Lekker ite mei…


Tradisjoniel geane wy op ús troudei nei in restaurant om dit te fieren. It leafst nei in plakje dêr’t wy noch nea earder west binne. Fanwegen noch hieltyd jildende coronamaatregels, moasten wy ek dit jier in passend alternatyf sykje.


En ach, mei in waksineljochtsje en wat fantasy komme jo op in treflik plakje út!

Pleatst: 29-04-2021 - 13:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

AstraZeneca…


Fansels gie it wol wat yn ús om doe’t de húsdokter ús belle mei de meidieling dat wy beide faksinearre wurde koene.

Mar wy binne fan in generaasje dat soksoarte fan prikken hiel gewoan wiene en wy der net oars fan waarden at wy wer om in ynjeksje moasten. Ja sels de Pokkenprik stiet noch op ús ynintingskaart…


Ha wy dy kaart noch earne? Dan kinne wy dy aanst moai sjen litte as wy bygelyks nei in teaterfoarstelling wolle... Oh, jimme binne spjeldekessens, gau trochrinne…


Wylst yn ús hiele provinsje faksinaasjelokaasjes optúgd wurde mei oeral yn dy stêd as doarp buordsjes mei pylken en oanwizingen en op de lokaasjes paden mei ôfsetlinten, rigen stuollen, streken op ’e grûn en sels karkes dy’t jo fan it parkearplak nei de priklokaasje bringe, moasten wy foar ús faksinaasje nei ús eigen dokterspraktyk.


Nearne in fekearsregeler te sjen… Lit stean fan pylken op ‘e dyk en ôfsetlinten. Om fan in golfkarke mar te sweijen…

Dokter stie klear yn ‘e hal. Trochrinne allegearre! Jas út, mouwe omheech en klear wie it. Wy hoegden der net iens by te sitten.


No ja, nei de prik moasten wy ús deljaan op ien fan de stuollen dy’t hjir en dêr klear set wiene yn de praktyk. Kertier wachtsje en dan wer op nei hûs.


Yn dat kertierke hiene wy besteklik praat mei ferskate lotgenoaten. Lokkich wiene wy tegearre, want om’t myn hearapparaten fol stof sieten (sa die ien fan de folgjende dagen bliken) hearde ik hast neat fan al dy petearen.


Doe’tsto oer dy klokken begûnst, hiene wy dêr krekt in hiel petear oer hân, sa sei de frou...


Hawar…


De bywurkingen foelen de folgjende dagen hiel bot ta en wy meie hoopje dat wy sa ús bydrage levere ha oan it yn toom hâlden fan it firus. Ik seach krekt yn de mail in oanfraach binnen kommen foar in optreden fan ús teaterduo yn 2022. Dat duorret noch even, mar der is hope!






Pleatst: 22-04-2021 - 15:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wide kimen…


No ja, bestelpeal… Dat is mar ûnsin fansels. Ik tink dat it te krijen hat mei it Projekt Holwert oan See. Hjir en dêr binne der yn de omjouwing fan Holwert mjitpeallen yn de grûn setten om te sjen wat it grûnwetter docht. Hjirmei kinne se dan rekken hâlde at aanst de skeppe yn de grûn giet.


Wa wit ha wy dêr yn de takomst ek profyt fan en lûkt dit nije binnenwetter in protte toeristen nei ús omjouwing. Yn it ferline ha’k der al ris wat oer skreaun… De Romeinske Lusthof (1+2).


Sjoch, yn de fierte sjogge jimme de toer fan Holwert. En oan de Hantumer kant (de eastkant fan Holwert) komt Holwert aanst oan See te lizzen.


Ik ha alris ornearre om op dit projekt yn te heakjen mei it biedwurd: En Hantum oan de kust…

Pleatst: 10-04-2021 - 16:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Top…!


De gemeente Noardeast Fryslân hat yn it ramt fan it fuortsterkjen fan de horeca nei de coronacrisis, in tal inisjativen fanút de doarpen goedkard.


Sa is der in bestelpeal by de mûne pleatst. De peal jout de bestellingen fan kuierders en fytsers troch, sadat de konsumpsjes klear steane op it terras fan de pleatslike kroech.


Spesjaal foar dy gelegenheid is it terras flink opknapt. As de strange maatregels fersoepele wurde, kinne de bestellers ek fia de peal trochjaan at harren konsumpsjes yn it kafee sels optsjinne wurde moatte…


Unyk oan dizze peal is dat der ek oanjûn wurde kin oft men te gean is as op de fyts. Dan kinne, by it bestellen fan b.g. snacks, de bakkers fan de kroech dêr, yn it te nimmen tiidspaad, rekken mei hâlde, sadat de bestelling hearlik waarm is by oankomst…


 











Pleatst: 01-04-2021 - 12:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de