Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Witst noch wol...(slot)

Dat buske, ja dêr kin ik de hiele side wol fol oer skriuwe... Doe't ik bygeande foto ferline jier mei de útnoeging foar ús freonendei meistjoerde, tocht elkenien dat it ús buske wie! Wêr hast it buske fûn? Leit it buske der wier sa hinne? Ik moast bekenne dat ik in besteand plaatsje bewurke wie.. Mar elkenien fûn it prachtich en alles kaam wer boppe. In moaie tiid en dat moatte jo koesterje...


Pleatst: 30-03-2006 / 23:03 oere - Reagearje?


Witst noch wol...(2)

Juster skreau ik: 'Wat ha wy in wille fan en mei dat buske hân...' Mar it buske liet ús ek wolris yn 'e steek. (In achteras stikken...) Midden yn Dútslân. Mar lokkich hiene wy in ANWB reis- en kredietbrief mei en Dútslân stiet fol mei VW-graazjes, dat wy wiene al wer gau 'on the road'. Op nei ús folgjende doel: Valkenburg!
No, dat is in ferhaal apart...

Pleatst: 29-03-2006 / 23:19 oere - Reagearje?


Witst noch wol...(1)

Froeger, yn 'e rûge jierren, kochten wy mei al ús maten in VW-buske. (Dat sil doe in T2 west wêze...) Hjir giene wy elk wykein mei op stap. En dan om de beurt ride. Doe hiene wy ek al in BOB. (Allinne wy neamden dat doe oars...) Ek binne wy mei syn allen yn it buske, sa't wy ús steatussymboal neamden, op fakânsje west nei Frankryk . Man, man, wat wie dat ûnferjitlik! Op ús jierlikse freonendei ha wy it der noch oer! Fansels moasten wy ús ûnderskiede fan alle oare ferkearsdielnimmers en dêrom hiene wy in grutte Fryske flage op 'e sydkant fan it buske skildere. Wat ha wy in wille fan en mei dat buske hân! Der moat earne noch in deiboek wêze mei ferhalen fan doe, mar it skynt dat dizze ferhalen net foar publikaasje geskikt binne...
Mei oare wurden: altyd al in busleafhawwer west...
Bylden út it Ferline...

Pleatst: 28-03-2006 / 19:41 oere - Reagearje?


Weetjewel...

Wy ride yn in VW Transporter. Koartsein in T4. Der is ek in (ynternet) klup foar bestjoerders fan sokke moaie bussen. It aardige is, dat jo sjen litte kinne dat jo 'lid' binne fan de T4-klup troch de stikker T4 4 ever earne op jo bus te plakken. As jo elkoar dan tsjin komme yn 't ferkear en de stikker wurdt sjoen, dan kinne jo dat melde op de T4-side www.weetjewel.nl yn it forum: weetjeweller gespot. Juster, ûnderweis nei Warkum, wie it goed raak, wy seagen mar leafst trije T4-riders mei stikkers op de auto. Sy wurde dan ek wol weetjewellers neamd. In unikum! Dat it forum stiet fol mei myn berjochten...
En moarn kom ik even werom op dat buske ferhaal...


Pleatst: 27-03-2006 / 21:11 oere - Reagearje?


16 Jier en wide kimen...

Hjoed binne wy op besite west nei in nicht fan ús. Sy waard 16 jier en dat moast fierd wurde fansels. Sy wennet yn Warkum op in unyk plakje. Flak oan de Iselmarkust. En asto by har út it raam sjochst, dan sjochst neat oan 'e kym! En dat is dochs wol bysûnder yn ús folboude lân. Ja, simmerdeis sjogge jo de seilen fan de boaten dy't oer it wetter fan de Iselmar glide... Bygeande foto is yn de simmer makke, mar jout wol in goed byld fan dat wat ik bedoel. It wie wer gesellich...
www.workum.nl


Pleatst: 26-03-2006 / 23:28 oere - Reagearje?


