www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's & filmkes
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Hoekstra Flowers


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Krimpregio...

By ús achter yn 'e hage sit in swarte lysternêst. Mar ik tink dat mem útnaait is fanwege driigjend kattegefaar as te kâlde nachten. De trije aaikes lizze al sa'n twa wiken te wachtsjen en der is net in fûgel te sjen. Soe fansels ek wêze kinne dat mem yn dizze krimpregio gjin takomst mear sjocht foar har koters.

Wy ha noch kontakt hân mei de Fûgelpits mar dy advisearre ús om de natoer moai syn gong gean te litten. En dêr binne wy it hielendal mei iens...

Pleatst: 30-05-2010 / 13:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Taeke... (2)

Pleatst: 30-05-2010 / 12:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Taeke...

Ik bin eins net sa'n fiskman. Mar sûnt Taeke by de JUMBO yn Dokkum stiet, is de 'fisklust' omheech gien mei stip!

Hjoed moast ik de boadskippen helje. Faaks dogge wy dat mei syn twaen, mar om't Wilma hjoed mei de hynders in militêre oefening hâldt, moast ik it allinne dwaan. Makket my neat út, it wie mar in protsje.

Meastal geane wy nei de C-1000, mar omdat ik allinne wie en omdat Dokkum fêst ticht sit fanwege de Oesterrally, makke ik de kar foar de Jumbo. Dat is tichter by Hantum, dêr is it fergees parkearen en Taeke stiet dêr mei syn fiskkarre. It wie tusken de middei en dan is in lekkerbekje fan Taeke in lekker lunchmiel.

De boadskippen stienen samar yn 'e redbull (ús reade Golf...) dat op nei Taeke. Útnoegjend hie Teake op in pear statafels in kaartsje delset me de tekst: Nu lekkerbekje speciaal! Dat moast ik priuwe fansels. De gewoane lekkerbekjes wienen al geweldich, dit moast dan wol unyk wêze.

Doe't ik Taeke dêr nei frege, hâlde hy in hiel ferhaal. Dat dit sa bysûnder wie, dat der in Karibyske marinade oerhinne kaam en dat it gehiel ôfmakke waard mei hearlike krûden. Taeke syn praat die jo it wetter om 'e tosken rinnen. Ik sei tsjin Taeke dat hy wol fjouwer euro freegje mocht, want sok lekker guod mei bêst wat kostje. Mar Taeke woe de priis stadich omheech dwaan. Net fan de flier op 'e souder. Neffens him moast earst hiel noardeast Fryslân der fan prate ear't hy 12 euro doarde te freegjen.

It koe net oars as dit moast wol in hiel bysûnder fiskje wêze. Hoeden joech Teake my de fisk mei en sei dat de marinade der noch wat ynlûke moast. Dat kaam moai út, ik moast noch nei Hantum ta ride, dat de smaak soe alhiel ta syn rjocht komme. Suver optein mei sa'n mei leafde klearmakke keunstwurkje ried ik nei Hantum en nei't ik de boadskippen yn 'e keuken set hie, makke ik my op foar it feestmiel.

Spitich, alhiel tsjin Taeke syn kwaliteit yn, foel de smaak wat ôf. De fisk wie kâld wurden, smakke wat sompich en de marinade wie lekker, mar dy my tinken oan de currysaus dy't wy yn 'e keukenskast stean ha.

It soe fansels ek wêze kinne dat it net Karibyske marinade wie, mar dat de fisk yn 'e Karibyske see swommen hat, yn 'e BP-oalje. Fandêr ek dy smaak, Taeke wie ek yn 'e oalje. De oare kear sil ik him oanriede om in kaartsje te meitsjen mei de tekst: Lekkerbekjes sûnder BPM. En dan sels mar even útsykje wêr't dy M foar stiet...

Pleatst: 29-05-2010 / 15:16 oere - Reagearje? - Nei boppen


Eltse Pinkstermoandei...

Pleatst: 24-05-2010 / 21:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

DOK(ke)...


Sjoch foar útlis op: Wâldnet en Omrop Fryslân!

Pleatst: 21-05-2010 / 22:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

By de gatten om ôf...

It hat even duorre, mar hjoed koe ik myn nije rydbewiis en nije ID-kaart ophelje. Hurde wurkers kinne freedtejûn te plak. It wie dan ek grôtfol yn it paleis op de daam...

