www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's.
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Hoekstra Flowers


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:
CoffeeCup - HTML Editor- Flash - Web Design Software

Elk mei graach ris fiskje...

Earne yn in ferfallen hûs yn Ruslân sitte goare types falske mailtsjes te meitsjen. De taal behearskje se net alhiel, mar der sil fêst ien yntraapje. Mar goed djoer prate, dan komt it fêst offisjeel oer. En mar fiskje fanút it eastblok. Mar hjir yn Fryslân bite wy net. Wy laitsje allinne mar...

Klik hjir foar in grutter plaatsje en lês op dizze webside mear oer dit fenomeen.

Pleatst: 25-09-2009 / 16:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Thús...

Om de beurt binne wy in nacht thús. It is wol in hiel gefljoch, mar wy ha it der graach foar oer. Thús stappe jo yn in oare tiid, yn in oar ritme, yn in tiid fan rêst en ynkear. De âld Fryske klok tikket stadich de oeren wei en hast elke kear as der in 'nije' suster fan de thússoarch komt, freget sy as mem dêr gjin lêst fan hat.

Mar wy heare de âld klok net iens mear. Ja, as hy stil stiet, dan falt it ús op. It is echt 'Pake syn klok...' Jûns en nachts op bêd heare wy de klok noch tikjen en slaan. Hy rint aardich lyk, lit dat mar oan ús heit oer...

De televyzje is alle jûnen út. Der is gjin behoefte oan De wereld draait door as Hjoed. Sels de programma's dy't foar de sykte fan ús mem heech skoarden sa as Lingo en it Pyt's waarberjocht, bliuwe ferstoppe achter de kastdoarkes. Want fia in yngenieus systeem kin de swiere televyzje de kast út skowe. En dan ek noch sûnder dat de boel brekt en oer de keamersflier sabelt... Breedbyldtelevyzjes mei platte skermen binne hjir noch net útfûn.

Sneintemoarn soe it wêze. Nederland Zingt. Sa moai en rêstich op 'e achtergrûn. Yn in wykein sûnder de kommersjelen en de STER hienen wy der wakker sin oan. Mar spitigernôch foel de boel nei in pear minuten út. In grutte klik, in byld dat yn in kleurich stipke weifoel en dêrnei, hoe kin it noch yn dizze digitale tiid, snie, snie en nochris snie. (Ik hearde Pyt al kraaien...)

Wy ha it nochris in pear kear besocht, mar iderkear itselde ferhaal. En dan krekt yn in moai liet. Ús mem hie skjin har nocht en rôp fanôf har bêd: 'Hach... doch dat ding mar út...' En wer wie it stil en tikke de klok it middeismiel temjitte. Blomkoal mei karbonade. Ús heit kin lekker itensiede...

Yn 'e neimiddei bin ik even in slach om west. Even yn beweging, want jo dogge oars net as sitten en lêzen. In moai Frysk ferhaleboek fan Hylkje Goïnga moast der dizze snein oan leauwe. Se kin it moai opsizze. Betiden wie ik slop fan laitsjen.

Nei't ik it 'pakeplein' oerstutsen wie, kaam ik yn in nijbouwyk dêr't ik fan myn libben noch nea west wie. Wat is myn berteplak yn al dy jierren feroare! Wat in strjitten, wat in huzen, ik wist somtiden net iens wêr't ik wie! Lokkich wist ik wol ûngefear it plak dêr't ik útkomme soe: it Balksterbosk! Yn myn legereskoalletiid ha ik der ea ris in bjirkebeam plante. Boomplantdag, jo kinne dat wol. Hoewol hjir op 'e klaai is 'boomplantdag' hast krekt sa seldsum as, litte wy sizze, in file...

Ek it bosk wie in fjirtich jier hiel bot feroare. It wie suver folwoeksen. Wat in prachtige paden en wat in hearlike rook. Ik ha ris even djip ynazeme en goed de lucht fan in echt bosk yn my om gean litten.

Ja, ik wie wer even thús!

Pleatst: 22-09-2009 / 21:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spannend...

Op 10 oktober is it safier. Dan presintearje wy de earste CD fan Klún & Knoffelhakke! Hy is sa goed as klear en wy binne mear as tefreden.

