De Sintemasije…


Dat falt bytiden net ta om yn de hûd fan de âlde biskop út Spanje te krûpen. Fansels moatte jo in bepaalde leeftiid berikt ha om dizze hillige spylje te kinnen. Want wês earlik, as tritiger ha jo noch net sa'n lang burd, lit stean grize hierren. Nee, jo moatte wol in 65-plusser wêze.


Hoewol ik dêr kwa leeftiid noch krekt net oan ta bin, wie ik dit jier al foar de fjirde kear de Sinteklaas fan Burdaard. Fia myn rezy-aktiviteiten by de pleatslike toanielploech bin ik yn dizze rol telâne kaam.


Se meitsje der yn Burdaard altiten in prachtige show fan. Ynklusyf in tocht mei de stoomboat, in muzykkorps en in grut feest yn de poadiumseal fan in MFC. En dat sit dan altiten stampfol...


Mar sa as sein, falt dat net altiten ta.


Jo spikerbroek mei fansels net ûnder de tabbert weikypje, om mar ris wat op te neamen. No ha ik sels in pearsen broek en dy komt op sokke dagen moai fan pas. Dy passet moai by de kleuren fan in Sinterklazekostuum.

Mar doe't ik myn tas yn de klaaikeamer útpakte, miende ik dat ik him fergetten wie. Dat de spikerbroek mar oant de knibbels ta oprôlje. Oars sjogge de berntsjes him en de âlde Sintemasije yn in spikerbroek, dat kin fansels net.


Dan it sminken. Om't ik fan mysels in snor ha, en dy eins net ôfskeare wol foar ien middei, wurdt der altiten in hiel fleske plakkersguod op strutsen. De sminkster sei al: Sinteklaas moat no even in skoftsje troch de mûle azemje... Doe't ik nettsjinsteande har warskôging dochs troch de noas de lucht opsnúfde, begriep ik wêrom se dit advys joech... Ik foel noch krekt net yn katswym, mar ik fielde my wol krekt sa'n lymsnuver yn in stege fan in grutte stêd. En nei't ik de boel in skoft hiel hurd oantreaun hie, siet de plaksnor dochs aardich fêst.


Ik spruts mei de sminkster ôf dat sy nei de oankomst de boel noch even kontrolearje soe...


Om't ik by de boattocht net beklomje woe, hie ik in sweater oanlutsen. Mar de letters op de sweater kipen troch de wite ûnderklean fan Sint en se koene hast letterlik lêze wat der op stie. Dan de boel allegearre mar út, earst de sweater oer it bleate fel en in t-shirt dêr dan mar wer oerhinne. It siet foar gjin meter, mar As pake it net meitsje kin, dan slagget it gjinien, wie lokkich net mear te sjen.


Doe moasten wy as it A-team yn in buske nei de boat ta brocht wurde. In ticht buske fansels, want gjinien yn Burdaard mocht de Sint en twa fan syn Piten riden sjen. De aardige sjauffeur hie in túnbank achter yn setten en al skowende, want sa'n ding sit fansels net fêst, hobbelen wy nei Tergrêft, sa'n 3 kilometer bûten Burdaard. Dêr lei de boat en dêr soene wy as bernefreonen tegearre mei it muzykkorps opstappe.


Underweis wie ik deabenaud dat de miter tsjin it dak fan it buske stjitte soe, dat ik hong mear dan dat ik siet. Ek doarst ik hast neat te sizzen, want der is neat minder as in Sinteklaas tusken de bern mei in losse snor en in wibeljend burd.

Lokkich kamen wy hielhûds by ús haven oan. It korps en de piten op de boat en as lêste de Sint. Der wie yn de boat spesjaal in plakje foar my frijhâlden. De eigener fan de boat sei wat tsjin my, mar fanwegen myn grutte prûk en myn minne earen hie ik gjin idee wat dat wie. Hoeden stapte ik op de steiger om dêrnei op de boat te stappen. Man, wat wie dy steiger glêd! En doe snapte ik ek wat de boateigener krekt tsjin my sei, want hy prottele: Ik zei toch dat je even via het gras moest, want die steiger is spekglad! Doe't ik tsjin him sei dat ik dat fanwege myn gehoar net heard hie, hearde hy dat wer net. Soe ek wer krekt wat wêze. Sinteklaas langút op de steiger. Staf yn de feart, miter dy't ôffljocht en Sinteklaas dy't mei in grutte steiger-ôfdruk op de mantel Burdaard yn fart...