Wat in minsken yn 'e hal! No snap ik ek wêrom dy hal sa grut is! Oars kinne al dy wachtsjende lânslju net ûnder dak en moatte se yn 'e HEMA wachtsje. Guon begûnen ek al wat te nokkerjen. Ien fan de wachtsjenden spruts my oan mei de opmerking: Jo moatte wol geduld ha... Dat wie foar my it teken en nim de tiid op. Kin ik fêst in moai stikje oer skriuwe, sa tocht ik nei it oanhearen fan buormans wee...

Ik hie nûmer A82. De gemeente hat yn yngenieus nûmerkesysteem en fia in keuzemenu kinne jo fan te foaren oanjaan hokfoar loket jo ha moatte. Ik druk altyd mar wat. Boppedat moatte jo ek jo ID-kaart ynskanne litte en soks fyn ik mar ûnsin. As jo gewoan even wachtsje, rôlet der ek in bontsje út en net ien dy't jo dan werom stjoerd.

Ik fernuverje my altyd oer de klantfreonlikens fan 'e gemeente. By de bou ha se der rekken mei hâlden dat it wolris drok wurde kin, want der binne mar leafst 8 baaljes. En as der no ien jûn wie dat dy alle 8 brûkt wurde koenen, dan wie it jûn wol. Mar ja, it is freedtejûn, de amtners wolle ek te winkeljen... Jo kinne dy oare fiif baaljes like goed tichttimmerje, want neffes my wurde se nea brûkt. Prestiizje, sille wy mar rekkenje. Wy ha lekker 8 baaljes en jimme?

Ik hie al in hiel ferhaal yn 'e holle: Wat duorre dit lang, wy stienen wol in heal oere te wachtsjen, wêrom wie der gjin kofje en wêrom holp it frommeske achter de ynfobaalje net, dy siet dêr mar wat te kykjen. Mar o hearken, dêr wie ik al oan bar! Dat gie flot! Myn hiele ferhaal stoartte yn, ik hie neat mear om te krimmenearjen.

Wol stie ik my ôf te freegjen oft ik de âlde dokuminten ek wer meikrije soe. Ik wie fan doel en meitsje dêr wat heibel oer, humor is't net sa?! Mar ek dat waard parearre. It aardige frommeske wie my in slach foar. Wolle jo de âlde ID-kaart ek werom? Ferheard seach ik har oan. Wat krije wy no? Samar oan bar yn in grôtfolle hal en sûnder oantrunen de âlde boel mei werom?

Fan skrik fergeat ik om nei it rydbewiis te freegjen. Mar ek dat waard kreas útlein. Dy moast dêr bliuwe, want oars koenen Afghanen mei myn âlde dokumint yllegaal it lân yn komme. En om har útlis krêft by te setten, sloech se trije gatten yn myn ID-kaart. Net mear jildich! Mei in gerêst hert en mei in bûse fol gatten en nij plastic yn 'e ponge koe ik wer op hûs oan.

Ik moat earlik bekenne, it wie suver in fleurich treffen dêr yn it gemeentehûs. Ik tink dat ik Radar mar belje foar de waarme dûs...

Pleatst: 21-05-2010 / 22:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Learskes...

Doe't ik op in middei thús kaam, seach ik in pear moaie lytse learskes op 'e kokenstafel stean. Ferheard freege ik oan Wilma as dizze foar de beppesizzer ornearre wienen, oars koe ik se net thús bringe.

Wolnee man, soks ha ik ris in kear sjoen en ik tocht dat kin ik sels ek wol. Pak de boarmasine mar even. Ferheard foldie ik dit fersyk en helle de Bosch út it hok. Ûnderwilens helle Wilma de soaltsjes en de fuorring út 'e learskes en dêrnei moast ik mei boar 5 in gat ûnder yn de twa learskes boarje. Kin it wetter derút komme, neffens Wilma.

Even letter stienen de twa lytse learskes tegearre achterhûs. In kreas blomke deryn en lit de simmer no mar komme. No wit ik net at Wilma soks mei echte learskes sjoen hie. It sille wol djoere ierdewurken potsjes west wêze, yn 'e foarm fan in lears. Mar wêrom dreech dwaan as it maklik kin! En miskien ek noch wol goedkeaper...

Pleatst: 17-05-2010 / 22:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

De googeljonge...

Nuver, mar ear't jo it yn 'e gaten ha, sitte jo wer in hiel skoft achter de kompjûter. It is hast in ferlingstik fan jo tinken wurden...

