Wat wolst ha…?


Dit docht my tinken oan myn buorjonkjes… Sis it mei blommen & Simmerkeninkjes

Pleatst: 30-09-2022 - 12:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Marker Wadden…


It folgjende berjocht kaam in pear dagen foar ús freonendei de freone-app yn waaien: Tip, neem verrekijker en natuurpas mee…


No, dat is moai. Ha’k nijs. Beide ha’k net. By ús kinne jo sa fier sjen, dêr ha ik gjin kiker foar nedich. Boppedat is it ien en al natoer en dat is allegearre fergees, sûnder pas.


It waard in bysûndere dei, want wy binne nei de Marker Wadden west. In nij natuergebiet oanlein yn it Markermeer. Mei de boat fanôf Lelystêd sa’n 30 minuten faren. Moai op ‘e tiid wiene wy op it moetingsplak. In restaurant tichtby de pier dêr’t wy oan board moasten. Koene wy earst even byprate en fêst it miel foar de jûnes oankruse.


De Marker Wadden besteane út 5 eilannen en ien dêrfan is tagonklik foar natuerleafhawwers. Der binne moaie paden útset. Wy ha sa’n 7 kilometer kuiere. It waar wie echt op syn noardeast Fryslâns: hurde wyn en sa no en dan in bui. Mar om’t de sinne regelmjittich skynde, wiene wy ek sa wer droech.


Myn freonen warskôgen my dat ik in ilestykje om myn huodsje dwaan moast. Mar ja, sy witte net dat ik yn in stoarmgebiet wenje en dat by sokke huodsjes gjin toutsjes as sokssawat nedich binne: se binne stoarmfêst. It bleau dan ek de hiele dei kreas sitten.


Neidiel fan dy hurde wyn is dat ik ûnderweis hast mei net ien prate koe. Mar hawar, der binne mindere dingen. Ûnder it hearlike miel koene wy it praat rom ynhelje...


Ik wie mei in maat út Ljouwert riden en op ‘e weromreis hiene wy besteklik praat. Hy sit ek wat yn de toanielwrâld en dan is Lelystêd - Ljouwert eins fierstente koart.


Nettsjinsteande it net hawwen fan in fierrekiker en in natuerpas, kloppe it byld fan de fleurige natuerleafhawwer wol aardich: in kreas modern jaske mei oan de fuotten echte kuierskuon. Ik foel net út ‘e toan. Hoewol, ik hie gjin rêchpûde mei. Want ik bin gewaar wurden dat soks ek ta de útrissing fan in boomer heard.


Takom kear rêchpûde mei yn in apart fekje in Air-Up mei in paraplu. Reinjas yn de tas en ryskoeken. Fierrekiker om ‘e hals, alle passen yn ‘e bûse en kreaze kuierskuon. Oh ja, en in ein tou om ‘e hoed…



Pleatst: 28-09-2022 - 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ginsbewaking…


Hoe sit dat no mei dy terrorhinnen út it foarige blog? Ik sil it útlizze…


Regelmjittich passe wy op it hûs fan kunde fan ús. En mei regelmjittich bedoele wy: sawat ien kear yn it jier. Dan wol ús kunde graach op fakânsje, mar dan moatte der wol guon op harren bisten passe!


Twa hynders, fjouwer katten en seis hinnen…


Fansels! Oppasse op hynders fynt de frou prachtich. Dy oare bisten dogge wy der fergees wol by.


Dit kear gie harren reis nei Denemarken en ús reis (wer) nei de râne fan de klaai en de wâlden. In moai plakje en midden op ‘e romte.


Wolkom op ús bernebuorkerij, sa begjint faaks harren ynstruksjedokumint dat foar ús klear leit. De katten safolle brokjes, de grize mei wol yn ‘e hûs, mar de swarte sjogge jimme hast net. En mear fan soksoarte fan tips. Fansels wolle wy dêr sa goed mooglik oan foldwaan, want de bisten moatte harren baaskes sa min mooglik misse.


Mar de hinnen protestearen al wakker! Elke moarn stiene se yn in rige foar it gaas. Tôk, tôk, toktok…!! Silst ús der ek ris útlitte?!


Fan ús foarige oppas-sessy’s wisten wy dat se op it grutte hiem omskarrelje mochten. Mar dit kear stie der yn it ynstruksjeboek neat beskreaun oer it omtoffeljen fan de hinnen.

Ophokplicht? Der stie nearne yn de buert in boerd oer in ferfiersferbod. Even in appke rjochting Denemarken…


Oh ja, net oer hân. Se hiene wol in ophokplicht achter de rêch, mar dat wie lokkich wer opheven. Se hiene even oan it googeljen west yn it fiere Denemarken, dat de hinnen mochten der wol wer út.
De hinnen wiene mar wat bliid en al gau toffelen se gesellich oer it gers en skrabben harren mieltsje wer tefreden en al keakeljend byelkoar.


