wol omskriuwe as in grut sakeman, want njonken dizze Oprit-Ferkeap-Kream is hy ek noch eigner fan in bloeiend hoveniersbedriuw, in restaurant, hat hy in snobberswinkel mei in noch grutter assortimint as Jamin en giet hy yn de wykeinen op ’n paad mei in echte drive-inn disko. En miskien bin ik ek noch wol in takke fan syn multi-ûndernimming fergetten, want yn de ûngetiid sjoch ik him ek noch wolris op syn skelter yn de kuil. It soe samar sa wêze kinne dat hy ek noch in slommerjend leanbedriuw beheart…


Ik gean earst in slach om! sa wie myn antwurd op heit syn gjalp. Kom ik aanst wol wer!

Ja, mar dan is de kofje âld, sa wie syn tûke antwurd. Jo begripe, de soan hat in net fan in frjemd.


Ik bin al om, rôp ik werom en langjend nei dat hearlike bakje kofje teach ik nei de kream. Jo krigen der ek noch ik hoekje keek by. In moai begjin fan myn reis troch de set-alles-mar-oan-de-dyk-middei.


Doe’t ik by it kreamke fan de pakesizzers oankaam, wiene se al sa snoad west om in assortimint foar pake klear te lizzen. Spitich, der siet neat foar my by. Want ik hie my foarnaam om allinne wat te keapjen at it my echt oanlokke en at ik it echt brûke koe.

Wy ha thús spul genôch want ús hûs is ien grut vintenge museum en om dêr no noch mear oan ta te foegjen… Eins soene wy sels op in kleedsje by de dyk sitte moatte mei ús oerboadige húsrie. (Tún soe fol stean…)


Lokkich koe pake noch wol meidwaan oan in lotterij. Se hiene op in flipover in grut roaster tekene mei hûndert nûmere hokjes en yn ien fan dy hokjes koene jo je namme skriuwe en dan soene de bern oan it einde fan de dei lotsjes lûke mei de winners. Der wiene 7 pryskes te ferdielen. De twadde twa euro fleach alwer út ‘e bûse. Pake folde 5 hokjes yn. Ik seach de priis al temjitte kommen, want as jo eigen pake meidocht, dan liedt dat fansels ta in leafdefolle matchfixing…


Nei dizze twadde stop teach ik fierder troch ús doarp. Jo koene te kust en te keur. Mar eins wie it wol in protte fan’t selde. Meastentiids boartersguod dat de opgroeiende bern net mear brûke en dat se tink ik sels útsykje mochten om op it kleed te lizzen. De measte ferkeapplakken bin ik dan ek sa foarby rûn. Spitich foar ús doarpsgenoaten, mar sa as ik sei: allinne as wy it echt brûke kinne...


Yn de haadstrjitte fan ús doarp hie ien fan ús doarpsgenoaten syn garaazje iepen set en op in pear tafeltsjes lei in ferskaat oan guod. Gjin boartersguod, dat dan wer net, mar gerdineroeden, boeken, âlde potten en pannen en mear fan sok spul. Mar ek no wer siet der net wat foar my by. Miskien in boek? sa frege ús doarpsgenoat. Want hy hie wol yn ‘e gaten dat dizze man mei lege hannen fierder toffelje soe. Om him wat temjitte te kommen, dûkte ik dochs yn de doaze mei, benammen, planteboeken.


Aha! Dochs wat! In moai tsjok boek oer wylde planten. En de trouwe lêzer wit dat ik wylde planten wol nijsgjirrich fyn. Trije euro moast hy derfoar ha, mar ik koe it nei stevich hantsjeklappen foar twa euro meinimme.


Ha jimme al útrekkene hoefolle der fan dy 20 euro oer is?


Mei it tsjokke boek ûnder de earm kuierde ik fierder. Meastentiids wie ik gau klear by de kleedsjes en sei tsjin de ferkeapers: Spitich, der sit eins neat foar my by. No kinne jo út piëteit wol guod fan harren keapje, mar ik soe koste wat it kost by myn motto fan dizze middei bliuwe.


Mar dat wie yn de strjitte dêr’t ik no oankaam wol in hiele toer! It wie suver de strjitte mei it measte oanbod. Hast hûs oan hûs wiene der ferkeapplakken ynrjochte en elk tôge op strjitte om. It wie suver gesellich, de kringloopwinkel fan de Fûgelpits wie der neat by. It begûn fuort al by it earste kreamke. De bewenners fan it hûs sieten noflik bûten en seagen de geselligens goedkarrend oan. De man fan dizze húshâlding siet noflik op in âlde rollator de boel oer te eagjen. En dan moatte jo derom tinke wat je sizze…


Wat sitsto dêr moai op dyn rollator…

Hy is net fan my, mar kinst him wol keapje.

No, dêr bin ik noch net oan ta...

Nee, no noch net, mar aanst miskien wol! Foar in sacht pryske meist him meinimme, kinst him sa nei hûs rôlje, boek kin moai yn it rekje foarop…

Jaja, wolst him wol kwyt fansels, mar it moat mar net, hoewol it miskien wol de takomst is…

Presys! Dêrom, foar in pear sinten is it dines...


It swit stie my yn’t hier. Hy hâlde oan as storein. Ik bin doe mar fluch oer wat oars begûn. Wat stiet dêr in eigenaardich stik ark. Wêr brûke jo dat no wer foar? Fanôf syn (net ferkochte) rollator hie hy in hiel ferhaal oer sûkerbiten. Dêrmei koene jo de biten út ‘e grûn skoffelje en dan mei in spesjaal heakje derút wippe. Hearken, noch nea sjoen. Mar ja, ien fan de sângrûn kin sok ark fansels ek net thúsbringe. Unyk, sa fertelde hy derby. Soe moai by ús arksammeling pasje. Hy woe en soe wat oan my slite. Mar nei’t hy yn ‘e gaten krige dat ek dizze oankeap neat wurde soe, liet hy my mar gewurde.