De lêste drip (2)

De oanfier fan SIR Irisch Moos komt goed op gong. Twa út Dútslân en mar leafst seis út België. En der komme noch mear. En it gekke is: as ik se sa bestel, giet it hurder as fia myn drogist yn Dokkum...

Pleatst: 24-03-2006 / 21:32 oere - Reagearje?


Net skrikke (2)

Oeps, ik sis mar neat...
Parkere?

Pleatst: 24-03-2006 / 21:21 oere - Reagearje?


Betiid dit kear...

'Earder kraaiden de hoannen en no gapje se, sei in âld skoalmaster, doe't hy dôf wurden wie...'


Mar frjemde gedachten op 'e betide moarn...
Dan hjir mar hinne!

Pleatst: 24-03-2006 / 06:14 oere - Reagearje?


'Soms smurft het mee en soms smurft het tegen'

Der binne fan dy dagen... Hjoed de hiele dei steuringen op it wurk mei de kompjûters. Iene nei it oare blauwe skerm. Printers dy 't net dienen, opnij opstartende PC's en kollega's dy't mar klikten om der dochs mar in printsje út te krijen. En in ûngelok komt nea allinne... Ek in laminearapparaat rekke fêst. In plestik hoeske krolle hielendal op en siet muorrefêst yn it apperaat. Utelkoar dan mar. Dat is wol slagge, mar dêrnei die hy it net mear. Kaam dat no fan it fêstrinnen as kaam dat fan myn prutsen en skroeven om it plestik der wer út te krijen? Wa sil it sizze... Mar om no te sizzen dat it mei siet hjoed.
Mar lokkich wie der sop fan Bernlef...

Pleatst: 23-02-2006 / 21:56 oere - Reagearje?


Even útlizze...

Juster hiene wy wol in hiele kryptyske boadskip op de side. Dat moat neier útlein wurde. Ien kear yn 'e safolle tiid ha in bekende doarpsgenoat en ik oerlis oer in ferskaat fan aktiviteiten. Ien fan ús spearpunten is it oerlis mei de Hantumer jeugd. Soksoarte fan oerlis duorret meast net sa lang. Dat it praat gie al gau earne oars oer. No hat myn doarpsgenoat altyd ek in hiele protte kreative ideeën, dat wy hiene al gau de meast frjemde dingen betocht. Boppedat kaam syn frou thús mei in fles fol likeur út Eastenryk. Hie se fan har âlden krigen dy't dêr hinne west wiene. Dat dat spul moast preaun wurde fansels. Dat de ynfallen waarden hieltyd mâlder! Fandêr sokke frjemde berjochten juster... Want der moast nei ôfrin ek wer wat op de side set wurde fansels. It wie mar sa koart omdat it iderkear stikfol flaters siet. Der binne nei korreksje mar trije oerbleaun... (Hoe soe dat no kinne??)

Pleatst: 22-03-2006 / 21:08 oere - Reagearje?


In jûn fol...

Sa no en dan ha jo wolris in jûn mei in protte ideeën. Hearlik! Mar... wurde de ideeën ek wiermakke? Soe wol moai wêze!

Pleatst: 21-03-2006 / 23:48 oere - Reagearje?


Reklame?

Nei oanlieding fan myn speurtocht nei SIR krige ik de folgjende reaksje (fan de Belgen dêr't ik de aftershave fan besteld ha):

Bedankt voor de reclame op uw website. Ik moet toegeven dat het een leuke afwisseling is om nog eens een stukje Fries te lezen. (Afzien... maar het is gelukt) Als we trouwens nog eens Fries aan 't lezen zijn en iets niet begrijpen ... Nemen we ons woordenboek wel. (We hebben ergens nog een Fries woordenboek liggen voor dergelijke noodgevallen).
www.mirvashop.be

Pleatst: 20-03-2006 / 21:38 oere - Reagearje?


Perfekt!

Wy kinne no alle kanten mar útdraaie...


