Rotte kies…?


Jierren lyn, hâlde het hoofd der school fan ús skoalle yn ús moaie doarpke hjir yn noardeast Fryslân in resepsje om't hy 25 jier by it ûnderwiis wie.

De resepsje waard hâlden yn de skoalle sels. Om't it haad doetiids yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân siet, wiene der ek in protte pommeranten útnoege. Ien fan dy pommeranten wie drs. Jaap Mulder, yn dy tiid ien fan de deputearren. Jaap hie syn roots yn Gaasterlân. Yn Aldemardum en Sondel om krekt te wêzen...


Wy, as learkrêften mochten fansels ek op de resepsje komme, allinne wy moasten yn ien fan de lokalen sitte. Wy mochten ús net tusken de elite minge. No ja, woene wy eins ek hielendal net, want wêr moasten jo it oer ha?


Mar om't de húskes foar yn skoalle wiene, moasten wy sa no en dan it elitêre selskip wol passearje. Seit it hoofd der school tsjin Jaap Mulder doe't ik foar in boadskip ûnderweis wie: Sjoch Mulder, dizze jongeman komt ek út Gaasterlân...


Fansels wie Jaap nijsgjirrich. Ien út Gaasterlân hjir op 'e Fryske klaai? Soks hâlde jo dochs net foar mooglik? (Nee echt net... haha) Wêr komsto wei? En hoe hjitsto? Van der Heide, en ik kom út Balk. Van der Heide? Ien fan dé Van der Heides? Ja, ien fan Herman, fan de garaazje... En doe spruts drs. Jaap Mulder de histoaryske wurden: Aha, Van der Heide, in begrip yn Gaasterlân... Us haad seach frjemd op en hie der hast spyt fan dat ik net tusken hege besite siet.


Dizze útspraak ûnthâlde....


Myn pake Wieberen wie de grûnlizzer fan de Firma W. van der Heide & Zonen. In firma dy't syn tiid fier foarút wie. Alles op it mêd fan technyk pakten se oan. Auto's, motorfytsen, radio’s, trekkers, fytsen, lampen, ja alle nije technyske ûntjouwingen waarden folge en alles op dit mêd hiene se yn de handel. Ek syn soannen wurken mei yn de saak. Earst yn ien gebou en letter útstrutsen oer trije pannen yn Balk. De garaazje foar auto's, trekkers, taksyritten, benzine en takelputsjes. De elektrowinkel foar radio's platespilers, televizjes, lampen en technyske ynstalaasjes en de sanitairwinkel foar ferwaarming, wetterlieding, gas en ark. Se wiene fan alle merken thús.


It mei dúdlik wêze dat de Van der Heides hast hiel technysk en autoridend Gaasterlân ta harren klantekring rekkenje mochten. De sporthal draaide op in ynstallaasje fan Van der Heide, de gêrsdroegerij waard troch Van der Heide fan in goed wurkjende elektryske ynstalaasje foarsjoen. As der wat omroppen wurde moast, fleach de bus fan Van der Heide mei grutte lûdsprekkers op it dak troch Balk. Auto yn de Luts? Gjin probleem foar Van der Heide. Mei harren sels omboude Ingelske legertruck ta takelwein, waard de fersûpte auto mei in protte fakmanskip út it wetter fiske.


En altiten stiene se foar jo klear! Dei én nacht! Sneins koe heit net mei op besite, want de plysje soe ris lâns komme kinne om benzine... Ta jo tsjinst, dat wie harren motto. Us waard dat ek leard om te sizzen tsjin de klanten at wy se holpen hiene oan bygelyks benzine. (Ja ek wy moasten meihelpe...) As de klant ús betanke, moasten wy sizze: Ta jo tsjinst... Oh wee as wy dat fergeaten....


Mar ek op maatskiplik mêd spilen de Van der Heide's net swak by. Foaral pake hat foar Balk in protte dien. Hy wie in man mei in romme blik. Jo moasten altiten foarút! Net stilstean bliuwe. Hy wie dan ek ien fan de earste leden fan de feriening Balk Vooruit! Dy feriening woe Balk letterlik foarút helpe. In swimbad by de Sleattemermar oanlizze bygelyks. In strjitte ferneamd nei ús pake wie dan ek in fertsjinne wurdearring foar al syn ynset!


Letter, oan it ein fan de 20-ste ieu, kaam der in ein oan de firma. Om't der gjin opfolging wie, waarden de elektro- en sanitairsaak ferkocht. Allinne de garaazje bleau ûnder deselde namme bestean. Yn de 80-er jierren fûn ús heit in opfolger yn myn broer. Hy woe de garaazje wol fuortsette. Dat pakte goed út! Der kaam letter sels noch in pân by, yn Emmeloard.


