www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's & filmkes
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Hoekstra Flowers


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

De straf...

Sawat in moanne lyn belle myn broer. Dyselde fan de bêste garaazje fan Fryslân. Se hienen in nije aksje betocht. In aksje foar froulju. En foardat de aksje de loft yn gie, woenen se graach dat der in pear frouljuseagen oer gear gienen. En no hie hy heard dat Wilma wol aardich kritysk wie en boppedat in ûnderwiis achtergrûn hie, dat sy soe fêst de nije kampanje beoardiele kinne...

Ik ha noch besocht om myn broer fan dit idee ôf te praten omdat der dan nei alle gedachten neat fan de aksje oerbliuwe soe. Boppedat is Wilma net represintatyf foar de doelgroep en dat beskôgje ik as in komplimint. Myn broer seach dat net as in beswier en hy soe sels kontakt opnimme mei Wilma. It duorre dan ek net lang as dêr kaam de digitale folder al oan.

Lokkich wienen op dat momint Elbrich en Mieneke ek oanwêzich dat se binne der mei syn trijen oer gear west. En sa as ik ferwachte, it wie dúdlik in aksje dy't troch mannen betocht wie. De kleur doogde net, de froulju hienen neat mei 16 kleppen, pk's as bytetellingen. Se sieten mear yn oer feilichheid en rydgemak. Boppedat wisten se ek net it kenteken fan harren auto út de holle op te neamen en dat wie ien fan de betingsten fan de aksje: jo moasten jo kenteken ynfolje op de side.

Koartsein: de aksje waard folslein de grûn yn boarre. Myn broer kin net sizze dat ik him net warskôge ha... It sil wol sa gean dat de froulju it folderke oan 'e kant lizze en dat it de manlju oanlûkt omdat der 'for women only' op stiet. Dat wie trouwens noch in idee fan my: der moast in moaie frou by in snelle Golf op de folder komme. Doe't ik dat opmurk, moast ik by de jonges yn 'e keuken sitten gean...

De froulju ha harren befiningen kreas nei myn broer e-maild. Hiel polityk en myn broer soe der fêst tefreden mei wêze. Wy krigen teminsten noch in tankwurdsje fan him werom: Bedankt voor jullie inbreng, de meeste opmerkingen zijn verwerkt. Er zijn nog wat eigenwijze lieden die toch nog vasthouden aan hun mannelijke visie, we zullen zien hoe de reacties zullen zijn…

Fan 'e wike kamen wy ta ûntdekking dat de aksje fan start gien wie. Fansels koenen wy net wachtsje om ús priis yn ûntfangst te nimmen. It koe net oars as dy lei al klear, it wie allinne in kwestje fan kenteken ynfolje en hupsakee: Gefeliciteerd met uw prijs! Wy wienen dan ek bot fernuvere mei de ûndersteande melding. Sa'n grutte klant en dan net yn harren database foarkomme? Nuver, mar as der betelle wurde moat dat steane wy boppe-oan yn dyselde database.

As soenen de reklamemakkers wraak nimme wolle... Jo ús akjse beoardiele? En jo as leek ús advys jaan? No, dan sille wy yn aksje komme! For women only, but not in Hantum...

Pleatst: 26-03-2010 / 15:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

De felch...

Fan't winter ha ik mei de bus tsjin de stoeprâne oansitten. Eigen skuld, want it wie glêd en ik wie wat oerdwealsk en ik tocht dat ik mei myn stjoermanskeunst moai de bocht yn Tytsjerk nimme koe. Mar de winter hie gjin begrutsjen mei my en de glêde dyk skowde my sa tsjin de râne oan. Grutte slach yn de felch. Op 'e weromreis trillebille it stjoer alle kanten út.

De garaazje yn Dokkum koe de felch net wer rjocht krije. Alle logo's op 'e gevel mar ik moast mar nije felgen keapje. Se hienen wol in oanbieding. Fansels woe ik dat net leauwe. Eigenwiis hè...

Dat ik ha mar kontakt socht mei de bêste garaazje fan Fryslân. Wol hielendal yn Gaasterlân, mar wy moasten dochs yn Harich optrede (de simmerchili witte jimme noch...) dat de felch wie al gau te plak.

