Doarpsfeest…(slot)



Feike Ytsma docht ferslach fan it Jeu de Boules spektakel…



Pleatst: 22-07-2022 - 14:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eat oer de kop sjen…


Buorman hat al in hiel skoft de flagge oer de kop te hingjen. As âld bouboer stipet hy de boeren. Grut gelyk! De boeren wurde, sa as it no stiet, mar hurd oanpakt. Wylst at sy alle war dogge om goed en ferantwurde te buorkjen.


Dêr giet it my net om…


Mar wêrom ús flagge foar alderhande protesten brûke? By hast alle protestmanifestaasjes sjoch ik ús flaggen wapperjen, al as net oer de kop. En elke kear tink ik wer: dat is net myn flagge. No ja, fansels is it wol myn flagge, mar ik stypje dat protest net! Mei it meitôgjen fan ús flaggen eigenje de protestdielnimmers harren dit doek ta as in soarte fan skaaimerk foar it protest.


Us nasjonale trijekleur is foar alle Nederlanders at je no foar as tsjin it protest binne. Ik fyn dat je dizze flagge dan ek mei respekt behannelje moatte. Wy helje him bygelyks foar de nacht binnen. Mar nee hjer, by guon wappert hy dei en nacht troch! Prima dat der protestearre wurdt mei flaggen, mar lit dan in flagge meitsje, skilderje in spandoek as kalkje leuzen op in stik karton en (mis)brûk ús trijekleur net!


DVC is flakby!


De Friezen kinne der ek wat fan. Blokkearfriezen? Koronaprotesten? Lânslju op ‘e dyk om te demonstrearjen tsjin fan alles en noch wat? Us pompeblêddoek wappert dan wer rûnom. Oeral wer de Fryske flagge. Jo krije der as Fries suver in minne namme troch. En in unheimisch gefoel… Krekt as soene alle Friezen dizze protesten stypje. Nee dus…

As wolle jimme sjen litte dat jimme út Fryslan komme? Prima, mar dan is in lyts trijekantich flachje op de rêchpûde ek wol genôch.


En dêrom dogge wy it oars. Beskieden, mar wol solidêr…







Pleatst: 18-07-2022 - 16:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Paradys…



Plons, splets… In opspringende fisk út ‘e Hantumerfeart. Kreakjende skuon. Fluitsjende fûgels rûnom de pleats op de Lytse Lea. Sjongende lysters yn de beammen by de Stoepa. En fiters dy’t tikje tsjin de kuierskuon.


Wylst ik oars it gloaiende betonpaadsje tusken de Lytse Leasterdyk en de Stoepa yn in pear minuten oer bin, ha ik der no wol in kertier oer dien. Stilstean om te lústerjen nei de lûden om my hinne…

(En dan ha ik de markol dy’t om syn jongen rôp noch net iens neamd. Ieieie-ieieie..)

Kinne jimme dat? It tikje fan in statige Fryske klok yn de wenkeamer? Dat de besite dan seit: wurde jimme net gek fan dy klok? Nee hjer, wy heare him net mear. Ja allinne as hy stil stiet, dan misse jo it tikjen…


Stil stean en dan dochs de lûden heare?


Tsja, dat krije jo mei nije hearapparaten. Paradise hjit it model. Foarsjoen fan de nijste technyk!


Eins is it by my it tsjinoerstelde as by de klok: De lytse lûden wer heare as jo stil stean. Dan witte jo wer wat je allegearre misse as jo gehoarskea hawwe.

Moai... yn it paradys oan de Hantumerfeart mei de Paradise. No mar hoopje dat de slang net lâns komt.


Hoewol. Ik seach de foarige simmer in skyldpod yn de feart swimmen. Ek in reptyl…*


Harkje mei sân pear earen…



*) En dat is wier! Stadich swom dy skyldpod rjochting Dokkum. Fêst yn it wetter goaid troch in wanhopige húshâlding. Wêr moatte wy mei Stoffel hinne sa flak foar ús fakânsje?


Pleatst: 12-07-2022 - 23:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…(3)


Túnfersiering

Pleatst: 07-07-2022 - 13:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…(2)


En net op alle slakken sâlt lizze…


Gong is alles, sei de slak en hy smiet de klompen út…

Dêr brânt no ljocht lâns it feestpaad, dat wy kinne no oerstekke. Fuort fan al dat lawaai en fuort fan al dy âljende feestgongers…


En mei harren eigen slakkegong waard de grutte tocht ûndernaam. Spitich, in protte slakken hellen de oare kant net en waarden ferplettere ûnder it feestgeweld fan fleurich fytsende as rinnende doarpsgenoaten.


Foarstel foar it doarpsbelang. Wy neame it paadsje tusken it Pastorylân en it parkearplak fan it sportfjild tenei it Slakkepaad...

Hawar, soks sjit jo dan yn’t sin at jo tidens de feestdagen sa faak oer dit paadsje kuierje.


It feest begûn mei in moai optreden fan ús teaterduo. Prachtich dat de feestkommisje ús útnoege hie. It wie lang lyn dat wy in optreden hân ha yn ús eigen doarp. Guon doarpsgenoaten tochten dat it dan ek fuort it lêste optreden wêze soe. Want ûnder it twadde bedriuw waard it needwaar mei in protte rein en ûnwaar. Wy waarden dan ek regelmjittich troch de bliksem op de foto set. Mar yn it fjoer fan it spul ha jo dat net yn ‘e gaten.


Dêrom soe ien fan de feestkommisje nei foaren stappe om my te warskôgjen. Under it spul hie ik de metalen tintepeal fêstpakt om dêrmei oan te jaan dat jo je goed beethâlde moatte as jo yn in trein stean moatte.

