www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Alwer ite...?

Wy slute july hiel gesellich ôf mei in lekker miel. En jimme meie riede wêr't dit is...

Pleatst: 31-07-2011 / 23:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wike ien...

It waar wie wat wif, mar fieders hienen wy in moaie earste wike fan ús fakânsje. De earste jûn wie it foartendaliks raak. Oh sa gesellich. Hjirûnder stiet in wiidwreidich filmferslach. Nuver, mar it liket derop dat as wy barbecue mei de buert, it altyd reine moat. Fandêr dat wy mei syn allen in tinte oanskaft ha. De tinte hat it waar oerlibbe, dat it wie in goeie ynvestearring. Wy seinen al, as de tinte dit trochstiet, dan sille wy der noch in protte wille fan ha...

Lokkich wie it woansdei wat better waar, want doe binne wy fanút Zoutkamp te faren west oer de Lauwersmar. Wy kamen op plakken dêr't wy noch nea earder west wienen. Sa sjogge jo mar wer, je hoege gjin fiere reizen te meitsjen om op ûnbekende plakken te kommen. Dizze moaie dei ha wy ôfsluten yn in gesellich restaurant oan de âlde jachthaven fan Zoutkamp.

De foto's binne makke fan it filmke dat sketten is, dat hielendal skerp binne se net. Ik tink net dat dit filmke op Youtube komt. Dat bewarje wy foar de takomst!


Pleatst: 29-07-2011 / 14:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn premiêre...

Pleatst: 26-07-2011 / 15:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Meikoarten yn dizze bioskoop...


Trailer hjirûnder... ;-)

Pleatst: 26-07-2011 / 00:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Binnen 24 oeren...

Fokke kriget gelyk!
Mei koarten folget: Buertjûn de Terpen yn Hantum - Part 2.

Pleatst: 24-07-2011 / 01:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alde Feanen...

Nee, net op kursus west by prinses Irene. Gewoan in útstapke mei de bern nei Nasjonaal Park de Alde Feanen. Wat in prachtich gebiet en wat is der in protte te sjen en te beleven. No mar hoopje dat de bern dat ek sa ûnderfûn ha. Op de webside fan ús skoalle in fotoferslach fan dizze ekskurzje.

Pleatst: 20-07-2011 / 21:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

In wike achter en in wike foar...

Hast in wike lyn! En der wie safolle om oer te skriuwen... De gesellige troudei fan myn suster yn de smûke teatertún yn Riis, it iepen hûs fan Kabel Noord en Rûm Sop live yn Dokkum. It soene samar hiele ferhalen wurde kinne. Ek soe ik moai skriuwe kinne oer de earste jierdei fan ús pakesizzer. Alwer ien jier! En wat in moai feest.

Der siet in hiel referaat yn 'e holle oer de perikels rûn de feestweinen hjir by ús yn Dongeradiel. Mar ach... ús doarpsfeest is pas takom jier en lit de oare doarpen harren gong mar gean. Takom jier sjogge wy wol fierder, miskien ha wy dan al in reade kaart krigen ear't wy ek noch mar in wein op 'e dyk sjoen ha.

Justerjûn in wrâldreis nei it smûke doarpke Turns. Flak by Snits. Foar ús lêste optreden foar de fakânsje. It waard in moaie jûn. Gleonhjit fanwege de fûle toaniellampen. En dat mei sok reinich hjerstwaar. De hiele jûn hat it net droech west en by it ynladen fan 'e karre, namen wy ek liters wetter mei. Dat alles moat mar even útdampe.

Aanst kinne wy ús mar deljaan. Noch in wike en dan begjint de fakânsje. Sa'n lêste wike fyn ik mar neat. Oprûmje, ôfskie fan bern en kollega's, in leech lokaal en bern dy't ek de fakânsje yn 'e holle ha. Eins kinne jo mar better in wike lesjaan. Miskien dat wy yn 'e fakânsje wer wat langere ferhalen skriuwe, want ús fakânsjebestimming jout fêst wer hiel wat ynspiraasje.

Wêr soe dat dan wêze??

Pleatst: 17-07-2011 / 17:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Riede...

Moatte jimme ris riede hoe âld at ik hjoed wurd?!

Famylje kin mei help fan de koade de foto's fan myn party besjen...

Pleatst: 12-07-2011 / 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kroketten...

Daar gaan m'n kroketten... In histoaryske sin út in konferense fan Wim Sonneveld. En fan tapassing by ús skoallereiske nei Emmen. Jawis, juster wer op nei Emmen foar ús jierlikse útstapke!

De kaken fan 'e bern ha net stil stien neffens ús direkteur. By Hurdegaryp kamen de earste pûden mei snoep al foar it ljocht. Ien fan 'e bern hie twa oardel literflessen kola mei. Ien foar de hinnereis en ien foar de weromreis, sa ferklearde hy dizze oankeap.

En dan hienen wy ek noch smulboekjes besteld yn it Noorder Dierenpark. Dat om likernôch kertier oer tolven kamen wy mei fiif grutte blêden fol patat en kroketten oansetten foar de bern. Jim begripe, de bern wienen dêr o sa happich op. Net dus... Nei al dat snobbersguod koe der gjin kroket mear by.

No bin ik in grut leafhawwer fan kroketten en ik ha trije behimmele, mar om no de rest ek noch nei binnen te wurkjen gie my wat te fier. Neffens ien fan 'e begeliedende âlders moast ik se mar ferkeapje. Mar doe't ik oer it park rôp: Hearlike kroketten foar in bytsje, twa foar in euro en trije foar twa euro, kamen der gjin klanten. De minsken seagen my oan en rûnen gewoan troch.

In oare âlder fûn dat mar neat. En se woe de kroketten ek net foartsmite. Dat sy raamde my it blêd út 'e hannen en joech de kroketten fergeest wei oan de foarbygongers. Se wie se samar kwyt en in lange rige kroketitende parkbesykers smikkelden lekker fan it mânske brune guod. Wy ha al besletten om soks net mear te dwaan. Gjin patat mear. In ijsko, mear net. As it soe sa wêze moatte dat de âlders moarns neat mear yn 'e tas dogge. Mar dit lêste stiet noch te besjen...

De jûnes krige ik by in oare gelegenheid bitterballen oanbean. Ik ha der mar twa hân, wylst ik der oars net ôfbliuwe kin. Nuver net?!

Pleatst: 01-07-2011 / 14:57 oere - Reagearje? - Nei boppen