Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Rinkjeride...

En dan noch mar in foto. Makke troch Pyt út Tytsjerk. Wilma die mei oan it rinkjeriden. Want it wie doarpsfeest yn Tytsjerk. Foar dizze gelegenheid hienen de froulju in oare stekster frege. De pleatslike favoryt om samar te sizzen...

It waard in grut sukses! Wy doarre it tal punten hjir net del te skriuwen. Dat soe ek sa sneu wêze foar al dyjingen dy't fier achter harren eindige binne...

Pleatst: 29-06-2009 / 23:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

En wêr soe dit no wêze...?

Wat is it dêr dochs moai! Sa stadichoan aardich bekend yn 'e famylje. Gesellich en wer hearlik iten. Yn it fotoalbum, te iepenjen mei de koade, mear foto's fan dizze prachtige famyljedei.

Pleatst: 29-06-2009 / 23:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Delfsyl...

Wer in echte Rûm Sopmiddei! Mei ús koar meidwaan oan it shantyfestival yn Delfsyl. Wol in hiel ein fuort, mar wol hiel gesellich en skitterend ferkessjongerswaar...

Op 'e foto ús foarsitter yn aksje tidens de 'finale'.

Pleatst: 29-06-2009 / 23:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wy geane op skoallekamp...

Wilma is trije dagen op skoallekamp west. Fansels in protte foto's. Meikoarten komme de foto's ek op de webside fan de fjouwerHoeke, mar troch op ûndersteande link te klikken fêst in foarpriuwke (it bliuwt in moai wurd...)
Foto's skoallekamp de fjouwerHoeke.

Pleatst: 20-06-2009 / 20:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hallo...?

It like my wol aardich dat de link fan ús kabaretside op de Fryske side hallofryslan.nl pleatst wurde soe. Dat de dryste skoun oan en maile. Ik krige wol aardich berjochtsje werom:

Bêste Hendrik,
Ik haw dien linkje pleatst bij kultuer, mar miskien fiist it ek wol leuk om sa no en dan in stikje foar ús site te skriuwen, want do skriuwst fin ik wol alleraardichst, sa se dat dan in it Frysk sa moai siise kinne. Ik skriuw dei hjoed foar it earst fia de spellingscontrole op ús site en it mat wenne, mar it is hiel maklik. Der sille noch genôch fouten yn sitte, mar dit is wat ik sa graach woe. Minsken yn it fries skriuwe. Okee dien linkje stiet dus no bij ús der op , no soe it wol hiel aardich wêze, en set op dien side dan ús linkje.
Freonlike groetnissen.

Moai net?! En dan ek noch in fersyk om sa no en dan foar harren te skriuwen. No fyn ik dat fansels wol in hiele ear, mar it sil wol dreech wêze om dat fol te hâlden. Hichtepunten ha'k ek al fan de skriuwlist skrapt en om dan wer mei wat oars te begjinnen...

Hawar, wy sjogge wol. De link sjogge jimme yn elts gefal hjirnjonken stean, wat dat oanbelanget binne wy beide wer tefreden.
Hoewol... It fersyk wie om Klún & Knoffelhakke as link op te nimmen en no is it dizze side wurden. Hoe soenen se dat no te witten kaam wêze?

Oh ja...

Der sit in hiele moaie Fryske staveringshifker op de side fan hallofryslan. O sa maklik, hoege wy ek net elke kear it wurdboek wer iepen te slaan...

Pleatst: 20-06-2009 / 20:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oeral gelyk...

As jo wike oan wike op doarpsfeesten opdrave moatte, komme jo der achter dat de doarpsfeesten oeral gelyk binne. Oeral fleurige minsken, yn deselde T-shirts klaaide feestkommisjeleden en oeral rikkerige feesttinten mei in protte bier, dûnsjende doarpsbewenners en Butterfly...

Wy komme hast alle kearen de feestband Butterfly tsjin, wy ha sa njonkenlytsen in echte bân, neame elkoar by de foarnamme en wuive wakker as wy wer fuort gean. Want dat is dan wol wer in foardiel, as wy klear binne, moatte de Flinters begjinne...

Juster waarden wy opkeard yn Jistrum, wy koenen der net lâns, want der wie rinkjeriden. De kommisje hie alles ôfsetten en wy moasten in hiel ein omride. Wy moasten oer Koatstertille. Wy seinen al tsjin de T-shirtman dat wy dan samar wat letter begjinne koenen. Dat makke gjin yndruk, wy mochten der net lâns want feilichheid giet foar alles, sa sei de opkearder.