Op 10 oktober o.s. besteane wy as duo Klún & Knoffelhakke 15 jier en ek dat wurdt op dizze jûn fierd. Op dizze jûn geane wy werom yn 'e tiid en bringe wy sketskes út de âlde doaze. Ut fiif jûnsfoljende programma's binne hiel wat aardige stikjes te heljen...

Elkenien is wolkom op dizze jûn. Kaarten foar dizze jubileumsjo binne allinne fia ynternet te bestellen. Gean dêrfoar nei de webside fan Klún & Knoffelhakke. Gau dwaan, want fol is fol!

Pleatst: 18-09-2009 / 13:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frustraasje...

De doarbel wie stikken. No mei dat ek wol nei sa'n tritich jier, mar it sil wol fan de skilders komme. Ferve der tusken dript, te rûch mei de nije glêzen as soksawat...

Fansels by Karwei wer kar út sânentachtich doarbellen yn alderhande priisklassen. Wy ha de goedkeapste mar útsocht. Der siet ek in ienfâldige knop op, dat in nije bel moat fansels ek net te bot opfalle. Sa'n ienfâldige rychjeswente en dan in koperen doarpel, dat kin net. €3,95 en wy wienen wer klear. Teminsten dat tochten wy...

Ik sil de doarbelstriid yn it koart beskriuwe.

Alde skroeven sieten der noch yn. Der net út te krijen! Boarmasine derby, skroeven der lang om let út. Nuvere gatten yn 'e doarpost, mar dêr soe de nije bel oerhinne komme, nimmen dy't it sjocht! Underplaatsje nije bel montearje. Oan't safier perfekt! Langere skroeven, komt moai út, der wienen ommers gatten boarre! Skroeven der net yn te krijen. Kop fan de skroeven draaie troch. Gjin skroevedraaier dy't der mear op passet. Ien skroef der mar heal yn, mar hawar, dat sjogge wy oer tritich jier wol wer.

Bel oanslute. Triedsjes knappe. Alderdom. Triedsjes sitte fêst, by it deroptriuwen fan it kapke komme wy derachter dat it net passet. Tefolle trieddeboel hâldt it kapke tsjin. Hurder triuwe. Earste knak. Noch mar ris besykje. Wilma lûkt triedden wat oan sadat der mear rûmte komt. Twadde knap en neat passet mear... Knop sit los, steuntsjes ôfbrutsen. Boel der mar wer ôf.

Mar de skroeven binne rûndraait, witte jimme noch? Wer de boarmasine en noch mear gatten yn 'e doarpost. Trije kertier letter, bel en 3 euro 95 yn 'e prullebak. En it wurklean rekkenje wy mar net mei... Dat se sokke rotsoai doarre te ferkeapjen! Wy soenen hast in klacht yntsjinje. Mar dan moat ik altyd tinke oan Don Quichot en de wynmûnen...

Wy ha besluten om de triedsjes sa mar sitte te litten. In alternative doarbel. Briefke derboppe: Sykje jo kontakt? Dan kinne jo dat sels ta stân bringe...

Pleatst: 12-09-2009 / 19:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hjerststilte...

In trouwe lêzer miende al dat de foto yn it foarige stikje makke wie fan de beam dy't buorman omseage hie. Alteast in gedielte dêrfan. No is dat ek noch goed, leau'k...

Mar eins hie'k dizze foto pleatst omdat dizze goed past by de sfear wêr't wy no yn sitte. Tryst en ynspiraasjeleas. En dat komt net omdat de blêden fan de beammen falle...

Dêrom is it ek sa stil op dizze side. Myn mem is slim siik en se wurdt ek net wer better. Dan ha jo wol oare saken oan 'e holle en sjitte jo sa ien twa trije ek gjin fleurige wurden yn't sin. As it even kin binne wy by har en dan is it ynternet mei harren websides net sa wichtich mear.

Miskien dat ik as ôflieding sa no en dan wat stikjes pleats en sa net dan moatte jimme mar wat yn it argyf omblêderje...

Oer blêden sprutsen...

Pleatst: 09-09-2009 / 21:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hjerst...

Ik woe it eins mar by dit plaatsje litte...

Pleatst: 03-09-2009 / 14:40 oere - Reagearje? - Nei boppen