Doarpsfeest… (3)


Groep 7 fan basisskoalle de fjouwerHoeke hie in fersierde wein makke en se diene mei oan de optocht op freedtemoarn. Se wiene wakker grutsk op harren wein. En nei’t se elkenien oansprutsen hiene om op harren te stimmen foar de publykspriis, hiene se mei juf ôfpraat dat se dy moandeis (hjoed dus…) ferklaaid op skoalle komme mochten at se winne soene…


En litte se no de tredde priis én de publykspriis winne!


Dat de jûnes stiene se mei wein en al by juf foar de doar. Wy han wûn! Wêr is juf?! Mar juf wie der net! Juf moat it sjen! Dan moast de man fan juf de winners mar op de foto sette. As bewiis! En omdat de bern sa bliid wiene, ûntstie der in grut feest by ús foar de ruten. Foaral ek doe’t, alhiel tafallich, in oare fersierde wein mei inkelde fan harren âlders derop, net fierder koe om’t se by ús yn ’e strjitte in feestje bouden. Dat dy ek fan ‘e wein en meidwaan oan ‘e polonaise.


Dat juf wie der net, mar lokkich ha wy it filmke noch…


Pleatst: 08–07-2019  - 21:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…(2)

Mear foto’s yn dit ynternetalbum (album is NET iepenbier…)

Pleatst: 07–07-2019  - 20:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…

Pleatst: 06–07-2019  - 17:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de