Hjoed krige ik berjocht dat de felch wer hielendal rjocht wie. Hy lei foar ús klear op 'e saak. Fansels, ik hie ek net oars ferwachte. Dy stomme Dokkumers, jo wer nij guod oansmarre wolle. Hoe goed hawwe jimme jim bêst dien?

Dat de felch klear wie, krigen wy te hearen fan ús antwurdapparaat. Wy wienen krekt even net te berikken dat Fedde hat it boadskip mar ynsprutsen. Fedde wie alhiel ynspirearre troch it wolkomstberjocht op ús antwurdapparaat, want hy hat it boadskip hiel moai ynpraat. Hjirûnder kinne jimme dat beharkje. Let foaral ek op dat moaie Gaasterlânske aksint. Dat klinkt jo dochs as muzyk yn 'e earen?!

Snein sille wy de bân wer oanhelje. De garaazje is dan ticht, mar Wilma sei dat de Dokkumers him der mar wer omsette moatte, se ha him der ek ôfhelle. Wy sille se wol krije mei harren moaie djoere 'Frânske' namme...

Pleatst: 25-03-2010 / 20:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lentetulpen...

In moai bosk tulpen oan it ein fan ús prachtige optreden yn Drachten. Dat docht it wol moai op 'e foto sa op de earste dei fan de maitiid!

Pleatst: 21-03-2010 / 19:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boerd...

Mear dan twa kear doch ik deroer om it boerd te lêzen. En dan doel ik op it moaie digitale boerd yn Dokkum. Flak by de rotonde.

Dokkum giet ek mei yn de 'vaart der volkeren' en hat no by de ynfalsdiken in moai meidielingsboerd stean. Dat de iisbaan iepen is as soksawat. Mar omdat de eagen minder wurde en omdat jo der faaks mei in gemiddeld gonkje bylâns fleane, ûntgiet jo de helte. Lokkich kom ik der faker lâns en nei in kear as wat wit ik wat de boadskip is. Se ha der mar in moai plakje foar fûn...

Wy ha der oer neitocht om de oankundiging foar ús premiêre der op te setten. Mar guon ha al muoite om Klún & Knoffelhakke gewoan op papier te lêzen. Mei sa'n boerd moatte se der dan wol sa'n tweintich kear by lâns. En silst beleve, hast it hast, dan is it al wer Wolkom yn Dokkum...

Lokkich kinne wy op ynternet hielendal sels sokke boerden meitsje...

Pleatst: 20-03-2010 / 16:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gemeente...

Hoera! Ik krige in wiidweidige brief fan 'e gemeente. Myn ID-kaart soe earne yn juny ferrinne. Moai op 'e tiid in oantinken dus. En dat foar de gemeente. Ik bin no dwaande mei in antwurdbrief. Yn it Frysk fansels.

Achte gemeente. Mei tank foar jo skriuwen. Wy kinne jo meidiele dat wy binnen acht wiken besykje te reagearjen. It soe ek wolris langer duorje kinne, want mei acht wiken is it noch gjin juny....

Hjoed hat de gemeente by ús yn it doarp de goaten himmele. En dan bedoel ik net de daksgoaten, want soks docht ús gemeente fansels net, want dan moatte se mei de ljedder omheech en dat is sjoen de ARBO-rigels sûnt 1885 net mear tastien, mar mei sa'n oaljefante-auto dy't mei in grutte sûger lâns de stoeprânen slobbert.

Op it gemeentehûs sit achter in ferfeelsum burootsje in amtner dy't elke dei de rûte foar Jumbo útsykje mei. Wichtich wurk en hy, litte wy him mar Durk neame, hat krekt promoasje makke. Hy docht it goed, want elk is tefreden en Dongeradiel is al jierren frij fan blêden en oar út 'e loft fallend ôffal. Dat der yn de hiele gemeente hast gjin beam te finen is, hat noch net ien manager ûntdutsen, mar Durk docht it goed. Ik bin Durk en ik hâld fan myn wurk...

