Simmerkeninkjes…


Oh hearken, dêr stiene buorman en buorman wer foar de doar. Se hiene wer wat yn de ferkeap. Se sille wol tocht ha earst mar nei dy dôve buorman, dy kinne wy alles wiis meitsje…


Soe fansels ek wêze kinne dat ien fan de âlders sein hat dat buorman der altiten sokke aardige stikjes oer skriuwt en dat se der mar wer gau ris hinne moasten.


Wat ha jimme no te keap?

Sân ierdbeien, út ús eigen tún…

Aha, dat is wer ris wat oars as blommen. En hoefolle kostje dizze ierdbeien?

Dat kostet sân euro…


Tsjong, in euro it stik. Mar ja, alles wurdt djoerder…


Ien fan de twa krige fuort en daliks yn ‘e gaten dat fanwegen dit hege bedrach de keap wol ris oer gean koe en hy ferbettere fluch syn maat. Nee jong, it kostet mar ien euro!


Dat klonk better en ik sei dat it dan mar trochgean moast. Ik sil jimme twa munten fan 50 sint jaan, dat is meielkoar ek in euro, ha jimme elk ien… Jaaa! Dat witte wy dat is ek in euro!

Sa’t ik yn myn foarige stikje al skreau wurdt it jongfolk hieltyd tûker. Dat optein mei twa 50 eurosint munten teagen se wer fierder.


No mar hoopje dat harren âlders net lilk binne dat al dy hearlike ierdbeien (want se smakken poerbêst) op geheimsinnige wize út harren tún ferdwine, want dat is fansels wol in neidiel, dizze mannen sjogge oeral hannel yn…


It Skuurke hat der mei dizze keaplju in konkurrint by, want kwa smaak diene se net ûnder foar dy’t wy by it Skuurke keapje kinne. Hoewol, by it Skuurke ha jo twa bakjes foar fiif euro en ek noch mei folle mear ierdbeien as dat protsje fan de buorjonkjes.


Mar ik bin bang dat it in kwestje fan tiid is. Dan belje se by my oan mei in nije oanbieding: twa pûdsjes mei trije ierdbeien foar ien euro…

En at se noch âlder binne, dan keapje se alle bakjes fan it Skuurke op en ferkeapje dy troch mei in woekerwinst…

Lês dit ferhaal mar ris: de Aaiboer (even nei ûnderen skrolle…)


Mar ik sil se net op ideeën bringe. En ik hoopje dat dit stikje net lêzen wurdt…



Pleatst: 23-06-2022 - 16:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…


‘k Bin mar sa frij west om de oankundiging wat oan te passen…

Pleatst: 15-06-2022 - 14:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

It geheim fan it ferdwinende wetter...


Panyk! It reade lampke fan de kuolling fan ús bus begûn te brânen. En te piipjen… No ja it lampke pipe net, mar der kaam al in warskôgjend lûd it dashboard. Lokkich wiene wy op it plak fan bestimming. Wy hoegden net fierder te riden. Gau yn ‘e hantlieding sjen wat al dat kabaal en ljocht betsjutte koe.


Mar dat is krekt as mei bysluters fan medisinen, soks kinne jo better net lêze. Want wy mochten perfoarst net fierder ride en ek de motorkap mocht ek net omheech om te sjen oft der noch wol kuolfloeistof yn siet. Stel je foar, de boel kin fanwegen de hitte eksploadearje en ek de dop fan it kuolfloeistofreservoir kin jo tsjin de holle knalle… Kap ticht dus. Hoe dan fierder?


Earst mar ôfkuolje. Sawol de auto as de bestjoerder…


Mar ja, der komt in momint dat jo wer fierder moatte. Lokkich wie it piipjen en it knipperjen dien, mar jo koene op jo fingerseinen neitelle dat it sa wer barre soe. Dan mar nei it earste it bêste tankstasjon om kuolfloeistof, want dat it dêr mei te krijen hie wie wol dúdlik.


Lokkich wie der in aardige jongfeint dy’t it hiele proses begelate en kreas it fleske mei kuolfloeistof leech geat yn it reservoir. Want dat wie yndied leech. Hy sei ek noch dat wy der ek wol gewoan wetter yn dwaan koene, want dêrmei kamen wy ek wol thús.

Wy koene no wer fierder, sûnder dashboardwarskôgingen. En de temperatuer fan de motor rûn ek net op. De meter bleau kreas, krekt as altyd, yn ‘e midden stean. De ideale bedriuwstemperatuer…


Mar wat wie der dan oan ‘e hân? Wêr wie al dy kuolfloeistof bleaun? Want ek ûnder de auto leine gjin drippen. Ha wy wer, in geheimsinnige steuring mei ferdwinend wetter… Gau nei ús fêste doarpsmonteur.


Wy krigen al rap in appke. Kachelradiator wie lek en dy kachel wurdt stookt mei waarm wetter fan de motor. Aha, no begrepen wy ek wêrom’t de ruten besloegen at wy de kachel oansetten.

It koe reparearre wurde, mar it soe wol in hiele operaasje wurde, want de kachel siet op in frjemd plak. It hiele dashboard soe der út moatte. No ja, it is net oars, toe mar wer en de reparaasje waard yn gong set.


Duorre net lang as ik waard fia de app op ’e hichte brocht fan de foarderingen. Seach der mâl út! Mar ik skrik net sa gau fan soksoarte fan foto’s. Want as jo yn in garaazjebedriuw grut wurden binne, dan binne der wol folle mâldere situaasje. Withoefaak ha‘k auto’s fanwegen in reparaasje hielendal útelkoar lizzen sjoen. Dat je dan tinke hoe moat dit ea wer ride…


Wy ha der dan ek alle betrouwen yn dat wy aanst wer moai tuffe kinne yn in hearlik waarme auto. En dan mar wer wachtsje op de folgjende steuring, want ús bus wurdt in ek in dei âlder en dan is it krekt sa as mei de baas, sa no en dan wat steuringen en (lytse) mankeminten…


No ja, lytse…

Pleatst: 01-06-2022 - 09:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022