De rûnwei…(slot)


Juster rûn ik boer Jan tsjin’t liif. Hy wie op syn hiem dwaande mei syn heftruck, hy wie wakker oan ‘e gong mei it ferpleatsen fan it spul dat frijkaam wie by de oanlis fan de melkrobot. Wylst ik der lâns rûn, stapte hy krekt ôf. In praatsje koe net útbliuwe…


Soe hy my der op oansprekke? Oer dat rûnweiferhaal?


Jan fertelde dat de fuorbakjes nei de Oekraïne ferkocht wiene en op myn fraach wat se mei dy grauwe stikken beton dwaan soene – ik wie tige benijd nei it antwurd – sei hy: Dat witte wy noch net, miskien sette wy se achter op’t hiem del en meitsje wy der in soarte fan silo fan. Offiere wurdt te djoer, want foar soksoarte fan sloopôffal moatte jo grau betelje…


Kinst se moai brûke om in paad oan te lizzen, wie myn snoade reaksje…


Mar neffens Jan wiene se dêr te ûngelikens foar. Dan soene jo in paad krije mei in protte ûneffenheden dêr’t in trekker bygelyks frjemd oerhinne stuiterje soe…


Lokkich, hy hie myn ferhaal net lêzen, want út al syn antwurden die bliken dat it rûnweiplan him folslein ûnbekend wie…


Mar asto in pear ha wolst, foar in paadsje by dy thús, dan hellest mar in pear op hjer!


Oei…





Pleatst: 20-03-2021 - 16:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

De rûnwei…(2)


Nee, hè!


Ik moat tink ik mar in oare rûte sykje foar myn kuierkes. It kin dochs net de bedoeling wêze dat ik elke kear mar oanhâlden wurdt troch Jan en alleman dy’t oan de rûte wenje… Fansels bin ik altyd yn foar in praatsje, mar as der alle kearen sa bot klage wurdt oer fan alles en noch wat, dan moat der mar ris in oar paad socht wurde…


Waard ik de foarige kear oanhâlden troch boer Jan, dit kear stie de behearder fan de Stoepa foar myn noas. De behearder is in hiele noflike, gastfrije en hertlike man. Jo binne altiten wolkom en as jo op harren terrein binne, dan fiele jo de mystyk en jout in besite in protte rêst…


Hy fertelde my dat hy ôfrûne simmer wol in hiel frjemd foarfal meimakke hie. Want doe’t hy op in dei mei de deistige saken op it hiem dwaande wie, hearde hy ien fan de flaggen hiel bot klapperjen en dit wylst der net iens safolle wyn stie… Hy gie op ûndersyk út, it wie ien fan de flaggen njonken it paadsje lâns harren terrein. Alteast dat tocht hy.


Doe’t hy op it paadsje stie om de boel te kontrolearren, hearde hy it klapperjen hieltyd tichteby kommen. Oan’t in panikerige man mei in fjoerreade holle foar him stie… No hoe’t dy derby rûn! Dat wie net te beskriuwen neffens de behearder.


Ik heb hem eerst maar eens gesommeerd om zijn kleding wat te fatsoeneren, want ondanks dat het hier erg rustig is en je hier weinig mensen tegenkomt, geeft het geen pas om er als een exhibitionist bij te lopen. Nadat hij zijn kledig zo had gerangschikt zoals het bedoeld is en ik hem had uitnodigd voor een kopje thee, deed hij, gelukkig tot rust gekomen, zijn verhaal…


It die bliken dat dy man fan it hiem ôfjage wie troch de buorlju fan de Stoepa en dêr wie hie sa kjel fan wurden, dat hy as in raket útnaaid wie…

We ontmoeten hier allerlei mensen, maar dit heb ik nog nooit meegemaakt, sa sei de behearder. Mar dat foarfal fûn hy eins noch net iens sa slim, want de man hie lokkich gjin ferkearde bedoelingen en boppedat wie dat ek al even lyn.