Doe oer de Dokkumer Ie op nei Burdaard. It waaide dat it rikke en ik hâlde de miter stiif fêst. Want de wyn besocht hieltiten de hoed ôf te blazen en yn de Ie te smiten. Wat wie ik bliid dat ik yn waarme sweater oanlutsen hie. Want nettsjinsteande de tsjokke Sinteklazemantel waaide de wyn hast oeral trochhinne.


Ien fan de muzikanten lake my ta en sei wat. Mar ek dat hearde ik net troch it sûzjen fan de wyn. Ik hearde dan wol wer dat se sei: Hat Sinteklaas syn hearapparaten net yn dien? Se moast ris witte...


It muzykkorps koe mar twa Sinteklaze ferskes, dat nei 13 kear Sinteklaas Kapoentje en 17 kear Zie ginds komt de stoomboot, kamen wy yn Burdaard oan. Ik mei in lamme earm fan it miterfêsthâlden en it muzykkorps wiet fan it opspattende boechwetter, want sjoen de strakke planning hie de skipper de gong der goed yn.


Pyt smiet hieltiten de pûdsjes mei pipernuten yn de Ie. Hoe soe se nei de wâl smite. Nei de bern dy't ús temjitte kamen, mar troch de breedte fan it wetter helle hy de wâl krekt net.


Hawar, nei twa kear bukken, want wy moasten ûnder twa hiele lege brêgen troch, kamen wy by it MFC oan. Hiel Burdaard stie ús al op te wachtsjen. In echte seremoanjemaster âle ús in wolkom ta. Hoeden, troch hast elkenien fêsthâlden, knoffele ik de wâl op en begûn ik mei myn rol as Sinteklaas...


De bern fleagen op my ta. Joegen my hantsjes en stoppen my tekeningen yn de hân. Dy tekeningen joech ik dan wer troch oan de haadpyt, dy't sa as ôfpraat, net fan myn side wykte. Want mocht ik de bernefragen en ferhalen net heare, dan soe hy dy foar my ûndertitelje. Wy wiene sa in prachtich team! Man, ik kaam hast net oan it MFC ta. Elkenien in hantsje jaan. Elkenien begroetsje, ferhalen oanhearre en wiuwe nei it publyk. Der wie ek al ien fan de bern dy't my oankrûpte. Guon bern binne dan hiel frij, leauwe alles en spylje hiel spontaan it feest folop mei.


Unwillekeurich moast ik tinke oan de Stalmeester fan Wim Sonneveld: Dat is dan aenpakken en even tussen je tanden sissen: "Kniksje maeken, achteruit de trap af en wegwezen", en dan zelf even de geschenken ongemerkt achter de rodondendrons sodemieteren...


De sminkster stie my by de yngong fan it MFC al op te wachtsjen. En nei't ik har mei in koart knikje te kennen jûn hie, dat alles noch kreas te plak siet, koe it feest binnen begjinne.

It waard in geweldich feest! En wat wie it goed organisearre. De seremoanjemaster hâlde faasje en it programma gie as it slydjage. De bern fûnen it prachtich en de njoggen swarte piten diene ek geweldich mei.


Earder as pland wiene wy troch it programma hinne, want sa hiene wy dat ek ôfpraat: leaver wat koarter en flotter, dan te lang en te dreech. Sa fûn elk it hast spitich dat it al foarby wie. En dat is fansels in goed teken. Doe noch, as in dominy nei de preek,  by de doar mei alle bern even fûstkje en dien wie dit prachtige feest!


De sweater wie wiet fan it swit, mar de snor en it burd sieten noch goed fêst...


Yn de klaaikeamer seach ik myn pearsen broek op it bankje lizzen. Hielendal net fergetten, gewoan oan kant lein by it leegjen fan de tas. Mar lokkich wie it gjin minske opfallen dat de Sintemasije de âlde en bonkige fuotten (sprankels soene guon wil sizze...) yn in spikerbroek  stutsen hie mei omheech hise boksen as soe hy te poatsjebaaien yn de Iselmar by Riis...


(Mei tank oan Babs Gezelle Meerburg foar de foto’s en noch in pear oaren, mar dy kin ik sa gau net by namme…)







Pleatst: 27–11-2019  - 17:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

In beweging…


It wie hiel rêstich yn (as moat ik skriuwe op…) it ûnderdek fan de Oerd. Wy sieten der as iennichsten. It measte folk siet yn de grutte romte fan it middendek. Lekker ticht by de catering… Mei syn trijen sieten wy te genietsjen fan de minskestilte en it gûnzjen fan de skipsmoter. Op nei Amelân!