De jûnes wer in appke út Denemarken…

Oh heden! Dat moast eins net! De oare deis dan dochs mar wer de hinnen yn it hok opslute. Fansels ûnder grut protest fan de hoanne en syn gefolch. Mar it is net oars dames (en hear). Buorfrou moat al rêstich passearje kinne.


De oare deis strutsen der in hiele kloft raven, roeken as kaen yn in Hitchcock-eftige setting del op it lân tusken buorfrou en ús yn. Ek de reed siet fol mei swart guod. Suver in moai gesicht. Ik soe hast in foto meitsje en dy nei Denemarken stjoere mei as byskrift: Al in appke hân? Buorfrou komt no hielendal net mear thús…

Mar ik koe my ynhâlde. Jo binne te gast, netwier?


Achterhûs stie in swimbad yn ‘e tún. En dêr mochten wy mei it waarme waar wol gebrûk fan meitsje. Mar dêr ha wy nei it hinneferhaal mar fan ôfsjoen. Want wy wiene deabenaud foar in wiere Whatsapp-eksploazy.


Help, help! Stean hjir oan it begjin fan de oprit. Mar ik doar net fierder. Twa neakenrinnende âlderen meitsje jimme tún ûnfeilich. En foaral dy man… Dat sjocht der net út, mei syn kromme fuotten en syn allinne mar brune ûnderearms. Ik bin dêr as de dea foar… Soesto se ek wer fêst sette kinne??



Pleatst: 15-09-2022 - 15:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

In reinige dei…


Seine wy doetiids faak: Dat dogge wy even as wy in reinige dei ha… Putsjes yn ‘e hûs bygelyks, einliks ris dat boek lêze as in stikje skriuwe foar it weblog.


Mar ja, it reint hast nea mear, alteast net yn ús omjouwing!


Dat jimme begripe dat alle putsjes lizzen bliuwe. Der stiet in hiele steapel op ús te wachtsjen. En der is genôch om oer te skriuwen. Wat ha wy dien yn ‘e fakânsje bygelyks?


No net yn de camper, mei de caravan, de tinte as mei in reisselskip mei nei in eksoatysk lân. It mei sa stadichoan foar de lêzers wol dúdlik wêze dat wy yn de simmer soks nea, mar dan ek nea by’t ein ha.


Utsein ús smûke oppasadreske hjir flakby. Oan ‘e râne fan de klaai en de wâlden. Soe ’k bêst in moai ferhaal oer skriuwe kinne. Want jo belibje dêr wat! It ferhaal oer de buorfrou en de hinnen bygelyks. Oer hoe’t in seistal hinnen in soarte fan grinsbewaking foarmje. En dat der dan fia de geheime tsjinst yn Denemarken klachten binnenkomme oer dizze gevederde terminators.


Dat ferhaal bewarje ik wol foar in oare reinige dei.


Suver begrutlik, dat dizze twa (hast) pensionado’s foar it rút steane om nei de rein te sjen. Hu? Rein? Hoe giet soks ek alwer?


No dat wie ek wer moai, seit de iene reinstoarder tsjin de oare, sei ik tsjin dy datst ris in oar soart ôfwaskmiddel nimme moast. De lêste tiid hast hyltied apel. Do moast ris sitroen nimme. Rûkt noch folle frisser. Sy hie gelyk. Dit kear mar ris mei in sitroenluchtsje.


Wy bestelle de boadskippen online, ik hie de sitroensmaak oanfinkt. Einliks!


Mar it mocht net sa wêze. De sitroenen wiene net op foarried en by wize fan service hiene se by de Jumbo sels mar foar in alternatyf keazen. En hoe is’t mooglik: de apelfariant! Wol deselde priis, dat dan wol wer. Mar dit kear wer gjin sitroen yn it oanrjochtkastke. En it duorret ek noch wol even oan’t wy oan in nije flesse ta binne. Wy ha in ôfwaskmasine…


De twa âlde minsken draaiden har wei fan it rút, it seach der net nei út dat it meikoarten droech wurde soe. Ik helje earst de boadskippen mar op, drinke wy dêrnei in bakje kofje. Want de Halvamel wie ek noch op en by de boadskippen soe in nij pak sitte moatte. Wy ha alteast gjin berjocht krigen dat ek dêr in ferfangend produkt foar keazen wie.


Tsja, rein docht nei in lang skoft fan drûgens nuvere dingen mei de minsken. It reint gjin ynspiraasje bygelyks.  Mar miskien dat it mei dit wetter no wer in bytsje opbloeit…


As it reint en de sinne skynt, dan binne de tsjoensters oan it pankoekbakken…




Pleatst: 08-09-2022 - 16:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022