Nee, hy makke him mear soargen oer de plannen fan de buorlju. We hebben hier zo’n fijn plekje en het kontakt met het dorp en de buren is heel erg goed, maar wat er nu op stapel staat vind ik onbegrijpelijk… We zijn vredelievend en we hebben voor een ieder begrip, maar in deze zaak laten we toch een klein tegengeluid horen, nou ja zien…


Hy hie de oanfraach lêzen yn de Dockumer Krante en dat hie him útdage ta in stil protest. En dêr soe hy it ek by litte, want de harmony mei de omjouwing hawwe se heech yn ’t findel stean.


Hoewol dat findel lokkich net mear klappere…


Oh ja, bêste lêzers, tink oan it kredo fan dizze side… (Boppe yn de header ûnder myn foto te lêzen…)

Pleatst: 18-03-2021 - 23:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

De rûnwei…


(De likenis mei guon doarpsgenoaten is klearebare tafal…)


Op ien fan myn kuierkes waard ik oanhâlden troch in bekende doarpsgenoat. Hy wie poer!

Ik waard der suver kjel fan, want dizze feeboer stiet bekend as kalm en hoeden, it is in hiele aardige man en safolle lilkens treffe jo hast nea by him oan…


Ik ha myn nocht, sa foetere hy tsjin my, ik ha by de gemeente in fergunning oanfrege foar it oanlizzen fan in rûnwei om ús bedriuw, want it kin sa net langer. Dy kuierders meitsje jo it libben soer. Foaral dyjingen dy’t hjir ûnbekend binne en dat wurde der hieltiten mear…


Even útlizze…


Boer, litte wy him Jan neame, buorket op ien fan de moaiste plakjes yn ús mienskip. Bûten it doarp, moai op ‘e romte, mar de iepenbiere wei giet midden oer syn hiem. Doetiids wie dat net sa slim, mar sûnt jierren lyn in stâl oan ‘e oare kant fan de wei boud is, rinne de kuierders eins dwers oer syn hiem. Om’t it meast doarpsgenoaten binne, is soks net sa slim, want dan kinne jo ek nochris in doarpspraatsje oanknoopje…


Mar Jan, hoe komst dêr no by, in rûnwei, is soks net wat oerdreaun?


Lokkich wie Jan al wer wat bekaam en in stik rêstiger die hy syn ferhaal. Moast begripe, sa sei hy, sûnt de lockdown fan ferline jier maart wurdt it hjir hieltiten drokker op it hiem. No wit ik wol dat it eins in iepenbier stikje dyk is, mar jo krije stadichoan mear lêst fan dat folk. It liket bytiden de Slachtemarathon wol. Dan giet it de hiele dei troch, foaral simmerdeis as hjir in protte toeristen binne. En oars net sa slim, mar it liket wol at sy allegearre lid binne fan in Milieugroepering as de Partij voor de Dieren.


Altiten mar freegje nei it wolwêzen fan de bisten en ast der net om tinks dan meitsje se allegearre foto’s en driigje se mei oanjefte as jo je ferhaal net klear ha. En dêr ha wy ús nocht fan! Okkerdeis stie hjir ien op it hiem te pisjen! No, doe soe IK hast in foto meitsje, ik koe my noch krekt ynhâlde, boppedat koe ik myn telefoan net sa gau fine. Mar ik ha him der wol op oan sprutsen! Ik sei tsjin him, wat dogge jo no? Kinne jo dat net even ophâlde?


