Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

De kotsekspres...

Hjoed op skoallereiske west. En ik moast tinke oan de tiid dat ús bern noch in lytse poppe wienen. Nuvere gedachten net?! Dat komt omdat lytse poppen wolris oerjaan moatte at se de fles hân ha. Dan gjalpte der ek wolris wat tefolle út. En dan hurd nei de keuken om in doekje. En steefêst seinen wy dan: de kotsekspres!

Hjoed kaam de kotsekspres ek wit hoe faak yn aksje. De bern fûnen de Wave, as de Golf, prachtich en guon ha der wol tsien kear yn sitten. Mar de jongeman fan Duinenzathe hie it der mar drok mei. Guon bern koenen der net oer en moasten spuie yn dat nuvere, draaiende en wibeljende ding. Bern seinen al: Meester moet er ook in! Mei sa'n mislik foarútsjoch wegere ik perfoast. Foar gjin jild...

En as der dan wer wer ien spuid hie, sette hy dat grutte ding stil, rûn mei in ammerke nei de feart njonken de Wave en spielde mei in grutte PLATS de boel wer skjin. Ik siet der moai nei te sjen. Op in rêstich bankje njonken dizze healwize attraksje.

Doe't de ammerkeman my sitten seach sei hy berêstend: Het is ook altijd hetzelfde na de middagmaaltijd... Ik moast ek wol gnize en sei tsjin him: Komt dat nou van de attractie of van jullie patat...

Sjoch foar mear skoallereiskefoto's op de webside fan ús skoalle...

Pleatst: 21-06-2010 / 22:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

De earste...

It is gebrûklik yn ús doarp (en ek yn oare...) dat as jo in keatspartij winne, dat jo dan in krânse omhongen krije. Ik keats al jierren net mear en yn de tiid dat ik al meidie oan keatspartijen ha ik nea in krânse wûn.

Ik wie dan ek tige ferheard dat ik fan 'e moarn in krânse oan ús gevel hingjen seach. Wa hie dy wûn? De jongens binne de hûs al út en Wilma hat noch nea ik keatsbal slein. En leau my, guon hingje net foar de aardichheid in krânse oan de gevel fan in oar. Dêr is de eare te grut foar: hoe mear krânsen oan 'e goatte hoe grutter jo namme yn it keatsfermidden.

Ik koe it riedsel net oplosse. Mar oan 'e oare kant is it ek wol aardich. De earste krânse winne yn jo libben en der dan ek noch neat foar hoege te dwaan. It oansjen sil fêst grutter wurde hjir yn ús lytse doarp. Moast ris sjen, hy hat foar master opslein! En dat yn dy âldens...

Pleatst: 19-06-2010 / 16:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

MacGyver...

Soms komme jo aardige tips tsjin op it ynternet. By it sykjen nei it type oalje foar ús auto, kaam ik earne op in forum telâne. Faaks ûnderskriuwe leden in berjocht mei in persoanlike tekst en/as foto. Sa ek by it berjocht dat antwurd joech op myn fraach.

It die my tinken oan MacGyver, dy koe ek alles oplosse mei gewoane hús-tún en keuken saken. En de bus die my wer tinken oan it A-team. Ek swart...

Pleatst: 13-06-2010 / 16:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sure we can...

Wat wie it libben froeger maklik. Jo fregen wat en it barde. Neat gjin protokols en nuvere rigels, folle nofliker...

Foar ús doarpsblêd bestelle wy altyd papier út Drachten. Meast 45 pakken tagelyk, mear pasje der net yn ús kast. Wy ha al jierren deselde leveransier, dat foldocht goed. Se witte ús winsken en faaks is de bestelling mei twa dagen binnen.

Eins ha wy ek neat te kleien oer dit bedriuw. Der giet wolris wat mis, mar dan wurdt it altyd kreas oplost. Nee, dêr krimmenearje wy net oer, it binne meast de besteltsjinsten dy't swierrichheden jouwe. Yn 'e begjinjierren wie it altyd transportbedriuw Bulstra fan Drachten. En ek hast altyd deselde sjauffeur. Wie hienen op 't lêst al in bân en hy wist ek krekt wêr't hy it papier delsette moast as wy net thús wienen. Noflik soks.

Mar de lêste pear jier binne it iderkear oaren. En dy snappe neat fan it libben yn in lytse mienskip. Wy sette altyd by de bestelling dat se it papier dêr en dêr delsette kinne as der net ien thús is. Mar guon snappe dat net. Nimme it papier mei werom, goaie briefkes troch de brievebus, bringe it ferkearde papier, wy ha ris in kear twa kear safolle krigen en kinne Hantum net fine. Jo wurde der raar fan!

Fan 'e wike wie it wer raak. TNT kaam mei it papier. Net thús fansels, wy moatte al oan 'e kost komme. Briefke troch de bus, hy soe moarn wer komme. Hy soe wer foar neat oanbelje, wy wisten dat no al, want it wie wer ús wurkdei. De oare deis mar leafst fjouwer briefkes troch de bus. Wy koenen it no út Ternaard helje, by it TNT servicepunt wei. Wilma spatte fuort op. Wat in gekoanstekkerij, wêrom fjouwer briefkes, koe dat net op ien?

