Winter…





Wylst de snieflokken it lân bedekke

en sûnt jierren it gers wer wyt kleurje…


Stowt de snie ûnder de balken

en dript it ranend yn de griene amer.


As de sniejacht syn wurk derop sit,

gean ik yn de kâlde eastewyn op jacht nei moaie plaatsjes…


Ik sjoch alles fanút de fierte oankommen

mar myn eagen skimerje yn it winterljocht.


(Op de achtergrûn soe ik samar it skrabjen fan de izers heare kinne…)


En wilens de swartlyster syn mieltsje byelkoar skarrelt

tink ik: ik meitsje snert!



Op jacht nei moaie plaatsjes…

Pleatst: 14-02-2021 - 11:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Terp…

Fan't wykein seach ik in aardige, wier barde film oer de histoarje fan McDonald’s. De twa bruorren Richard en Maurice McDonald hiene yn 1948 in unike wurkwize betocht en wisten op dizze wize harren hamburgerrestaurant ta in sukses te meitsjen. De krêft wie in unyk keukensysteem, in kompakt oanbod, fluch klear en sa skjin as de brân. Minsken stiene yn 'e rige!


Oan't in fertsjintwurdiger yn milkshakemasines lâns kaam. Hy gie mei harren in kontrakt oan foar noch mear fan dizze restaurants. Mar ta eintsjebeslút wist hy op slûchslimme wize de bruorren út te keapjen, harren konsept ôf te troggeljen en mei it sukses fan McDonald’s oan 'e haal te gean...


Ik moast tinke oan ús eigen McMiep mei harren bysûndere konsept fan it Broadsje de Terp...


Hoewol Miep net de eigener is fan dizze fastfood keten (mei mar ien saak), is sy wol in wichtige skeakel yn de keuken fan ús pleatslike kafee. Krekt as de bruorren McDonald hantearje se ek in systeem dat draait as in klok!


Belje - Bestelle - Tiid trochjaan - De terp op - Ophelje - Ofrekkenje - Lolly - De terp del - Opite


Boppedat binne se krekt as by de Mac o sa bernfreonlik. Want sa as de gastfrou yn de bekende saak mei de grutte M flachjes en ballonnen útdielt oan de itende bern, sa freget Miep konsekwint nei it ôfrekkenjen: Binne der ek berntsjes? (En dêrmei bedoelt se as der ek pake- en beppesizzers binne dy't mei ite...) Is it antwurd ja, dan klapt se in grutte plestik tonne mei lollys foar jo del en meie jo der safolle útpakke as der bern binne...

Ofrûne wykein moast ik by it ôfrekkenjen bekenne dat der gjin berntsjes wiene, no ja allinne pake dan...


Mar dan komt harren super-service wer foar't ljocht....


Want masterbakker Thijs rôp mei in prachtich gefoel foar drama: Het kind in de man sterft nooit...! En Miep sette fuort de lollybus foar myn noas.


Dat nei it geniet fan it Broadsje de Terp, wachtte in foldien útbûkjen mei yn de mûlshoeke in lekkere reade lolly. As wie ik Kojak nei it oplossen fan in geheimsinnige misdie...


No mar hoopje dat der by harren nea in fertsjintwurdiger yn milkshakemasines lâns komt...




Pleatst: 08-02-2021 - 16:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pleatst: 06-02-2021 - 17:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Teams...


Doe't ik noch foar de klasse stie, mimere ik wol ris oer hoe’t it wêze soe as master net mear live foar de klasse stiet, mar fia in kamera en it digitale skoalboerd de bern fanút hûs tasprekt. Bygelyks wannear't master siik is as at hy ynsnijd is…


Fansels wiene dat mar healwize opstigingen fuorre troch alle nije digitale ûntjouwingen, mar dat der yn 'e takomst soksoarte saken harren oantsjinje soene, dat stie wol fêst. It digitale skoalboerd wie ommers ek as in hazze de lokalen yn flein?! Wa hie ea tocht dat it moaie wite krytsje yn 'e jiske-amer belânje soe? Kryt? Wat is dat master, kinne wy dêr hinkelhokken mei tekenje op it skoalplein?


Wat binne hinkelhokken eins...


Mar de takomst kaam flugger as wy tochten. Want no mei de coronapandemie sitte de skoallebern allegearre foar it skerm (as is it achter de skerm?) nei master as juf te lústerjen. En it giet ek noch wol aardich moat ik sizze...


