Oeral skynt deselde sinne…


Hoe zijn jouw zonnepanelen aangesloten? frege ik yn myn bêste Hollânsk oan myn buorman. Buorman wennet hjir al jierren, mar ik praat noch hieltyd Hollânsk tsjin him.


No ja...


Niet! sei buorman. Hè? De panielen lizze dochs al in hiel skoft by him op it dak? Al sawat 2 moanne... Mar buorman fertelde der achteroan dat se doe fanwegen de coronakrisis net yn 'e hûs mochten om de panielen oan te sluten. No, dan rint buorman mei dit moaie waar hiel wat sinnedollars mis, want de sinne skynt de lêste dagen omraak.


De folgjende dei soene se by ús op it dak de panielen komme te lizzen en se waarden ek fuortendaliks oansluten. No, dan wie ik wol benijd hoe, want at se fan boppen nei beneden in lieding oanlizze moatte nei de meterkast, dan moat der miskien wol wat spul oan 'e kant lein wurde.


Buorman koe noch wol fertelle dat se yn de bijkeuken, tsjin it dak oan, in oansluting makke hiene. Buorman seit bijkeuken, wy sizze gewoan hok. Aha, dan koe ik hast wol riede hoe't de lieding kaam te lizzen, want fan dat oanslútpunt sa streekrjocht mooglik nei de meterkast, dat wie troch de keuken. De oansluting hoegde hielendal net nei boppen...


Dat ik de boel oan kant. Kaam moai út, want dan koe ik it dêr ek even skjinmeitsje. In pear oeren letter wie it paad kreas reemakke foar de ynstallateur dy't de folgjende dei al om 08:00 oere foar de doar stean soe.


De oare deis...


Kloppe yndied. 08:00 Oere hinne moast ik drege fragen beäntwurdzje, want ear't de kabelman nei binnen mocht, moast hy earst witte oft der hjir binnen de doarren ek coronaklachten wiene. Hy folde dat yn op syn telefoan en doe't alles grien wie, kaam hy deryn. Hoe kom ik boven? sa wie syn earste fraach.


Sokke ynstallateurs komme nea út Fryslân...


Je hoeft niet naar boven, want als het goed is, komen de onderste panelen op het dak van de bijkeuken. Ik sei mar net fan hok, oars soe hy fêst tinke dat de panielen op ús lytse túnhokje montearre wurde soenen. Ik naam him mei nei bûten om it by buorman oan te wizen... Aha, ik zie het aansluitkabeltje al zitten, sa wie syn reaksje...


Hat de man goeie eagen.


Ik hie goed gokt, de oansluting koe troch de keuken. De man hat de hiele moarn oan 'e gong west en hat it kreas oansluten. Hy woe gjin kofje ha. Sil ek wol yn syn coronaprotokol stien ha.


Wilens wiene twa oaren oan 'e gong mei it pleatsen fan de panielen op it dak. Fansels moast der earst in grutte ARBO-stellaazje makke wurde, mar de mannen wiene oh sa handich. Ien fan dy monteurs hie (yn in balstjurrige bui, sa fertelde hy my) syn bertedatum yn Romeinske sifers op syn ûnderearm tatoeëarje litten. Altiten handich soks, jo witte dan yn ien kear hoe âld sa'n man is...


12:00 Oere hinne siet de boel derop en wie der kontakt makke mei it Vattenvall stroomnet (as is it no Liander...) en koe de tûke meter syn wurk mar dwaan. Mar it soe noch ik wike duorje, sa sei de oanlizzer, ear't de meter begûn te rinnen. Sok opstarten giet allegearre op ôfstân en dy ôfstân wie blykber sa grut, dat soks 7 dagen duorret...


En yndied, in wike letter begûn ús meter achterút te rinnen en streame sûnt dat momint de euro's binnen...


Mar as it krekt sa is as mei it griis kenteken (wie hiene noch mar in heal jier de bus doe't it belestingfoardiel foar diselbussen foar partikulieren opheven waard) dan ha wy der mar in koart skoftsje profyt fan.


Prachtich, dat waar fan ôfrûne wiken!


Ja, ja, ik begryp it wol. Guon mei 120 kante meter sinnepanielen op 'e skuorre gnize om sokke getallen. Mar jimme witte it hè? In een FIAT Panda lach je iedereen uit...



Pleatst: 27–06-2020  - 15:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rotte kies…? (3)


De toan yn de diskusje rûnom de wjerbestimming fan de frij te kommen grûn wurdt al mylder… Mar it ferhaal oer it âlde bedriuwspân fan myn broer is noch lang net útiten. It is in hiel o-heden dêr yn Balk.


Mar dat hindert neat, lit se der mar even oer switte..

Lês hjir Rotte kies…?(1) en hjir Rotte kies…?(2)


Dat hiele gedoch oer it eardere bedriuwspân fan myn (foar)âlden, hat my ynspirearre ta it meitsjen fan in fotoboek. It is hast klear! It boek jout in oersjoch fan hast 100 jier Firma W. van der Heide & Zonen yn Balk.

Mei de foto’s dy’t ik fûn hie by it opromjen fan myn âldershûs koe ik in moai boek gearstalle. Boppedat krige ik ek noch wat help fan in omke fan my, dat as it aanst drukt is, dan is it prachtich gehiel!




Pleatst: 22–06-2020  - 13:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dr. Hantum…


In pear wike ferlyn stiene eltse dei moaie puzeltsjes yn de Ljouwerter krante. Puzeltsjes fan Dr. Denker.

Dit binne rebus-eftige plaatsjes wêrt je dan in plaknamme útpuzelje moasten. In plaknamme út ien fan de trije noardlike provinsjes.


Wy wiene der hielendal oan ferslingere en alle dagen stjoerde ik in foto fan de puzel nei myn suster. Sy mocht ek oh sa graach Dr. Denker-je, mar se hiene allinne mar de wykeinedysje fan de Ljouwerter en dat soe dan betsjutte dat se in hiele wike wachtsje moasten op wer in puzel.


At ik dan moarns de foto mei de opjefte ferstjoerd hie, ûnstie der faaks in hiel app-ferkear oer de oplossing. Bytiden wie it aardich dreech…


Hast in tip?


Om dochs mar yn de flew te bliuwen, stjoerden wy elkoar op snein, de dei dat de krante net útkaam, dan mar in selsmakke opjefte. En it dan elkoar sa dreech mooglik meitsje fansels…


En no’t Dr. Denker al wer in skoftsje achter de rêch is, stjoere wy elkoar noch wolris ien dy’t wy sels ynelkoar shopt ha. Sa bliuwe wy yn foarm en is it ek in moaie oanlieding om even kontakt mei elkoar te hawwen.


Sjoch, kinne jimme ús selsmakke opjeften oplosse? Stjoer de oplossing mar yn soe’k sizze… It binne allegearre plakken yn Fryslân (fansels).



11 letters

8 letters

4 letters

5 letters

13 letters

Pleatst: 05–06-2020  - 16:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de