Kliko…

Ik sjoch it dan foar my… Yn it grutte gebou fan ús gemeente Noardeast Fryslân sit earne op de ôfdieling
logistieke- en afvalverwerking in amtner mei wat boartersguod autootsjes en in grut stik papier mei kleurpoatleaden de opset út te dokterjen fan de grutte mega-operaasje kliko-omwikseljen.

Jaja, wy ha nije kliko’s. Mei in chip.

Wêrom in chip? No, it ferhaal giet dat dizze kliko’s nochal ris weireitsje en dan is it handich dat se chipt binne, want sadwaande hat men gau de weirekke kliko wer thús te stean. Krekt as mei húsdieren, even de chip útlêze by de bistedokter en oh ja, dit earme hûntsje is fan de Vries…

Ik sjoch ek regelmjittich doarpsgenoaten in blokje om kuierjen mei de kliko. Even
it Leech om. En ear’t jo it yn ‘e gaten ha, naait sa’n kliko út om’t hy yn de fierte in bult rotsoai sjocht…
Healwiis argumint, weirekke kliko’s. Se binne ek sa grut, sjogge jo maklik oer de holle…

Hawar, dy chip sit der fansels yn om ús yn ‘e takomst yn ‘e gaten te hâlden en te wagen hoefolle troep wy yn dizze plastikbak kiperje en ús oan de hân fan it gewicht in oanslach te stjoeren.
MAR SIS DAT DAN! En kom net mei sokke healwize ferlechjes fan ferdwaalde konteners en weirekke biobakken.

De amtner is efter syn bureau dagenlang dwaande west (sil wol in pear jier wêze) om in logysk skema op te setten, want dat is fansels in hiele put om safolle huzen fan twa nije bakken te foarsjen en de âlde wer op te heljen. En dat kin fansels net tagelyk, de âlde moatte earst hielendal leech wêze.

Lokkich kaam de bêste man/frou ta in kreaze oplossing en alle ynwenners krigen in moaie brief mei dêrop it tiidpaad fan dizze grutte kliko-operaasje. Fan ‘e wike soene se komme om de nije te bringen. Mar dêr wiene se juster al! Hè? In gemeente dy’t foar is op’t skema? No ja, wy fine it wol bêst. De auto hat wol hast in hiele middei by ús yn ‘e strjitte stien om it útdielen ta in goed ein te bringen. (Ien fan de mannen moast earst pisje en socht in stil hoekje fan ús strjitte op, mar wy ha it wol sjoen hjer…!) Doe moasten se yn ‘e auto ferskate papieren trochwurkje en op’t lêst binne se mei de ferdieling begûn. Kreaze konteners, dat wol.

Ik snap trouwens net dat se foar wiene op it skema, want op in freedtemiddei ried ik achter de kontainer-útdiel-frachtwein-kombinaasje en sy rieden net hurder as 50 wêr’t jo 80 meie. Fansels moatte jo mei sa’n grutte stapel ynelkoar sette konteners hoeden ride om foar te kommen dat se op de auto’s fan de tsjinlizzers en achteropriders telâne komme, mar ik tink mear omdat it al trije oere wie en dat se yn dit tempo krekt op ‘e tiid op it depot oankomme soenen om harren drege wurkwike ôfslute te kinnen…

De operaasje lege kliko’s, nije brûke gie bêst. Lokkich ha de konteners in oar kleur lid, dat fersinne is der eins net by.

Mar no komt it!

It hat ek nochal wat om ‘e hakken om sa’n nije kontener oan de dyk te setten. Dêr moat hast in wetterpas en in sintimeter by! Want nei de earste kear leegjen fan de nije kontener siet der al in label oan. Se wiene net goed delsetten. Se moasten twa-oan-twa en de ôfstân tusken de folgjende twa moast sa’n 30 sintimeter wêze. De frou wie poer!
Ik ha him der as earste delsetten, hoe kin ik dan sa'n label krije! Oh oh, hast tiid foar de Rijdende Rechter… Mar mei dizze tip (sille wy mar sizze) yn ‘e efterholle stiene se de folgjende kear goed.

Nee hjer, wer in label…

Wat no wer? It die bliken dat se te ticht op ‘e stoepe stiene. Se moatte sa’n 20 sintimeter fanôf de stoeprâne. Kinne dy tips net op ien label? Sa bliuwe jo oan de gong. En fansels, de earme sjauffeur soe ris út de auto komme moatte. Hoewol… wa hat dy labels deroan dien?

No ja…

No ha ik ek mar in label foar de jiske-auto amtners makke. Want hoefaak se de konteners net samar wer wat delsabelje. Man man, withoefaak lizze se yn ‘e strûken mei it lid iepen te stjonken… Wy wol kreas delsette en sy net? Kom no, sa wurket it net.

Hjirby it label. Jimme kinne it delhelje en útknippe. Ik soe sizze massaal oan ‘e kliko’s hingje, wy sille se wol krije. En om it hielendal moai te meitsjen plakke jimme der in chipke op. Naturel is goed, mar paprika mei ek fansels…


Klik hjir om it label del te heljen.







Pleatst: 17-11-2021 - 22:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2021