En ja hjer, dêr sitte wy wer…


Wer twa optredens en in pear oppassessys ôfsizze. Mar it giet fierders wol goed. Mylde klachten sa as dat neamd wurdt.


It fernuvert my wol dat elk der folle lakoniker op reagearret as litte wy sizze in jier lyn. Oh, no betterskip dan mar… En wy geane oer ta de oarder fan de dei.


Dochs doar ik my net yn it folle libben te goaien, want it protokol skriuwt foar dat jo minstens 5 dagen yn isolaasje moatte. (Der wurdt lokkich net mear fan karantêne praat…)

En nettsjinsteande wat telwurk yn jo foardiel (moandei kamen de earste klachten, as wie it no ôfrûne snein?) mochten wy dit wykein noch net wer op ’n paad. En jo moasten dan ek noch sûnder klachten wêze.


Hawar, ik knap bjusterbaarlik hurd wer op. Soene dat bywurkingen wêze fan de faksins? Jo soene it al hast tinke. Nei fjouwer prikken kin dat hast net oars.


Lokkich mar. Mar je binne al wer wat beheind yn jo deistige wurksumheden. It soe moai wêze at wy fan al dy beheiningen ôfskied nimme koene. Wat sa as ik my no fiel, soene wy bygelyks bêst optrede kinne. Allinne in bytsje snotterich. Dat hâlde ús foar de corona perfoarst net thús. Doe wie it protokol mear fan: The show must go oan!

Pleatst: 25-11-2022 - 15:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Better LED as net…


Wy krigen fan ús gemeente in Bespaarbox. Hjiryn allegearre lytsguod om enerzjy mei te besparjen. LED-lampen, tiidskeakelers, radiatorfoly en mear fan sok spul.

Aardich. Wy moasten de doaze, neidat wy oanjûn hiene hokfoar box wy hiel graach ha woene, sels út Holwert helje. Fanôf dy-en-dy datum…


Fansels, doe’t wy yn Holwert by de pleatslike supermerk fregen oft wy de box meikrije koene, wiene se der net mear. Op. Se witte dochs by de gemeente hoefolle der ophelle wurde kinne?


In fergeze reis, wer wit ik hoefolle CO2 útstjit mei ús âlde disel foar neat. Oer besparjen sprutsen… Tip fan de aardige winkelfrou: takom kear fan te foaren even belje at de box klear leit. Oer twa wike soene se der wer wêze.


Twa wiken letter. Belje. Ja! De box lei klear. Wer mei de disel nei Holwert en grutsk as in lyts bern mei it gemeentekadootsje op nei hûs. Gau útpakke en sjen wat wy fan dat guod fuortendaliks ynsette koene. Foel ôf. De measte lampen hiene wy al fersjoen fan LED-pitten, in brievebusboarstel siet der ek al op en in tiidskeakeler brûkten wy allinne mar by de feestferljochting fan it doarpsfeest en de krystdagen.


Bleau oer de dûscoach en de radiatorfoly. De dûscoach is in wetterticht tiidklokje dat ynsteld is op fiif minuten. Salang meie jo dan ûnder de dûs stean. Dan pipet hy en moatte jo je ôfdroegje. Neffens de beskriuwing besparre dat op jierbasis safolle gas dêr’t in gesin oardel jier mei itensiede kin… Tsjong!


Yn ‘e praktyk falt dat lytse tiidklokje wat ôf. Ja, it plakt goed dat wol, mar de letters fan dat digitale klokje binne sa skiterich, dat je dy sûnder bril net lêze kinne. En ik ha gjin bril op yn ‘e dûs.


Mar hy pipet dochs? Jawis, lûd en dúdlik. Mar wat wie der ek alwer mei dizze jongfeint oan’e hân? Presys: doof. Alteast sûnder hearapparaten. En om no te sizzen dat hearapparaten geskikt binne foar ûnder de dûs…


Ergo: ik sjoch en hear de dûscoach net. Handich! De frou jout in hurde klap op ‘e dûsdoar as sy ûnder it piipjen fan it klokje heart. Dan stoot sy nei boppen en jout mei boppesteande bats oan dat it badderjen foarby is.


No ja, dat is wat oerdreaun, dy klap op ‘e doar, mar sy heart him beneden wol! Wylst ik op 20 sintimeter ôfstân fan it klokje my rêde moat troch al dikerjend troch myn eachleden te sjen oft der allegearre al nullen op it klokje steane. Hawar, rûchwei bin ik nei fiif minuten klear. Dat dizze coach wurket!


Juster wie de radiatorfoly oan de beurt. Ta myn fernuvering moasten jo dat net op de muorre achter de radiator plakke, mar oan de achterkant fan de radiator sels. Dat soe neffens de beskriuwing better wurkje en dizze foly wie der spesjaal foar ûntwurpen: superlicht en ien fan de meast klimaateffisjinte útfiningen ea! No je…


Dat ik oan it plakken, mei dûbeldsidich plakbân moast it oan de radiator fêstmakke wurde.

Hiele keamer oer de kop, want ús útstalling op de finsterbank moast der weihelle wurde en de finsterbanken moasten derôf. No, dan beleve jo wat! It wie allegearre stof en spinreagen. Dat dat der earst mar weihelje, oars soe de foly tink ik net iens wurkje.


Mei in plumeau en de stofsûger de radiator te liif. It wie krekt as wie ik mei de nôtrisping dwaande, want yn in wolk fan stof en al kucheljend makke ik de boel skjin.

De tarieding wie klear. No even it filmke besjen hoe’t je soks no it maklikste oanbringe kinne.


Ienfâldich dit, maklik dat, pear knipers derby, in skerp Stanleymeske en in jo ha it yn in pear minuten behimmele.


Fansels…


Mar dat waard al wat oars. Wilens de handige man (wêrom net in frou?) yn it filmke yn trije minuten klear wie, ha ik der wol in oere mei omgriemd. Punt ien: achter in radiator komme jo net sa maklik. Punt twa: dy tape plakt omraak. Punt trije: hâld foaral de goeie folchoarder oan. Punt fjouwer: dat spul is yndie superlicht en fjlocht dêrtroch alle kanten út!


Ik sil jimme de details besparje, mar al knûkeljend, plakkend, griemend, hurkjend, tape- en folyfergriemend en langút lizzend waard dizze misje folbrocht. Ien foardiel: jo sjogge it fanút de keamer wei net sitten.


De frou woe it hast net iens leauwe dat ik de foly ynstallearre hie: Sjoch der neat fan, sa wie har reaksje op myn enerzjyklus. En dat wie mar goed ek. Ik ha har mar net ferteld hoefolle enerzy my dit foly-aventoer wol net koste hie…


Mei tank oan de gemeente Noardeast Fryslân.








Pleatst: 16-11-2022 - 17:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

No je…


Dat is grappich! De lêste tiid binne wy in pear kear neamd yn de kranten. Yn it iene stikje binne Klún & Knoffelhakke in útsûndering en yn it oare stikje wurdt yn ien sin neamd dat wy ek oan in foarm fan klienkeunst dogge (klienkeunst…?)


No ja, lês it sels mar… En dy 25 jier binne ûndertusken 28 jier!






Pleatst: 06-11-2022 - 15:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022