Utelkoar-lûkte-hin…


Myn suster sei dat it hearlik wie! Se hie it in kear by kunde iten en wiene dêrnei sa sêd as it tyk. Man-o-man dat wie nochris in maaltijd-pakket fan de Jumbo. As sille wy it tenei mar in mielpak neame…


Pulled chicken wie de namme fan dit mielpak. En dat klinkt yn it Frysk as in midsiuwsk gebrûk by jierdeifeesten. Kallemooi is der neat by…


Dat online bestelle en it siet kreas, mei in bakje kipfilé, by de oare boadskippen. Noch even bewarje foar in geskikt momint, want neffens de hâldberensdatum koe it noch wol in pear dagen lije.


Ofrûne snein wie it safier. Wy oan de útelkoar-lûkte-hin. Alles hie’k klear setten en Bakkers klaar? Bakken maar…!


Mar ik kaam derachter dat der in pûdsje krûden miste. Moast der wol by sitte neffens de beskriuwing, mar nearne te finen tusken de tomaten, knyflok, mango, reade sipel, paprika, lemoen en de komkommer. Ha ik wer, pakket net kompleet. No ja, dan sels mar wat krûden deryn klappe. De yngrediïnten fan de miks stiene op it pak en in pear fan dizze smaakmakkers hiene wy wol op foarried en de oare smaken soene fêst net mist wurde…


Mar doe kaam de grutte ramp, want in ûngemak komt komselden allinne. It resept wie fuort! Nearne te finen! Sa’n resept sit op it mielpak plakt en dat kinne jo der hoeden ôf peuterje en dan kinne jo it geheim fan de kok op de achterkant lêze. Ik hie it der krekt ôfhelle en op ‘e tafel lein. Mar it wie poater!


Wacht, de keukensdoar wie troch al dy sigerij fan de ôfrûne dagen mei in grutte bats tichtklapt, dat it lytse papierke wie fêst op ‘e grûn waaid. Dat dizze Sweedske sjef op knibbels troch de keuken. Under de tafel, achter de prullebak, ûnder it kastke, ja sels yn ‘e hal ferfolge ik myn speurtocht, mar it resept wie út myn kokswrâld ferdwûn.


Dus gjin miks en gjin resept. Pff, dat soe dan in frjemd miel wurde. Moast de mango no meibakt wurde? Moast de komkommer yn de hin en de tomaten as garnearring oer de riis struid wurde?


(Oh ja, noch net iens ferteld, it moast optsjinne wurde mei wraps. Mar ek dy sieten der net by, dy stiene ûnder it rychje: Zelf toevoegen. No ja, riis kin oeral by…)


Wêr wie no dat @##$@!!&&@ resept!


Ynienen skeat my yn’t sin dat sa’n resept in plakrâne hie. Dêr siet it mei oan it pak fêst makke. Fansels, it wie op ‘e grûn waaid en no siet it ûnder myn sloffen fêstplakt. Optein die ik foet foar foet omheech en wie ik der wis fan dat de beskriuwing fan dit feestmiel wer foar ’t ljocht komme soe.


Nee dus…


Mar ik ha it fûn! Ik hie by it út de kast heljen fan de pannen in pear op tafel delset en nei’t ik de te brûken pannen op it gasstel pleatst hie, hie’k de rest werom set yn de kast. En ja hjer, ûnder ien fan dy wer opromme pannen siet it resept kreas fêstplakt te wachtsjen op syn befrijing.


De kok koe los!


Snije, raspe, bakke en riere, it wie ien grutte gaos op it oanrjocht. En de mango wie ek noch oerryp, dat doe’t ik dy mei eangst foar in avokadohân (ja, dat kin ek by in mango) de boel iepen hie, smotske it alle kanten út en wie der fan mangoblokjes gjin sprake, it wie mear in mangobrij. Mar it smakke wol goed, dat it soe aanst fêst tafalle by it optsjinjen fan de dis.