It TNT servicepunt yn Ternaard is ûnderbrocht yn de pleatslike supermerk. Ik hie al wat begrutsjen mei harren, want 45 pakken papier is wat oars as in slúf mei in bankpas. De eigner wie mar wat bliid dat hy my seach. It stie der al fanôf woansdei en hy woe it wol slite.

Ik moast wol laitsje, want njonken de baly stie in grutte kartonnen toer fan papierdoazen. Man, ik mei wol útwreidzje mei sokke bestellingen fan jo... Lokkich lake hy derby en hy ferfolge syn gnoarjen mei: Ik doar it hast net te freegjen, mar ha jo ek in paske dêr't ik in nûmer fan ôfhelje kin?! Dat ek noch, ik moast my foar it papier identifisearje. En ik moast tekenje. Moat ik no op alle papierkes tekenje? frege ik de freonlike sparman. Dat hoegde noch krekt net, mar de doazen moasten wol ien foar ien lâns de skenner. Om it ôf te melden. De sparman sei dat de besoarger sein hie dat hy it dêr en dêr delsette mocht, mar ja, protokol is protokol en hy moast syn wurk ek dwaan.

It die my tinken oan myn tsjinsttiid. Doe moast ik ris in bestelling ûnderdielen ophelje foar ús kompanjonsgaraazje. Alle ûnderdielen leinen útstald doe't ik op it servicepunt oankaam. En ik moast foar alle ûnderdielen apart tekenje. Ik ha leau 'k sa'n 55 hantekeningen set. Mar no begryp ik it pas! It leger wie syn tiid fier foarút!

De sparman en ik knoffelden de doazen yn 'e bus en mei tank foar it bewarjen naam ik ôfskie. No kinne jo je fergunning mar oanfreegje, sa groete ik him. Oanfreegje? stammere hy. Ja, foar de útwreiding! lake ik en it sette ôf nei Hantum. It papier nei it doarpshûs brocht en wer in moarntiid om yn it libben fol mei rigels, paskes, skenners, chips, protokols en foarskriften.

Ik soe sizze: set it mar yn it hok...

Pleatst: 11-06-2010 / 17:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alde Feanen...

Ôfrûne tiisdei binne wy mei de bern fan ús klasse nei it Nasjonaal Park de Alde Feanen west. In prachtich gebied! De bern mochten mei skepnetsjes yn it wetter omgrieme en dan mei help fan in opsikerskaart sjen hokfoar gribelguod der yn it wetter libbet.

Earst tocht ik dat de bern dat samar besjoen hienen en nei in kertier harren nocht al ha soenen. Mar dat foel hiel bot ta! Se fûnen it prachtich. Snoeken, bloedsûgers en boatsmantsjes, alles waard der út it wetter opfiske.

As it no ek wier wie dat alle nammen kloppen, dat litte wy mar wat yn 'e midden. In snoek opfiskje mei in hiel lyts skepnetjse... Ik ha mar wakker beard en sein dat dat dan wol in hiele lytse snoek wie. It makke de wille der net minder om. In hiele moaie middei yn in unyk gebied. In oanrieder!

Ûndersteande foto is makke doe't ien fan 'e bern set te bekommen op in brechje. Klik hjir foar in fergrutting en klik hjir foar mear foto's fan dit bysûndere útstapke.

Pleatst: 11-06-2010 / 13:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Simmersnie... (2)

It hie ús wol wat yn 'e besnijing: de sniebeam. Hokfoar beam wie dat no krekt? Neffens buorman wie it in sulverwylch, mar nei googlejen op it ynternet kaam ik net in wylch mei sokke blêden tsjin.

En dan wolle jo it witte. (De googlejonge, witte jimme noch?!) Dat krekt salang sykje dat jo it fûn ha. It is slagge en neffens de gelearden is de sniebeam in popelier, alteast famylje dêrfan. Om krekt te wêzen in witte abeel in Populus Alba as yn it Frysk in abeeljebeam as sulverling. Siet buorman der net sa fier njonken mei syn sulverwylch...

Pleatst: 06-06-2010 / 19:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nederlân kleurt oranje...

En ús tún ek..

Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 04-06-2010 / 13:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Simmersnie...

By buorman stiet in aparte beam yn 'e tún. Hy hat de namme al ris ein, mar ik kin dy namme net echt ûnthâlde. In sulverwylch as sokssawat. As in Kanadeeske bjirk. De beam groeit omraak en rint o sa út. Hjir en dêr komme ûnder de hage as midden yn it gers nije tûkjes omheech. Fansels is it net de bedoeling dat der oeral sulveren wylgen komme, dat ik bin omraak dwaande mei it koarthâlden fan dizze seldsumheid.

As Gaasterlanner ha 'k neat op beamen tsjin, mar de lêste wiken wurdt myn beameleafde wol op 'e proef steld. De beam is wakker yn 'e bloei en lit wolken flokken dwarrelje. As miskien hjitte it ek wol gjin flokken, it liket ek wol wat op katoen. Yn elts gefal leit ús tún der fol mei. It is krekt as hat it snijd.

It aardige is, dat de katoenpluzen troch de wyn gearklonterje en grutte snieballen foarmje. In nuver gesicht no't it moai waar begjint te wurden...
Klik hjir foar wat mear foto's.

Pleatst: 02-06-2010 / 23:11 oere - Reagearje? - Nei boppen