Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Kom oan board...

De startsnein fan ús PKN-gemeente wie dit kear oan board fan de Marprinses út Earnewâld. By it oan board gean hjitte ús pastor ús hertlik wolkom. Mei ik wol in foto fan dy meitsje? Sa wie syn wolkomstfraach…

Fansels wol, mar net op Facebook…

Dy lêste opmerking is hjoed oan de dei hast standert, want net elk sit der op te wachtsjen dat alle plaatsje mar dield wurde op dit populêre medium. (En fansels wie de opmerking ek mar wat gekheid…)

De foto slagge mar heal. Fanôf myn kin oan't de broeksbân wie ik op it plaatsje te sjen. Past krekt, sa antwurdde ik, ik bin ek mar wat heal lid… Teminsten as jo de tsjerklike belutsenens ôfmjitte oan de wyklikse tsjerkegong…

Mar dêr woe de pastor neat fan witte. Nee hjer, dy dogge wy nochris oer. By it leauwen is de holle wichtich, sa ûnderstreke hy syn motivaasje foar noch in foto... No, dêr kinne jo ek oars oer tinke, it hert, dat is folle wichtiger... En ik ûnderstreke dat mei in klopke op myn blûze op it plak dêr't it hert sit.

En dêr hie de pastor dochs in foto fan makke?!

Mar fan it opnij meitsjen fan de foto is neat kaam. Fergetten tink. Mar it wie ek sa gesellich en sfearfol oan board. Mei rjocht in prachtige start fan it tsjerklike winterwurk.

Ien fan de gemeenteleden murk op, doe't wy even op it boppedek bûten stiene te praten, dat it mar goed wie dat de muzikaal begeliedster Welk een vriend is onze Jezus fan Johannes de Heer spile en net Nader mijn God bij U, want neffens de oerlevering waard dat nûmer troch it skeepsorkest spile doe't de Titanic yn de golven ferdwûn…

Lokkich dreunen der op dizze moaie snein gjin iisbergen yn it wetter fan de Alde Feanen…

Pleatst: 28-09-2016 / 08:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

In helder ljocht...

Ik tocht al, sei Wilma, wêrom knipperje alle tsjinlizzers ûnderweis sa aardich nei my...

@!$%^&*$#!!!@@)&^$$ en trije kertier letter... Wêrom sa weistoppe ûnder de motorkap? Klemmen en triedsjes en it passet fansels mar op ien wize. Mar lokkich... In dea ding is gjin baas...

Leuk riedsel: Hokfoar foarljocht wie no stikken, links as rjochts???

Pleatst: 07-09-2016 / 21:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hantum Open Air...

Yn 'e fierte seach ik in auto yn it lân stean. Ek seach ik read-wite linten wapperjen...

Fansels woe ik dêr mear fan witte. Lân ôfset fanwege de te ferwachtsjen parkeardrokte by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum? Moasten de besikers wol in ein rinne...

It rûn noch gjin stoarm...

Mar it wie in hoekje lân dat beskikber steld wie foar parkearrûmte foar besikers fan it Boeddhistysk Sintrum. Iepen dagen? Wy hiene der neat fan heard. Mar sa binne ús Boeddhistyske doarpsgenoaten, beskieden en gjin oerdwealske drokte...

Pleatst: 04-09-2016 / 16:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alles wat liket...

It is hjoed oan de dei modern om njonken jo bedriuwsnamme en/of logo in Pay-off by jo marketingsaktiviteiten te brûken.

Boppesteande klinkt allegearre wat as managementstaal. En dat is it ek…

In foarbyld. By Philips ha se jierren Lets make things better brûkt. By de Mediamarkt Ik ben toch niet gek en Bol.com De winkel van ons allemaal… In Pay-off, in opmerking, in sin dy't oanjout wêrom't jo bedriuw no sa unyk is en wêrom alle minsken dochs foaral by jo keapje moatte. Ach, by grutte bedriuwen kin ik my dat noch foarstelle, dat is al jierren sa. Echt Hema en Stop een tijger in je tank!

Eartiids seinen wy trouwens gewoan in slachsin, in slogan. No hjit it Pay-off.

Ik ha se ek noch wol ris makke. Dan wie der in priisfraach, fan bygelyks C-1000 en dan koene jo in slachsin ynlevere foar in pryske en as it trof dan waard dy slogan letter brûkt…

Wie AH zegt
Zegt Het Bij
C-1000.