Pleatst: 20-03-2006 / 21:30 oere - Reagearje?


De sterke earm...

Wat ha wy no wer by't ein? De keamer oer de kop. Nei in levertiid fan sawat in jier is de monitorearm einliks kaam. As leaver sein: ophelle. Dat like my no aardich, in earm op it buro dy't jo alle kanten útdraaie kinne. Boppedat krije jo ek wat mear rûmte op it buro. Nei wat prutsen en skroeven siet de arm dochs teplak. Wie earst bang dat it net passe en dat der in pear gatsjes boarre wurde moasten, mar it foel ta. Ik hie wer ferkeard sjoen. Foardiel fan dit gepruts is dat jo wer ris achter it buro komme. Tusken de triedden, stekkers en kontaktdoazen húshâldt hiel wat stof. Dat de stofsûger hat wer fertuten dien... En oft it slagge is? Dat sjogge jimme in oare kear op dizze side...

Pleatst: 19-03-2006 / 18:20 oere - Reagearje?


Femmage

Wy ha it mar drok mei ús teaterbesyk. Justerjûn sieten wy wer yn 'e IIsherberch. (Dat gebou docht syn namme ear oan, neffes Wilma...) It wie in foarstelling fan de frouljusgroep Femmage. Sy dogge oan cabarella sa't sy sels op harren side sizze. Mar it wie krekt sa't Wilma sei: "Nei it skoft wie it moaier as derfoar..."
www.femmage.nl


Pleatst: 19-03-2006 / 18:04 oere - Reagearje?


De lêste drip...

Oan alles komt in ein... Ik moat ôfskie nimme fan myn merk After Shave. Fanôf dat ik my skearde brûkte ik Sir Irisch Moos. Froeger wiene der noch wolris formule 1 auto's dy't se mei stikkers fan SIR beplakten, sa ferneamd wie dit merk. Boppedat brûkte myn heit Fresh Up en as jo jong binne sette jo je tsjin alles ôf, dat Fresh Up kaam by my net op't kin. Mar no is it net mear te krijen! Nei al dy jierren. Yn Dokkum hie ik noch in spesjale oanfierline fia Hamstra de drogist, mar fan'e wike bellen se my op, dat it no wier net mear te krijen wie. Punt út. Mar jo binne fuort net ferslein. Ik ha fia ynternet alle yn 'e wrâld noch oanwêzige Sir-aftershave opkocht... Fia E-bay, Marktplaats, by Dútske ynternetwinkels en gean sa mar troch. Dat as der de kommende dagen in protte frachtferkear is by ús yn 'e strjitte, dan komt de oanfier fan Sir Irisch Moos goed op gong. Ik bliuw it brûken, ta de lêste drip op ierde. En mochten jimme noch sa'n fleske thús stean hawwe, fuort-en-daliks reagearje!

Pleatst: 18-03-2006 / 18:175 oere - Reagearje?


Witte Lijst...

Der binne fan dy dagen... Dan rinne jo tsjin hiele frjemde saken oan. No belle my skoansuster. Har dochter, myn nichtsje dus, moast foar skoalle it Sjineesk Folksliet brûke. No hie se it al fûn op ynternet, mar no koe se it net op CD krije. Dat baarnen woe net. Hendrik belje fansels. Sei ik yn myn entûsjasme: alles wat jo ôfspylje kinne op de kompjûter, kinne jo ek op CD krije. Jawis... Mei gjin mooglikheid. Ik hie it al fûn, op oanwizingen fan myn skoansuster, mar ik hearde by it ôfspyljen neat! Wat die bliken: it USB-lûdskaartsje (dat wy brûke foar de trieleaze koptillefoan) woe gjin MIDI-files ôfspylje. Duorret fansels wer even eart jo dêr achter komme... Mar hawar, fia it perfekte programma CoolEdit ha ik it opnimme kinnen en as MP3 fuortskreaun. Mei noch in pear oare deuntsjes derby. Dat myn nichtsje kin har learkrêft en klasgenoaten mar ferrasse mei de Sjineeske pingelmuzyk, want oars soe ik it net omskriuwe kinne. En wolle jimme it ek heare? Klik dan op ûndersteande link. En noch in Sjineesk riedsel ta beslút: It is wyt en hinget yn in Sjineesk restaurant oan 'e muorre... (Foar it antwurd, sjoch titel fan dit stikje!)
Sjineesk Folksliet

Pleatst: 16-03-2006 / 21:51 oere - Reagearje?