Hjoed hat Durk Hantum útsocht. Nei de snie fan de ôfrûne moannen moat Hantum nedich slobbere wurde want stel jo foar dat it begjint te reinen en dat de putsjes dan ferstoppe reitsje. Mar Durk... Tink derom it is hjoed tiisdei! De dei dat alle kontainers lâns de stoeprâne stean! Durk, tink derom, Jumbo kin der net lâns om te slobberjen.

Mar Durk hat gjin kontakt mei de ôfdieling ôffal. Bist mâl! Dy sitte trije doarren fierderop en as ik dêr ek noch om tinke moat... Hantum is hjoed oan 'e beurt, kontainers as gjin kontainers, dan der mar omhinne. It is in moai gesicht. Skjinne goaten fan sa'n trije meter en dan wer in moaie bôge oer de strjitte en dan sa it hiele doarp troch. En de sjauffeur fan Jumbo? Ach, hy is wol wat went. Neitinke docht hy net. Ik leau al sûnt 1885 net mear...

Ik gean aanst nei it gemeentehûs om in nij rydbewiis. Sjen hokfoar reaksjes dat opleveret! Mar menear! Jo ID-kaart is ferrûn! Dêr ha jo in brief oer krigen. Ik hâld my dom, want neitinke doch ik net. Ik jou harren in brief fan it RDW, want dêr stie yn dat it rydbewiis ferrûn wie. Allebeide ferrûn op hast deselde datum. Ferskate brieven, fan ferskate organisaasjes. It wurdt in prachtich treffen dêr oan it loket. En ik doch krekt as wit ik fan neat.

En wylst de amtners harsenskrabje oer safolle ûnnoazelens fan harren ynwenners, begjin ik de hal fan it mânske gemeentehûs te stofsûgerjen. Kreas om de wachtsjende minsken hinne...

Pleatst: 16-03-2010 / 21:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Top!

Wat moatte wy der fan sizze... Wy hienen in geweldige jûn. In útferkochte seal en ien fan ús bêste premiêres ea...
Sjoch foar in hiele protte moaie foto's op Wâldnet. Mei tank oan Geurt en Jochem!

Kaam it dochs út sa as ik juster skreau: de stilte foar de stoarm...

Pleatst: 14-03-2010 / 12:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stilte...

Wat dogge jo dan al sa, al in pear dagen foar de premiêre...?

Omdat wy al njoggen try-outs hân ha, is de stress net mear sa bot as it wol west is. In protte dingen binne ek al klear en faaks binne it de lytse dinkjes dy't noch regele wurde moatte. De programmakaarten ophelje, it tal publyk trochjaan oan 'e bowling, noch in ekstra CD-tsje foar de ôfdieling technyk brâne en soksoarte fan putsjes.

No stie der hjoed ek in hiel bysûnder 'putsje' op it programma. Mei myn heit, broer en suster in grêfmonumint útsykje foar ús mem. Yn Ljouwert. Passet soks as jo de holle by in feestlik programma ha? Earst ha'k der noch oer neitocht om ôf te beljen. De holle stie der net nei... Wat in frjemde útflecht. Alles is dochs klear foar jûn?!

Om likernôch tsien oere sieten wy mei syn allen by Steenhouwerij Hutting oan'e kofje. Wy waarden kreas holpen en alhiel tefreden stapten wy om âlve oere al wer nei bûten. En omdat wy noch genôch tiid oerhienen, ha wy mei syn fjouweren noch noflik oan in twaalf-uurtje yn 'e Prinsetún sitten. Suver gesellich en ús heit fûn it prachtich en hy hat o sa hearlik fan 'e broadsjes smikkele.

Ik ha no net de yndruk dat sa'n soarte fan putsje as fan 'e moarn fan ynfloed wêze sil op ús optreden fan fan 'e jûn. Soks moat ek gebeure en as it dan sa goed is, jout dat miskien noch wol ekstra ynspiraasje foar hiele moaie jûn!

Pleatst: 13-03-2010 / 14:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Harich...

Justerhûn hienen wy ús achtste try-out. Yn Harich, in moai ein fuort...Mar wat ha wy in prachtige jûn hân! Wy fûnen sels dat it hjir en dêr wat heakke, mar de seal wie tige entûsjast! Dat it komt takom wike wol goed.

