In plaatsje…(2)

Pleatst: 29–07-2020  - 13:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oeral skynt deselde sinne... (2)


Eins hie dit stikje skiven hjitte moatten, mar oan 'e oare kant slút it ek wer moai oan by diel 1. Dat nei in lange oerwaging en twa nachten sliepen, krijt it stik dochs mar dizze titel.


Ik tocht yn it earstoan dat it mei dy sinnepanielen op it dak samar klear wêze soe. Boppedat hie ik op it opjefteformulier fan de wenningstichting oanjûn dat sy alles foar my regelje soene...


Mar nei't ik der earder al achter kaam wie dat it in wike duorje soe ear’t de panielen oan stiene, die bliken dat it doe noch net klear wie!


Brief fan Liander. Dat wy hiene sinnepanielen op ús nederige wente krigen en wy leverden no enerzy, dat wy moasten ús oanmelde by energieleveren.nl. Dat koe ik, neffens de brief, sels wol dwaan. Mar it panielebedriuw soe it dochs regelje?


Hawar, ik op reis nei energieleveren.nl. Safolle enerzy soe dat oanmelden ek net kostje. Mar dat foel ôf. Sa moast ik it oantal panielen ynfolje (dat gie noch wol, dy koe ik bûtendoar telle, boppedat wist ik it út 'e holle...) en de datum dat se ynskeakele wiene. (En dat hie ik yn diel 1 al bekend makke.)


Mar doe kaam it!


Wat is it fermogen fan de panielen? Wat is it merk en it type fan de omfoarmer? Omfoarmer? Wat is dat? It mei dúdlik wêze dat ik heakjen bleau yn dizze opjefte. En no snap ik ek wêrom ik oanjûn hie dat sy dat allegearre mar regelje moasten. Mar ja, ik wie al op de webside fan energieleveren.nl begûn, hie al in akkount oanmakke en dat akkount wist it panielebedriuw fansels wer net...


Dat mar wer maile nei de leveransier fan de sinnepanielen mei de fraach oft sy boppesteande gegevens ek jaan koene. Oh wûnder, dat wie samar klear! Se seine yndie dat se it foar ús regelje soene, mar ik mocht it sels ek dwaan. Dat hierbij de gegevens...


Se binne fansels wiken achter, se wiene allang bliid dat ik it sels dwaan woe. Dat ik gau Emphase en IQ-7 ynfolje en de registratie was geslaagd! Dat no binne wy op ús adres leveransier fan sinne-enerzy! Hoe modern!


Fansels noch wer berjocht fan energieleveren.nl dat it registrearjen slagge wie en boppedat die Liander in pear dagen letter ek noch in sint in it ponkje:


Gefeliciteerd!
U gaat zelf energie opwekken. Een mooie stap in de groene richting.

Uw meter is geschikt voor teruglevering
U heeft een meter met vier telwerken: twee telwerken voor uw verbruik en twee telwerken voor uw teruglevering.

Uw energieleverancier is op de hoogte
We hebben uw energieleverancier doorgegeven dat u energie gaat terugleveren. Zij verrekenen de energie die u heeft teruggeleverd met de energie die u heeft verbruikt. Dit heet salderen.


En Vattenfall moast him der ek noch even mei ynlitte en liet ek witte it slagge wie.


Wij ontvingen een bericht van uw netbeheerder dat u zich heeft aangemeld voor teruglevering…


Dat no earst mar oanjaan dat it termynbedrach fan de stroomrekken wol nei beneden koe. Dizze koarting hie ik nei al dizze digitale ynspanningen wol fertsjinne.


Dizze wike krige ik fan de wenningbouferiening berjocht dat de hier omheech gien wie fanwegen ús grutte enerzysintrale op it dak. (Mar ek dat wie al bekend...) Boppedat lies ik earne dat it foarkaam dat netwerkbedriuwen yn wenwiken mei in protte panielen guon, op moaie sinnige dagen, op ôfstân útsetten, om't oars it netwurk te swier belêste wurde soe...


Dêr hast it al: As it brij reint, lizze ús skûtels omkeard...

Pleatst: 25–07-2020  - 13:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

In plaatsje…

Pleatst: 15–07-2020  - 15:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Weromsjen…


Yn de Balkster krante stiet hast alle wiken in lyts stikje oer it Gaasterlân fan froeger. Om’t ik regelmjittich mei de skriuwer mail, hat hy ek wolris in foto dy’t ik ynstjoerd ha pleatst. Lêzers kinne dêr dan op reagearje en neffens de skriuwer fan dizze stikjes dogge se dat faaks massaal…


Yn 2015 stie der in stikje yn oer it plak dêr’t myn pake mei syn saak begûn is. It pân dat op de foto stiet en besprutsen waard, waard doe yn 1930 ôfbrutsen en op dat frijkommen plak liet pake syn bedriuw bouwe.


No, hast 100 jier letter, stiet it hjoeddeiske pân op datselde plak ek wer op de nominaasje om sloopt te wurden. Om plak te meitsjen foar apparteminten.

Hoe soe it dan wêze dat oer, litte wy sizze, 50 jier, as hast nimmen mear fan it sloopte pân út 2020 wit, in foto fan dat pân opstjoerd wurdt nei dizze rubryk? Wat soe der dan oer skreaun wurde?


Soks set de fantasy oan it wurk…

Pleatst: 14–07-2020  - 13:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de