Natuur en Kleur...

Dat is it tema fan it projekt dêr't ús stagejuf Aaltsje mei dwaande is yn groep 5 & 6 fan it Lemieren. Sintraal yn it projekt stiet it bosk fan Ypeij. Yn dat bosk steane allegearre keunstwurken en it is de bedoeling dat de bern leare mei oare eagen nei dy keunstwurken te sjen. En dat falt noch net ta... It aardige is, dat de bern aanst sels ek keunstwurken meitsje sille. Oft wy dy no ek yn it bosk tentoanstelle kinne? It soe wol aardich wêze! No ja, hâld ús skoalleside mar wat yn 'e gaten...
Oh ja, hjoed binne wy op stap west. Nei it bosk. En it wie glûpende kâld...
www.vijversburg.nl
www.tytsjerk.nl

Pleatst: 15-03-2006 / 23:15 oere - Reagearje?


Raar lûd...

Wy mochten bliid wêze dat wy hjoed Tytsjerk hellen. De 'RedBull' (de bynamme foar ús moaie reade Golfke) makke wakker rare lûden ûnderweis. Ik koe ek net rjocht gewaar wurde wêr't it lûd wei kaam. Ynienen wie't ek wer fuort. Mar even letter, doe't ik wer gas sette, kaam it healwize lûd wer! Ik seach my al lâns de kant stean, nei skoalle te beljen. 'Ik kom letter, ik stean mei de auto lâns de dyk...' Mar oh wûnder, fuort wie't wer... Moast de Golf earst 'op stoom' komme as kaam it fan de kljeld? Wa sil it sizze, miskien heare wy it noait wer. En oars lêze jimme it wol op dizze side...!
En dit is him dan! the RedBull.

Pleatst: 14-03-2006 / 22:39 oere - Reagearje?


DBO-tsje...

DBO: in Doelleas Blokje Om. No, doelleas wie it alhiel net... Der moasten pepieren foar de gearkomste fan ús doarpshûs d'Ald Skoalle rûnbrocht wurde. It wie moai waar, dat ik naam my foar om it mar te foet te dwaan. Der wiene mear minsken dy't der sa oer tochten, want ik kaam in hiele protte doarpsgenoaten tsjin. Ek Fedde van der Meulen kaam ik tsjin flak by it Boeddhistisch Sintrum. Hy sei al tsjin my: "Ek mar fier fan hûs..." En sa wie't mar krekt. Ik bin hast trije kertier ûnderweis west. Mar it wie moai waar...
Bygeande foto fan de Hantumer mûne is net op dizze reis makke, mar ik bin der wol bylâns rûn...
Klik hjir foar de route.
De Hantumer mûne. Alles yn byld...

Pleatst: 12-03-2006 / 22:44 oere - Reagearje?


Dat foel ta...

Witte jimme it noch? De reboelje oangeande Gasten it nije stik fan Tryater? No, dat foel ta. Wy hiene kaartsjes foar de foarstelling fan justerjûn yn 'e IJsherberg yn Dokkum. Eins wie't wol in moai stik! Ik jou ta, it gie hjir en dêr heftich, mar ik koe no net sizze dat ik oandrang krige om derút de rinnen. Jo moatte wol besykje om jo yn de bedoeling fan it stik te ferdjipjen. Dan ha jo in moaie jûn, mei in bysûnder Tryater yn in moai dekor en in hiele aparte oanklaaing...
Bygeande foto is fan in Dútske útfiering fan: Gäste. It is oarspronklik in Dútsk stik, skreaun troch Oliver Bukowski.