Troch al dat bliksemgeweld seach it kommisjelid foar har hoe’t de bliksem op de izeren tintepeallen ynslaan soe.  En siet se der oer yn noed dat dizze man tenei sûnder syn lêste protsje hier en mei in swart gesicht troch it libben gean moatte soe.


De folgjende dei waard my, by de rûngong by de fersierde weinen del, frege om myn huodsje op te tillen. Kontrôle?! Wie it hier echt net fuort wjerljochte? As soe it sa wêze dat de doarpsgenoaten kontrolearje woene at it hier echt werom kaam wie nei de massaazje fan de Rappe Kapper.


It wie gesellich drok by ús op ’e buert. Al dy fersierde weinen, al dy minsken. En sa moai ticht by! Je koene sa gau nei it húske, as dat nedich wêze mocht…


Ik ha my al steurd oan al dat lawaai en gebonk fan de ferskaten weinen. Wy moatte der neffens my al wat om tinke dat it net in soarte fan Gay Pride wurdt. In bûnte optocht fan allinne mar leven, lawaai, gebonk en gehos fan lallende lânslju. TINK OM JIMME EAREN! En ik mei wol sizze dat ik rjocht fan praten ha.


Apart om te sjen dat in protte bern en feestfierende jongeren eardopkes as hearbeskermers yn as op hiene. Moai fansels.

Mar hé! De muzyk kin ek út! As mear as de helte sachter! Wol om jo eigen earen tinke en net om dy fan de besikers? Hoe neame se soks ek al wer…

Ik langje nei de tiid dat der mar ien auto wie mei in lûdsynstallaasje. En dy ried foarop. Mei guon fan de feestkommisje achter it stjoer.


Och, dy dôve skoalmaster wurdt ek âlder...


Kloppet! En dat is moai! Alder wurde, bedoel ik dan. Ik genietsje der folop fan en ik skamje my der perfoarst net foar. Foardiel is ek dat jo net mear oan alle programma-ûnderdielen mei hoege te dwaan. Lokkich waard der goed om de âldere doarpsgenoaten tocht. Der wiene genôch aktiviteiten dêr’t wy wól oan meidwaan koene.


Fytse bygelyks…


Omdat wy tegearre mar ien fyts ha, soene wy de fytsen fan ús bern liene. Mar ien fan dy fytsen stie op’t slot op it startplak fan de fersierde wein dêr’t ús soan op siet as begelieder. Doe’t wy ûnder it riden fan de optocht nei him raasden (lawaai witte jimme noch): FYTSKAIKE!!! Kaam der gjin reaksje.

Wy hearden letter dat it him pas yn Ljussens yn’t sin kaam wat syn mem mei dit geraas bedoelde.


Gjin fytstocht foar ús, hoewol ’t wy ús der wol foar opjûn hiene. De ferskate pitsstops ûnderweis wiene al benaud wurden. Master en juffer moatte noch komme. Sy stiene dochs ek op de dielnimmerslist? Der soe dochs neat bard wêze?


Och och… tongersdeitejûn elektrokutearre en freedtemiddeis yn de sleat fytst…


De feestsneon wie hiel relaxt. Lekker ite mei in protte doarpsgenoaten. In folle tinte mei hearlike broadsjes, twa soarten sop en in lekkere waarme woarst. Oh ja, en mei genôch suveldranken. Der waard goed om de boeren tocht…


Letter dy middei hat it âlde spul harren hearlik útlibbe by it jeu de boulen. De sfear wie poerbêst en de neisit wie gesellich.

Sels boargemaster Kramer die in rûntsje mei. Tegearre mei syn amtner fan festiviteiten en eveneminten die hy dy middeis in rûngong troch syn gemeente. Sfearpriuwe en goodwill kweke. Aardige man…


De muzykjûnen ha’k oerslein. En wêrom? Tsja, dat lis ik no net wer út. Ik ha it net mist.


De muzyk fan muzykferiening de Bazuin fan Holwert koe ik de sneins by de ôfslutende tsjerketsjinst yn de feestinte (tusken de bierwalmen…) noch krekt ferneare. Hoewol?! Spilen se no echt Geest van hierboven?


Dominee hie it yn syn preek mar wakker oer in kopke kofje. Dat jo dêr op jo wurk sa’n sin oan ha kinne: is it al hast skoft!? En hy hâlde in moaie plaat fan in dampend kopke kofje omheech… Jaa, wie hiene allegearre wol sin yn in kopke! Want dat stie op it programma: na afloop gezamenlijk koffiedrinken…

Mar dat kopke kaam mar net yn’t sicht. De preek duorre en duorre mar. It holp ek net dat myn buorman healweis Amen… sei. Dat wie fansels fierstente sacht, want de keek liet nei dit stil protest noch langer op him wachtsje…


Mar it moaiste fan it hiele feest wie dochs wol de mienskipssin dy’t wy nei de drege koronajierren sa bot mist hiene. Al dy wille, al dat laitsjen, de petearen mei fergetten doarpsgenoaten. De moaie fersierde strjitten, de kreas meande túntsjes en dy geweldige sfear. Moai dat it wer koe en hulde oan de feestkommisje!


Binne der dan echt gjin slakken om sâlt op te lizzen? Fêst wol, in pear ha wy al neamd. Mar fieders? Ach, lit mar sitte. De slakken hiene it al dreech genôch…


Altyd wer oan datselde fertoan

Dat jammerjen en gemier

Mar is’t foarby dan sizze wy

Wat wie it wer moai dit jier












Pleatst: 06-07-2022 - 21:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…(1)



De foto’s dy’t ferwurke binne yn it filmke binne apart te besjen fia dizze link: Foto’s fersierde weinen



Pleatst: 04-07-2022 - 23:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022