Mar dan moatte jo sels ek sa ferstannich wêze en begjin net nochris oar guod dat der stiet! Want sa seach ik in plankje boppe de doarbel hingjen. Hearken, wêrom ha jimme hjir in plankje te hingjen… En om’t de man suver oan ‘e ein fan syn ferkeappraat wie, begûn no syn frou tsjin my oan te praten om dochs wát oan my kwyt te kinnen. Nee, dat kinst ek wol keapje… Hiene wy froeger oan ‘e wand te hingjen, radio der boppenop en de kranten derûnder yn it rekje. It is wat rustich, mar in kwaste ferve docht fêst fertuten…


En ik wie noch mar by it earste hús fan dizze strjitte fan Sinkel… Ik wist my fuort te slepen fan dizze topferkeapers en hoeden slûpte ik fierder troch dizze Hantumer koopjes ôfdieling. Sweisum en anonym en út ‘e eachhoeken wei de boel besjen. Lokkich, mei lege hannen (útsein it plantenboek fansels) kaam ik wer op de haadstrjitte oan. Om mysels te beleanjen foar safolle stânfêstigens, kocht ik by ien fan de famkes út ‘e klasse fan myn frou in cheese-brownie. Seach der wol lekker út. Dy soe ik thús, nei dizze survival, hearlik opite…


Foarsichtich slûpte ik lâns de kofjekream fan earder, lokkich stie de barkeeper mei oare doarpsgenoaten te praten. Mar al hoe hoeden ik ek lâns glûpte, de doarpsgenoat dêr’t hy mei stie te praten seach my en rôp: Hast in moai Kamasutra boek kocht Hendrik? Hearken, fuort wer in petear op nivo, mar ik liet my net kenne en rôp werom: Ja in prachtich boek, mar ik ha der mar in kaft fan in planteboek omhinne dien, want ik wol fansels net foar joker rinne…


Spytgnyskjend kaam ik oan yn ús eigen strjitte, de lêste fan dizze middei. In buorman hie op Facebook al reklame makke foar syn broadsjes mei woarst en hy stie my suver op te wachtsjen. Learen barbecueskelk foar en in grutte fleistange yn ‘e hân. Ik wie him foar, want ik wie eins al fan doel om in broadsje woarst te keapjen. Ik hie gelok, want hy wie der hast trochhinne. It smakke hearlik! En nei’t ik him betanke hie foar dit kulinaire hichtepunt fan dizze middei teach ik nei de lêste halte. It kreamke fan it buorjonkje dy’t tsjinoer ús wennet.


Mar ek hjir wer in protte fan itselde. Lokkich koe ik wol wat minireepkes by him keapje. Soks is altiten wolkom. Foar 20 sinten koe ik ien útsykje. En mei de fraach hoefolle ik dan foar in euro útsykje mocht, besocht ik him wat edukatyf út te daagjen. Mar hy sloech gjin acht op dizze master, want der kaam in skoalgenoatsje oan mei in grutte boadskiptas en hy tocht fansels dat oan har mear te fertsjinjen wie as oan dy âld man fan de oare kant…


Toe je, buorman wol wat fan dy keapje, sa besocht syn mem dy’t achter it kreamke siet te souffleren him ta de oarder te roppen. Doe’t ik syn oandacht wer hie, stelde ik him deselde fraach. Hoefolle mei’k útsykje foar dizze euro? Mar mem wachtte syn antwurd net ôf, want se hie wol yn ‘e gaten dat dizze dielsom noch te lestich foar him wie en flústere: Fiif! Se sil wol tocht ha, dôve buorman heart it dochs net, mar lokkich kin ik in bytsje liplêze..


En om’t him wat dochs wat aktyf oan ‘e gong te setten, moedige ik ús buorjonkje oan om dan mar fiif ferskate reepkes foar my út te sykjen. No, dat wie net sa dreech en mei fiif hearlike minireepkes, in cheese-brownie en in plantenboek, stapte ik ús hûs wer yn. Tefreden oer de betwinge keaplust en kontint mei de oankochte spullen.


De cheese-brownie lei al wat dreech op ‘e mage, foaral ek nei ien fan dy minireepkes. Mar dan hie ik myn sin oan iten ek mar wat betwingje moatten.


Hawar, in moaie middei wêr’t ik mei hiel wat doarpsgenoaten even prate koe. Dêr wiene wy nei al dy skraste eveneminten en lockdowns wol oan ta. In moai inisjatyf en ik tink dat dit yn de takomst noch wol wer ris plakfine sil.


Want salang der noch sokke grutte kontenerskippen boppe Amelân farre en fanút Azië noch safolle spul oanfiere, bliuwe jo guod hâlden wat op in goeie dei oerstallich is, ek al sjocht it der noch sa goed út. En dat foarútsjoch leit miskien noch wol swierder op ‘e mage as dy tsiis-brune-sjûkelade-keek…


Tsjin ’e jûn oan gie de doarbel. Ien fan ús pake- en beppesizzers. Beppe hie in pryske wûn mei it lotsjesroaster. In moai puzelboekje mei in pinne. Lokkich begreep beppe pake syn teloarstelling en antwurdde: Tanke wol, leave, wat prachtich want pake fynt puzeljen ek leuk…













Pleatst: 01-10-2021 - 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2021