De terrorknyn…


No, is it slagge as net?! Us knyntsje sil wol bliid wêze mei syn nije dak. Syn hok hat no enerzylabel A en hy kin wer jierren foarút. Miskien wurdt hy troch dizze oanpassing ek wat rêstiger, want de lytsbern neame him altiten de terrorknyn.


Al fanôf doe’t se lyts wiene jouwe de bern de knyn in hoekje gers, in bledsje fan de hage as in hynsteblomblêd at se achterom lâns by ús komme as nei hûs ta gean.


Mar faaks stelt hy dit net op priis en reagearret hy mei in ûnferwachtse beweging en stoot hy as in healewizeling troch syn hok. De bern fine dat spannend en laitsje harren altiten slop…

Mar miskien is it no dien, want sa’n moai dak strielt in protte rêst út en kin hy him tenei no echt ûntspanne…

Pleatst: 29-03-2022 - 12:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

De shantyman/frou…


Ien fan ús akts yn de foarstellingen fan Klún & Knoffelhakke is de Shantyman. In frustrearre akkordeonist dy’t út it koar skopt is om’t hy net spylje kin…


Us koar is der mei ophâlden, sa is syn kant fan it ferhaal…


Juster yn de Gerdyk by in optreden fan ús duo foar de Vrouwen van Nu skeat de Shantyman yn panyk fan it poadium ôf, hy wie der glêd mei oan.


Doe’t de Shantyman ynsette op syn lytse akkordeon, gie ien fan de bestjoersleden stean en gie as in soarte fan dirigint foar it publyk stean. Prachtich fansels, want dat wie ek krekt de bedoeling, it publyk moast meidwaan: hannen omheech en omleech!


Hoog is de zolder, laag is de vloer…


Doe’t de Shantyman har komplimentearre foar safolle inisjatyf frege hy har om de ynset te fersoargjen om’t hy de hannen oan de toetsen hie. Se foldie se graach oan dit fersyk. Dêr geane wy, set him op Metsje!


En nei it yntro gie de folsleine seal op in teken fan Metsje oerein en song mearstimmich it bekende West-Zuidwest van Ameland mei… Mar op in hiele oare tekst! It die bliken dat dizze ôfdieling fan de Vrouwen van Nu in eigen Evergreen- en Shanthykoar yn harren gelederen hat en dat dit ferske ien fan harren tophits is.


En nei’t it earste kûplet songen wie, songen se moai troch. Us Shantyman hie wol yn ‘e gaten dat hy ek by dit koar gau dien krije soe en hy naaide hurd út…


Foto: Bote Sape Schoorstra

Pleatst: 29-03-2022 - 12:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Operaasje kninehok…


It stie al hiel lang op de wurklist: in nij dak op it kninehok. De frou makke my der hast elke wike op attint. It dak wurdt ek minder…


Jaja… (útspraak: ûngeduldich)


As bewiis fan myn goeie foarnimmen hie ik op it boadskipboerd op ‘e keukensdoar: hout foar it kninehok, skreaun. Sjochst wol, it stiet yn ‘e planning.


Jaja… (útspraak: dat sil’t wol)


It hat sûnt dizze skriuwaksje noch wol hast in healjier duorre ear’t ik yn der wurk fan makke.


Doe waard der op in dei fyntsjes ferteld dat my skoansuster al lang in nij dak makke hie! Se hie ek noch ferve oer en dat mocht ik ek wol brûke. En der kamen no dochs wol hiele grutte gatten yn it dak!

Tsja, doe koe ik fansels net achterbliuwe en doe moast ik wol oan de slach. Om ús houlik en de knyn te rêden.


Op nei de Gamma mei in briefke mei de ôfmjittingen fan it dak: 116 x 69 sintimeter.


De Gamma hie twa maten houtplaat: lyts en grut. Se woene it wol op maat seagje, mar dan moast ik wol de hiele plaat ôfnimme. En hoe is’t mooglik, it dak passe net út de lytste plaat en wat moast ik dan mei al it hout dat ik dan oer ha soe as ik de kar makke foar de grutte plaat? Boppedat, wêr moast ik al dat oerbleaune hout dan delsette?


