De Luts…


Op de pedalen, bannen yn ‘e brân

De bosken yn fan Gaasterlân

Op nei de Luts troch it slingerpaad

It lêste ein yn it bûkeskaad…


Dat ferske fan Diggelfjoer sjit my wol gauris yn ’t sin. Bygelyks at ik oer de A7 nei Balk ta ryd en ik minsken sjoch mei fytsen achterop. Dy geane te fytsen nei de bosken fan Aldemardum, tink ik dan. En foardat ik it yn ‘e gaten ha sjong ik dit ferske wer.


De lêzers fan dit weblog sille sa stadichoan wol witte dat Gaasterlân no ienris in waarm plakje yn myn hert hat. Regelmjittich komme de lêzers hjir ek foto’s tsjin fan dizze moaiste streek fan Fryslân. Yn it blog fan septimber binne ek wer in moai oantal fan dizze foto’s te (be)sjen.


Soe it dêrom komme dat elkenien dy’t myn nije omslachfoto op Facebook sjocht, fuortendaliks oan Gaasterlân tinkt? Ien is der mei begûn troch as reaksje te skriuwen: Aldemardum? En noch mear reagearders giene op de Gaasterlânske toer: Mirns? Rys? De Wyldemerk? Der wie sels al ien dy tocht dat it de Luts wie…


Sokke reaksjes dogge my goed, mar fansels hiene se it allegearre fout. De foto is earne oars makke. Mar wêr? Yn dit ferhaal jou ik ek gjin oplossing… Sykje mar moai even troch soe’k sizze…


Mar lês ek even goed it ferhaal fan juster! En sykje hjirûnder nei de ferskillen…



























De …?

De Luts

Pleatst: 11-10-2018 - 12:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spin yn it web…


Prachtich waar! Dan mei ik graach even in blokje om.


Faaks doch ik dat ek even yn Dokkum.  Bygelyks as ik klear bin mei myn frijwilligerswurk yn de bibliotheek. Even it bolwurk om as soksawat. Wisten jimme dat it bolwurk om sa’n 2,20 kilometer is?


Underweis meitsje ik ek wolris wat foto’s. Meastentiids sjoch ik der nea wer nei, mar hawar, jo hawwe sa’n tillefoan en in foto is gau makke. In spin yn it web dat fûn ik wol aardich. Mar doe’ t ik de foto neier beseach, wie it web hast net te sjen. Sa’n autofokus steld him yn op de achtergrûn, dy lytse triedden falle hast net op yn de lens.


Ik bin hjoed ek even in blokje om west yn Hantum. Dit kear mei it fototastel. Doarpsbelang hie my frege oft ik wat foto’s meitsje woe. Dy foto’ s woene se graach brûke foar in presintaasje yn it ramt fan it DOM-projekt. Hantum wie dêrfoar útlotte en no moasten se har én harren plannen presintearje op in DOM byienkomst.


Mochten jimme no nijsgjirrich wêze wat der allegearre op ‘e foto setten is, dan kinne jimme Hantum op 10 oktober 2018 hjir besjen…





















Pleatst: 10-10-2018 - 14:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2018

In persoanlike webside

h@vanderhei.de