Harich leit flak by myn berteplak Balk en it koe hast net misse as der moast wol in bekende yn 'e seal sitte. Dat kaam ek út, want yn it skoft kaam Bouke al op my ta. Bouke hat by my op 'e legere skoalle sitten. Grut oh hearken ferhaal en ik ha nea witten datsto soks dochst, mar hy fûn it prachtich! No en dan fine wy dat ek.

Mar it moaiste fan Harich wie dochs wol de ûntfangst. Soks ha wy yn ús lange karriêre noch nea meimakke. Frou de Kroan stie om seis oere al achter it gasfornús yn it smûke doarpshûs en om likernôch sân oere stie der in grutte panne zomerchili foar ús op tafel. Man wat ha wy iten! Frou de Kroon hie it resept sels betocht. Túnbeanen, puoltsjes, shoarmafleis, noch wat chiliguod en wy ieten as slotters. Mei in grau liif sakken wy ûnderút yn de bar en wy makken ús klear foar it ynsjongen.

Mar neffes ús gastfrou mochten wy sa noch net oan it sjongen begjinne. Earst it toetje! En dêr kaam se oan. Se hie pudding makke, fanylje en grysmoal. Echt âlderwetsk yn in foarm. De iene wie in fisk en de oare in soarte fan tulbân. Broer sei al: 'Ik woe neat mear ha, mar ik meitsje dochs mar in útsûndering...' En nei ôfrin fan de foarstelling stie der ek noch in skaal mei buorrelhapkes foar ús klear.

It mei dúdlik wêze dat wy ús gastfrou tige betanke ha, doe't wy fuortgienen. Harich ferjitte wy nea wer. Boppedat ha wy it resept meikrigen. Dat meikoarten sil it hjir yn it noarden ek wol op it menu stean. Moatte wy der noch by fermelde dat it resept neffens frou de Kroon flatulentie-frij is. Wy sizze it mar netsjes, mar oft it ek yndie ek sa is, dat sil hjoed wol bliken dwaan.

Al it goede komt út Gaasterlân...

Pleatst: 07-03-2010 / 13:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Straat op de Plaat... (2)

Alex hie as tank foar it logje oer de fotosessy fan ferline wike sneon, my de foto tasjoerd. Fansels woe ik dy noch net pleatse ear't dy yn 'e krante stien hie. No, dêr wie it ôfrûne woansdei al safier. Dêr stienen de diehards fan de Terpen en de Hearewei. Kreas op 'e plaat mei de tsjerke op 'e achtergrûn.

De foto ha'k ek meihân nei it wurk en grutsk fertel ik dat dit alle bewenners binne fan ús doarpke. Se ha sa'n raar idee oer ús doarp, dat ik fersterkje dit mar wat. Sjoch, dy man mei de pet is ús dominy. Lokkich steane der mear mannen mei petten. Kinne se wer moai riede...
Klik hjir foar in fergrutting...

Pleatst: 05-03-2010 / 14:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Een BRON van ergernis... (2)

No, ik ha wol wat op gong setten... Alles oerstjoer! Understeande melding krigen wy doe't wy justermoarn ús administraasjepakket iepenen. Ik stel foar dat der in parlemintêre enkête hâlden wurde moat. Want de ûnderste stien moat fansels boppen. Ik tink dat dêrom ek Agnes Kant ophâlden is, it is my hielendal dúdlik...

Pleatst: 05-03-2010 / 11:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Een BRON van ergernis...

Ferjou my de Hollânske titel, mar it moat wol. It passet sa moai...

Wat is it gefal. Ik hâld it simpel, want it is ek simpel. It regear wol de learlingetelling automatisearje. Net mear elk jier foar 1 oktober it tal learlingen fan jo skoalle ynfolje en opstjoere, mar gewoan automatysk, fia jo skoalle-administraasjeprogramma (tenei SAP). Dat stiet dochs op 'e PC en dy PC sit wer oan it ynternet fêst en dan binne de gegevens samar trochstjoerd. Alteast dat fyn ik... Dy gegevens hat it regear nedich foar de bekostiging fan jo skoalle.