Us famylje mei graach dingen opsykje. Sadree't wy yn in petear wat tsjinkomme wat wy net witte, dan moat it opsocht wurde. It wurdboek, it telefoanboek, de Bibel, alles moatte wy by de hân ha om oan dizze opsykmany foldwaan te kinnen. Twee voor 12 gelyk! It mei dúdlik wêze dat wy thús in Grote Oosthoek ensyklopedy yn 'e kast stean hienen. Hy stiet der noch hieltyd. Te wachtsjen op sykjende fingers. Sûnt ús heit ek oan de PC is, sil Oosthoek wol tichtbliuwe. Boppedat is dizze papieren Google ek net mear sa aktueel.

Fan 'e middei ferdwaalde ik wer yn de wide wrâld fan it ynternet. Soe dat komme fan dy ivige oanstriid ta it opsykjen fan feiten, nijtsjes en ûnbekende saken? Ik beseach allinne mar it ûndersteande filmke en yn youtube stie njonken it finster dêr't it filmke yn ôfspile wurdt in link nei in oar filmke mei Apelsgea yn 'e titel. Dêr gie it hinne...

Fan Apelsgea kaam ik by Omke Wopke, doe by de begrafenis van Manke Nelis fia Wikipedia en Cornelis Pieters by Sjef van Oekel en doe fan Dan Fogelberg nei the Eagles. En alles wie like nijsgjirrich. Nea witten dat it Nelis syn rjochter foet wie en dat hy dy ferlern wie by in motorûngelok.

Samar ynienen siet ik yn in Excel spreadsheet dat ik makke hie. Want dat skeat my wer yn 't sin doe't ik nei de toerkalinder fan the Eagles siet te sjen. Ik soe ommers ek noch in selferwizing meitsje? Moast rekkenje dat dat slagje woe. En dan komt pas echt de drive om saken te witten te kommen nei boppen.

Alles ôfsocht, mar ik koe it net fine. Wol fan alles lêzen, útprobearre en mar wer googelje. Mar it woe net! Wat wie it gefal? De útkomst fan in rekkensom wie negatyf. Dy negative útkomst moast wer brûkt wurde yn in oare sel. Ferwizing meitsje, maklik dochs?! Mar de sel bleau leech. En it aparte wie, as ik in ferwizing makke nei in sel mei in positive útkomst, dan waard dat getal sa oernaam. Ik wit och net hoe't dat kin? Frustrearjend.

En foardat ik it yn 'e gaten hie, wie't al wer oardel oere letter. Dat bedoel ik no: in ferlingstik fan jo tinken, sa giet it no altyd. Jo begjinne mei in ienfâldich kompjûterputsje. De e-mail lêze bygelyks. Mar fan it iene komt it oare, de gedachten nimme in frije loop, je sykje fan alles op, komme in protte te witten mar by eintsjebeslút binne jo it paad bjuster en ferdwale jo yn net wurkjende Excelformules.

Ik hie dochs better de blikke meane kinnen...

Oh kleine jodeljongen
Jij heb voor mij gezongen
En jou liedje was mij in gedachten
En de bergen met hun wond're nachten

Pleatst: 16-05-2010 / 00:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Oh wat een lekker dagie...'

Pleatst: 14-05-2010 / 23:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foor 11...

Op oanrieden fan in âld kollega moast ik ris nei in foarstelling fan de Nieuwe Snaar. Dat wie unyk en nea fertoand! Ek makke hy my der op attint dat dizze teatergroep op 11 maaie yn Frentsjer komme soe.

Al betiid yn it jier hienen wy kaarten reservearre foar dizze jûn, wy sieten dan ek moai foaroan yn teater de Koornbeurs. Dit teater is eins wol ien fan ús favoriten. It is smûk, gesellich en de minsken prate gewoan Frysk, neat gjin kâlde kak. Jo kinne betelje sûnder plastik munten en nei ôfrin krije jo ek noch fergees in hapke oanbean. Wat dat oanbelanget soenen jo nea wer nei, litte wy sizze, de Harmonie ta gean...

De Nieuwe Snaar is in teatergroep út België. Se bringe op ûnneifolgbere wize muzykteater fan in heech nivo. De fjouwer musikanten spylje op alles wat los en fêst sit, sjonge sa út 'e losse pols hiele moaie mearstemmige lieten en wikselje dit ôf mei healwize stunten, sketskes en absurde humor. Wy hienen soks noch nea sjoen. Wat in foarstelling!