Pleatst: 12-03-2006 / 18:20 oere - Reagearje?


Kuolkastpoëzy...

Dit stiet no op ús eigen kuolkast... Moai om te dwaan! Sjoch ek op: www.koelkastpoezie.com


Pleatst: 11-03-2006 / 12:17 oere - Reagearje?


Readboarstke...

Alle jierren ha wy in readboarstke yn 'e tún. Faaks is de earme siel mar allinne en hipt hy dêr wat om, om ús bôlekrûmels op te pikken. Hoechst mar krekt foar it rút te ferskinen, as ús lytse gast sit al wer hoeden yn 'e hage. It langstme om de lytse freon op 'e foto te setten is dan ek hiel grut. Allinne it slagget mar noait! Us lytse maat hat in hekel oan kamera's. Wy beskikke ek net oer grutte telelenzen, dat it sil wol in toer wurde om him te digitalisearjen. Mar wacht! In foto fan in readboarstke is sa fûn op ynternet! Dan even mei Paintshop Pro oan 'e slach en sjoch, dêr sit ús lytse freon al yn it snie-gers om de lêste krûmels yn te nimmen... (Hy is wol wat grut, mar jo moatte al sjen kinne dat it in echten is...)
roodborstje

Pleatst: 11-03-2006 / 11:37 oere - Reagearje?


Earnewâld

Wy seagen it earst net sa sitten: optrede mei Klún en Knoffelhakke foar de âlderein fan Earnewâld. Betiid fuort, troch de wike en in wat âlder publyk. No ha wy neat op âlderen tsjin, mar sy reagearje no ienris wat oars. Mar it pakte alhiel oars út! In gesellige seal (Jan Wester wie spesjaal foar dizze jûn iepen...) in moai poadium en in protte minsken. En wat ha sy lake! Wy rekken hieltyd mear op dreef! Eins wie't in geweldich optreden! Sa sjogge jo mar wer, it makket neat út! In noflike jûn is net oan leeftiid bûn...
www.wester.nl
www.earnewald.nl

Pleatst: 09-03-2006 / 22:35 oere - Reagearje?


Koek en Zopie...


Dizze foto is makke by de lêste reedridersmiddei foar groep 5 en 6 yn de iishal yn Ljouwert. Hiene wy ek wat te dwaan!
www.itlemieren.nl

Pleatst: 08-03-2006 / 16:30 oere - Reagearje?


Gastfrij...?

Dit is mar wat! Tryater makket de tongen goed los mei harren nije produksje 'Gasten'. No ha wy foar 11 maart o.s. ek kaartsjes reservearre. Wy kinne ús mar klear meitsje. It skynt mâl te gean en der rinne minsken fuort. Wy binne hiel wat wend, dat wy binne benijd. Wy hâlde jim op 'e hichte!
www.tryater.nl


Pleatst: 07-03-2006 / 21:56 oere - Reagearje?


Weest Optimistisch!


"Optimistisch.nl is een initiatief van een aantal mensen uit de communicatie wereld.
Het doel van dit initiatief is tweeledig:
Aandacht voor positieve ontwikkelingen en gebeurtenissen in de nederlandse samenleving en economie als tegenwicht tegen een dominante focus op somberheid; discussie op gang brengen over het belang van een optimistische en positieve (levens)houding van mensen, bedrijven en organisaties als katalysator voor succes"

No, dêr ha wy ferlet fan. As net?! Sjoch op: www.optimistisch.nl

Pleatst: 06-03-2006 / 21:37 oere - Reagearje?


Knappe happes...

Wat sei dat pake Willem allinne de kurlingsport beoefene? Wy kinne der ek wat fan hjer...

Pleatst: 06-03-2006 / 21:13 oere - Reagearje?


Miks...

Jo goaie dizze foto's trochelkoar en wat krije jo dan? (Moarn wer sjen...)

