Sinterklaas…


Doe’ t Sinterklaas oan ‘e lytse Sint, dy’ t syn moaie tekening oan de âlde man sjen liet,  frege (hy wie ek ferklaaid as Sinterklaas en hie ek in reade mantel oan en in moaie reade miter op): Hokfoar kleur hat dyn miter? En dêrmei doelde de Sint op de miter op de kleurplaat, want dy hie hy blau kleure… Antwurdde hy kordaat en wylst wees hy op syn eigen pet: Read!


Ach ja, as jo yn de hûd krûpe fan de goeie man út Spanje, moatte jo ek alles mar begripe en foaral ek altiten mar skerp wêze…


It wie in prachtich feest! En de foto’ s binne fan Babs Gezelle Meerburg…

Dit is net it jonkje fan de bedoelde tekening…

Tiid yn ‘e gaten hâlde…

Pleatst: 28-11-2018 - 12:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op leeftiid…


Ofrûne sneontemiddei moasten wy optrede yn Oentsjerk. In âldereinmiddei. Alles stie klear en de minsken kamen binnen, it waard gesellich drok.


Earst mar kofje mei in lekker stikje oranjekoeke. Ja, jo wurde yn de watten lein op sa’n middei.

Ik sil wol even wat lekkers ophelje, sa sei ik tsjin myn maat. Dat op nei de baly om kofje…


Mei ik wol twa kofje, sa wie myn fraach… Jawis wol, sei de aardige betsjinning, Wêr sitte jo? Dan bring ik it wol even, wy komme deroan…


Achter it poadium, sa wie myn antwurd. Oh, dat hie ik net yn ’e gaten. Ik tocht dat is ien dy’t ûngeduldich wurdt, guon wurde wat ferjitachtich en dan witte se net mear krekt hoe oft dit giet op sokke middeis…


No ja… Seach ik der út as wie ik ien fan de âlderein?


Mar ik krige de kofje mei. Mei in hearlik stikje oranjekoeke… Doe’t ik dit foarfal fertelde, wiene se achter it poadium wer slop fan laitsjen…


Jaja, achter de kûlissen ha wy sa stadichoan likefolle wille as op it poadium. As soene wy echt te âld wurde…? En fansels moast dat ek wer op de groepsapp setten wurde, ús techneuten moasten dit ek witte…


Hawar…


Pleatst: 13-11-2018 - 12:25 oere - Reagearje? - Nei boppen


Myn faam Nelke…


Op myn weblog skriuw ik wol gauris oer nuvere mailtsjes, as leaver sein phisingmailtsjes, dy’ t ik om ‘e haverklap yn myn mailboks oantref. Want de fiskers kinne der wat fan…


Meastentiids klik ik se fuortendaliks fuort. Jo kinne der mar om tinke! Want yn dizze mailtsjes sit faaks in link en as jo dêr op klikke, dan binne jo de klos.


Net dwaan dus!


Fan ‘e wike siet der wer in moaien-ien tusken. Fan myn freondinne… No ja, moai…


Hey hoe is het,


We hebben elkaar een tijd geleden gesproken en contact gegevens uitgewisseld. Maar door de tijd heen is het me allemaal een beetje ontglipt eerder contact met je op te nemen. Maar ja beter laat dan nooit toch!


Ik ben nu in ieder geval al weer een tijdje vrijgezel en mis toch wel de aanraking van een man in mijn leven. Stiekem moet ik bekennen dat dat ook wel mee speelt in me besluit je nu ineens te mailen! En hoe zit het met jou, heb jij nog interesse om eens af te spreken en te kijken wat we voor elkaar kunnen betekenen? Ik hoop van wel, want als je me nog kan herinneren weet je dat mijn grote borsten veel aandacht nodig hebben haha!


Klik hier om foto’s te zien of direct een afspraak te maken!


Hoop snel wat van je te horen.

Nelke ter Braake


En dan wie dy rigel oer de foto’s in link…

Fansels deanijsgjirrich hoe ’t Nelke derút sjen soe, mar ik koe myn ynhâlde. Ik soe net graach dyjingen de kost jaan wolle dy’t wol by ús digitale Nelke op besite gean..


By it ynternetten moatte jo altiten op jo iepenst wêze. En dan noch kinne jo der ûngemurken yntraapje… Lês hjir (noch) mar ris…





























Pleatst: 07-11-2018 - 20:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

De wyn fan foaren…


It is wat in nuver ferhaal… Mar ek wol wer grappich. Alteast dat fyn ik.


Wy binne ris op kursus west. Nei Brigitte Kaandorp. Har teatershow wie in kursus ‘Cabaret voor Beginners.’ Yn dy show lei se op komyske wize út hoe’t jo in slagge foarstelling meitsje koene.


Krekt wat foar ús.


Ien fan har tips wie om in skeet te litten at de foarstelling mar net slagje woe. En om sjen te litten hoe’t soks wurke, hie se allegearre sketelûden fan it ynternet ôfhelle en die se mei help fan har techneut yn de seal in skete-playback-akt.


De seal lei blau. Underbroekelol yn optima forma… Mar yn de TV-útsjoering fan dizze show wie dizze skets derúthelle. Spitich, want de tip fan Brigitte wurke yn en mei de seal perfekt!


Koene wy mei ús teaterduo ek wat mei dizze tip?


Nettsjinsteande dat wy oh sa’n wille hân ha mei dizze akt fan Brigitte, ha wy dochs besluten om soks mar net te dwaan. Wy ha dizze tip net nedich, sille wy mar sizze. Us foarstellingen slagje ek sûnder flatulinsje eins altiten wol…


Ofrûne woansdei hiene wy yn klaaikeamer fan de seal dêr’t wy optrede moasten, hearlik iten. Hearlike grientesop, wit ik hoefolle broadsjes mei tsiis, fleis en kroketten en kofje safolle at wie mar op koene. Man, wat in grau liif, phoe en dan moasten wy ek noch optrede. Lokkich ite wy yntiids en dan is it iten al wer aardich sakke as de foarstelling begjint.


Oer sakke sprutsen, de terms diene goed harren bêst om de boel te fertarren en om’t wy faaks ek wat gespannen binne foar in foarstelling, ûntsnapt der ek wolris it ien en oar…

No ja, better achter de kûlissen as op it poadium.


En doe barde it…


Ik stie mei de rêch nei de doar noch wat myn klean klear te lizzen doe’t de behearder der ynkaam om de lege pannen op te rûmjen. Ik hearde him net, mar dat leit him oan my, dat ik fielde my frij om de boel wat gean te litten. Retteketet der is ferlet, sille wy mar sizze…


Ik draaide my fleurich om en ik seach ien fan ús techneuten blau fan it laitsje oer de tafel hingjen. Njonken him in ferstuivere behearder mei twa bekrûmele pannen yn ‘e hân.

Hy sei neat…


Ik draaide my mar wer fluch om, want ik koe it laitsjen hast ek net ynhâlde. Man, wat in (k)lucht. Hy behimmele de boel rap en die de doar wer hurd achter him ticht. De techneut skodde noch hieltyd fan it laitsjen.


No mar hoopje dat de behearder achter yn ‘e keuken ek krom lei. Dat de man wat humor hat bedoel ik..

Ik miende al te hearen dat hy de wasemkap oansette, mar dat soe ek sa mar wer in healwiis optinksel fan my wêze kinne…


























Foto fan: deffsta

Pleatst: 01-11-2018 - 13:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2018

In persoanlike webside

h@vanderhei.de