II-TOE! (Ja dat roppe wy yn ús famylje as it miel op tafel stiet…) En dan is de earste fraach fan de frou hast altiten: Wat ite wy hjoed, hoe hjit it en wat sit deryn?


Dan moatte jo je even rêde kinne yn de wrâld, dat taktysk en hiel diplomatyk fertelde ik de yngrediïnten fan dit miel, dat der eins wol hiel smaaklik útseach. No, it sil my nijdwaan, sa wie de reaksje…


Ja my ek…


It wie rûchwei in kertier hielendal stil oan tafel. It wie in boppeslach! Hearlik, mmm, dit smakket goed! En noch mear fan dizze superlativen fleagen oer ús blomkestafelkleed. Hielendal net sa skerp, want do witst dêr hâld ik net fan. Presys, dêr ha’k fansels rekken mei hâlden, en wat is dy salsa lekker! Hoe hast dy mango sa lekker fyn krigen…


De pannen wiene skjin leech en mei in grau liif en in foldien gefoel lieten wy it neigesetsje noch mar even wachtsje. No dat kin wol wer ris!


Ik wie earst fan doel om in lulke mail nei de Jumbo te stjoeren fanwegen it miste pûdsje miks en dy healbakken mango. Mar ik ha der mar fan ôf sjoen. It wie miskien sa noch folle lekkerder! It wie eins krekt sa as de siswize seit:


Ite wat men mei en lije wat men kin…!


(Genieten zoveel men kan en zich schikken in zijn lot…)





Pleatst: 17-08-2021 - 01:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sa is’t mar krekt…


Us doarpsgenoaten seine it mar moai yn it fraachpetear dat opnaam wie yn de Ljouwerter krante fan sneon 14 augustus.

Prachtich ek, al dy bern op ‘e foto. Yn ‘e krante stie dat de foto op ‘e brêge makke wie, mar dat kloppe net alhiel, der is wol in foto op ‘e brêge makke, mar dy hat de krante net helle. (Sjogge jimme ek ien fan ús pake- en beppesizzers op ‘e foto?)


Ek dat it skoallegebou opknapt wêze soe, kloppe net alhiel. Se sille fêst de Ald Skoalle, ús doarpshûs, bedoele. Dat is yndie prachtich ferboud!


Mar fierders… Kloppet it stikje hielendal en is ús doarp wier in daaldersk plakje…

Pleatst: 15-08-2021 - 15:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pitch en Plons…


3 Bioskoopfilms, te faren, Pitch en Putte en fansels McDonald’s… Moaie fakânsje-aktiviteiten mei û.o. de lytsbern.


No snapten wy ek wêrom it aardige famke sei dat it net slim wie as wy in baltsje kwyt rekken op de Pitch en Putt-baan fan Esonstêd. Want by de earste de bêste hole fan dit prachtige kompleks sloegen wy alle fjouwer de golfbal yn de njonkenlizzende fiver.

As it sa trochgean soe, dan stiene wy nei 2 holes alwer by datselde aardige famke om nije ballen…


Dan mar wat hoedener slaan, wy binne fansels ek gjin professionals. Dat skeelde, want wy rekken hieltyd minder ballen kwyt. Boppedat fûnen wy ek wolris wat baltsjes fan foargongers werom, dat wy kwamen by eintsjebeslút mei mear ballen werom as dat wy mei begûn wiene.


Doet ik it der mei ien fan de Rûm Sop-leden by de jierlikse BBQ oer hie, hoe leuk dit wol net wie, fertelde hy my dat hy dit as hobby die. Yn Ljouwert. En hoefolle slagen is trochstrings gebrûklik by elke hole? sa frege ik him. No, mei 4 slagen moatte jo de hole wol helle ha, sa sei hy.  Wy binne doe fuort mar oer wat oars begûn…


Dat sa bringe wy yn ús fakânsje de dagen wat troch, dêr kin gjin fleanreis nei it bûtelân tsjin op!

(En jeu-de-boule fansels…)




Pleatst: 15-08-2021 - 14:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de