It foel ta, it wie mar in lyts eintsje om en moai op 'e tiid koenen wy it poadium yn de sportseal ynrjochtsje en opbouwe. It waard in moaie foarstelling en de minsken wienen wakker tefreden. En as de minsken dat binne, dan binne wy it ek!

Pleatst: 20-06-2009 / 19:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

In bealch fol wurk...

Dat hearde ik fan 'e wike...

Nei oanlieding fan de diskusje as by de Europeeske ferkiezingen de stimhokjes yn ús doarpshûs no wol as net omkeard stienen... Ien fan ús doarpsgenoaten wist hoe't dizze logistike operaasje ynelkoar siet.

De gemeente kaam lâns om de stimboel te bringen. De twa hurde wurkers hienen it smoardrok en hienen it net oan tiid om de sleutel fan ús doarpshûs oan te heljen. Mar op lokaasje oankaam, dienen se it harren mar oan tiid en harseskrabben wakker oer it plak fan de stimhokjes. Se woenen it earst mar foar de doar sette. In moai plak neffes harren. Dat de betsjinning en de frijwilligers der dan net mear troch koenen en dan mar bûtenom moasten, hawar, jo moasten dochs wat oer ha foar Europa.

Nei lang hinne en wer skowen en pielen stie de boel te plak en makken se harren op foar it folgjende doarp. Mar bot haast hienen de mannen net. Want doe't ús doarpsgenoat de boel wer ôfslute soe, hienen se wol even tiid foar in praatsje want neffes ien fan harren 'Lizze wy moai foar op skema...' En dan gjin tiid ha om de sleutel op te heljen...

Mar it moaiste komt noch!

Amper in oere letter. Wer twa man fan de gemeente. Wer gjin tiid foar de sleutel, want se hienen it smoardrok, jo kinne dat wol... Dizze twa man moasten kontrolearje as alles wol goed stie! Sjen oft de hokjes op in ARBO-ferantwurd plak stiene en dat se foaral ek sa opsteld stiene dat der net fraudeard wurde koe. Ek moasten se kontrolearje as de pylken wol de goeie kant út wiisden. (Witte jimme wol? Oan 'e dyk stiet in boerd mei in pylk Stembureau.) En se moasten kontrolearje as de reade poatleaden wol oan 'e tried sieten en as sy it wol dienen.

Ik leau dat ik my op in feestje stil hâlde soe at se my fregen wat ik die foar wurk. As ik soe soksawat sizze as: Arrowmanager by it Logistike buro ta stipe fan it Europeesk Parlemint...

In bealch fol wurk, sei Sjouke en hy woe de snipperdagen opmeitsje yn syn proeftiid...

Pleatst: 13-06-2009 / 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boerd...

Wy sitte folop yn 'e doarpsfeesten. It aardige is, dat de feesten net safier fuort binne. Ferline wike yn Ternaard en ôfrûne tongersdei yn Mitselwier. It wienen geweldige optredens mei folle feesttinten. Foaral yn Ternaard hienen se hast in tekoart oan stuollen...

It bliuwt in fak apart: optreden yn feesttinten. Mar dêr hienen wy it yn it ferline ek al ris oer hân. Litte wy it sa sizze: it is mar goed dat wy it stik al hiel faak spile ha en dat de tekst der goed yn sit.

Mitselwier hie wol op in hiele moaie wize reklame makke foar ús optreden. Soks dogge se wol faker. Dan stiet der bygelyks in moai boerd oan 'e dyk. It boerd fan Mitselwier wie wol hiel opfallend, jo seagen it fan fierren al stean... Ek de tekst wie ek hiel profesjoneel. Ik tocht dat it in kreative opdracht wie foar de skoallebern. Hoewol... Wy moatte net eamelje. It stie der dan dochs mar!

Pleatst: 13-06-2009 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wille en fertier...

Dat wie in kreative wike! (As wykein soe'k ek sizze kinne...) Us gelegenheidskoar bestie 10 jier en dat moast fierd wurde fansels! No is it al wat nuver, in gelegenheidskoar dat 10 jier bestiet... Dan is it gjin gelegenheid mear soene jo sizze kinne.