Hast alle jierren meitsje wy in kultureel útstapke nei it eilân flakby. Yn novimber wie it al foar de 23-ste kear keunstmoanne op it Amelân en it is moai om op ien fan de dagen fan dizze slachtmoanne keunst te snuven op dit moaie waadeilân.


Doe’t wy nei in stadige reis op it eilân oankamen, earst mar ris in fyts hiere. Want de ferskate lokaasjes wêr’t keunst te sjen is, binne ferdield oer it hiele eilân. Rinne kin wol, mar dan is it eksposysjegebied wol tige beheind. Jo kinne ek mei de bus, mar dan binne jo wer oan tiid bûn, dat in fyts is op sa’n dei in ideaal ferfiermiddel.


Elektrysk fansels, want wy wurde in dei âlder… Wy koene yn de Eco stân sa’n 100 kilometer fytse, sa sei de fytsútliener, mar doe’t wy it knopke yndrukten stie der ‘mar’ 77 kilometer op de teller. Hawar, ek dat soene wy hjoed fêst net helje…


It waard in moaie dei, mei prachtige lokaasjes en moaie keunstwurken. Fan alles wie der te sjen. Bylden, skilderijen, foto’s, grafysk wurk, wandkleden en ynstallaasjes yn de dunen. Fansels is it iene moaier dan it oare. Keunst is en bliuwt en kwestje fan smaak… Mar de kwaliteit wie goed. Wy ha wolris mear rotsoai sjoen…


Mar earlik is earlik, der komt in momint op sa’n dei dat je je nocht ha. Want alles begjint op elkoar te lykjen. Dat klinkt fansels nuver, mar ik sil dit besykje út te lizzen.


Alle keunst is hast abstrakt. Mei oare wurden, jo sjogge net wat it foarstelt. Der leit, stiet as hinget faaks wol in kaartsje by, mar fan de titels wurde jo op’t lêst ek wat lêbich. Eindeloze verten… Aksenten in groen… Villanova 3… Huizen in stilte… Ik betink mar wat, mar soks stiet der dan by.  Mei as gefolch dat jo noch net witte wat it foarstelt…


Dan de beskriuwingen! By elke eksposysje leit in laminearre papier mei dêrop yn trije talen de útgongspunten fan de keunstner. By ien fan de eksposysjes sei de suppoast: Je gaat het beter begrijpen als je het leest… Oh ja? No ik net. De beskriuwingen binne wollige wurden yn in neatsizzend ferbân. Hoe yngewikkelder de beskriuwingen, hoe djoerder it keunstwurk. Guon keunstners doarre wol te freegjen!


En dan de reaksjes fan de besikers! Want nei’t jo de boel besjoen ha, kinne jo yn in gasteboek reagearje. Prachtig! Wat een formidabele kunst, Inspirerend. Schitterend… Want ja, as jo opskriuwe Ik vind dit niks, dan ha jo de bedoeling fan de keunstner net begrepen. En fansels wol gjin inkelde besiker op sa’n dei foar in ûnnoazele trochgean…


Ik skriuw nea wat yn sokke gasteboeken. Mar faaks lês ik se wol. By in keunstner dy’t syn wurken makke mei ferskillende soarten plakbân skreau ien fan de besikers: Mooi werk plakmevrouw. Soks fyn ik dan wol wer aardich…


Mar begripe jimme dat it nei in lange dei begjint te ferfelen? Frjemde keunstwurken, nuvere titels, healwize beskriuwingen en leageneftige reaksjes. En altiten skept papier, potlead hantekeningen, rustige sokkels, in acryl en olie en ambachtlike techniken.


Pff. Ta oan in bierke. In lekker bokbierke en in schnitzel mei poddestuollen en sipels. Mar wat wie it in moaie dei en wat fleane jo troch de dunen op sa’n elektryske fyts. Boppedat binne der rûnom hearlike plakjes te finen dêr’t jo even noflik bekomme kinne fan al dy yndrukken.


Takom jier mar wer…

Marianne Knol

Kosta Boda

Sjoch ek de foto’s boppe-oan yn de ‘header’ fan de webside…

Pleatst: 24–11-2019  - 16:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Harry Wever

Louïse de Winter

In persoanlike webside

h@vanderhei.de