Mar dat is him nea wurden. Miskien hie'k him doetiids oarsom meitsje moatten, as in soarte fan takomstfoarsizzing.

Wie C-1000 zegt
Zegt het bij AH…

En no is dizze raazje oerwaaid nei hast alle bedriuwen. Tink der mar ris om, oeral sjogge jo dizze sinnen foarby kommen. Ek yn it ûnderwiis. De stifting Arlanta (nee net de útfeartferiening) brûkt de sin Kinderen de Wereld Leren Lezen en myn lêste ûnderwiiswurkjouwer brûkt Meer dan alleen onderwijs…

Dizze lêste komme jo hast oeral tsjin. Kinne jo neigean hoe kreatyf de betinkers binne… Meer dan bouwen, Meer dan alleen boeken, Meer dan alleen winkel… En faaks tink ik dan wat is dat dan? Wêr bestiet dat meer dan út?

Wy sieten ris yn ús stiftingsgebou te fergaderjen oer drege ûnderwiissaken. It pân hie twa etaazjes. Boppe sieten de direkteuren en ûnder koene jo bygelyks fergaderje. Midden yn de fergadering hearden wy fan boppe-ôf dúdlik de WC trochspielen… En doe sei ik sa drûchwei: Ja, meer dan alleen onderwijs. It wie even in relativearjende opmerking tusken al dat ûnderwiispraat, mar oft dat no ek datjinge wie wat se mei de sin bedoelden…

Wommels kin der ek wat fan. As jo oer de Westergoawei rjochting de Súdwesthoeke ride, dan laket by Wommels in mânsk boerd mei in foto fan in strak frommes yn in seksy rôze joggingpak jo ta. Dat boerd moat potinsjele huzekeapers útnoegjom dochs mar foaral yn Wommels jo hús te bouwen as te keapjen. En ûnder dy grutte foto stiet de filosofyske sin: Ervaar het dorpse gevoel van thuiskomen…

Wat moat ik my dêr by foarstelle? (En ik net allinne...) Sit sa'n frommes op jo te wachtsjen as jo nei in swiere wurkdei thúskomme? Wat is in dorpsgevoel? Guon ûnderfine in doarpsgefoel as bedriigjend. Al dy sosjale kontrôle… Ik kin der mar net achter komme, alle kearen wer moat ik der oer neitinke as ik der lâns ryd.

Mar miskien is dat de bedoeling ek wol, dat dy sinnen yn de hollen fan de lêzers omspûkjen bliuwe. Dat jo der oer begjinne te fantasearjen. Mar by my giet de fantasy dan meastentiids op 'e rin.

Nim no bygelyks it it nije ûnderhâldsbedriuw fan ús eigen wenningboukorporaasje Thús wonen. Lokkich ha se ôfskied naam fan dat healewize TJNST. Ek al sa'n frjemde marketingsklucht. TJNST sûnder i… Hawar, it hjit no wer gewoan Service en onderhoud.

Mar ek op harren bedriuwsbuskes ha se in Pay-off setten. Thús is: Opgaan in je grootste hobby… En ik leau dat se mear fariaasjes ha, want op it gebou oan de Holwerterdyk miende ik te lêzen: Thús is: Samen op de bank…

En dan geane myn hersensellen wer los. Stel dat jo klaaidosjitten as hobby ha. Dan moat Service en onderhoud gauris lânskomme om de skea te reparearjen. En as jo as hobby hynders ha? Meie de hynders dan by jo yn de keamer stean? Buorlju dy't eamelje en dei yn de út fanwegen de stankoerlêst by de wenningbouferiening oan de telefoan hingje…

As jo meie graach wiet smoke en jo ha boppe op souder in hobbyplantaazje. No, dan set de wenningbouferiening jo it hûs út. En mei al dy hege hierprizen fan tsjinwurdich kin it better wêze: Thús is: samen naar de bank… Boppedat Thús is Frysk en de sinnen dy't folgje binne Nederlânsk.

Mar ach, der wurdt oer neitocht. En dat sil de bedoeling wol wêze. Mar oft it altiten de lading dekt? Faaks krije jo ûnbedoelde bygedachten. Dat docht wol wer bliken út dit ferhaal. Dan komme jo mar ta ien konklúzje: Alles wat liket is noch net wier…

En sa is't mar krekt!

Pleatst: 01-09-2016 / 00:03 oere - Reagearje? - Nei boppen