Wy soenen it ek sa útlizze kinne: ús koar siket altyd wol wer in gelegenheid om in pear noflike oerkes te hawwen. En yn dat ramt passet sa'n jubileumjûn fansels prachtich! Wy koenen hast net wachtsje, dêrom ek al mei tsien jier. Nedich ta oan in feestje!

It wie in noflike jûn, mei in protte Rûm Soppers, sa as wy ús leden neame. Lekker iten, besteklik praat in moaie revu en gesellige muzyk mei it sjongduo We Want Moor. Op de webside fan ús koar www.rumsop.nl is mear te lêzen en te sjen fan dizze bysûndere jubileumjûn.

Pleatst: 07-06-2009 / 19:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

8 x achtbaan...

Moat ik jimme noch útlizze hoe't it giet mei in skoallereiske? Fansels net, tink mar oan froeger en jimme witte presys wat der allegearre foar leuks bart op sa'n dei!

No fuort dan mar...

By Hurdagaryp de earste pûden út 'e tas. (Wy rekkenje fanôf Tytsjerk fansels...) Mislik by Burgum. 'Wij zijn er bijna' sjonge by de stjoermêst fan Smilde. De tassen oan 'e kant goaie en op nei de draaimûne. Ik hoech gjin patat. (Te begripen nei 5 pûn snobbersguod...) Hat master myn jas ek sjoen? De munten kwyt foar in soerstôk. Op bleate fuotten troch de boarterstún en de fuotten sa swart as de nacht. En foaral ek: Wil meester met me in de achtbaan? No bin ik der net echt in leafhawwer fan, mar fuort mar. Dizze achtbaan gie noch krekt...

Mar wat ha wy in skitterende dei hân. Allegearre in goed sin, lekker rêstich yn de boartersstêd en wy ha hielendal gjin lêst hân fan it moaie waar... En fansels ek it petsje ôf foar de sjauffeur dy't ús allegearre wer feilich thúsbrocht hat!

Mear foto's op www.itlemieren.nl

Pleatst: 02-06-2009 / 21:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gesellich...

Wy hienen it der fan 'e moarn oer: hoe lang dogge wy dit no al? De alvestêdefytsers tasjonge hjir by ús yn Hantum? Wie dienen it al doe 't wy noch de Skûmkoppen wienen en dat wie foar 2003... It sil dus sa'n 8 jier wêze. Mar elke Pinkstermoandei is it wer gesellich! In protte doarpsgenoaten en minsken dy't oeral weikomme om de alvestêdesfear boppe op de terp mei te meitsjen.

Fan 'e moarn moasten wy om likernôch 8 oere presint wêze. Lokkich slagge dat de measten fan ús. Dan rêstich oan begjinne mei in kop kofje en dan om healwei njoggenen de earste fytsers tasjonge. Mar wy waarden fan 'e moarn wol tige kjel doe't ien fan ús leden mei in mânske sinnebril op tusken ús yn sitten gie! Wêr kinne jo soks keapje?!

En dan komt it wiere wêzen fan de Rûm Soppers nei boppen. Wa makket de moaiste opmerking?! Wy wienen slop want de iene wie noch skerper as de oare. Jaja, de Rûm Soppers hienen der sin yn! Wy dogge in koarte karlêzing...

Bist bang dat se dy herkenne?
Hy is ynkognito, bang foar de filmopnamen...
It koe Robocop wol wêze...
Aanst fâldt hy him yn en rydt hy der op nei hûs...
Se tinke dat der yn bline tusken ús yn stiet te sjongen...
Wy meije de sjongboeken wol yn braille meitsje!
Dy hat er fergees krigen, oars soe hy him noait op dwaan...

En der sille fêst mear makke wêze, want lit dat mar oan ús oer. Jimme begripe dat wy de fleur der al betiid yn hienen.

Ek aardich betiid kamen Elbrich en Wietze troch Hantum riden. As freonen hienen se ôfpraat dat se tegearre, op 'e tandem, lâns de alve stêden soenen. Lokkich stienen wy te sjongen, want ek dat wie ôfpraat. As wy troch Hantum komme, moatte jimme al sjonge fansels... Neffes Elbrich en Wietze gie it bêst en hienen se noch nearne lêst fan. Mar ja, jo binne dan ek noch net iens healwei. Nei't alle fans harren moed ynsprutsen hienen, gienen se wer fierder. Op nei Boalsert, op nei de medalje!

Klik hjir foar mear foto's fan it duo...

Pleatst: 01-06-2009 / 18:34 oere - Reagearje? - Nei boppen