Pleatst: 05-03-2006 / 13:14 oere - Reagearje?


En wêr is Sikke...?

Dat wie justerjûn de grutte fraach op 'e frijwilligersjûn fan ús doarpshûs. Mar it die bliken dat Sânman & Sikke ek wol sûnder Sikke sjonge kinne. Prachtich! Wat in optreden. Moaie ferskes hiel muzikaal mearstemmich songen. Wy ha genoaten. Wy kinne weromsjen op in tige slagge frijwilligersjûn! Op harren webside www.sanmanensikke.nl kinne jimme mear fine oer dit bysûndere koar. En harkje nei skitterende nûmers.

Pleatst: 05-03-2006 / 12:20 oere - Reagearje?


Net skrikke...

Dat seine de plysjes tongersdeitejûn doe't se oanbellen. 4 Man sterk! Se hiene earst al wakker mei grutte bûslampen by de bourfrou foar de doar stien. Wakker skine en oanbelje. Noch twa man op it parkearplak. De earste gedachte wie: moai, it sil heve! Mar oh hearken, sy seagen my foar it rút stean, want ik wie tige nijsgjirrich fansels, dat doe stapten se op ús foardoar ôf. 'Guon makken harren ûngerêst,' neffes de aardige plysjeman. No, dat dogge wy al jierren, mar wizer koe ik him ek net meitsje. Wy ha gjin kontakt mei buuf, en ik koe ek net oanjaan wannear it har foar it lêst sjoen hie. 'No, dan moatte wy nei binnen,' neffes de iene.. (Grutte brekizers en hammers, ik seach it al foar my...) Mar doe skreaude wer in oaren: 'Wy ha kontakt!' Dat buuf hie iepen dien tink. Dat dêr skynden de mannen wer hinne, by buorfrou nei binnen. Sy ha der ek noch in skoft sitten, dat ik wit net hoe't it ôfrûn is... En oft it de lêste kear is? Wa sil it sizze. Mar it wie in hiel o-heden yn ús oars sa kalme strjitte...

Pleatst: 04-03-2006 / 10:53 oere - Reagearje?


Knappe oerpake...

De olympyske sporters binne wer thús. Ynhelle mei in trein fan de NS. It besoarge harren in 'skoallereiske-gefoel' en sy binne no wurch... Mar wy ha it goed dien en in moai oantal medaljes wûn. Ik ha mei niget nei de kurling wedstriden sjoen. Want dat sit my wat yn it bloed sjoch! Myn oerpake silliger Willem Hendrikus Stegenga die ek oan dy sport. Fier foardat it olympysk waard. Ik leau dat hy nochris it iepen Frysk kampioenskip yn Terherne wûn hat. Ik ha even socht, mar ik ha in foto fûn, út it argyf fan ús mem. De leafde fan de sport is net echt oerurven, mar de belangstelling is wol oanwêzich. Ik wol jimme dit histoaryske plaatsje net ûnthâlde, ús famylje is der grutsk op! Ik ha foar de aardichheid de medalje fan de IFKK der by PaintShopt. En wat moasten dy stakkerts harren behelpe mei in Blokker-biezem. En eh... pake Willem wie noait wurch!


Pleatst: 02-03-2006 / 21:12 oere - Reagearje?


De wize happe...


Pleatst: 01-03-2006 / 17:48 oere - Reagearje?


Hast...

Wy wiene der hast! Wy mei de brommobyl fan myn broer út Snits nei it karnaval. Spitich, mar wy hellen it net. En wy hiene ek noch wol in koffer fol jild mei!
'Met de brommobiel naar het carnaval.'
www.aixam.com


Pleatst: 28-02-2006 / 22:56 oere - Reagearje?


Wat in gedonder...!