Net dat ik dêr as master sels oan meidwaan moat, nee lokkich net, want al dat digitale lûd is in ramp foar myn earen. Mar as pake mei ik graach even oer de skouders fan de pakesizzers mei sjen hoe handich as sy dat dogge. En hoe goed at de kollega's harren bêst dogge om de bern op dizze wize wat by te bringen!


Hoewol...


As it skerm fol stiet mei alle lytse skermen fan de bern, dan liket it ien grut hinnehok. Bern dy't fragen stelle, bern dy't reagearje op oaren, bern dy't eamelje dat hy as sy der noch net is en de learkrêft mar roppe: Wy begjinne! Wolle jimme de mikrofoan even útsette?


Dat is wol de moaiste opsje, bern dy't, om foar te kommen dat jo oerlevere wurde oan it eardere neamde hinnehok, op harren eigen PC de mikrofoan útklikke kinne. En dan pas wer oan as se wat sizze wolle. As wie it in ynterrupsjemikrofoan yn in gemeenteriedsgearkomste...

Soene wy live yn de klasse ek ha moatte: Klaske: wolst dyn mikrofoan even útsette?


As jo al dat jongfolk sitten sjogge, dan bist ek slop fan laitsjen. Meastentiids sjogge jo de helte fan de bernegesichten en stekt der krekt in toefke hier boppe de râne fan it skerm út. As bern dy't wiidweidich sitte te gapjen as hinne en wer didelje. Om fan de grappen fan harren bruorkes as suskes mar te swijen... Lêst kaam ien mei in eang masker yn byld. Bern wer oerstjoer en juf mar roppe: Mikrofoan út!


Mar de learkrêften kinne der sels ek wat fan... Deun op it skerm sittend sjogge jo allegearre saken dy't jo eins net sjen wolle. Grutte donkere noastergatten fan master, plôken hier út de earen en grutte rimpels rûnom de mûle. As juf mei in bleat dekolletee en wilens mar jokje ûnder de BH-bantsjes... Och och... Juf, juf! Kamera even út!


Mar eins is it ek wol wer moai om te sjen hoe maklik bern harren oanpasse en ek goed meidogge. Skrift derby en juf diktearret de op te skriuwen wurdsjes. En nei de tiid sels neisjen as juf, troch har skerm te dielen, de goeie wurdsjes en sinnen yn byld bringt...


Om dit no sels ek ris mei te meitsjen hie ik mei ien fan de pakesizzers ôfpraat om even fia Teams kontakt te sykjen. Wat wy dan dwaan soene, dat seagen wy dan wol wer. Gjin skoaltsje boartsje, mar gewoan even gesellich...


Om fjouwer oere siet ik klear, mar al wa't yn byld kaam, de pakesizzer net. Hie'k wat ferkeard dien? Want ja, eins hie 'k hielendal gjin ûnderfining mei dit fenomeen...

Lokkich, nei sa'n 10 minuten kaam hy foar it ljocht en moast hy bekenne dat hy de earste oproppen per ûngelok wegere hie...


It waard in moai oerke, wêryn wy elkoar allegearre opdrachten joegen. Wurdsjes riede, fûgels telle en elkoar tekenje. Want dizze pakesizzer is o sa handich mei syn tekenark.


Eins ek wol wer bliid dat ik dit foar myn wurk net mear hoech te dwaan. Want it minste is dochs wol de fersteanberens. Yn 'e klasse fol bern al dreech, lit stean yn in skermmozayk fol mei pratende bern. As ien fan harren de mikrofoan út ha soe, soe ik it net iens yn 'e gaten ha. Ik soe net sizze: Mikrofoan oan, Jantsje, mar praat ris wat lûder Jan...


Boppedat soe ik my ek eltse dei skeare en opmeitsje moatte want as ik sa yn byld komme soe, soene alle bern kjel wurde en tinke dat master sels in masker op dien hat...






De bril…(2)


En? Hoe is’t mei de bril?


Dy fraach krige ik de ôfrûne dagen wol gauris te hearen.

Mar de bril is net wer boppe wetter kaam. Der is in nije oanskaft en dy hinget al wer in pear wike om myn nekke. Dat hjirby slute wy it ferhaal fan de bril mar ôf, it is net oars, der binne mindere dingen.


Mar hiel miskien komt hy dochs op ien as d’oare wize wer foar’t ljocht…










Pleatst: 01-02-2021 - 15:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de