It waard in hiel harseskrabjen dêr yn de Gamma. Rolmaat derby, mjitte, tinke, rekkenje. De aardige meiwurker kaam mei it idee om twa lytse platen te brûken en dan twa helten op de heale maat seagje en dy dan oanelkoar sette. Pfff, yngewikkeld. En ik mar rekkenje. Twa lytse platen wiene altiten noch goedkeaper as ien grutte plaat. No, toe dan mar. It is wat mear wurk, mar wol wer goed foar de ponge.


Dat de seagmeiwurker oan ‘e slach. Troch al dat seagleven en syn frjemde Dokkumer tongfal hie ik it fansels allegearre mar wer heal begrepen, mar ik fertroude op syn yntelliginsje en deskundigens.


Asjeblyft en Hendrik knoffele mei fiif stikken plaat nei de kassa.


Korreksje, fiif stikken plaat en in latte fan 2.40 meter. Dy latte moast brûkt wurde foar de râne fan it dak.

Healweis klapte alles mei in grutte bats op de flier en rinkinkelde de latte tsjin de stellingen. Net ien seach op en ek net ien meiwurker stode nei dizze earme man ta om him te helpen. Dan hie hy ek mar in karke pakke moatten…

Mei in auto fol houtguod wer op nei Hantum. Thús mar twa kear rinne, ik mocht fansels mei myn geknoffel net foar peal stean foar de buorlju.


De folgjende deis oan ‘e gong, ik hie in hiel plan makke. De twa stikken soe ik oanelkoar lymje, dan in pear dagen drûgje litte en dan wer fierder. Ik soe it hoeden oanpakke, want al te hastich wurk soe fêst in min resultaat jaan…


En ja hjer. De gammaseageman hie in rekkenflater makke. Ik moast net twa stikken oanelkoar lymje, mar trije! It kloppe foar gjin meter! Hie ik it no mar neimjitten by de Gamma. Mar ja, in meiwurker mei safolle logo’s op syn besgroentsje en mei broeksbûsen fol ark en mjitlinten jout in hiele gewichtige en betroubere yndruk. Ik hie de bon noch wol, mar ik koe fansels net wer werom mei de fiif stikken plaat. Nee mynhear dêr begjinne wy net oan, jo ha sels de maten opskreaun…Dan mar in dak út trije stikken. It is net oars.


It waard in meardagenplan. Wylst handige klussers sa’n dak yn in middei ynelkoar timmerje, die ik it stapke foar stapke. Lymje, drûgje, skroeve, skjirje, kitte en skilderje. De ferve drûge foar gjin meter en it moast fanwegen de dekking ek noch yn trije lagen. Earst de ûnderkant yn trije kear en dan de boppekant yn trije kear. En net earder as de iene kant drûch wie, koe de oare kant.


Ha jimme al útrekkene hoelang dizze klusser dwaande west is? Yn dy tiid kin it pleatslike boubedriuw in kompleet hûs delsette... No ja, it dak is klear en leit bûten te drûgjen.


Wannear wolst it dak derop dwaan, sa sei de frou. Moat earst goed drûch wêze, sa wie myn reaksje. It moat fansels net sa wêze dat de knyn de folgjende dei yn katswym leit troch de beitsdampen. Want dan moat ik aanst seis plankjes oanelkoar plakke…


Hoewol, ik ha noch wat hout oer…











Pleatst: 26-03-2022 - 17:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

De rute skeet…


It wie prachtich waar! It duorre dan ek mar krekt even as de frou stie yn de foartún it planteguod wat de behimmeljen. De deade boel derút en de hjerstblêden wat oan kant. De maitiidsblommen koene no moai harren gong gean.


Ik stie dit tafrieltsje wat oan te sjen. Och och, al in echt doarpsminske. Noch mar amper de sinne oan ‘e himmel en doarpsgenoaten meane, snoeie en túnklauwe alwer. Dy nije griene kontener sille wy goed brûke!


Om’t de sinne op ‘e ruten stie, seach ik it resultaat fan myn skreppen fan de foarige dei. Ik wie oan it rúthimmeljen west. Earlik sein wie ik ek troch de moaie maartsinne oanstutsen... Boppedat troch Corrie, Dudley, Eunice en Franklin wie der aardich wat smoargens ta de ruten opflein.