Mar de man seach my skiepeftich oan en sei deagemoedereard: Dit stie noch op myn bucketlist, de geit ferstekke by in boer op’t hiem… Doe ha’k him fuortjage, soks giet my te fier. Ik leau dat hy pas by de mûne it spul wer yn ‘e broek hie…


Jan moast ek wol wat gnize by dit ferhaal. Mar ik ha myn plannen klear! Sa gie hy serieus fierder: Okkerdeis ha wy hjir in melkrobot krigen en dêr ha wy grauwe stikken beton by oerhâlden en dy gean wy no brûken as paad. By de oanlis fan ús nijste stâl, sa’n trije jier lyn, ha wy njonken ús bedriuw in eintsje fierder yn it lân in ierden wâl oanlein en dêr wolle wy no de platen oplizze, sadat der in paad ûntstiet. By de Stoepa slút dat paad dan oan by de besteande rûte. Dan binne wy fan dat gedonder ôf. De gemeenteried sil der op de earstfolgjende gearkomste oer stimme, mar ik ferwachtsje gjin probleem.


No mei ik hoopje datst in goed ferhaal ynlevere hast, sa sei ik tsjin Jan, want oars giet it aanst krekt sa as by dy boer yn Ie, dan moat de rjochter der oan te pas komme. It miljeu is hilich hjoed oan de dei…


Jawis, sei Jan, ik ha de pleatslike ûnderwizer frege om de plannen op papier te setten. Dat is goed slagge! Want ek hy hie noch in pear goeie ideeën. Sa sille wy de fuorbakjes dy’t wy oerhâlden ha by it ôfbrekken fan ús melkkaroussel hjir en dêr lâns it nije kuierpaad sette, sadat se dy as pisbakken brûke kinne. Ek meitsje wy mei it sloophout, dat oerbleaun is fan de ferbouwing fan ús wenhûs, allegearre kninestjelpen, sadat wy de rûte oanklaaie kinne mei soksoarte fan knineloopkes. Dat moat de kuierders wol oanlûke, want dy binne sljocht op leave lytse knyntsjes. Boppedat is sa it in moai stikje sirkulêre bou…


No fûn ik wol dat de fantasy fan dy skoalmaster wol wat op hol slein wie, mar Jan wie mar wakker grutsk op de plannen. It wurdt in sukses, dêr bin ik wis fan. En dan binne wy ta eintsjebeslút einlings fan dy bemuoisuchtige moaiwaarstappers ôf…!


Dan mist sa no en dan wol it praatsje, sa antwurdde ik him. Mar dat koe Jan neat skele. Hy hie syn privacy yn elk gefal werom. Mar do meist wol oer it hiem kuierjen bliuwe hjer, sa sei hy tsjin my, do bist de minste ek net en boppedat bisto in gewoane nochteren doarpsgenoat…









Pleatst: 16-03-2021 - 22:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

TLDR...


Guon kinne bytiden sa omeamelje op ús memmetaal. Dan steane der wer hiele lange en drege Fryske stikken yn bygelyks de Ljouwerter. Fansels lês ik de stikken mei oandacht (as oprjochte Fries) mar nei it lêzen tink ik faaks: ik kin my foarstelle dat guon in hekel oan it ús taal krije...


Dan moat it wer sa oanpakt wurde, as dan doocht dit wer net as de taal fan de berntsjes op skoalle moat wer mear oandacht ha as der moat wer in nij beliedsplan komme...


Pff... wêrom no altiten sa eamelje, dan is it dochs logysk dat de lêzers ôfheakje? Hâld in no wat loftich. Lokkich stiet dan boppe-oan de folgjende side meastal Buorren Twa. Ek yn it Frysk, mar mei trije plaatsjes en in pear wurden faaks in treffend tafrieltsje.


Begryp my goed, fansels moat ús moaie memmetaal bewarre bliuwe en fansels moat der oer neitocht wurde. Mar wêrom moat dat altiten fentilearre wurde yn de deiblêden? Sokke stikken binne faaks bedoeld foar beliedsmakkers, taalkundigen en lyktinkenden. Doch dat op in oar platfoarm as skriuw elkoar brieven.