Mar tiden feroarje en twa lokaasjes foar ien dealerskip wie hast net te dwaan. Alles ferhuze nei Emmeloard en it pân yn Balk kaam leech te stean. Myn broer hie moaie plannen mei it lege pân. Der soene apparteminten komme, hy wie al drok mei de plannen dwaande. Hy woe der sels ek yn wenje. It âlde ambyld fan pake soe in prominint plakje krije yn it nije gebou... It idee wie wol even wenne, mar Balk moast foarút!


Mar oan al dy moaie plannen en oan al dy jierren warberens fan Van der Heide kaam hommels in ein. Myn broer ferstoar yn 2017. Tige ûnferwachts. En alles moast ferkocht wurde. In drege tiid...


De lege garaazje is no yn hannen fan in projektûntwikkeler. Ek dy hat moaie plannen, krekt sa as myn broer. Mar om no it lege pân in rotte kies te neamen?! Want sa stie it mei grutte letters yn in kop fan in stik yn it Frysk Deiblêd fan ôfrûne wike. De Fryske Marren wil af van rotte kies in Balk... It soe moai wêze dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders harren wat ferdjipje soene yn de skiednis fan it pân en de firma. Dan ha jo it dochs net oer in rotte kies? Fansels, der is in pear jier neat oan dien, begryplik dat it der dan net moaier op wurdt. Mar dan graach in term dy't wat mear respekt toant foar safolle technyske skiednis yn Balk en omkriten. Fryske Marren wil passende invulling voor voormalig garagepand in Balk. Dat klinkt al hiel oars...


No hat dit hiele ferhaal ek noch in frjemd sturtsje. Want it hjoeddeiske pân is yn 1979 boud, op it plak dêr't pake begûn is. Mar de earste plannen waarden doetiids ôfkard. It wie te heech! Dêrom sit der ek in ferleging yn it pân. It blauwe diel moast in oantal sintimeters nei ûnderen. As jo yn de showroom steane, foarmet dat in leger diel yn it gehiel. Wol moai oanlein, dat wol. It past ek hiel moai yn it pân. De arsjitekt hat der doe wol alles oan dien om it oarspronklike plan der troch te krijen, mar de schoonheidscommissie hâlde foet by stik.


Letter waard der tsjinoer de garaazje in appartemintenkompleks boud. Folle heger as de garaazje! Doe koe it ynienen wol. De Van der Heides ha der doe ek alles oan dien om dy hichte tsjin te hâlden. Sy wol en wy net? Dat is dochs mjitte mei twa maten? Mar sy koene prate wat se woene. It slagge net. It is no in oare tiid, sa waard der sein.


En no wolle se op it plak fan de garaazje in kompleks bouwe dat noch heger is! Mei in diel fan 17 meter hichte! Logysk dat de oerbuorren protestearje. Dat binne dochs gjin ôfmjittingen wol?!


Mar de plannemakkers ha harren wurdsje al klear. De mannen fan it projektbureau sizze: Wij hebben naar alle omgevingselementen gekeken. Zo past het nieuwe gebouw volgens hen precies in het straatprofiel en voldoet het aan de entreefunctie die het heeft, omdat het gebouw bij een ingangsweg ligt. Tegenover al die elementen moet een accent staan. Juist een onopvallend gebouw komt volgens hen de stedebouwkundige kwaliteit niet ten goede. Het weghalen van de bovenste laag is volgens hen geen goed idee. Als je de punt van de i haalt, dan is de kracht weg...

(Ljouwerter Krante 11 febrewaris 2020)


Tsjonge, wat in poeha en lege wurden. Mar ja, it sil wol wer trochgean. Want tiden hawwe tiden en Balk moat foarút! Mar sjoen de skiednis is dit dochs folslein bespotlik?! Sa sjogge jo mar wer, as it praat mar goed is, as der mar in protte wollige wurden brûkt wurde, trapet elk deryn. Ik soe as oerbuorlju foet by stik hâlde, sokke megalomane ideeën passe net yn it moaie Balk en al hielendal net op dit (foar ús) histoaryske plak...


De punt van de i. Hoe betinke se it. Om oer Ta jo tsjinst mar te swijen...





Het gebouw bij de ingangsweg yn 1990… Moai aksint dochs?


Mei tank oan www.langsdeluts.nl foar de histoaryske foto’s, links en krantestikjes…

Pleatst: 13–02-2020  - 21:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de