Pakes…


Opvallend je gelijkenis met pake Wieberen .

Als onze bern vragen hoe pake er uit zag, verwijzen we naar jou!


Dit skreau in tante fan my nei oanlieding fan in jierdeiswinsk. It sil wol fan de hoed en de snor komme. De foto fan pake Wieberen is naam yn it begjin fan de jierren sechstich yn de foarige iuw…

Pleatst: 11-12-2021 - 17:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystwurksjop…


De wurkshop krystkrânsmeitsje yn ús doarpshûs gie fanwegen de koronaboelen net troch. De frou hie har der foar opjûn.

Om’t de kommisje alle materiaal al besteld hie, koene de dielnimmers dit foar in sacht pryske oernimme om sels thús de krystkrâns ynelkoar te nifeljen. Ach, dat hoecht no ek wer net, sa wie de earste reaksje…


Wêrom net! Leuk idee! Dan doch ik it wol! En der waard in grutte tas mei krystspul en krystgrien oan hûs besoarge mei in Tikkie derachteroan.


Silst it no ek nochris in kear meitsje? De boel stie al hast twa wike yn it hokje yn in amer mei wetter goed te bliuwen.


Nei’t ik it ynstruksjefilmke besjoen hie (Dat hie de wurkshopliedster sels opnaam…) koe ik oan ‘e gong. It wie in grutte bende yn de keuken en de tûken en nuddels leine oeral!


Mar it foel my net ôf. It resultaat hinget no oan ‘e doar yn ‘e keamer. Kin elk der mar fan genietsje…

Pleatst: 09-12-2021 - 22:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Flash and Thunder…

In Ingelske titel. Mar it past o sa moai...

Froeger mochten wy graach ús favorite televysje searjes neispylje. As moat ik sizze boartsje?
Batman as Ivanhoe en fansels de Thunderbirds. Sljocht wiene wy op dy lêste searje. Alle kearen wer der plat foar. Yn swart wyt, dat ek noch.

Mar foar ús wie it in searje fol kleur, fansels ek om’t wy fan de ferskate Thunderbirds lytse miniatueren hiene, krigen fan Sinterklaas as op ús jierdei. Thunderbird 2 wie de favoryt. Om’t dêr safolle mei ferfierd wurde koe, sa as Thunderbird 4 as de Mol…


Dan tearden wy sels Thunderbird-huodsjes fan in âlde krante en setten wy dêr mei stift as kleurpotlead IR op. En dan makken wy fan grutte stikken wyt papier sjerpen dy’t wy krekt as de bruorren Tracy om dwaan koene. Do bist Scott en ik bin Allen…

Hjoed oan de dei is it net oars…

It neiboartsjen fan favorite TV searjes is fan alle tiden. Sa spilet ús âldste pakesizzer hiel graach de Netflix-seary the Flash nei. Mei syn Hantumer maten, ynklusyf logootsjes dy’t makke binne fan kleurd karton en fersierd binne mei stiften…

Is der dan yn dy 60 jier dan neat feroare?

Fansels net, bern boartsje ek no noch oh sa graach. Moai!
Mar it boartsjen is wol folle spektakulêrder wurden! De stoel in fleantúch? Mûtskes fan âlde kranten? Kom sis, it is 2021, dat kin folle better!

Alles wurdt opnaam op film en dan wurde alle opnamen troch ús pakesizzer moai montearre en fan effekten foarsjoen. En sa wurdt it dan in flitsende ôflevering, krekt echt…

Ik kin my foarstelle dat ús buorlju tinke: hearken wat boartsje dy bern nuver, hiel oars as wy froeger. Dat rôlet mar oer de dyk dat flocht mar achterelkoar oan en dan faaks ek noch in pear kear oernij…

Men moat de tiden brûke sa’t se binne…


Hjir it Youtubekanaal dêrt alle ôfleveringen fan dizze the Flash besjoen wurde kinne…


Pleatst: 05-12-2021 - 11:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2021