Wat efter de earen hawwe...


Doe't ik fan 'e middei by de fysiotherapeut oankaam, moast ik earst myn mûlkapke om dwaan. Want oars meie jo der net yn. Mûlkapke ferplicht! Dat foardat ik út de auto stapte earst de mûle bedekke...


Wilens kaam der in man nei bûten. Healwei de stoepe bleau hy stean.

Hy siet mar mei syn mûlkapke te wrakseljen, want ien kear bûten yn 'e frisse lucht, wolle jo sa gau mooglik fan dat healwize ding befrijd wurde...


Sa te sjen wie it in hiel gedoch...


Wilens ik him foafrby rûn sei hy tsjin my: In bril, hearapparaten en in mûlkapke is gjin lokkige kombinaasje...


Dêr wit ik alles fan, sa antwurdde ik en om myn antwurd krêft by te setten, draaide ik him de achterkant fan myn holle ta, sadat hy de moaie glimmende wûnderkes sitten sjen koe...


Einlings hie hy syn mûlkake ôfkrigen en wilens hy nei syn auto toffele hearde ik him sizzen: Och... ek al?


Sa hat it sitten, sei it âldwiif en paste it ear oan 'e pispôt...


Pleatst: 20-11-2020 - 17:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Skoallebriefke...


HP, OPP, DGO, OKR, LDS, DGOP, AP en dan ek noch de Dagplanning en it Logboek. Ik bin der fêst in pear fergetten.


Wat dit binne?


Dit binne ôfkoartingen en termen dy't yn it basisûnderwiis brûkt wurde. En dan allinne mar de ôfkoartingen foar dokuminten dy't op de learlingen fan tapassing binne, want der binne fansels noch folle mear...


Moat it no sa mâl? Skynber. Want wy moatte hjoed oan de dei alles byhâlde en ferantwurdzje, oars dan is it (fêst) net goed en kriget de skoalle fan de ynspeksje op 'e kop en in ûnfoldwaande.


En as wy dan al dy dokuminten op in heap lizze, as yn in map bewarje, dan ha wy in aardige planke fol. Lokkich kin dat hjoed oan de dei digitaal opslein wurde, want oars soene der spesjale dokumintrûmtes byboud wurde moatte.


Dizze foto is 117 jier lyn makke. Fan de Iepenbiere Legere Skoalle te Beetstersweach. Tusken al dizze bern, dy't der kreas en strak opsteane, stiet myn pake. (Sykje mar even...)

Dizze moaie foto fûn ik tusken de famyljefoto's dy't in omke my tastjoerde.


Boppedat siet der ek it skoallebriefke fan pake fan dat jier tusken. Ien lyts pepierke, noch lytser as in A5-ke en dan ek noch oan ien kant printe. Dat is alles. Troch dit briefke wisten de âlders genôch... Master hie doetiids wol wat oars te dwaan.


Soe der oer 117 jier ek ien fan it neiteam wêze dy't in ferhaal skriuwt  oer syn pake en der dan alle skoalledokuminten by set? Dy stakkert hat dan wol in wike wurk om alles yn te skennen.

Moai no, sa'n skoallebriefke mei de hantekening fan oerpake Jan...

Pleatst: 18-11-2020 - 16:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Novimber…

Pleatst: 01-11-2020 - 17:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de