De earste edysje fan ús doarpsblêd Hichtepunten komt dizze wike út. Sa as gewoanlik draai ik altyd de adfertinsjesiden. Mar jûn woe it net echt! It wie sa as de foto's oanjouwe! Wazich, ûnskerp en healwiis. Pepier bleau idekear heakjen, ien kant bedrukt, mesine wer piiiiipje! Hearken, dan is in jûne wol lang... Mat wy ha it oprêd! Der siet in lyts 'foelerke' yn 'e mesine net goed. Moast omdraaid wurde. Doe't dat wer klear wie, draaide de mesine wer as't spoar! Jo moatte der mar opkomme. Op de foto's sjogge jimme de siden klearlizzen. Makke mei de mobyl!
Op dizze side kinne it lêste nûmer fan ús doarpsblêd 'delhelje' en lêze:
Op 'e Bel - De digitale doarpsomropper


Pleatst: 27-02-2006 / 23:32 oere - Reagearje?


In fûgelferskrikker...!

"Waar zie je hem nog, de ouderwetse vogelverschrikker? Bijna nergens. Want vogels zijn er totaal niet bang voor. Misschien dat ze even onrustig worden van de vreemde verschijning, maar een dag later gebruiken ze zijn houten armen al als landingsbaan. Natuurlijk kan de gefrustreerde boer zijn pop optuigen met extra intimiderende kledij, zoals in de wind klapperend landbouwplastic of wild wuivende haren. Maar ook daar zullen de vogels snel aan wennen."
Ut: Quest - www.questmagazine.nl


Pleatst: 27-02-2006 / 19:51 oere - Reagearje?


En wêr docht jimme dit oan tinken...?

Sneon ha se yn it skoallebosk oan it snoeien west. Wilma hat wakker foto's makke. Foar it ferslach, want sy hâldt in deiboek by... Doe't ik dizze foto seach, moast ik earne oan tinke... Wêroan? Dat sjogge jimme moarn...


Pleatst: 26-02-2006 / 13:40 oere - Reagearje?


Motto fan dizze wike...

Pleatst: 26-02-2006 / 10:47 oere - Reagearje?


En wat ha wy dien yn 'e fakânsje?

Neat, hielendal neat... No ja, neat. Websides bywurke, lêze, kluskes dien en fansels de Olympyske Spullen sjoen. Machtich! Foaral it reedriden fansels. Mar ek oare sporten stiene yn 'e belangstelling. Ek it keunstriden wie tige moai. In protte moaie sport op TV! It moaiste, mar ek it dreechste momint - foar Carl Verheyen mar ek foar Nederlân - wie it momint dat yn de striid op 'e 10 kilometer Chad Hedrick noch even gas sette doe't Carl him ynhelje soe... Ik doch it him net nei...

Reaksje:
Hé Hendrik, do soest wol wolle datst sa ride koest as dy mannen... Hast Bob de Jong net sjoen dan? Hie it pikefel op de rêch man, hhahaha...
See you, Rhonda


Pleatst: 25-02-2006 / 00:03 oere - Reagearje?


Piebe Priegel skriuwt...

Piebe Priegel (en dat is myn skriuwersnamme...) skriuwt al sa'n 25 jier ferhalen yn it doarpsblêd Hichtepunten. Liket my aardich om sa no en dan in ferhaal op dizze side te setten. Dizze kear it ferhaal út de Hichtepunten fan febrewaris 2006. Skreaun nei oanlieding fan in foarfal dat wier bard is. En dy earme minsken, dat wiene wy...
Piebe Priegel

Pleatst: 24-02-2006 / 21:56 oere - Reagearje?

En even sjen hoe't it liket!

De webside mar wer ris oer de kop helle... Wer ris wat oars. Sa no en dan kin ik der dan wer wat nijs opsette. It is no wat mear 'weblog-achtich'. Litte wy mar begjinne mei in moaie foto... Fan ús eigen koar Rûm Sop. En dan fan froeger jierren... Sa sjogge jimme. Rûm Sop bestiet al hiel lang!
www.rumsop.nl

Pleatst: 24-02-2006 / 18:40 oere - Reagearje?