Mar minsken moatte wurk hâlde en dêrom is it PGNPO yn it libben roppen. Ik besparje jimme de betsjutting fan de ôfkoarting, mar it klinkt goed, leau my mar. 75 Amtners meie der oer gear om it goed ferrinne te litten. Boeken, brieven, brosjueres, jo waarden der mei deagoaid. Bedoeling hjirfan wie om jo administraasje op oarder te bringen. Want dat ha wy net neffens it reager... Boppedat moast foar elk bern in Sofinûmer beskikber wêze. Big Brother, ek yn it ûnderwiis... In jier de tiid hân om it op oarder te bringen, regelmjittich kontrôles, 50 e-mails en back-up listen. Want ûnderwiisminsken binne dom en krije soks pas foar elkoar mei help fan 125 amtners mei hantliedingen fan 35 siden...

Hienen jo it by it PGNPO foarelkoar, dan geane jo oer nei BRON. In oare ôfkoarting foar itselde, mar dan de definitive fersy. Ek wer 56 amtners. Sluven mei brieven, brosjueres, in mânske map en in echte helpdesk. Want ûnderwizers binne dom en kinne gjin gegevens út harren administraasjepakket fia it ynternet ferstjoere.

Hoera! Wy mochten fan 'e wike oer nei BRON. It wie ús startwike! Oantekene brief. Mei tagongskoade wachtwurd foar it downloaden fan it befeiligingssertifikaat. En dat bestân ha jo nedich foar jo administraasjepakket, want mei dy, soarte fan, befeiligingskaai kinne jo dan de gegevens ferstjoere. Mar dat meie jo net samar dwaan! Pas op, dat soe te gewoan wêze! Stappenplan fan 13 stappen trochwurkje. Stap ien: iepenje de slúf. Stap 2: lês de brief troch. Stap 3: kontrolearje jo gegevens. Ja bêste lêzers, dit is wier! Ik liich net. By stap njoggen moast ik earst wer in hantlieding downloade. 22 Siden. Yn dy hantlieding in ynternetadres wêr jo mei de tagongskoades út de brief it sertifikaat downloade koenen. Lokkich, dat gie bêst. It bestân stie samar op 'e PC. No noch ynportearje yn jo SAP. Ho! Ek dat giet samar net! Wer hantlieding downloade fan de side fan jo SAP. Ek wer 32 siden.

Om koart te gean: it gie mis! Hoe soe dat no kinne... Gjin idee, alles gie dochs goed? Alles dochs trochlêzen?

Helpdesk SAP belje. Moast ek al laitsje doe't ik sei: 'Ik bel vanwege dat brongedoe...' Fansels hie 'k de ferkearde helpdesk belle. Moast nei BRON belje. Aardich frommiske oan 'e tillefoan. Hie dúdlik in papier foar har lizzen en frege de meast ûnnoazele dingen. Mar ik soe werom skille wurde, want sy koe it fansels net oplosse. (Oh ja, noch fergetten dat ik tsien minuten mei in muzykje yn 'e wacht setten waard...) Yndie, Frans van Bron belle tusken de middei werom. Kollega sei it wat ferkeard, want it wie Frans fan BRON. 'Ja mijnheer, er is iets misgegaan. We weten niet precies hoe dat komt, maar we gaan ermee aan de slag.' Hoe is it mooglik! 187 amtners yn de BRON-flat en dochs giet it mis.

Frjemd ferhaal fine jimme net? En allegearre tige omslachtich! Mar sa as ik al sei: it is gewoan sokssawat as fia de ynternetbank 30 euro oermeitsje. Ik fyn it hiel knap dat der guon binne dy't fan sa'n ienfâldige hanneling sa'n drege bedoening meitsje kinne. En dat wy harren dan ek noch serieus nimme moatte. Dêr geane no ús sinten oan op.

Mar in earm ûnderwizerke wat mear lean jaan, kin net. Want ûnderwiisfolk is mar dom...

Pleatst: 02-03-2010 / 21:47 oere - Reagearje? - Nei boppen