Oaze...


Op 'e pedalen bannen yn 'e brân, de bosken yn fan Gaasterlân...


Dit ferske sjit my wol gauris yn 't sin as ik lâns it skilderij rin dat by ús yn 'e hal hinget.

Dat skilderij komt út myn âldershûs en dat mocht ik meinimme.


No kinne sokke âlde skilderijen my faaks neat skele, mar dit keunstwurk is wol hiel bysûnder.

It hong eartiids by myn pake (beppe ha 'k nea kend) yn de keamer en ik koe der altiten skoften nei sjen. It is in ôfbylding fan ien fan de moaiste paden fan Gaasterlân, de Lutswâl, it sânpaad nei Kipenburch...


As jo fan út Balk lâns de Luts bygelyks nei Aldemardum as Riis fytsten as kuierden, dan hiene jo healwei dizze rûte dit útsicht. Wy ha dêr wat ôf fytst, want omke en tante wennen flak by Kipenburch en dan giene jo wol gauris oer de Lutswâl.


Boppedat teagen wy as freonen yn ús wylde jierren op sneintemiddei ek wol gauris dy kant út. Want Kipenburch wie doetiids in kafee en op sneintemiddei koene wy dêr dan, langút yn 'e lutswâl njonken de brêge, moai in bierke drinke.


Dat mocht fansels net want fan hús út wiene heit en mem der poer op tsjin dat jo op de dag des Heren oan 'e kant fan de Luts sieten mei in bierke yn 'e hân. Dan mar hoopje dat se dan dy deis net ûnderweis wiene nei har suster en de man, wat dan soe ik miskien wol betrape wurde, mei alle mooglike gefolgen...


Mar de groep jongeren wie altiten sa grut, dat ik fêst net opfalle soe. Us mem spruts altiten skande fan safolle bolbjirken jongelju dy't dêr mar sieten te bierklokken... Se hie ris witte moatten.


Kafee Kipenburch waard beheard troch Botte-Griet. Sy sloegen dêr foar master op en sy hiene it simmers by moai waar dan ek smoardrok mei it jongfolk. In hangplek avant la lettre... Djoeke, de help, kaam wilens wy dêr omheukerden mei in kuorke lâns om de lege bierfleskes op te heljen. Se hie in wite skelk om en bleau altiten o sa freonlik.


Mar net allinne op sneintemiddei koene jo dêr te plak foar in flaubyt ek troch de wike koene jo op it terras in drankje nimme. Nei binnen giene jo net, want dat wie mar in hoal en yn ús beleving kaam dêr al it tsjustere folk fan Gaasterlân by inoar.


Myn oare beppe die yn ien fan har brieven ferslach fan in besite oan dizze útspanning:

We gingen toen veel naar de bossen van bij de vijver. We hebben er wat afgesjouwd. We zijn een keer bij Botte Griet op Kippenburg aangestoken. Pake had dorst en bestelde bier voor hemzelf, en ik kreeg niks. We zaten op wiebelende stoelen vol protterstront. Ik heb toen voor mezelf een flesje frisdrinken gekocht, maar ik had geen centen en toen moest pake het van nood nog betalen ook. Wat was het een mooie beweging.


Sis dat wol, in moaie beweging, dêr op dy simmerske sneintemiddeis..


Bysûnder oan it skilderij is ek dat it troch in Balkster amateurskilder makke is. Geele Kuperus wenne yn deselde strjitte as myn pake en miskien hie Geele dit skilderij wol as jild yn natuera brûkt om pake te beteljen nei't hy wurk foar him dien hie. Ik soe it eins net witte. Miskien fûn hy it ek wol gewoan moai, want pake mocht ek graach troch de bosken fytse en hy sil dêr withoefaak lâns kaam wêze.


En dat ferske? Dat is skreaun troch muzikant Domien de Winter, in âld Balkster en leeftiidsgenoat, dus hy siet sneintemiddeis ek tusken dat jongfolk by Botte-Griet. Krekt sa as by my, wiene dat ek foar him gouden oantinkens. En wat is der dan moaier om soksoarte fan tinzen fêst te lizzen yn in ferske.


As yn in ferhaal...








Op 'e pedalen, bannen yn 'e brân,

de bosken yn fan Gaasterlân.

Op nei de Luts troch it Slingerpaad

it lêste ein yn it boekeskaad.

De tichteby, de hurder traapje wy

want Kipenburch ferwachtet dy

'Gryt, dopje mar in rúntsje fan my

It bier is sa bêst by dy...'


Mei lange halen, noas yn 'e wyn

rjocht op ús doel ôf, de bosken yn.

Op nei de Luts troch it Slingerpaad

it lêste ein yn it boekeskaad.

Mei toarstich waar, sa fier fan hûs,

is Kipenburch in oase foar ús.

De rûntsjes fleane rap foarby

'It bier is sa bêst by dy...!'

Pleatst: 29-10-2020 - 15:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Folhâlde...


Dat falt net ta!


Doe't de coronakrisis krekt begûn wie, ûntstie op it paadsje om Hantum hinne it moaie inisjatyf fan de kleurde stientsjes. It wie in prachtich gesicht.


Deze coronatijd waar we allemaal afstand moeten houden, kwamen we dit idee tegen. Beschilder een steen met jouw tekst, gevoel en maak er wat vrolijks van!

Gebruik acrylverf, lak er overheen en sluit aan in de rij...


Mar se lizze der hjoed oan de dei fertutearze by. Eins soene wy dit folhâlde moatte, wat de krisis hat ús noch hieltyd yn 'e greep.


Twa jier lyn waard it Eetbare bos yn Hantum iepene. Mei in protte oanwêzige pommeranten en moaie wurden. Yn dit bosk bysûndere fruitbeammen mei yn 'e hjerst hearlike fruchten oan de tûken. De grûn waard ynsiedde mei spesjaal sied en dy grûn mocht beheard wurde troch in pear skiep fan in seldsum ras...


Ferline jier waard it bosk troch ûnbekenden leech helle..


Dit jier is dat better. Hoewol?

Der steane ferdroegene beamkes tusken. It gêrs is rûch, de skiep ite net alles. Stikels oerwoekerje de boaiem en guon peallen dêr't de fruitbeammen mei ferankere binne, hingje der bryk by as binne ôfbrutsen. En wat bart der mei it no noch oanwêzige fruit? Net ien dy't dat wit en as it sa troch giet is it aanst wer ien grutte wylde binde dêr't de skiep fan ellinde mar fuorthelle binne.


Eins moatte wy folhâlde! Mar ja, dat falt net ta...


Pleatst: 23-10-2020 - 16:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Mei in sauske fan Kryptoniet…


Pleatst: 08-10-2020 - 21:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de