Myn âld kollega mei wol faker mei soksoarte fan oanrekommandaasjes komme. Spitich dat wy elkoar net mear sa faak treffe...
Klik hjir foar in pear sfearfoto's. Net sels makke, mar fûn op Flickr...

De Nieuwe Snaar raakt een nieuwe snaar. En dat levert minstens zo veel poëzie op. De heren zijn persoonlijker dan ooit, confronteren, verrassen en ontroeren. En vergeten daarbij niet hun publiek te vermaken met keiharde humor. Het blijft tenslotte kermis. "Van verstilde emotie tot vrolijke chaos," vatte de Vlaamse pers het samen...

Pleatst: 13-05-2010 / 15:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Anjumfoto...

Mei tank oan Lieuwe Greidanus. Klik op de folgjende link om mear foto's te besjen: www.anjumfoto.nl

Oer de grutte dobbe stekke...

Pleatst: 10-05-2010 / 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

It mes op tafel...

Ien kear yn de safolle jier klaverjasse wy meielkoar. Froeger wie dat hast elke moanne, mar sûnt wy mei Klun & Knoffelhakke sa faak op 'n paad binne, is dat klaverjassen in seldsumheid wurden...

Justerjûn wie it wer ris safier. Wy op nei Dokkum, ree foar in fûle striid. It skrift wêr't wy de stân yn byhâlde wie al net mear te finen, kinne jimme neigean hoe lang it lyn is. Yn dat skrift stiet ek altyd wa't mei wa spylje moat. Mar ek dêr koenen wy dus net achter komme. Dan mar twa partoeren fan in sa sterk mooglike gearstalling.

Mar it lok wie dizze jûn mar by ien pear. Se feegden dan ek de flier oan mei de twa oaren. It gie der om wei. De sipeltsjes fleagen oer de tafel en op 't lêst ek al in mes derby.

Mar dat mes ha wy allinne mar brûkt om de crackers te smarren... Lokkich koenen de oaren goed tsjin harren ferlies. Mar de folgjende jûn sil wol wer in skoft duorje. Net dat wy in protte yn it wykein optreden moatte de kommende moannen, mar de ferliezers ha wol in jier wurk om oer dizze grutte klap hinne te kommen...

Pleatst: 09-05-2010 / 14:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Papier wol brâne...

Wat hat in minske eins ek in papierebrut! Hjoed ha ik de boekhâlding bywurke en dan komme jo derefter dat ynstânsjes jo graach mei papieren bestoke meie. Folderke dit, slúfke dat, machtigingsformulierke, wizigingskaart want de namme, it logo en it banknûmer binne wer ris feroare. Man, jo wurde der raar fan!

Hawar, wy binne der wer trochhinne en alles sit wer kreas yn 'e mappen. En yn de âld papier doaze. Want dêr kinne jo ek net mear sûnder. Goed foar de tsjerke, hoewol dat ek hieltyd minder opsmyt. Soenje net sizze, mei sa'n bulte ferskuorde papieren en lege sluven.

De brânwacht makke it wol hiel bûnt! Fia de e-mail krige ik, as foarsitter fan ús doarpshûs, fan ús skriuwster de formulieren Brandveilig Gebruik Bouwerken. In pakket fan sa'n 13 siden foar de oanfraach Gebruiksvergunning of gebruiksmelding.

Ik besparje jimme de details, mar it hat mei de brânfeiligens te krijen. Wy sille de boel ris trochlêze en as meikoarten it doarpshûs tichtspikere wurdt, dan witte jimme dat de 13 siden dêr de oarsaak fan binne...

Pleatst: 07-05-2010 / 19:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

5 Maaie...

Pleatst: 05-05-2010 / 13:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

WikipedY...

Wa't Kees is, wit ik net krekt mar it is wol hiel aardich dat hy in stikje oer ús makke hat yn de Fryske fersy fan Wikipedia. Klik hjir om dat stikje te lêzen.

Dei Klún en Knoffelhakke,
Niis is in stikje oer jimme oanmakke op de Fryske Wikipedy. Hjiryn stiet ek in ferwizing nei jimme webside. No soe ik der graach in foto by sette wolle, mar bin fansels bûn oan byldrjochten. Soenen jimme in foto tastjoere kinne om der by te setten? Dan sil ik dy der wol by sette, al stiet it jim frij om soks sels te dwaan. Mocht der ynfo yn it artikel stean dy't better kin, dan ek graach efkes berjocht.
Groetnis, Kees Swart

Pleatst: 04-05-2010 / 09:40 oere - Reagearje? - Nei boppen