It moaiste soe wêze dat der folle mear taaluteringen út ús hert publisearre wurde. Sa as de moaie de Toan fan moarns op Omrop Fryslân (ek nei te lêzen op harren webside). Moaie persoanlike kanttekeningen by it nijs fan de ôfrûne dagen. Moai ek om't de skriuwers sels harren kollums foarlêze op de Omrop.


Dan bin ik it hielendal iens mei it stik fan Babs Gezelle Meerburg yn de kultuerbylage fan de Ljouwerter fan 5 maart, wêryn se û.o. skriuwt:

‘Lit ús derfoar soargje dat de kar foar de taal fan it hert faker makke wurdt... Dat liedt ta in posityf imago fan it Frysk en jout de brûkers enerzjy...'

as:

'Wêr’t it better kin, lit dêr stille diplomasy syn wurk dwaan. It toanen fan de rykdom, de fearkrêft en de rike potinsje fan it Frysk dogge wy yn it iepenbier...'


No, sa! (As eamelje ik no ek...)

Mei tank oan Dirkjan strips - Mark Retera - En wat betsjut no TLDR?

Pleatst: 06-03-2021 - 11:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Coronakapsel…

Pleatst: 05-03-2021 - 22:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jubileum…


Miskien is it jimme al opfallen, mar dizze webside bestiet op ‘e kop ôf 15 jier!


Op 24 febrewaris 2006 skreau ik: De webside mar wer ris oer de kop helle... Wer ris wat oars. Sa no en dan kin ik der dan wer wat nijs opsette. It is no wat mear 'weblog-achtich'…


No is it uterlik fan de webside yn dy 15 jier al in pear kear oanpast, mar de opset is wakker gelyk bleaun. Noch hieltiten binne der elke moanne wol wat ferhaaltsjes te betinken. De iene moanne wat mear as wat langer (en bytiden ek wol ris neat), mar yn dy 15 jier wist ik elke moanne eins wol wat te melden!


Yn it earstoan waard hast alles ferteld yn de weblog ferhaaltsjes, mar de lêste jierren bin ik wat hoedener wurden. Nammen komme net sa faak mear foar en ek hiele persoanlike saken fine gjin plakje mear op de webside. En dat hat alles mei privacy te krijen, want dat is de lêste jierren wol hiel bot feroare!


Alle ferhalen fan dy ôfrûne 15 jier binne bewarre bleaun! Troch op de link Argyf te klikken, kinne jimme omraak strune yn 15 jier www.vanderhei.de.
15 Jier bestannen en foto’s joech oan it ein fan 2020 wol in warskôging fan de ynternetprovider wêr’t de side host wurdt: De romte dy’t ik beskikber ha, wie hast fol! Lokkich kinne jo dat sels oanpasse en nei de upgrade kin ik wol wer 15 jier foarút!


Yn dy 15 jier is der wol in protte feroare. Oare techniken, gruttere (en lytsere) skermen, oare software, snellere PC’s gruttere foto’s en gean sa mar troch. Lokkich koene wy it aardich byhâlde, mar earlik sein heakket it sa no en dan wol wat by it trochblêdzjen fan it argyf. Bygelyks by filmkes, lûdsbestannen en links. Dan wurdt der skreaun oer in filmke as in lûdsbestân, mar dan is der neat te sjen as te hearen. As jo klikke op in link en dy rint dan dea. Dat hat dan yn it gefal fan de filmkes en lûdsbestannen mei befeiliging te krijen. Dan binne der oanpassingen yn de ynternetkoade  west en dêr wie doe noch gjin sprake fan… En yn it gefal fan de links nei ynformaasje as websides, dy binne dan fan it ynternet ferwidere.


Ik soe fansels  de kommende 15 jier al dy oanpassingen noch wol ferwurkje kinne yn dy haperjende blogs, mar och it hat ek wer syn sjarme. Boppedat steane dy filmkes miskien ek wol neat mear op YouTube…




2006

2007 - 2009

2010 - 2018

Pleatst: 02-03-2021 - 15:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de