Wy himmelje hiel ekologysk en ferantwurde de ruten…


Sûnt foarich jier ha wy in reintonne achterhûs en mei dat wetter dogge wy alderhande húshâldlike túnkluskes. Ek de ruten soene wy tenei mei reinwetter himmelje. Neffens de berekkeningen besparret ús dat mear as twa kúb Vitens-wetter yn’t jier…


Wy moatte ek noch wat útfine foar de spielbak yn ‘e plee. Ik sit der oan te tinken om der in trechter op te nifeljen. Dan kinne wy maklik nei elke boadskip de bak wer folle mei in giter fol reinwetter. Ek sa’n 3 kúb op jierbasis…


Wy moatte wat oer ha foar it klimaat...


Mar doe’t ik, sa as sein, nei it foarjierswrotten fan myn frou seach, waard ik wol wat kjel.

It wie krekt as stie se yn ’e finzenis te túnkjen. Wat in streken op ‘e ruten! It like wol in LP, safolle streken stiene der njonkenelkoar op it HR+++ glês. En dy LP spile wis gjin fleurich ferske…

‍   

Om’t de sinne pal op ’e ruten stie, wie it wurk fan juster goed te sjen. Ik ergere my blau, dit koe sa net. Man man, oansteande besite soe fêst oer de flier rôlje fan wille. Wa hat hjir de ruten dien? Lokkich wie it fanôf de dyk net te sjen. Mar dat wie dan ek de iennichste treast.


Gau googelje. Ramen wassen zonder strepen…


En dan wit Oma raad… Hjit wetter, in drip ôfwaskmiddel in goat jittik en in fluts spititus. Dat doe’t de frou klear wie mei it túnkjen ik der gau achteroan mei de ruteswabber…


Dit wie in stik better. En ik moat sizze, de gearstalling fan it rutesopke wurke perfekt! (Hast) streekleaze ruten. Grutsk traktearren wy ússels op in kopke kofje mei in Kletsmajoor fan de Jumbo. Och och, wat ha wy it moai sa tegearre…


Se tinke fêst dat ik op ‘e bealch hân ha, sa murk ik achteleas op ûnder de kofje.

Hoe komst dêr no sa by? sei se.

Ien plus ien is twa, spruts ik kryptysk, do yn ‘e foartún en amper nei datsto wer binnen bist, fljocht de man is in healwizeling mei in amer en rúthimmelder nei bûten…


Dat hie no hielendal neat meielkoar te krijen, sa wie hat treastende reaksje.


Nee, dat witte do en ik. Mar ja, wy wenje op in doarp en do witst: litst ien lyts skeetsje en do tinkst dy waait wol wei, mar it duorret mar even as it hiele doarp dat poetst syn skuon dermei…





Pleatst: 12-03-2022 - 07:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hearken…


De pakesizzers meie graach op pake syn iPad ompiele. En hoe handich at se dêr op binne! Bytiden komme jo healwize plaatsjes tsjin, dan binne se wer kreatyf oan ‘e gong west…


Dat oranje petsje ha wy fan Kabelnoord krigen. Om’t se ús net yn ‘e kjeld sitte litte wolle. Net omdat se ús no aanst gas leverje sille, nee it is eins in lyts kadootsje om ús blike te litten dat se ús net fergetten binne. Want al hast oardel jier leit der by ús in rôle glêsfezel foar de ruten. De kabels lizze al yn de grûn, mar de huzen moatte noch oansluten wurde. De kabel moat om samar te sizzen noch yn ‘e wenning brocht wurde. Chipstekoart, sa wurdt der sein.


It sil’t wol, dêr wurdt hjoed de dei alles op skood. Mar it sil fêst goed komme. No mar hoopje dat it ynternet aanst net like stadich is as de tiid dat it koste hat om it oan te sluten. Wat dat oanbelanget mei Kabelnoord wól gas jaan…


Doe’t ik googele op de tekst dy’t op it petsje stiet, kaam ik hjir telâne… Ferrassend!

Pleatst: 07-03-2022 - 12:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022