‍ARBO… 


‍Grut, grutter, grutst. Dat soe ik der boppe sette kinne. Mar yn juny ha’k dy titel ek al brûkt. Dat wy sette der no mar wat oars boppe.


‍Wy waarden suver kjel doe’t wy fan ‘e moarn dizze grutte auto yn buormans tún stean seagen. It is al te hoopjen dat se buorman frege ha, oars is it wol wat brutaal. It is dat buorman gjin stekje om ‘e tún hat, as moaie strûken en beammen, oars hie’t net iens kinnen. Dan hiene de skilders it oars oplosse moatten.


‍Mar ja, it ljedderke is foargoed yn it materiale-argyf belâne. Soks mei hjoed oan de dei net mear brûkt wurde. It binne no stegers en heechwurkers. In pear wike ferlyn sei ien fan de skilders - wy wisten al in hiel skoft dat se komme soene - dat de planken (de boeidielen) ferfongen wurde moasten. Mar sy ha der mar fan ôf sjoen. Se wurde no gewoan skildere. 


‍Heucht my noch in pear jier ferlyn dat de skilders fan de foarige skildersklus tsjin my seinen dat se de boppeste dielen fan dy planken net skilderje mochten. Sy brûkten doe noch ljedders. Want, sa fersekeren sy my, dat mei net fanwegen de ARBO. Wy meie net mear sa heech… Der moat in heechwurker by komme.


‍In pear wiken letter kaam der in jongere kollegaskilder lâns. Dy sette gewoan in lange ljedder tsjin de daksrâne en skildere de planken fierder ôf. Op myn fraach at dat net mei in heechwurker moast begûn hy te gnizen… Ach, ha dy âlde kollega’s jo wer wat wiis makke? Fansels meie se wol mei de ljedder omheech, mar dat doarre dy âlde herten net mear. En dan moat ik lâns komme om de heechste dielen ôf te meitsjen.


‍Mar no moat der dus echt in heechwurker komme. Goed grut en planút yn ‘e tún. De stimpels om de boel yn it lykwicht te hâlden waarden útset. Wy koene der net iens lâns mei de fyts.


‍Doe’t ik it mei ien fan de skilders oer dy âld kollega mei hichtefreze hie, wist hy fuortendaliks oer wa’t ik it hie. Hy helle op ‘e tillefoan sa in foto  fan him tefoarskyn en liet dy my sjen. Henk wie al mei pensjoen, mar it wie in pracht! Hy siet fol grappen en grollen. No, dêr koe ik oer meiprate, mei syn praatsjes fan de foarige kear, dat it net mocht fanwegen de ARBO…


‍Op de foto hie Henk in plysjepet op. Dy sil hy wol fan de plysjeman liend ha doe’t dy lâns kaam om him te warskôgjen dat hy net sa heech mocht mei de ljedder…

Pleatst: 19-08-2026 -20:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2026